|
|
Wobbe Atsma
OANKRÛPERSWAAR
It wie wer moandei en it waaide dat it sta sei. Fokje trape har stiif yn ’t swit om mar yntiids op it wurk te kommen. De wyn gûlde yn ’e speaken en golle wynpûsten dreaunen har sawat by it trottoir op. Se gisele bytiden nuver hinne wer.
Ferwaaide drippen spatten har yn it gesicht. Reinwetter. Dat koe der ek noch wol by. Fûterjend bleau se foar it stopljocht stean. Krekt te let om har oan te slúten by de kloft skoallejeugd dy’t dryst troch it reade ljocht fytste. Bretaal as de beul steurden sokken har nergens oan. Se leinen alle ferkear op it krúspunt stil. Dat hoegde sy net te weagjen, dan wie se grif de lul.
It spitsferkear kaam kreunend wer yn beweging. Achter de koplampen wie it noch nacht. De sliepperige hollen stienen like donker as it waar en seagen stoef foar har út. Yn it healtsjuster fan de oanwinnende dei like it wol in leger dat yn grutte kolonnes willeas op it front ta gie. Ien foar ien rôle it materiaal oan har foarby.
Hiel even hie se eachkontakt. Knypeage er? Knappe wein hie er ûnder de kont. Hmm... seach er net min út, dreamde se fierder, wylst it ljocht grien waard en se op ’e fyts sprong. Dêr soe se har de hjeldagen wol mei fernuverje wolle. It sin fleure suver op. Wat in lyts bytsje oandacht al net dwaan koe.
Mei it lange rjochte ein noch foar har stie se, hingjend oer it stjoer, as in hurdfytser op de trapers. Se moast de kop der noch even foar hâlde. Wyn of gjin wyn, avensearje! Mar se skode der mei lijen yn op. De gedachten wienen by de man yn ’e auto en der tiisde har fan alles troch de holle.
Ferdomme, ik wol ek wol ris wer neuke, skeat it ynienen troch har hinne. Se skrok der fan. Dat soks no samar yn har op kaam. Moarns om healwei achten. Hoe kaam se der by!
It wie dy fint syn skuld. Syn gleone eachjes hienen har op in gefoelich punt rekke. Hoe soe ’t ek oars. Fierstente lang hie se har sekslibben fersluorkje litten. Alles wol ôfjachtsje fansels, mar oeral allinnich omslein. In hiele simmer sûnder seks. Hoe bestie it.
De frijheid wie har oars bêst befallen. Nei’t it mei de freon útrekke wie, kaam se op plakken dêr’t se noait earder west hie. Oandacht krige se ek mear as genôch. Dêr mankearde it net oan. Mar se hie harsels te folle ûntsein. Dat die wol bliken. It ferlet begûn op te spyljen. Soe it de tiid fan ’t jier wêze? De krystdagen stienen der oan te kommen en de lange drege jûnen brieken har no al op. Der mocht wol ris wat barre, oars kaam it op de kop ferkeard mei har.
Troch de fûle wyn en mei de holle wer hielendal by it nachtlibben seach se de auto dy’t foar har op de fytststrook stilstie folslein oer de kop. Pas op it lêste stuit warskôgen de remljochten har dat it yn ’e war wie. Noch krekt koe se der links mei in krappe swaai omhinne. It skeelde in pear milimeter. Doe batste se boppe op in man, dy’t yn ’e doar fan ’e auto stie. Gelokkich hie se net al te folle feart.
‘Ho, wat sil dit,’ rôp er ferstuivere en pakte har by beide skouders. Se stie mei it tsjil tusken syn skonken en glide fan it sadel hast tsjin him op. De lucht fan syn aftershave mocht se wol lije. Syn leeftyd ek! Suver skande dat de fyts yn ’e wei siet. Yn in flits seach se dat de auto leech wie. Moai, tocht se, dat is ynoarder.
Mei de skrik noch yn ’t liif wie se likegoed folledich by har positiven en it hert sloech har in slach hurder. Dit like der op! De wedstriid koe begjinne. Se sette har skrep, klear foar in boppeslach.
It ferstân besocht har geweten noch wat op ’e regel te bringen. Do moatst nei dyn wurk! Fanke tink der no om, do komst te let, gong it troch har hinne. Mar it wie sinleas. De natuer wie al op drift.
Hastich naam se de foarstap.
‘It spyt my ferskrikkelik,’ spile se as wie se wat fan ’t sintrum. ‘Mar troch it minne waar seach ik hielendal neat. Haw ik dy sear dien?’
De man lake freonlik en sei: ‘Dat falt wol wat ta hear, ik kin wol wat ha. Mar hoe is it mei dy? Neat skansearre hoopje ik?’ Hy besocht de smoargens fan ’e broek te feien, wylst er har krekt wat te bot opnaam. Se krige it der waarm fan.
‘It is hjir wol wat mei ús,’ begûn se fliemerich, ‘do de broek smoarich en ik te let op it wurk. Wat kin ús hjoed noch mear oerkomme?’
‘Hast de fyts dan stikken?’ frege er nijsgjirrich.
Hea, tocht se, hy sit oer my yn. It kin net better.
‘Nee man, mar ik wie al witte let, dat wurk rêd ik net mear op.’ Se die mar krekt as liet it har ûnferskillich.
‘It begruttet my noch it measte om dyn broek.’ Har eagen gliden flechtich oer syn krús.
‘Och,’ sei er, ‘it is noch aardich goed beteard hear, it hie minder kind.’ Hy soe him omdraaie. ‘Wy stean hjir tink nuver yn ’e wei net?’
Wie dat in hint? Wat koe se noch mear yn stelling bringe? Se socht drok yn it repertoire fan trúks om syn oandacht fêst te hâlden. Se woe wat sizze, dat it moai oankrûperswaar wie of sa, mar dat wie faaks wat te gau.
Hy wie har lykwols foar.
‘Ik sil sjen dat ik op it wurk kom,’ sei er en stapte achter it stjoer. De doar foel mei in klap foar har noas ticht. Even stie se ûnnoazel om har hinne te sjen en glûpte noch ien kear yn ’e auto. Hy knypeage. Se lake leaf werom, ek al miende se der neat fan. It wie har al oer. Ferrek do mar, tocht se en sprong op it sadel.
It waaide noch like hurd, mar se hie de gong der samar yn. At er har ynhelle dan soe se krekt dwaan as hie se neat yn ’e gaten. Negearje dy hap. Wat in tiidfergriemen. Hoe lang hienen se dêr wol net stien? Mear as trije kertier wie se te let. Wat moast se op it wurk no wer fertelle?
De grutste drokte op ’e dyk wie oer en it wie yntusken ek ljochtdei. Dat fernaam se no pas. It foel har noch ta dat it net botter reinde. Se jakkere troch in pear plassen en skeat as in wylden oer in krúspunt. Amper hûndert meter fierder fernaam se in auto njonken ha. Hy riid stadich yn itselde tempo mei har mei. Net omsjen, printe se harsels yn. Net te happich lykje. Mar se koe har net ynhâlde en sprong fan ’e fyts. Miskien wol fierstente gysten. Wat koe har it skele. De auto stie ek al stil. Se draaide har om en seach ferheard rjocht yn ’e eagen fan in poerfrjemd man. Hy drukte syn pet mei de tomme in stikje omheech en naam daliks it wurd.
‘Jo binne mar hastich, frou,’ sei de polysjeman wat skamper, ‘it reade stopljocht net sjoen tink?’
|