Bert Kobus

 

RESPEKT FOAR TABE!

Ik stie al fan njoggen oere ôf by de doar en hie miskien tritich, fjirtich minsken binnen litten, net mear. Logysk fansels mei dit kloaterige waar. Dan regelje se leaver in sûpfeest yn ’e skuorre fan ‘Jaap de Ierappelboer’. Oaren bliuwe hingjen yn ’e fuotbalkantine of oarderje har yn in bushokje om in krat bier hinne. Ik jou se grut gelyk. Ik soe sels ek net op myn frije freed troch in stoarm wâdzje wolle om dweiltrochwiet yn in lege bar/dancing ‘The Pleats’ te bedarjen.
  Ik moat earlik bekenne: ik haw leaver de sneontejûn. Fansels bart der dan ek wol wat, mar de sfear is oars. Se komme dan foar it fertier, om in noflike jûn te ha, net om mar earne ûnder de pannen te wêzen. De minsken fan de freed binne de kânsleazen, de fjochtersbazen, de alkoholisten. As it sok waar is as no, bliuwt fan dat folk in smoarch residu oer; de dikste rotten út de omjouwing. As se as in dûbeltsje binne, komt de frustraasjes dy’t in wike lang yn in boaiem ûnfrede broeid hat, los. Der sitte healwizen tusken: de Vosjes fan de Westerein, de bruorren Kupers fan ’e Harkema. Die hawwe de flindersmessen yn ’e bûse en binne nei tweintich bier net bang om se te brûken. Se stoareagje dy mei nachtmerje-eagen oan, sykje in plakje tusken dyn skouderblêden om harren mes oant it heft yn te triuwen. Ien ferkeard wurd, ien ferkearde blik en der giet in barkruk oan splinters of se lizze yn rugby-scrum op ’e flier. 
  Freeds stean ik der altyd allinne foar. Myn baas fertrout my. Twa jier lyn kaam er foar it lêst del op in jûne as dizze. De diken wienen as in iisbaan troch in dik plakkaat isel, doe er mei syn Porsche 911 foar de doar glydzjen kaam. We hienen de keet fol. Om it kâlde liif mar waarm te krijen, hienen de measten op ’e fyts al it nedige oan jenever en bearenburch nei binnen goaid. Ik hie de bealch oan wurk om it soadsje rêstich te hâlden. Hy wie lykwols noch gjin fiif minuten binnen, doe’t de sfear eksplodearre.
  Hy raasde út de koken wei om help. Ik rûn der op ta en dêr hong er: mei syn kop boppe in bak hyt frituerfet. In wiet plak yn syn Armani-broek. Appie van Dyk, ûnder it folk better bekend as reade Ap, stie neist him en hold him boppe it buorreljende fet. ‘Sil ik dy de kop ferbaarne, kloatsek,’ biet er him ta.
  Appie wie in bêste fint, der koe ik wol mei. Mar as er ien kear wat yn it sin hie, dan die er it ek. En sa sterk as in okse.
  ‘Ha Ap, jonge’, sei ik rêstich. ‘Wat is hjir oan de hân.’
  Appie draaide himself om en foardat er syn mûle iepen dwaan koe, fleach ik derboppe op. Myn baas makke fan de kommoasje gebrûk en koe út de woargjende greep komme. Ik hie it der in stik dreger mei. Appie wie sterker, mar brûkte syn krêft net tûk. Hy liet him ferliede ta in wylde rjochtse, ik krych him by syn kop en sloech him bewusteleas tsjin de RVS-stellaazje.

Sjoch, myn baas hat alles. Hy hat in mokkel fan njoggentjin dat derút sjocht as in Formule 1 pitspoes, hy rydt als ienige yn Noardeast-Fryslân yn in Porsche 911 mei in V8 motor dy’t yn 6,7 sekonden op 100 kilometer yn ’e oere sit, hy wennet yn nijboukastieltsje fan wite bakstiennen en hy kin syn dikke liif simmerdeis yn syn swimbad efter hús dompelje. Mar ien ding hat er net: respekt. En dat knypt by de man. Hy kin him alles feroarloovje, mar sadree’t er allinnich is kin it goud dat him om ’e nekke hinget him net beskermje. Sa’n akkefytsje as mei reade Appie moatte je boppe stean. Mar dat koe hy net. Doe’t dat grouwe liif fan Ap op de grûn lei, stie ‘er earst as in lytse jonkje te gûlen, omdat er sa godskleare machteleas west wie. Dat syn libben ôfhinklik wie fan sa’n spierbondel as ik. Mar dêrnei stie er mei syn glimkjende learskes fan keallelear op it úttelle lichem fan Appie om te skoppen. Doe’t it bloed him út de earen streamde, haw ik him tsjin himself yn beskerming naam, oars hie ‘er him noch deatrape ek.
  Sûnt dy jûne bin ik wol syn man. As er wer wat by de ein hat, syn agresje kwyt moat op in jonkje fan sechtsjin dat krekt de dûnsflier folkotst hat, komt er nei my ta. Allinne as ik derby bin, doart er pûkelige pubers oan. It is eigentlik in lytse SS’er, tink ik wolris as er yn it hok efter de garderôbe in dronken jonkje alle hoeken sjen lit. It hat ek syn goeie kanten. ‘Tabe,’ seit er wolris tsjin my as wy nei in goede sneontejûn in pilske drinke, ‘op mannen as dy kin in baas bouwe, jim soart is goud foar ús. Mocht ik ea in gruttere diskoteek delsette, en dy tiid komt, dan meitsje we der hjir in moaie evenemintebuorkerij fan. In sealesintrum foar feesten en partijen. En do Tabe, do wurdst myn bedriuwslieder.’

It wie ferdomme echt slim hûnewaar. Sa’n kâlde eastewyn dy’t as in skerp ierappelmeske troch de skonken snijt. Nee, jou my mar in soele simmerjûn. Folle better. Mei dit waar wolle dy tritich man dy’t no binnen sitte net mear nei bûten. Se bliuwe allegear oant slutingstiid sitten en oan ’e ein fan de jûne wurdt der fochten om de fjouwer wiven dy’t lêbich fan de cola-malibû oer de dûnsflier bewege, dronken darren dy’t in disko-keninginne feroverje. Ik stie wat mei Anneke fan de garderôbe te keuveljen doe’t de bel gong. Ik skrok hast doe’t ik it lûkje yn de tagongsdoar iepen die: de baas en syn frommes.
  Ik die iepen en se kamen riljend binnen.
  ‘Wat in kloatewaar net?’ flokte er en hy skodde de droppels as in dik behierre Ierske setter fan him ôf en joech syn jas oan.
  ‘Hoefolle hast binnen, Tabe?’ frege er ûnynteressearre.
  ‘Tritich,’ sei ik. ‘It waar hin.’
  Hy lústere mar heal, gong fierder: ‘Ja jong, we wienen yn ’e buert en we tochten, mar efkes sjen hoe’t de saken derfoar steane.’ Hy knypeage nei syn freondin: ‘Net, Chantal?’
  Dat hie myn baas wol: smaak foar de froutsjes. Hoe jonger, hoe better. Froeger betrape ik him wolris nei ôfrin yn it kantoarke neist de koken. Lei er mei syn sleauwe drilbillen tusken de slanke skonken fan in frommeske fan fyftjin, heechút sechtsjin.
  ‘In frou is in bôle gelyk, krekt út de ûnt wei, binne se it hytst,’ lake er as mei de gulp op healwei sânen wer by de doar kaam. In farske bôle wie Chantal net, mar se mocht der wêze. Lang ljocht hier, it fine gesicht fan in fotomodel, lange sensuele skonken en twa wolskepen boarsten.
  Myn baas en syn pitspoes mei dit waar op in freed yn ’e saak; ik fertroude it saakje net. It waard hielendal nuver doe’t er my in klopke tsjin it skouder joech: ‘Ik oerfal dy miskien, mar wy moatte ris prate. In goed gesprek yn in goede sfear. Wat tochtst derfan?’ Mei in oerke moast ik by him yn it kantoarke neist de koken komme. Marten en Goaitsen namen it fan my oer.
  Om healwei tolven rûn ik it kantoarke yn. Ik koe nea oars betinke as dat it oer de nije diskoteek gong. Ik bin ein fjirtich, net dat ik it net mear oankin, mar mei dit wurk hawwe je fansels net it ivige libben. Bedriuwslieder. It soe wat wêze: net mear dat gedonder en gefjocht. Wat yn in djoer pak omrinne, it personiel oan it wurk sette en op feestjûnen de moaie menear úthingje. Ik wie der hast wat senuweftich fan. Chantal, ôfwêzich yn in hoekje, smookte in sigaret. Myn baas, ûnderútsakke in syn burostoel, syn búk like no noch dikker, hong tefreden tusken syn dijen. Foar him op ’e tafel lei in spegeltsje. Dêrop trije wite lyntsjes, in Visa creditcard derneist.
  ‘Ek wat tsjoenderspoeier?’ frege er. Ik wist net wat ik sizze moast. Hy wiuwde myn tebekhâldenheid fuort: ‘Myn casa is dyn casa, Tabe.... Doch mar oftsto thús bist.’
  Ik moat er neat fan ha, coke. Ik ken it spul. It is populêr yn it fak. Der binne kollega’s dy’t de noas plat teare kinne omdat it ‘wite goud’ harren noastuskensket weifretten hat. It  besmodzget ús berop. Dy rotsoai jout dy it gefoel dat je God binne, dat je de kening fan de jûne binne. Mar as útsmiter meist dy nea boppe it publyk ferheven fiele. Skerpte, eagen yn ’e efterholle. Dat binne de wichtichste wapens dy’t je hawwe. Dy twa meist nea ferlieze.  
  Ik twivele. Ik seach him dêr sa sitten, ik seach har en ik tocht: wêrom ek net? Dizze man seit dy aanst datsto bedriuwslieder wurdst fan syn ‘party-buorkerij’. Do bist aansens syn kompanjon. Nei al die jierren fan bloed op ’e knokkels, skaafwûnen op it liif en stimpels fan boksbûchels yn it gesicht, komt einliks dyn lean. Dizze streep coke is syn wolkom ta syn klub, it is dyn lêste drompel nei in nij begjin, in nij libben.
  Ik gong foar myn baas oer sitten, luts it spegeltsje nei my ta en brocht myn noas boppe it poeier.
  ‘Ho ho ho, Tabe. Dit is topspul, gjin waskpoeier,’ kaam er tuskenbeide en stjoerde in betsjuttingsfolle eachopslach nei Chantal. Hy rôle in biljetsje fan hûndert ta in kokerke en joech it my. ‘Coke tegearre mei de reek fan jild, in bettere rush krijst nearne,’ glimke er.
  It guod baarne my efter yn ’e kiel. In frjemde twinkeling fûnkele troch myn ieren. Ik fielde myn sinen ûntspannen. Se wienen yn in tastân fan rêst foar de stoarm. As in kloft atleten flak foar it startskot. Ik line efteroer en naam in slok fan de whiskey dy myn baas my foarset hie.
  ‘In Bruichladdich single Malt. Tabe. Scotsh fan 200 euro de flesse,’ fertelde myn baas grutsk doe’t ik de rûne iken smaak oer myn tonge glydzje liet. Gjin min spul, ferdomme.
  Wylst ik noch in slok naam, stuts hy fan wâl en frege ynienen: ‘Witsto wêrom ik dy oannaam haw?’
  Ik antwurde flugger en selffersekere as oars: ‘Omdat ik de bêste bin’.
  Hy glimke. ‘Do wiest de bêste en ik kin dy fertrouwe. Dat seach ik gelyk. Mar Tabe. Do bist oars as de rest. Wizer, yntelliginter, rêstiger, ien fan de âlde stimpel.’
  Dat bedoel ik no. Hy is de minste net. Myn baas trochsjocht minsken as in MRI-scanner dy’t yngewanten yn tinne tsiisplakjes ûntbleatet. Ik fielde my waarm wurden.
  ‘Do moatst dit witte, Tabe. Ik haw plannen. Grutte plannen. Ik wol in moderne nije diskoteek opsette oan de râne fan it doarp. In sintrum foar twatûzen man. Ferskate sealen mei elk har eigen muzyk, har eigen sfear. In romte foar rock, in bar foar wat Nederlânsktalich en in dânsflier mei de hipste deejays. It giet hurder asto tinkst. Fan ’e middei haw ik tastimming krigen fan de gemeente om te bouwen. En ik wol dy wol ferklappe, oer fiif wike giet de earste peal de grûn yn.’
  Hy sloech syn Bruichladdich yn ien kear efter oer, sette it glês mei in hurde klap werom.
  ‘Do witst Tabe, ek foar dizze tint haw ik sa myn plannen. Ik wol in herberch meitsje fan dizze pleats. In sintrum foar trouwerijen, bedriuwsfeesten, jubileums en gean mar troch.’
  It gong de goede kant op. Hy hoegde it net te dwaan, mar hy die it. Nimmen twingt him om my bedriuwslieder te meitsjen. Ik haw der nea nei fiske, ik haw net mei him omslime, ik die gewoan myn wurk. Ik die dêr’t ik foar betelle waard. Yn in glimp seach ik my al sitten. Tabe fan partysintrum ‘The Pleats’. Myn eigen Porsche, myn eigen jaccuzi en yn myn kingsize bêd in leaf frommeske fan begjin tritich.
  ‘We moatte it fansels oer dyn rol ha, Tabe’.
  No kaam it. Ik moast myn bêst dwaan om myn begearigens ferside te bringen. Lit nea immen sjen wat der yn dy omgiet. Myn baas suchte en gong oerein sitten.
  ‘Hoe âld bisto no, Tabe?’
  ‘Hast achtenfjirtich’.
  ‘Dat bedoel ik no. Dat is dochs gjin leeftyd mear foar dy om by de yngong fan in diskoteek te stean? Do kinst mear, do moatst oars. Ik sil dy noch wat ferklappe. De nije klub wurdt de modernste fan it Noarden. Ik haw miskien noch twa, trije útsmiters nedich op in pear tûzen man. Kamera’s, jonge! Kameratafersjoch en deteksjepoarten: dat hat de takomst. Ien man om de tillevyzjes te sjen en foar de rest in pear spierbondels dy’t snel te plak wêze kinne.’
  Hy kaam kroanend oerein, pakte de spegel mei ien hân fêst en luts dy nei him ta. Hy rôle in bankbiljet op en snoarre in wite line nei binnen. Foardat er wer as in sâltsek yn syn burostoel foel, joech er de rest oan Chantal.
  ‘Do witst it, Tabe. Do wurkest hjir no fyftjin jier en do bist, wiest yn fan myn bêste krêften. Mar oan alles komt in ein. Yn it libben is neat foar ivich, yn ús fak al hielendal net. Chantal  wurdt myn bedriuwslieder fan it sealesintrum. Sy is jong, hat in moaie stúdzje efter de rêch. De rest giet mei nei de nije diskoteek. Allinne foar dy haw ik oare plannen.’
  Myn tinken wie net sa linich mear. Gjin bedriuwslieder, hokker plannen dan?
  ‘Ik haw it bêste my dy foar en ik bin dy tankber. Net allinne foar it wurk, mar ek omdat wy elkoar altyd begrepen. Dy iene kear mei Reade Ap. Dat hawwe wy tegearre dochs moai dien. Wy binne in team, man. Mar sa asto witst. In team hat út en troch ferfarsking nedich om de jeugdichheid net te ferliezen’
  It tl-ljocht waard my fel oan ’e eagen. Myn hert bûnze, jeide it bloed troch myn ieren.
  ‘It moat oars, ik haw no in oare maat nedich. Ien dy’t moderner tinkt, ien dy’t tichter by de jongerein stiet, ien dy’t de techniken ken. Ien dy’t wit fan it kompjûterwurk, previntyf ûndersykje. Tabe, it muoit my om te sizzen en it is mei pine yn it hert. Mar ik kin net oars, ferdomme.’
  Hy seach nei Chantal dy’t har neils bestudearre.
  ‘Bêste Tabe. Ik jou dyn frijheid werom. En, last but not least, dizze slúf. Hjir sit genôch jild yn om in healjier mei rûn te kommen. Om in moaie reis te meitsjen, de blomkes bûtendoar te setten. Pak oan! Do hast it fertsjinne.’
  Hy seach my nettsjinsteande syn ‘pine yn it hert’ grutsk oan. Ik telde mei de tûme de biljetsjes en kaam ta fiiftûzen euro. ‘Om in heal jier mei rûn te kommen’, sei er. Tsien briefkes fan fiifhûndert. Dit wie ferdomme myn pensjoen, myn lean foar fyftjin jier dronken wâldpykjes fan de dânsfloer feie. Myn lean foar it omtôgjen mei bewusteleaze famkes, foar de liters griene Pisang-Ambon-spui op myn skuon. Myn lean nei fyftjin jier lang wurkjen yn de reek fan skraal bier, swit en tabak. Ik struts mei myn hân oer myn noas, noch in kear.
  Myn baas hie in ferstienne glim om syn mûle, Chantel seach my oer har pedikuere hinne wat ferfeeld oan. Op dat momint knapte der wat yn myn holle. Lyk as in fearke yn it rêdwurk fan in âld Hema-wekker. Miskien wie it de coke, mar ik koe mar oan ien ding tinke. Myn baas as in oksewoarst fynknipe sadat syn yngewanten út syn mûle en syn anus spuitsje soenen. In fûstslach op syn holle jaan, sadat syn skedel as in pakje bûter yndeuke soe. Syn nieren ta pulp slaan sadat er trije kear yn ’e wike oan de dialyze yn it sikehús moast.
  Ik wie oer de tafel hinne foardat er der erch yn hie. De wiskeyglêzen en de flesse fûlen oan gruzeleminten op de flier. Om syn mûle hie er noch yn in apatyske glim doe’t ik him by syn switterige nekke kriich. Ik kniep him hast fyn, fielde de fetkwabben troch myn finger glydzjen as smurfesnot. Chantel begûn nei de earste skrik te razen, myn baas biddele fuortendaliks as in lyts bêrn om genede.
  ‘Tabe, Tabe, wat dochst no? Rêstich, sa bedoel ik it net. Ik woe dy teste,  ik doch er nochris fiiftûzen by!’
  Ik koe mysels net mear werom bringe. Ik joech mei myn folle fûst in hurde klap op kealjende krún, hy gong hast fan syn stokje. en gûlde.
  ‘Tabe, godferdomme. Wy binne freonen. Ik kin it dy útlizze. Tabe. Tabe!! Asto my los list.... meist myn auto hawwe. Wat wolsto hawwe? Sis it dan’.
  Syn swakkens makke my allinne noch mar lulker. Ik wie yn in roes. ‘Ik wol godferdomme respekt man!’
  Ik gong streekrjocht nei de koken. Chantal gilde de boel byinoar en stode de diskoteek yn om help te heljen. Ik skuorde myn baas hast it fel fan syn speknekke ôf en klapte him mei syn boarst tsjin de rvs-stellaazje. Ik hearde wat knappen (ik tink syn ribben) en hong him dêrnei mei syn holle boppe de buorreljende frituerbakken. Myn baas raasde as in baarch yn de rige foar it slachthûs doe’t er de ljochtgiele trochsichtige substânsje op him ôfkommen seach. Ik hearde dat Marten en Goaitsen de koken ynstoarmen. Foardat se mei grof geweld boppe op my sprongen, dompele ik dy skriemende rotkop as in baptistedominy yn it knisterjende fet en besocht om syn holle salang as it koe deryn te hâlden.
  Syn skriemen gong oer yn gesis, yn myn noasgatten de reek fan ferbaand fel en frituer. It liif fan myn baas skokte. Op it momint dat ik tocht dat al it libben derút floeie soe, fielde ik in klap op myn efterholle.
  Ik waard wekker doe’t se my de polysjewein yndroegen. Yn in eachhoeke seach ik in ambulânse mei ljochtsinjalen fuortstowen. Wylst it portier tichtklapte en de surveillânse-auto fuortried, spatten reindrippen op it sydrút útinoar, rûnen as lytse gletsjers by it pleksyglês del. Op it reidtek fan de pleats makken lampkes letters: ‘Dancing The Pleats’, yn de loft dûnsen helblauwe laserljochten. De tritich, fjirtich man dy’t ik fannejûn binnen litten hie, stienen as ferstarre drinkeldeaden bûtendoar, guon hienen har glês noch yn ’e hân, oaren smookten in sigaret.
  It wie miskien in fersin, mar ik miende neist ûnleauwe respekt yn harren eagen te lêzen. Wylst de auto begûn te riden, de hânboeien yn myn polsen snijden, fielde ik my frijer as ik my ea field hie.

*