|
|
Hidde Boersma
FRYSKE YNDO’S
Dit jier wie ik foar de twadde kear dielnimmer by de OC Partij, in jierlikse keatspartij organisearre troch trije maten foar útnoege keatsers. No’t ik der foar de twadde kear by west ha en de OC’ers foar de twadde kear moete ha, fiel ik my al in bytsje in OC’er. De OC is fiifentweintich jier lyn begongen as in groep ljipaaisikers en neisoargers. It aaisykjen waard wat minder en dêrom kaam Jinse de Jong, ien fan de trije maten dy’t de partij organisearje, mei it útstel om wat mei sport te dwaan. Doe waard besletten elts jier oan ’e ein fan ’e simmer in keatspartij te hâlden. In oar fan de trije maten, Gerrit Boersma, is de heit fan myn maat ‘Ho ‘s even, ho ’s even!’ de Snitser. Sadwaande waard ik útnoege om my te foegjen by dit útsûnderlike selskip. Fryske mannen mei in iepen geast én leafde foar tradysje.
De homebase fan ’e OC Party is Kubaard. Oan ’e garaazje op it sportfjild, dy’t as tou, kram en blokje-opslach en klaaihokje tsjinnet, wurd in houten boerd hongen dêr’t de nammen fan ’e winners fan sûnt de earste partij opskildere steane. Kannen mei kofje steane klear, en fierderop stiet in OC’er hinnen te rikjen yn in pear tûnen. Dat docht er elts jier en it heard yn myn beleving likefolle by de OC-tradysje as it keatsen. As je wilens it keatsen by him yn ’t partoer sitte, of tsjin him keatse moatte, dan leit it spul sa no en dan stil, om’t er efkes by de hintsjes sjen moat.
It OC-keatsen hat ek in eigen opset. Foar eltse partij wurdt der op ’e nij lotte, sadat elkenien trije kear keatse kin en hieltyd wer oare maten hat. De winner is de man dy’t nei trije partijen de measte earsten byinoar jeit hat. Want jeien en de OC ha goed besjoen it ien en oar meiïnoar te krijen. Dat waard hiel moai ferwurde troch de winner fan ferline jier yn syn taspraak. Ek sa’n ritueel fan it OC-keatsen: de winner fan it jier dêrfoar hâldt in taspraak, as ynlieding fan ’e dei. De titelferdiediger fertelde oer de histoarje fan sport as ferfanger fan it jeien foar mannen om harren testosteron kwyt te reitsjen. Hy wiisde de OC-ers, dy’t yn in rûnte om him hinne stiene, derop dat der hintsjes rikke wurde, en dat der keatst wurdt om fleisprizen. Nei de taspraak fan ’e masterjeier fan it ferline jier waard lykas alle jierren it Fryske folksliet songen. Dernei wurde de listen ophongen, sykje de mannen harren maten op en giet it oan.
Ik hie fan ’t jier noch gjin bal slein, behalve dan in bytsje mei in keatsbaltsje boartsje yn myn keamer yn Utert. De lêste kear wie by de foarige edysje fan ’e OC-Partij. Dochs wie ik it keatsen noch net ferleard. Ik sloech foar it bêst op en dat gie sa bêst as wat. Myn maten yn it perk Siebe en Henk sloegen ek goed, en wy wûnen de earste partij. Us tsjinstanners wiene ek net om ’e nocht, it wiene de heit fan ’e Snitser, de Hinnerikker en Eugine Rosenau, in Yndonesiër en in goeie keatser. De twadde partij wie hy myn maat, tegearre mei de soan fan Cees Witteveen, ien fan de trije organisatoaren. Ik seach it hielendal sitten en hie it yn gedachten al wûn. Mar it foel swier tsjin. Foar yn it perk hie ’k seker twa earsten nedich om de bal überhaupt te reitsjen. Ik flokte der oer.
‘Rêstich bliuwe!’ sei Eugine.
‘Ik bliuw wol rêstich’ sei ik, ‘mar ik bin ekspressyf!’
Myn freon de Snitser stie op it lyntsje fan it perk njonken ús en lake der om. Doe’t ik einlings wat op slach wie, wie dat net genôch om ús werom yn ’e partij te keatsen. We waarden ôfdroege mei fiif om ’e ien.
Ferskrikkelik.
De tredde partij moasten Jelle de Jong, ek in soan fan ien fan ’e organisatoaren, en ik it mei ús twaën roaie. Ik sloech foar it bêst op en stie efteryn it perk. It gie poerbêst. Jelle is noch mar trettjin jier, wol ’k leauwe, mar hy sloech fan alle mannen fierút it bêste út, en miskien ek wol op. We giene hieltyd oan ’e lieding, mar op in stuit stie it fjouwer earsten gelyk, nei’t wy twa earsten sa goed as fuortjûn hiene. As Jelle dizze partij winne soe, wie er hjoed de kening. Ik sei: ‘Kom op Jelle, no wy wer, dan sille we dy krâns ris om dyn nekke slaan.’
En dat hawwe we doe mar dien.
Nei ôfrin wie it tiid foar de rikke hintsjes, de pilskes en it útrikken fan de fleisprizen. De skarrelslachter út Snits jout altyd folle mear as dat der besteld is, sadat de winners de suggestje dien waard om harren priis mei jeiers mei minder súkses te dielen en eltsenien wat foar de frou thúsbringe kin.
De wyks nei de OC-Partij wie ’k foar myn stúdzje op wurkbesite yn Ljouwert. Nei ôfrin fan ’e gearkomste rûn ik wat sûnder doel by de Skrâns om. Op it bankje oan ’e sintrumkant fan it spoar sieten twa âldere mantsjes te roppen nei foarbyfytsende bekenden. Ik besleat harren te groetsjen.
‘Goeie mannen!’
‘Hoi,’ seine se.
‘Alles goed?’
‘Ja, mei dy ek?’
‘Ja,’ sei ik en ik rûn nei harren ta.
We rekken oan ’e praat oer fan alles yn it libben; froulju, dea, oarloch, bêrn, pensioen, iten, bisten, wurk, sliep, jild, freonen. De iene man, Johan Kooistra, wie in echte Liwadder, dwers en goed. De oare wie in Yndonesiër, Jan Elmerdorp, dy’t yn ’e east noch soldaat west hat en it lân útjeit is troch Soekarno. Hy wie njoggen jier troud west mei in Sineeske frou, dy’t stoar oan in maachswear. Hy hie har moete yn Yndonesië doe’t er útset waard, en hie foar de grap tsjin har sein dat hy mei har trouwe soe as se ek nei Nederlân ta moast fan Soekarno. Doe’t er in jier as wat letter te hearren krige dat se yn Snits wie, is er nei har ta gongen en hat er him oan syn wurd hâlden. It wie gjin goed houlik west, se woe de baas spylje.
‘Hy heeft een goede frou!’ sei Jan en hy wiisde nei syn freon neist him, ‘zij doet wat hij zegt.’
‘Ja,’ sei de Liwadder.
Jan Elmerdorp fertelde ek dat er yn Boalsert wenne hie. In ljochtsje gie oan. Yn Boalsert wenne ek Eugine Rosenau. Ik frege Jan oft er him ek koe.
‘Jaseker, die ken ik wel, die woonde altijd bij mij achter!’
Leuk.
Jan fertelde my noch folle mear, en op in stuit belle de Sturt my. Ik sei dat er mar nei it bankje komme moast. Doe’t er oankaam, wiene der noch twa mannen by kommen. Ik siet by harren op it bankje.
‘Do past der presys by!’ sei de Sturt doe’t er my sitten seach.
Sels gie er op de pakjedrager fan syn fyts sitten, pakte syn pûde shag en rôle lynjend op it sadel syn shagje.
|