Ulke Brolsma

 

AGUAS ARGENTINAS

Diel 2

 

It foel allegearre bêst ta. Ruud wie noch nea yn Córdoba west. It hotel wie flak by it haadplein, hast tsjinoer de katedraal. Alderwetsk mar moai. Dy jûns wie geselliich. Aardige freonen, fûn er. Hie er it mis hân mei Miguel? Wie er net te erchtinkend?  Miguel hie ek in neef frege, Octavio, in jonge fan santjin jier, in behindich fintsje, o sa fol grappen. Ruud mocht him direkt. Under it iten waard der útbundich lake en grappen makke. Miguel die flink mei. Ruud ek. Hy fielde no hast wat as freonskip foar syn swager. In moai begjin, tocht er. In minsk kin him fersinne, hy dochs ek? Mar de baan, nee. Dat waard noch in slim stik om him dat aanst te sizzen. Net hjir fansels, mar oare wike werom yn Buenos Aires. Fan Laura hie er heard dat Miguel tige steld wie op Octavio. Dat koe er merkbite. Se makken grapkes dy’t hy net altyd fette. Mar dy twa begerepen elkoar en moasten dan hieltyd om elkoar laitsje. Ruud fielde him der in bytsje neist stean. Dat hie er net mei de twa oaren dy’t ek meikaam wiene, Leo en José.
  Nei it iten wiene Miguel en Octavio wurch, se woene werom nei it hotel, sliepe, want de oare moarn moasten se der betiid út. De twa oare  freonen, Leo en José, hiene noch gjin nocht om der no al mei op te hâlden.
   ‘In bytsje stûf, dy twa gnyske,’ José. ‘Hast sin om noch mei ús op paad?
  José en Leo hoechden net te sykjen. Se wisten wêr’t se te plak koene yn Córdoba. Mei syn trijen sieten se oan in taffeltsje yn in kafee mei wat fariëtee. Yn it healtsjuster koe Ruud de minsken tichteby noch wol sjen, mar in pear meter fierderop waard it al minder om noch wat ûnderskied te meitsjen. Sommige minsken fine dit yntiem tocht Ruud. It wie der drok. Se hiene mei wat gelok in taffeltsje krigen. Nei it earste bierke fielde er him net sa goed. Sei it ek tsjin Leo en José.   
  ‘Wolst nei it hotel? Sis it mar, dan stappe we op.’
  Ruud woe it net. It wie sa gesellich, dy twa nije maten, hy mocht se wol. Miskien wie dy Leo dochs wat in glûpert, mar och, wat hindere dat. As hy mar by sûp en stuit bleaun.
  ‘Nee, ik bliuw.’
  Leo liet noch wat te drinken bringe.
  Ruud fielde him hiel min wurden. Syn eagen dûnsen yn syn holle. In swart kleed luts foar syn eagen. Hy besocht it fuort te jeien. Gie rjochtop sitten, seach om him hinne. De minsken liken hast in skaad fan harsels. Hy wist dat se der wiene, mar seach se net mear echt.
  ‘Giet it wat?’ frege José.
  Leo kaam hiel ticht neist him.
  ‘Wurdst dochs net siik?’
  Ruud wist net mear oft er siik wie of net. It waard hast hielendal donker. It lêste wat er yn it ûnthâld hie wiene in pear sterke earms dy’t him optilden, meinamen.
  Yn de nacht hie er it gefoel dat der noch mear earms mei him dwaande wiene. Dreamde er? It liif fan in frou. Laura, hy taaste mei syn hannen nei har. Se woe boppe op him, hy fielde har boarsten oer him hinne aaien. In erotyske dream? Der skeat in helske pine troch syn holle. It byld wie wer wei. Hy wie allinnich mei dy freeslike pine.
  De keamer wie wyt fan it ljocht. Hoe let? Te let? It stuts him wer yn syn holle. Hy koe it liif hast net oerein krije. Frjemd, hy hie syn horloazje noch om. Alve oere, seach er. Beskamsum besocht er út bêd te kommen.
  Frjemd hie er him de hiele dei fielt. De oare deis fertelde er Laura wat him oerkommen wie. De jûn mei Miguel en Octavio en letter dy twa oare freonen yn in bar. De drankjes dy’t him net befoelen. De dream dat sy op him lei. Laura lústere, lake doe’t er fertelde hoe’t er mei har oan it neuken wie yn dat bêd yn Córdoba.
  Moarns op syn wurk wie er hast al wer kwyt wat er dat wykein bard wie.

Hy moast it beslút nimme om Antonio Sylvestre of Miguel Bauduin te beneamen. Wie it net muoiliker nei dit wykein yn Córdoba? No’t er Miguel better koe? Hy wist dat der mar ien de baan krije koe: Antonio Sylvestre. Hy siet der allinnich in bytsje oer yn hoe’t er it Miguel fertelle soe.
Laura hie er it al sein. Sy fûn it bêst. ‘Gean der mar tsjin yn do dwerskop,’ lake se. ‘Sa sille de minsken noch better witte datsto net ien fan ús bist. Nee, ik bin net sa mei Miguel, dat wisto ek al lang. Miskien wol goed dat er ris op syn bek del komt.’
  Moarns lei der op syn buro in brief. Persoanlik. Yn de hannen fan  ir. R.H.J. Schaafsma.
  It wie in typte brief. Hy seach daliks dat der gjin namme ûnder stie. Hy fleach mei syn eagen oer de rigels hinne. Achte seňor Schaafsma, begûn it. De skriuwer brocht him it wykein yn Córdoba yn it ûnthjit. De nacht op syn keamer mei in oare frou. Der wie in fideo bân fan makke. De frou wie ek beret om te tsjûgjen dat sy mei senor Schaafsma op bêd west wie. As jo Miguel Bauduin beneame krijt jo frou in brief mei de fideobân. Dan wit se mei wa’t se troud is. Jo hawwe tsien oeren de tiid. Ruud waard der hiel stil fan. Net boas, net fertrietlik. Hy wist dat er neat misdien hie. Wat koe der op dy fideobân stean? Neat skandliks safier’t er wist. Mar soe Laura soks leauwe? Dy brief it like hast earne út in jongesboek. Allinnich dizze brief wie echt. In brief bedoeld om him te bedriigjen, om him te sjanteren. It moast dy nacht bard wêze, de nacht dat er him net sa goed fielde. Hiene se him wat yn syn drankje dien? Wa? José en Leo. Dy twa yn tsjinst fan Antonio Sylvestre? De erotyske dreamen. Hy hie tocht dat it Laura wie en ûndertusken hie in oar mei him sitten te frijen. Hy leaude der neat fan.
  Ruud wist net fuortendaliks wat er dwaan soe. Antonio Sylvestre skilje oft dy brief fan him wie? Soe it helpe? De man soe sizze dat er nearne fan wist. Tajaan? It wie tsjin alles yn. Mar as Laura dy brief krige, soe se him leauwe?
  Syn earste ympuls wie Miguel te beljen en him te felisitearjen. Hy soe nea tajaan oan wat foar bedriging ek. Hy stie al mei de tillefoan yn de hân. Net dwaan, net dwaan. Net sa hastich.  Wachtsje mar efkes. Sjoch it dy in pear dagen oan en nim dan de beslissing. Dy tsien oeren, wat koe it skele. As er Miguel no beneamde dan soe de ûnbekende witte dat er bang wie, dat dy ‘earlike’ Hollander ek te keap wie, lyk as al dy oaren. As er nimmen beneamde wie dat ek in boadskip. Sa fan, ik lûk my der neat fan oan.
  Dy jûns soene hy en Laura mei in pear freonen nei in tangolokaal. Ite en muzyk, in moaie kombinaasje. Hy siet neist har.
  ‘Foar it iten hoege je hjir net te kommen.’
  Se lake. Sa iepen. Se pakte syn han en lei har hân der op. De tsien oeren wiene al om. Se wist fan neat.
   Hy lei syn oare hân der boppe op.
  ‘Dêr komme we dochs ek net echt foar?’
  Alejandro en Riccardo laken. ‘Moai stel binne jim sa mei de hantsjes oer mekoar hinne,’ sei Riccardo.
  Hy woe noch wat sizze mar de man op it toaniel begûn op syn harmoanika te spyljen. Hy koe der net boppe-út komme.
  Se dronken wyn.
  ‘Gelokkich yn Argentinië?’ frege Laura him.
  Sa’n fraach. In bytsje melodramatysk fûn er it.
  ‘Jawis, ja. Mei dy.’ En jûch har in tút.
  It wie ek sa, hy realiseare it him, dat er hjir miskien altyd bliuwe soe.
  ‘Ik bliuw hjir yn dit lân.’
  De gitarist sloech in pear akkoarden oan. De seal kaam oerein. ‘Wat is dit,’ lústere er tsjin Laura.
  ‘Us  folksliet.’
  Hy pakte har hân fest. Al dy minsken, in pear hûndert, songen mei fjoer. Hy seach nei Laura. Sy  ek mei oerjefte. De eagen glânsden hast yn ekstaze. Hy knypte har hiel hurd yn de hân. Woe syn hân om har billen slaan, mar liet dat dochs mar. Hjir yn Argentinië fûnen se soks miskien net sa beskaafd.
  ‘Moai he,’ sei Riccardo tsjin him.
  ‘Se sizze dat dit it moaiste folksliet fan Súd-Amearika is.’
  Hy gnyske.
  ‘Fynsto dat ek?’ frege er.
  Ruud knikte: ‘Jawis, sa is it.’

  De oardedeis, by it moarnsbrea hie er har eindeliks ferteld oer de brief, de bedriging, de sjantaazje.
  Laura waard in bytsje wyt.
  ‘As it wier is bliuwst do hjir gjin menut langer yn dit hûs.’
  ‘Fertroust my net? Wêrom soe ik it dy fertelle? Ik bin gjin stikemert. Ik wol datsto alles wist fan my. Ik haw gjin geheimen.’
  Laura dronk har kofje. Sei neat, begûn in kroissant te smarren.
  ‘Ik leau dy, mar ik hie nea tocht dat soks barre koe. Wa beneamst do no, Antonio Sylvestre of myn broer?’
  Hy hie it har sein. It soe har broer wurde. Hy liet him net tsjanterje troch dy Sylvestre.
  ‘Dêr wie ik ek al bang foar,’ sei se.
  Pakte har tas en rûn ta de doar út.
  Gjin tút dizze kear.

Anneke hie er ferteld hoe’t er it hearde. Op kantoar. Der wie in fergadering, o sa wichtich. Sa as de minsken by Aguas Argentinas hast alle fergaderingen wichtich fûnen dêr’t se sels by sieten. Miguel wie der ek. Hy moast der efkes út. Doe waard him frege oft er al besletten hie.
  ‘Ja, ik ha besletten. Lit Bauduin der mar yn komme.’
  Dy kaam mei in ynwyt gesicht op him ta.
  ‘Miguel, ik felisitearje dy mei dyn beneaming.’
  De tsien minsken oan tafel klapten yn de hannen. Stiene op om Miguel te felisitearjen.
  Dy rûn hast efterút. Stuts de hannen yn de loft, woe de minsken fan him ôfskodzje, like it wol.
  Tsjin Anneke hie er ferteld dat je by Miguel nea sjen koene oft ea him wat rekke. Utsein dy kear.
  ‘Laura, Laura,’ sei er. Sloech de hannen foar it gesicht.
  ‘Hy koe it my hast net fertelle. Laura wie tsjin in beam riden. Dea.’
  Sa hier er Anneke ferteld oer it ein fan Laura. Dat oare, dy brief, dat hie er der útknipt.
  ‘En doe?’ frege Anneke him.
  Ja, wat doe. Yn syn ûnthjit wie er fan alles oan it regeljen. De begraffenis, it jild, it hûs. Alles wie no fan him. Hy woe it net.
  ‘Ik wit der net iens sa’n protte mear fan. Fan ien ding wie ik wis, ik woe der net in dei langer bliuwe.’
  ‘Hiesto ynienen sa’n hekel oan it lân?’
  ‘Ik fielde my er sa ûnwennich. Sûnder har.’

Yn de hal fan it fleanfjild speurde er nei in teken fan Miguel. Alle jierren stjoerde er him mei kryst in kaart. No’t er fan doel wie mei Anneke foar de earste kear nei tsien jier werom te kommen, hie er him in brief skreaun en letter ek noch belle. De stimme wie noch wakker itselde.
Der stie wakker wat folk yn de hal. Hûnderten minsken, allegearre mei grutte spandoeken yn de hichte.
  ‘Dat is wis foar ús,’ spotte er tsjin Anneke.
  ‘Ik wist net dat sy dy sa graach hjir werom ha woene.’
  ‘Ramazotto,’ stie der op de spandoeken. De ferneamde sjonger wie mei itselde fleantúch reizge. Belangrike minsken geane altyd foar. Ramazotto mocht as earste út it fleantúch wei. Doe’t hy en Anneke yn de hal kamen wie de Italiaanske sjonger al ôfset. Yn ’e fierte seach er in grut stik papier mei syn namme. Dat moast er wêze: Miguel mei noch immen by him. Hy herkende him daliks fan dy jûn yn Córdoba: Octavio.
  De man wie net sa’n protte feroare. Miskien ien of twa tearen yn de kop der by. Miguel hâlde him tsjin him oan. Hy kaam, fansels, de tút. Ruud tute werom. Hy wie it net ferleard hoe’t er him hjir te hâlden en te dragen hie. Ruud wie in bytsje oandien. Hy hie it net tocht, want meastal hie er net sa’n lêst fan triennen en soksoarte guod. It wie net om Miguel, it wie om de jierren mei Laura. Dy wiene ynienen sa taastber tichteby.
  Octavio wie ek noch krekt lyk hast as yn Córdoba. In protte wille. Hy en Miguel makken hieltyd grappen. Ruud krige hast gjin tiid om werom te tinken oan Laura, Córdoba, sa drok wiene dy twa mei syn beiden yn de war om him en syn Anneke te fermeitsjen.
  It hûs wie net in protte feroare. Syn hûs eigenlik.  Twa dingen hie Ruud daliks nei de begraffenis dien. Hy hie ûntslach nommen en Miguel it hûs skonken. No wie er werom yn dat hûs. Doe’t er op de treppen rûn en ûnder de moaie njoggentjinde ieuske ôfdak fan glês en brûns stie, waard it him in bytsje droech yn ’e mûle. Emoasjes? Hy sloech syn earm om Anneke hinne. Miguel seach it, stapte om har beiden hinne en die de doar iepen. Sa stapte er syn ferline wer yn. Mei in oare frou. Wie dat net skoof en skande? Wie dat net wreed tsjinoer Laura? Werom wie se tsjin dy beam belâne? Hy hie it him altyd ôffrege. Hie se de brief krigen mei de fideobân, hie se him  sjoen mei in oaren-ien op bêd?  Hie se der in ein oan makke? Of wie se sa oerstjoer dat se net mear wist wat se die? It hiele hûs hie er op ’e kop setten om de fideobân te finen. Der wie neat.

It hûs wie wol feroare. Der wie noch in appartemintsje by kommen. Dêr wenne Octavio.
  ‘Wy kinne goed mei elkoar oerwei. Ik bin nea troud. Ik fyn it wol noflik om immen yn hûs te hawwen. En as dat ek noch sa’n aardich immen is as myn eigen neef.’
  Hy lake. Octavio waard wat read om de holle
  ‘It is in goeie húsbaas,’ sei er. ‘Foaral om’t ik him net sa’n bulte sjoch.’ Se laken beiden.
  Miguel moast fuort.
  ‘Octavio lit jimme it hûs wol sjen.’
  ‘Hjir wenje ik,’ wiisde Octavio. It wie in part fan it appartemint fan Laura en him. Dat wie der dus net mear.
  ‘Bliid dat it ferboud is,’ sei er tsjin Anneke en Octavio.
  ‘Sa is it wat makliker foar my om hjir wer op ’e nij te wenjen.’

Hy hie twa moanne frij nommen foar dizze Argentynske fakânsje. Sa koe Anneke it libben yn dit lân, de minsken echt belibje. Hy lies ek wer alle dagen de kranten. La Nación, Clarin en wolris La Voz del Interior. Dan  wist er ek wer wat der yn Córdoba barde. Op in moarn lies er oer in diskusje oer de stân fan de Argentynske ekonomy. De minister fan Ekonomyske saken soe der by wêze, twa politisy en de direkteur fan de bank Nacional, Antonio Sylvestre. It stuts him ynienen dy namme te lêzen. De man dy’t Laura de dea yndreaun hie. Hy twifele om der hinne te gean. By it iten sei er it tsjin Octavio en Anneke dat er nei in debat ta woe. Miguel seagen se net sa faak. Hy hie it sa drok mei syn wurk by Aguas Argentinas. Wat er dêr die, hie Ruud him frege. Miguel begûn oer grutte reorganisaasjes, dat Ruud der neat mear fan weromkenne soe. De yndielingen wiene hiel oars. Mar wat Miguel syn rol wie? Nei trije wiken hie er der noch gjin sicht op. Drok, drok, dat hearde er wol hieltyd as it ekskús dat er hast gjin tiid hie foar Anneke en him. Octavio wurke op in advokatekantoar dêr’t it blykber wat minder hastich ta gie. Hy wie der altyd.
  ‘Ik wol it wolris mei meitsje sa’n debat hjir yn Argentinië. Der is ek in minister by.’ De namme Sylvestre kaam him net út de mûle.
  ‘En ik,’ sei Anneke, ‘bliuw hjir, want ik ferstean der neat fan.’
  ‘No, dan giesto der mei my op út. Asto dat wolste. En as it fan Ruud mei.’
  Ruud hie al murken dat Octavio en Anneke goed mei elkoar oerwei koene.
  ‘Goed plan. Dwaan!’ lake er.
  By it debat gie it wyld  ta. Der waard skolden út de seal. Dat wie foaral bedoeld foar minister Lasalle. Mar de beide parlemintsleden krigen ek hiel wat boe’hs oer harren hinne.
  Nei ôfrin besleat Ruud om Antonio Sylvestre op te sykjen. By de minister wie net te kommen. Der stiene allegearre lju om him hinne. Sjoernalisten dy besochten om noch wat nijs út syn mûle te fiskjen.
  Antonio Sylvestre wie der ek. Der stie ien man by him. Se seine net in protte. Ruud moast earst sykhelje, rûn op Sylvestre ta en sei syn namme.
  ‘Soa frjemd jo hjir te sjen. Ik doogde dochs net foar dy baan by Aguas Argentinas? Jo hiene immen folle better as my, jo eigen swager.’ Sylvestre wie grimmitich. ‘En no komme jo hjirre om my samar in hân te jaan. Och, bûtenlanners, it binne sokke fine sielen,’ sei er tsjin de man neist him.
  ‘Dêr woe ik it mei jo oer ha. Oer doe.’
  Sylvestre stuts de hân út en gie him foar. Yn in kleikeamer fan it teater, oars ornearre foar artysten om it gesicht wat op te meitsjen, sieten se.foar elkoar oer. Se koene elkoar noch in kear sjen yn de spegels rings omhinne.
  ‘Ha jo tsien jier lyn in fideobân fan my makke. Ik, mei in frjemde frou yn bêd?’
  In ferbaasde Sylvestre seach him oan.
  ‘Ik, nea, nea!!!’
  Ruud fertelde him wat der bard wie. De brief, de tsien oeren. De dea fan Laura. Alles. Wêrom die er dat? Dit wie dochs de man dy’t him dit oandien hie?
  Doe’t er útpraat wie, bleaun it stil.
  ‘Hawwe jo der wolris oer tocht  hoe’t immen it oanpakke moast om in baan by jo te krijen? Jo hiene in reputaasje. Altyd rjucht út, gjin coima neat. Immen dy’t jo te fiter ha woe, soe jo earlikens, jo gouden leauwen yn jo sels en jo eigen moraal brûke kinne.’
  ‘Hoe?’ frege Ruud.
  ‘It soe net by my opkomme om jo sa’n fideobân te stjoeren. Jo soene hast as fansels dy oare beneame. In soarte fan Pavlov-refleks. Dom, mar ja, sommige minsken tinke dat se in lytse god binne. Mei sa’n fideobân, mei sa’n bedriging kinne je it fan tinken wol hawwe. Dat is fansels Sylvestre. Fuort mei dy man, yn de papierkoer. In man as jo soene der sels net iens oer tinke om dy Sylvestre te skiljen. Jo wisten alles dochs better as wa dan ek. Ja, ik bin der doe wol efkes efteroan gien om oan de weet te kommen hokker man dy yngenieur Schaafsma wie. Jo wisten alles better, waard my sein, wêrom dan noch skilje nei dy Sylvestre? Jo koene jo tiid wol better brûke. Jo soene de man beneame dy’t miskien net doocht, mar in man dy’t gjin streken úthellet, lykas dy Sylvestre. De man dy’t jo eigentlik graach ha woene. Wie it sa net?’
  Ruud knikte.
  ‘Ja,’ sei er, ‘ik woe jo hawwe en net myn sweager. Laura hie my sein dat soks ûngewoan wie yn Argentinië. Mar ik wie it fan doel. Op dat stuit kaam dy brief.’
  ‘Krekt op ’e tiid,’ sei Sylvestre.
  ‘Jo bedoele te sizzen dat Miguel...’
  Sylvestre knikte fan ja.
  ‘Dat bedoel ik. Fansels, jo kinne leauwe wat je wolle. Miskien haw ik it dien.’
  Hy seach him wat húnjend oan.
  ‘Leauwe jo dat noch hieltyd.’
  ‘Ik wit it net mear.’
  ‘Tink mar ris goed nei. Oer dy eks-swager fan jo. Ik wyt wat jo fan doel binne. Mei him prate.
Sa binne jo. Noch altyd. Neat feroare. Miguel is o sa slim. Hy wit wat er docht. Jo hawwe him it hûs skonken, ha ik heard. Wolris tocht wêrom dy âlden fan Laura en Miguel alle jild en it hûs nei Laura ta ha woene? Sy koene him.’
  Sylvestre stie op. It skaad fan syn rêch kaam twaris yn ’e spegels omheech.
  ‘Jo witte genôch.’
  Sûnder him in hân te jaan rûn er ta de doar út.

Yn ’e hûs wiene Octavio en Anneke noch net werom. Miguel siet yn de mienskiplike salon.
Ruud rûn lâns de skilderijen op him ta. Ruud rûkte de lucht fan al dy stuollen krekt wer op ’e nij yn de wask setten. Se liken sa âld en tagelyk, troch al dat poetsen, ek sa nij, tocht Ruud.
  Miguel knikte freonlik.
  ‘Ik ha fan ’e jûn mei Sylvestre sprutsen. Oer dy, oer dyn beneaming.’
  It bleau stil.
  ‘En oer in brief dy’t ik doe krige. In fideobân ornearre foar Laura as ik Sylvestre net beneamde.’
  ‘Dy man hat nea doocht, bist dochs bliid datsto my beneamd hast en net sa’n man. Wat in metoaden.’
  It kaam sa glêd út dy mûle.
  ‘Ik hoopje net datsto it oan Laura ferteld hast? Sok stom gedoch!’
  ‘Dat haw ik wol dien. De moarns fan it ûngelok.’
  Miguel sei neat.
  ‘Tinksto net dat...’ frege Ruud, ‘dat de man dy’t dy brief oan my stjoerde..’
  Miguel seach nei de grûn.
  ‘Sanien hat skuld.’
  ‘En dan giesto praten mei de man dy’t dy dat oandien hat.’
  Gjin emoasje neat. Miguel bleau sakelik as altyd.
  ‘Ik begryp dy net, Holandés.’

Acht wike soene Anneke en hy yn Argentinië bliuwe. Nei seis wike siet er yn it fleantúch op wei nei Amsterdam. Allinnich. Dy nachts fan it petear mei Sylvestre wie Anneke net by him op bêd kaam. Se hie har sa fermakke mei Octavio. De hiele nacht. Earst wie er bliid west. Bliid dat sy sa’n moaie jûn hiene.
  No wist er it. Se wie dy jûns mei Octavio op bêd west. Se hiene neukt hast op itselde plak dêr’t hy mei Laura...
  Nei in wike hie Anneke it him sein. Se gie net mear mei him op bêd. Octavio, dat wie sa’n geweldige man. Foaral op bêd. Dy moaie brune hûd mei al dy swarte hierkes der op. Se begûn him hielendal te beskriuwen hoe’t Octavio ‘it’ die.
  ‘As ik myn hannen op de billen fan him lis, mei al dat hier der op. Dat makket my sa geil. Do bist ek net min hear. Mar yn fergeliking mei Octavio...’
  Hy wie ta it hûs útgien. Hy koe, hy woe der net langer wenje mei Octavio, dy’t t him syn frou ôfnaam, mei Miguel dy’t...
  Ien kear hie er Anneke noch in kear sjoen.
  ‘Mei dy, ik wol net mear. Tinkst dat it in protte wille is, in man dy’t altyd sa evenredich is? Dy’t altyd sa goed wit hoe je je te hâlden en te dragen hawwe? Soks is wol efkes aardich. Mar al dy gerjochtichheid, altyd dat rjocht troch see, it begjint wol te ferfelen op it lêst. Octavio is wol wat oars as dy. Hy hat fan dy lytse smychte streekjes. Hat er my sels ferteld. En syn omke.. Hoe koesto dy man ea beneame? Sjoch, ik kin se hjir noch mar krekt, mar ik wit better hoe’t de wrâld  yninoar stekt as dy. Seis jier hawwe wy by elkoar west. It ferfeelt my. Trouwe woest net. In kontrakt, o hearke nee, lit alles ma sa as it is. Ik wol mear, ik wol my net ferfele, ik wol kleur, immen dy’t net allinnich mar praat en praat., in  persoanlikheid. Fan Octavio en Miguel  kinsto wat opstekke. Dat sis ik dy. Ik wol in man dy’t my opwynt. Dêr’t ik lilk op wurde kin. Dat bisto, evenredige lytse god, net. Jammer!’
  De trut, tocht Ruud.

It wie sa’n winterske sneontemoarn, de earste wike fan jannewaris. Hy wie krekt út bêd. Op ’e matte lei wat post. Hy naam it yn de hân, seach der troch hinne. Der wie in grutte brief mei in Argentynske postsegel.
  In lokkich nijjier, stie yn it Spaansk op de kaart.
  En dêrûnder:

Octavio en Anneke Bauduin.
 
*

(Ein)