Ulke Brolsma

AGUAS ARGENTINAS

Ut it  finster fan de fleanmasine seach er de toarre griene grûn op him takommen. Se wiene hast te plak op it fleanfjild fan Buenos Aires. Anneke bûgde har oer him hinne.
  ‘Dat hasto fansel witte faak sjoen. Bist bliid datsto der wer biste? Kinst it wol oan?’
  Hy lei syn hân om har hinne, fielde har liif waarm tsjin him oan.
  ‘Wat tinksto? Sjoch ik der sa mâl út? Earlik is earlik, ik bin no dochs wol in bytsje bliid hjir werom te kommen. Mei dy.’ Se bûgde har noch mear nei it finster. Net om nei bûten  te sjen, mar om him te fielen. Hy drukte har fûl tsjin him oan. It fleanmasine gie op de grûn ta. Hanneke woe oerein, der kaam it fersyk ‘fasten your seatbelts’ en om de stoelleuning rjucht te setten. Se drukte har omheech, mar Ruud hâlde har fêst.
  ‘Och, wat kin it skele, as it mis beteard is alles yn in pear sekonden foarby.’
  ‘Hoefolle minsken kinne dy hjir?’ frege Anneke.
  ‘In protte. Tefolle, ik wol der gjin gedoente mear mei ha.’
  ‘Wêrom net, se sizze dat Argentijnen sokke freonlike minsken binne.’
  ‘Is ek sa, mar ik wie net sa freonlik, ik haw hjir net allinne mar wille mei minsken hân. Ik haw der guon flink oanpakt. En sy my ek. Der wiene in stel flink bliid doe’t ik werom gie.’
  ‘Mar biste dochs twa jier bleaun.’
  It fleantúch stie stil. De minsken kamen hastich oerein, sochten nei de bagaazje, woene sa gau mooglik ta it fleantúch út.
  Ruud  stie ek op, in bytsje stiif fan de lange reis.
  Nee, it wie better net werom te stikeljen yn de tiid. Wat soe it ek. De ynkompetinten dy’t er oanpakt hie, se hiene fêst in prachtich plak. Oan relaasjes hiene je hjir mear as oan in goed stik ferstân. Hy hie gjin nocht om dat soarte folk werom te sjen.
  As Anneke der net west hie, dan sieten se no mei fakânsje yn Thailan. Mar se hie him der sa faak nei frege, sa faak sein dat se it lân sels sjen, ja, belibje woe. Koe er it keare? In pear jier wie it him slagge. Op it lêst hie er har sein dat it dan mar heve moast. Hy woe net, tocht er, mar earne djip bedobbe, hy woe it foar himsels net wier hawwe, hy wist it, hy hie dochs langstme nei it lân. Nei syn libben fan doe. Nei tsien jier wie er werom.
  ‘Miguel is der aanst,’ sei er tsjin Anneke. ‘Hy soe ús ôfhelje.’ 

Grimmitich tocht er werom oan syn earste moannen yn Argentinië. Hy in fris, nij yngenieurke út Delft. Samar út in ympuls hie er skreaun op in advertinsje foar it wetterliedingbedriuw Aguas Argentinas yn Buenos Aires..
  ‘En Spaansk?’ frege er oan de represintant fan Aguas Argentinas yn in sealtsje fan in hotel yn Amsterdam.
  ‘As jo by ús komme sprekke jo Spaansk.’ It waard mei in glimk op it gesicht sein, mar it wie dúdlik. Dêr moast er him mar mei rêde.
  ‘Oer fjouwer moanne begjinne?’ frege de man.
  ‘As wat?’
  De advertinsje wie net sa helder. ‘Jo binne ien fan de belangrykste meiwurkers,’  sa stie der. Hy seach it dûnkere gesicht tsjinoer him. De man drukte in sigaret út, pakte in papier út in mapke, seach der yn. Hy hie wat ynnimmends, fûn Ruud. Sa immen kinne je betrouwe.
  ‘As jo foldogge krije jo de lieding fan in distrikt.’

Hy kaam yn Buenos Aires oan nei in reis fan trije moanne troch Súd-Amearika. Mei de rêchpûde op wie er fan plak nei plak reizge. Begûn yn Lima en sa nei Chili, de Andes oer, Mendoza  op wei nei de Argentijnske  haadstêd. Yn Nederlân wie er al mei Spaanske les begûn. Ûnderweis hie er oeral, dêr’t er mar koe, Spaanske les nommen en besocht mei de minsken te praten. Doe’t er einliken yn Buenos Aires oankaam koe er him der aardich mei rêde. Fûn er sels.

De earste besite wie by de direkteur fan Aguas Argentinas. Se hiene in programma foar him makke om it bedriuw kennen te learen.
  ‘Spaanske lessen, ha jo dat noch nedich?’ sei Juan Barolio, de direkteur. Hy lake as wie it in grapke. De man hie him yn it Ingelsk oansprutsen. Ruud antwurde mei rêde tonge yn it Spaansk. De man wie bliid ferbaasd.
  ‘We hawwe hjir in man, dy’t jo de earste tiid helpe sil. Ik rop him efkes.’
  De doar gie iepen en dêr stie Miguel Bauduin.
  Hy kaam mei in grutte laits op Ruud ta, naam him by de earm, hiel waarm en ynienen hie er in tút op de wang.
  Miguel en de direkteur murken syn ferbjustering.
  ‘Dat sille jo hjir ek leare moatte,’ sei Miguel. ‘Sa geane we hjir mei elkoar om. Dit wie dyn  earste les yn Argentinië. Hoe tútsje ik in man.’
  Fan doe oan wie Miguel hast alle dagen by him. Joech him ried. Naam him mei út iten en ek mei nei freonen. Miguel makke him wiis yn de wrâld fan Aguas Argentinas.
  Nei trije wiken woe Ruud echt oan de slach.
  ‘Miguel, tank foar alles watsto dien haste. Ik tink dat ik it no rêd.’
  Miguel  seach er út oft er him seer dien hie. Lake doe.
  ‘Fansels, de yntroduksje is no foarby. Do wist no in hiel, hiel lyts bytsje hoe’t it hjir om en ta giet.  Ik wurkje hjir al wer twa jier. Ik kin de wei. Ik wol dy graach helpe. Sa’n sympatike Hollander.’
  Ruud betanke him. Mar hy fielde earne wat. Krekt sa by dy earste tút. Hy woe syn holle werom lûke. Werom? Miguel hie mear dien as nedich om him te helpen.
  De Hollander by Aguas Argentinas wie in frjemd bist, hy wist it. Oars as de oaren. Koe it him wat skele? Yn alle gefallen wie er gjin kopy fan in Argentijn. Stikem wie er dêr in bytsje grutsk op. Ien ding woe er se witte litte, se koene him net omkeapje. Hy wie rjocht út, rjocht oan. Wa’t him besocht te beduveljen hie in min libben. Sa hie er al ferskate kearen útpakt. It wie nij foar de Argentijnen, dat murk er wol. As ik it hjir rêde sil, dan op myn eigen wize, wat se der ek fan tinke. Hy krige al gau de reputaasje fan in hurden, in ûnfersetliken.
  Freonlik wiene se wol, syn nije kollega’s en de minsken dêr’t er mei yn de kunde kaam. Se diene oft er famylje wie, moast oeral op besite om te iten en te drinken.

Miguel waard 28. Hy frege Ruud ek op de jierdei. It feest wie yn it hûs fan syn âlden. In grut âld gebou yn it sintrum fan Buenos Aires. Ruud seach der in bytsje fan op dat Michael yn sa’n prachtich hûs wenne. Hy hie sels mar in gewoane flat. Mei syn salaris koe er wol wat betters krije, mar soks beslist net. Hy wenne net min, mar ek net besûnder.
  Miguel stie syn gasten op te wachtsjen yn de hal. Hast in seal. Der gie in moaie grutte treppen nei boppen mei in brûnzen leuning  Ruud fernuvere him der oer. Wat in weelde.
Miguel naam him mei, stelde him foar oan oare minsken en doe wie er yn wat Miguel de ‘salon’ neamde. Alde skilderijen oan de muorren, de meubels fan itselde patroan. Hy fûn it sa frjemd passen by in fint fan 28.
  Ruud moete der ferskate minsken fan it wurk.  Se kamen op him ta foar in praatsje, om him in hân of in tút te jaan. Hy wist no hoe’t it hearde. Earne yn de grutte keamer seach er in donkere frou. Slank, blûn hier. Mar net fan der sels, tocht Ruud spottend. Se wie mei minsken oan de praat. Sa as se lake, it wie immen mei persoanlikheid, dat koene je sa sjen. De minsken lústeren nei har.
  Miguel kaam op him ta. It wie oft dy man altyd op dûken kaam as er eat net wist.
  ‘Mei ik dy foarstelle oan myn suster.’
  It wie de frou mei it blûne hier, de ‘persoanlikheid’.
  ‘Laura,’ sei se.
  ‘Ruud,’ sei er, joech har in hân, mar gjin tút. Dat diene je net mei wyldfrjemden tocht er.
  Se rekken oan de praat. Laura wie nijsgjirrich nei syn wurk.
  ‘Mar dêr hat Miguel dy dochs ek wol oer ferteld? Wy dogge foar in part itselde.’
  ‘Miguel.’ Der wie earne wat yn har toan. Se lake, seach him oan. ‘Ik bin net sa nijsgjirrich nei wat Miguel docht. Ik bin earlik. Al dat wetter, die liedingen, dy stasjons. Mar ik woe wolris witte hoe´t in “Holandés” him hjir fielt.’
  Nei  in tiid murk er dat de oaren fuort wiene. Dat er mei har allinnich stie. Dat er al hast in oere om wie.
  Hy hier har út iten frege. Mei-ien.

Hy moast wol fjouwer dagen wachtsje op de ôfspraak mei Laura. Se koe net earder, hie se tsjin him sein. Hy hie fuortendaliks de oare deis wol mei har út iten wollen. Se koe net. Hy seach har yn har aginda sjen, neitinken en doe wie it dizze tongersdei wurden.
  Se hiene ôfsprutsen earne yn de Calle Florida. It wie der drok, se slinteren wat lâns de winkels, ûntweken opstoppingen, minsken dy’t yn in kring om in pear tango spilers hinne stiene. Op it lêst sieten se te plak om wat te drinken. Der wie wat fan in ôfstân. Hy fielde it oft der earne wat wie. Wat woe er der net stomme graach oan dwaan om dat wat te feroarjen. It leafst soe er wolle dat se gewoan as geliken mei elkoar om giene. Wêrom eigentlik? sei in stimke yn syn holle. Ja werom? Hy die sa syn bêst. Die it útstel om ‘do’ tsjin elkoar te sizzen. ’Graach,’ sei se. ‘Hiel graach.’ Wat helle er him dochs yn de holle? Sjoch mar, se is hielendal net sa op distânsje.
  Hy seach har oan. Sa fol yn it gesicht. Woe elk spierke sjen dat der yn dat gesicht trille. Om te lêzen wat se oer him tocht. Datselde stimke earne yn himsels frege op ’e nij: wêrom? Se is gewoan de suster fan Miguel. Bist mei har út iten. Miskien hat se wol immen. Is se troud. En do stelst dy oan. Dat stimke hie gelyk, hy wist it wol. Mar dochs, as se efkes de mûlehoeke bewege, efkes eat wat tsjoar seach. Wiene dat boadskippen?
  ‘Ruud, hasto broers, susters?’
  Sa’n fraach, hy hie er net op rekkene. Wat hie er dan tocht, dat se sizze soe dat se him sa aardich fûn. Hoe kaam er der by!
  ‘Nee, ik wie iennichst bern.’ Hy woe wat mear oer himsels fertelle, se moast in bytsje witte wa’t er wie.
  ‘By ús thús hiene se it net rom, ús heit wie arbeider.’
  ‘En dochs yngenieur?’
  Dat wist se wol goed.
  ‘Ja, it wie net maklik, mar ik haw it allegearre helle.’
  ‘Koest yn Nederlân gjin baan fine?’
  Ferbaasd seach er har oan.
  ‘Yn Nederlân gjin baan fine? Ik haw it net iens besocht.’ Hy lake. ‘Ik woe wat oars. Ik woe der op út, it aventoer.’
  ‘En is Aguas Argentinas it aventoer dêrsto sa nei sochtst? Dy wetterliedingen en sa?’
  Hy moast glimkje. ‘In bytsje aventoer is it wol. It is hjir sa oars.’
  ‘Wat dan, fertel, ik wit net wat hjir by ús sa besûnder is, sa oars as by jimme.’
  Hy fertelde har oer it omkeapjen, de coima. Oeral moasten je hjir yn Argentinië jild jaan as je wat foar elkoar krije woene. Hy die der net oan mei. Kaam der ynspeksje troch de brânwear. Betelje de ynspekteur mar, want oars... Se fine altyd wat, wie him sein.
  ‘Ik woe it net, ik die it net’
  ‘En doe?’
  Se lake as immen dy’t it andert al wit.
  ‘Ja, doe krige ik it befel om it wurk te stopjen, want der doogde earne wat net.’
  ‘Hasto betelle?’
  ‘Nee hear. Ik haw de man sein dat dan fuortendaliks 300.000 minsken gjin drinkwetter  mear hawwe. En dat hy oan de krante útlizze mocht wat der hjir net doocht.’
  ‘En?’
  ‘Hy wie samar fuort.’
  Ruud wie tefreden, sa woe er it hawwe, sa soe er it dwaan.
  ‘It sil dy net altyd slagje.’ Se glimke.
  ‘Dy jûns by jimme thús. Mei de jierdei fan Miguel. Ik begriep dat it hûs fan jimme âlden is? Mar ik ha se net sjoen.’
  ‘Dat kin ek net.’
  ‘Hoesa?’
  Se tocht efkes nei oer hoe se it sizze soe.
  ‘Us heit en mem binne der net mear.’
  Ruud  makke syn ekskúses.
  ‘Sa’n rot fraach, ik hie it witte moatten.’
  Se weaude mei har hân.
  ‘Jout neat, dan witsto it no. It wie in auto ongelok. Ik wie krekt 22 en Miguel 20.’
  Ruud seach nei har eagen. Triennen? Nee, neat derfan. Allegearre ferbylding. Wat wie er ek sentiminteel om soks te tinken. Laura fertelde it oft se it oer in fakânsje hie.
  ‘Wy woene net fuort út dat hûs. Us hiele libben hiene we dêr wenne. Wêrom soene we?  Der is wol wat ferboud. Alle beide hawwe we no in eigen appartemint in dat hûs. We hoege mekoar net tsjin te kommen.’
  Ruud hope op in útnoeging om by har yn dat eigen appartemint op besite te kommen. Dy kaam net.
  Oant no ta hie him it hâlden en dragen fan Miguel net bot ynteressearre. Dy ûnferskelichheid  wie no ferdwûn, hy woe mear wite oer de famylje. Wat der bard wie mei de âlden. Hy hearde it by biten en brokjes. Laura hie it jild urven. Raar hie er tsjin de man sein dy’t him dat fertelde. Dy helle de skouders wat omheech.
  ‘Wer libbet Miguel dan fan?’
  ‘Hy krijt in moannejild. Dat is troch syn âlden foar him fêstset. En hy fertsjinnet in flink lean by Aguas Argentinas. Wurdt der sein.’
  Hy belle Laura. Se wie faak net thús. Wat se die? Se hie it him ferteld by it iten, se wurke by in advokatekantoar. Doe’t er frege wat se dêr die glimke se en sei dat se it leaver oer wat oers ha woe. No noch net, tocht Ruud, dat sil aanst wol feroarje. Koe er dêr sa wis fan wêze? Laura skille him op, jûns yn syn flat. Doe’t er har ‘hola’ hearde, de stimme dy’t er, dat wist er no nei dy trije dagen wachtsjen, sa mist hie, waard it him in bytsje weak.Wer wie er dy stimme dy’t him warskôge. Wat stelde er him foar? Hy wie fan it sintrum miskien, mar sy hielendal net. As se wat om him joech hie se fuortendaliks de oare deis wol belle. Sa as hy dien hie. Hy woe it net witte.
  Se frege oft er sneins mei woe. Mei freonen earne bûten Buenos Aires oan de barbecue, de asado. Dy oare minsken. Dat steurde him. Fansels, hy kaam graach. It wiene net in pear minsken, it wiene der tsien. Yn alle gefallen gjin minsken fan Aguas Argentinas. Kunde en freonen fan Laura. No hearde er foar it earst dat se advokaat wie. En in goeie, sei in âldere man, mei wat griis golvjend hier. Se wurke by him op kantoar. ‘Dy rint har sels noch in kear foarby, sa drok hat se it.’ Ruud begûn te begripen dat dy aginda en dy earste ôfspraak oer trije dagen al hiel wat wie yn it libben fan Laura. De lju mochten elkoar graach. Hy fielde it rûnom. Nei’t  de measte stikken fleis ferwurke wiene, kaam Laura nei him ta. ‘Wolst it park  besjen?’ Se kuieren fuort. Hy fielde har liif hiel ticht by him. Se hiene in tiid neat sein. Doe drok praten en dernei wie er wer stiltme.

Hy wie no al ferskate kearen oer de flier west by har thús. Miguel hie er der ien kear sjoen. Dy wie samar wer fuort. Laura waard iepener. Fertelde him mear oar har sels. Hy woe har tútsje, yn syn earmen nimme. Wêrom doarst er it net? Se hie wat foarnaams. Soks koene je samar net tsjin je oandrukke. Of wol? Hy fielde him wat skiterich. It wie ek syn earste kear. Al dy manlju om him hinne dy’t altyd fan alles te fertellen hiene oer harren aventoeren mei froulju. Hy hie der noait in protte oer te sizzen. Koe er ek net, want hy hie neat te fertellen. Sy, Laura, dat wie syn aventoer.
  De dagen giene foarby, moannen wurke er al wer by Aguas Argentinas. Hy begûn it fluch foar it ferstân te krijen. Fernuvere der him oer dat op it iene plak sa’n protte minsken wurken. Ek as der gjin wurk wie. Hy seach it, wist it. Nimmen dy’t der wat oan die. Ruud frege Miguel  der nei.
  ‘Yn Argentinië wurket it wat oars as by jimme. Minsken krije hjir faak in baan om’t se hjir famylje hawwe of in goeie relaasje. Soms wurdt der ek wol wat jild jûn. In coima, dat kinsto al, tink ik.’
  ‘En sa sit al dat folk yn kluten by elkoar. Ek al is der gjin wurk.’
  ‘Sa is it. Dat binne dingen dy’t hearre by dit lân, krekt lyk as de byfstik,’ glimke Miguel. Hy wie klaait yn in donker pak, moaie giele strik om. Miguel seach der o sa fersoarge út.
  ‘Is der wat besûnders?’
  ‘Ik moat foar in gesprek.’
  ‘Wêroer?’
  ‘Oer in nije baan hjir yn it bedriuw.’
  ‘Och.’
  ‘Miskien dat ik hjir manager wurdt.’
  ‘Och,’ wie op ’e nij it iennichste wat Ruud wist te sizzen.
  ‘Manager fan wat?’
  ‘Fan ús ôfdieling.’
  Ruud fielde him wat waarm wurden. Dat wie de baan dy’t him beloofd wie.
  ‘Sukses.’

It petear mei de algemien direkteur fan Aguas Argentinas wie befredigjend. De man hearde der fan op dat Miguel Bauduin miskien de nije manager wurde soe. ‘Mei wa is dat petear?’ Ruud fertelde it him.
  Hy wiisde nei Ruud. Hy moast ta de doar út.
  Trije dagen letter moast er komme. Hy hie Miguel net mear sjoen. Laura wol. Se giene no hast alle dagen wol earne hinne. Der wie de earste echte tút jûn.
  Der siet noch immen by. Ruud wist fuortendaliks wa’t it wie. De adjunkt-direkteur, de man dêr´t Miguel by op besite wie.
  Der waard lake, se wiene o sa beleefd.
  Ruud siet te plak. It duorre koart, hy koe wer ta de doar út.
  Tsien minuten letter wie hy de nije manager.
  Dy nacht sliepte er foar de earste kear by Laura.
  De oare moarns stie er by it bêd. Laura lei noch te sliepen. Hy seach de moaie rûne wite billen. It leafst wie er der sa wer efter krûpt. Syn pimel sei him ek dat er dat einliks direkt dwaan moast. Hy woe. Mar hy moast fuort. Ynienen lei er wer neist har, sloech de earmen om har hinne, syn hân wie al op wei nei dat hier derûnder en ferwege it mei syn finger. Laura draaide har om. Hy moast, hy koe net oars, slikje oan har tepel. Hy fielde har hân dy’t him oer syn holle oer syn hier  aaide. Fuort wie Aguas Argentinas. Der wie noch mar ien ding dat er woe. En sy ek.
  Op kantoar wie er tsien menuten te let. Der sieten trije minsken op syn keamer op him te wachtsjen. Miguel wie der ien fan.
  ‘Koest it wat fine fan ’e moarn?’ frege er.
  ‘Kofje?’
  Ruud knikte fan ja. Miguel kaam flak by him, hy koe him hast rûke wylst er him de kofje ynskonk. Hy moast wer tinke oan dy tút. Soe Miguel it witte? No al. Of bedoelde er wat oars? Wie hy gewoan te erchtinkend?
  In moanne letter wie Miguel ek manager-direkteur. It wie hast in ferbanning. Earne fierwei fan Buenos Aires. Wat doarpkes en in pear lytse plakjes hie er ûnder syn bewâld. Wêrom fernuvere, Ruud him. It like wol wat op in straf. Hy hie der gjin weet fan dat Miguel earne wat ferkeards dien hie. Of wist er no noch altyd neat fan dit lân, de gewoanten, de regels wat heart en wat net? Der barde fan alles, mar der waard him, de bûtenlanner, neat sein. Soe it de straf wêze om’t Miguel besocht hie syn baan yn te pikken?
  Op in moarn hiene se mekoar moete yn de hal fan it hûs. Laura wie krekt de doar al út, mar Ruud hie noch wat tiid. Dronk noch wat kofje. Der stiene se beide by de doar, beide mei de kaai fan it hûs yn de han. De eagen fan Miguel. Hy moast it dochs wol witte? Of wie it in ferrassing? Hy sei flechtich ‘buenos dias,’ liet him foar gean en sliet de doar.
  Jûns fertelde er Laura fan de moeting mei har broer.
  ‘Hawwe jimme it der wolris oer? Dat ik hjir by dy bin.’
  Laura stie op, rûn nei it rút.
  Se draaide har werom en kaam wer neist him sitten.
  ‘Ja, hy hat my frege hoe’t it sit. En ik ha it him sein.’
  ‘Wat fynt er derfan?’
  ‘Ferfelend.’
  ‘Hoesa ferfelend?’
  Laura stie wer op. Dat die se wol faker as se him net direkt antwurdzje woe hie er murken. Dan wie der altyd wol wat te dwaan oan ien of oare blom.
  ‘Ik sil it dy noch wolris fertelle. Ik wol no wer in tiidsje allinnich wêze.’
  Ruud begriep dat hy de doar út moast.
  It wie útrûn op in ropperij fan syn kant. Hy wie lilk. Hy moast belies jaan oan de broer. Dat stuts him. Dat er no de doar út moast. Har liif net mear oanreitsje koe, dat er fannacht allinnich op bêd lei.
  ‘Ik moat fuort, de stêd út,’sei se. It wie al let, wêr soe se hinne? No noch? Wat knoffelich stie er op.
  ‘No, dan stap ik op.’
  Syn stimme klonk him sa frjemd yn de earen. Oft er it net sels wie dy’t dit sei, oft er  in oaren-ien wie dy’t dit sei yn stee fan him.
  De oare deis skille er har. Thús, op har wurk. Nearne, se like wol ferdwûn.
  Lokkich dat er dizze dei Miguel net hoegde te moetsjen. Hy wie by steat en lûk him oan syn kloaten oer de tafel hinne. Dy ivige ‘smile’ op dat gesicht. It makke him poer.
  Stom, wist er fan himsels, moatst dy der net sa yn bejaan. As se dy net wol, dan is it oer, dan kin nimmen dy helpe en hielendal net asto har broer op syn donder joust.
  Hy belle alle dagen wer nei har. It wie in rûtine, mar alle kearen hie er it swit hast wer yn de hannen as er de nûmers draaide.
  Se is er fantroch, fuort. Se wol neat mear fan my witte. Dat is de boadskip.
  Hy siet efter syn buro en socht it nûmer fan Miguel op. Mei syn finger beweegde er al de toetsen, mar drukte se krekt net yn. Der wie in lytse barriêre. Ynienen wie it in hiele grutte barriêre. Hy lei de hoarn wer del. Ferdomd, dat die er net. Miguel soe glimkje ast er him frege nei syn suster.
  Hy trommele mei syn finger op it buroblêd. Seach nei it skilderij fan in grut sylskip yn de haven fan Buenos Aires. Besocht de seilen te tellen. De tillefoan gie. It wie har.
  ‘Kom jûn.’
  ‘Wer bist west, ik ha...’
  ‘Kom. Kinst bliuwe.’
  ‘Adios,’ se hie al wer ophongen.

De direksje fan Aguas Argentinas hie him in oare baan oanbean. Wêrom hy sa yn de smaak foel? Ruud krige it tafersjoch oer in pear departeminten. Ien derfan wie dat fan Miguel. Wer wie der in programma om him yn ’e kunde te bringen mei al dit nijs. Ien fan de besites wie oan Miguel. Dy’t wist dat hy ek werom yn ’e hûs wie. It wie sa as er ferwachte, Miguel wachte him by de doar fan syn kantoar. O sa freonlik. Neat te merkbiten fan de ôfgeunst dêr’t syn suster it oer hie.
  ‘Befalt it hjir?’
  ‘Och, it is hjir wat lyts, mar it is nijsgjirrich wurk.’
  Miguel liet him hannen skodzje mei noch in stikmannich minsken. Se giene nei de ynstallaasje. Nei in heal oere wie er wer fuort.
  Soe dat de opset west wêze fan dit wolkom programma? Sa gou mooglik wer ta de doar út?
Hy docht der no hiel wat flugger oer as doe’t ik de earste kear by Aguas Argentinas kaam.
  By de doar joech er Miguel in hân.
  ‘Oant sjen’.
  Hy lake yn himsels.
  Laura hie him sein dat har broer der út en troch op tsjin wie dat sy mei in Hollander wie.  
  ‘Dat seit er mar hy is oeral op tsjin. Ek al is er in Argentijn. Hy kin it net ferdrage. Ik mei in man. In frjemde yn dit hûs. Dat hûs is fan him, seit er. No, ja, geastlik miskien.’
  Hy siet wol yn noed. Soe se him samar wer ris fuortstjoere en dan tiden neat mear hearre litte?
  Hy frege it har.
  ‘Miskien, it hinget der fan ôf.’
  Mar wer it fan ôfhinge woe se net sizze.
  Wie er der op ta? Samar in man om har te fermeitsjen? Lekker om mei op bêd te gean? Mear net? Ruud twifele. Dan tocht er wer as se sa beiden op ’en paad wiene, dat se hast wol in troud stel liken. Sa’n wille mei elkoar. It begripen, it oanfielen, teminsten sa hie hy dat. Of Laura dat ek hie?
  Se hie him dochs nochris in pear kear frege net mear te kommen. Ruud wist wer net wat der wie. Wer belle er har alle dagen, telefonearje, besocht har te sprekken. Nearne wie se te finen.
Mar alle kearen kaam se werom. Skille him. It petear wie altyd lyk. ‘Kinst jûn komme.’ Ruud wist dat se him gek makke. Hy besocht it hast net merkbite te litten. Mar of dat slagge?

Se wiene samar troud. Fan de iene dei op de oare. Yn alle stiltme. Laura woe der gjin minsk by ha. Sels har broer net. Ek gjin kaarten, neat.
  ‘Werom sa heimsinnich?’ frege er Laura.
  ‘Dat hat mei fan alles te dwaan. Mar it meast mei Miguel. Ik wol him der net by ha. Dat kin allinnich mar as ik fierder ek gjin minsk op de hichte bring.’ Har namme feroarje, nee, dat woe se net. ‘Ik kin der net oan  wenne as de minsken my oansprekke mei senora Schaafsma. Nee, it bliuwt Bauduin.’ Ruud fûn it bêst. It koe him neat skele. Hy hie har, en hoe’t se har neamde...
  Fansels hie it nijs him ferspraat. Je moatte papieren ynfolje, der waard oer grute op syn wurk.
  Alejandro Benari felisitearre him. In man dêr’t er de hiele dei mei fan dwaan hie. Ien fan de minsken dy’t er betroude.
  Nei’t er him sa felisitearre, sei Alejandro: ‘Bist ryk no, tink my.’
  ‘Hoesa?’
  ‘No, Laura.’
  Ruud skokskoudere wat. Hy wist wol dat Laura jild hie, mar hy hie it har nea frege hoefolle. Dat moast se mar út harsels fertelle, fûn er.
  ‘Ik ha gjin nocht om dêr oer te praten.’ Hy kapte it op brûske wize ôf.
  Hy hie genôch oan syn kop en dat hie ek fan alles fan dwaan mei Miguel. Syn sweager hie by him sollisitearre nei in baan. Fan de tsien kandidaten wiene der noch twa oer. Hy en in Antonio Sylvestre. Ruud wist wol wa’t er it leafst hie: Sylvestre. Hie it wat fan dwaan mei syn antypaty foar syn sweager? Nee, hie er sels betocht, dy  Sylvestre  hat mear yn de bouten. En ek flink wat mear. In man dy’t al hiel wat projekten selsstannich lied hie. Wat moast er dwaan?
  Miguel hie him ek noch útnoege om mei him en in pear freonen in wykein nei Córdoba te gean..
  ‘Tanke foar de útnoeging. Is der wat besûnders?’
  Fansels, tocht er, dit is syn coima om dy baan te krijen.
  Miguel hie him efkes oansjoen.
  ‘It is hjirre oars as by jimme. Hjir dogge we soks mei freonen dy’t je graach lije meie.’
  Hy mei my dus lije, tocht Ruud.
  ‘Ik freegje mar, ik bin hjir alle dagen noch oan it learen.’
  In útnoeging fan syn swager koe er net negerje. Graach hie er it dien, mar soks koe net. Ek al om’t er oare minsken by stiene dy’t hearden dat Miguel him frege.
  Laura wie wat ferheard doe’t er it har fertelde.
  ‘Ik ha der ek gjin nocht oan,’ sei Ruud, ‘mar it like my better om mar ja te sizzen’
  ‘Fansels, mar ik freegje me ôf...’
  ‘Wat?’
  ‘Oft er it allinnich mar foar de aardichheid docht. Dy sollisitaasje fan him, der giesto dochs oer?’
  ‘Jawis, mar it makket foar my gjin ferskil in swager of in oaren. En útnoegingen, feesten of jild ûnder de tafel, se witte hjir al lang dat se by my neat berikke.’
  ‘De minsken soene hjir raar opsjen asto him passearrest.’
  ‘Witte se nochris in kear dat ik oars bin. Of docht it dy sear?’
  ‘Nee, wis net. Dat witsto dochs wol.’ Se kaam neist him sitten. Hy koe it net lette en struts mei syn hân oer har boarsten, gie nei binnen en fielde hoe har tepel oerein kaam. Hy tute har op de mûle, sa op de bank soe er sa wol wolle. En hy die it ek.

(Tenei mear)