|
|
Janneke Spoelstra
De skieppehoedster
Der
stie in frou bij de skuordoar. Ebk rûn derhinne. ‘Ik ha
noch noait skieppetsiis
hân,’ sei de frou. ‘Kom mar mei,’ sei Ebk,
‘hjir stiet in kuolkast fol.’
De
frou rûn achter har oan de skuorre yn. Tsjin de sydmuorre oan
stie in grutte
kuolkast fol skieppetsyskes dy’t blonken yn it ljocht fan
’e kuolkast en
justjes trillen doe’t er oansloech. ‘Doch fuort mar
twa,’ sei de frou. Ebk
helle der twa út en lange se de frou oer. Dy stie der
ûnhandich mei te
heinderbaljen, lei se doe op in omkearde amer en helle in beurs
út it taske. In
grutte flap helle se der út. ‘It wikseljild moat ik
út ’e hûs helje,’ sei Ebk,
‘rin mar even mei.’ De frou skarrele achter har oan troch
de lange gong. Se
kamen yn ’e keuken. De frou seach it lân oer, seach Ebk. Yn
’e fierte wie de
toer fan ’e hoofdplaats te sjen, skean foar har de keppel skiep.
‘Wolle jo ek
in kop tee ha,’ frege Ebk, ‘it is sawat teetiid.’
‘Graach,’ sei de frou. ‘Gean
mar even sitten,’ sei Ebk. Se skaaide bij de frou lâns nei
it oanrjocht en sette
wetter op.
‘Hjir
sit ik graach,’ sei Ebk. ‘Dat
wol ik wol leauwe,’ sei de frou. Se sieten in skoft ta it
rút út te sjen. It
begûn sêft te reinen. En meidat se der nei sieten te sjen
begûn it hurder te
reinen. ‘Dêr reint it alwer hinne,’ sei Ebk. It
teewetter sear. Ebk gie oerein,
sette tee en geat yn. Se die der in koekje bij. It wie stil, sa stil
dat de
frou harsels sykheljen hearre koe, sa stil dat de frou Ebk en Ebk de
frou
sykheljen hearre koe. ‘Earder dienen ús heit en ik de
skiep tegearre,’ sei Ebk,
‘hij is twa jier lyn stoarn. Hij hie de middeis oan ’t
stikelstekken west,
stapt teetiid it bûthús yn en sakket ynelkoar. Dea.’
In moaie dea, tocht de
frou, mar se doarde it net te sezen. ‘In moaie dea,’ sei
Ebk.
‘Mei
ik de pleats besjen,’ freget de frou, ‘it docht my tinken
oan froeger. Us
pake-en-dy wennen op sa’n soarte fan spul.’ Se gean oerein
en rinne nei de
opkeamer.
‘Pas op foar it opstapke,’
seit Ebk.
En har hân roert dy fan de frou, omdat sij de hân
útstekt as warskôging en de
frou harres om’t se kjel wurdt. ‘Tink om it
trepsgat,’ seit Ebk, as se op de
oerloop binne. En it trepsgat ûntwikend strykt de frou mei de
earm bij dy fan
Ebk lâns.
‘Pas op foar
dy balke dêr,’ seit Ebk,
as se op in keammerke stean ûnder it skeane dak, ‘stomp de
holle net.’ Se hâldt
de hân tusken de frou har holle en de balke. En it hier fan
’e frou glidet
ûnder Ebk har hân del.
Se
lit de frou foargean de heasouder op. Tusken de heapakken stean se.
Rinne
deroerhinne, omdat de frou ta it dakfinster út sjen wol. De frou
klimt noch in
pak omheech en rikt nei it rút. ‘O, wat kin men hjir fier
sjen,’ seit se. Mei
wipt it pak om. En fansels stekt Ebk de earms út om de frou op
te heinen.
Tegearre falle se achteroer tsjin de pakken oan. Skiep yn
ûnmacht, leze se yn
it hea. Se sjogge elkoar oan yn it ljocht fan it dakfinster. Rein
tikket op it
finster. It lekt in bytsje. Der falt in drip op ’e foarholle fan
’e frou. Se
glimkje en foarsichtich faget Ebk de drip ôf fan ’e
foarholle fan ’e frou. En
de frou aait Ebk oer de hân dy’t har de drip fan ’e
foarholle ôffage. En oer de
earm aait de frou Ebk. En heel foarsichtich streaket Ebk de frou oer it
wang.
En de frou, de frou strykt Ebk oer it hier. En heel, heel foarsichtich,
stekt
Ebk in hân út nei in boarst. Se fielt it triljen troch it
tinne bloeske hinne.
De frou suchtet djip, drukt har lippen op dy fan Ebk, heel lichtjes
earst. En
Ebk drukt heel lichtjes earst werom en dan steviger, giet mei de
hân oer in
heup fan ’e frou, in stút. Se fielt it stút triljen
troch de tinne stretchbroek
hinne. Dan wrakselet de frou heal oerein, krûpt se op Ebk, set se
in knibbel
oan wjerskanten fan Ebk del, dat Ebk net in kant út kin –
as soe se dat wolle –
en skoot se de hannen ûnder Ebk har wide shirt, lûkt se Ebk
it himd út ’e
broek, skoot se Ebk har shirt en himd omheech, makket se Ebk har bh los
en
begjint se de boarsten te tútsjen, slikket se om in spien,
sobbet se derop. En
Ebk, Ebk wol de frou ek oanreitsje, op it bleate fel en se lûkt
it bloeske fan
’e frou ta de stretchbroek út en giet mei de hannen oer de
bleate rêch fan ’e
frou, oer de búk en heel, heel, heel foarsichtich giet se mei in
hân in eintsje
bij de stretchbroek fan de frou yn. De frou hâldt op fan sobjen.
Sit even
deastil. Skuort dan knoop en rits fan har eigen en fan Ebk har broek
los. En
dan wurde broeken oer knibbels, oer ankels skood. Witte hannen en
mûlen amper
rie mear, fan wêr earst en wêr lêst. En billen en
stuten en boarsten trilje,
glinsterje yn it ljocht fan it dakfinster.
Bûtendoar
bletterje de skiep.
|