Henk Wolf

 

IT HÚSMAN-GEHEIM

Diel 2 (ein)

Achter in strûk oan 'e boppewei yn Koudum

19.00 oere

Ynspekteur Besu Niging rydboske. Hy wie kâld en winske dat de perfester en dat frommes no ris kamen. Of soenen se in oar ûnderkommen foar de nacht fûn ha? Syn rinprater kreake.
 ‘Ja, Niging hjirre.’
 ‘Ynspekteur, it is mei Dem Oanstriid.’
  ‘Ja, plysje Oanstriid,’ grânzge de ynspekteur, ‘sis it mar.’
  ‘Ik stean noch heeltyd by it hûs fan perfester Loog. De perfester en frou Anille binne krekt mei falske burden en snorren op foarriden yn in wite Opel Combo mei ôfplakt FNP-logo. Ferklaaid as rúthimmelders ha se in trepke by de gevel op set en binne se begûn de ruten ôf te sopjen. Doe't der eefkes gjin minsken op 'e dyk wienen, hat frou Anille fluch in opblaaspop mei burd, snor en rúthimmeldersoerstrûper út de auto helle en dy op 'e ljedder set, en is de perfester troch it rút ta de hûs yn glûpt.’
 ‘Tige tank, plysje Oanstriid. Hâld se op 'e kuer, mar ûndernim noch neat.’
 ‘Klear, ynspekteur. Oer en út.’
 ‘Oer en út.’

It hûs fan Byfke Anille
20.00 oere

Perfester Loog sûgde oan syn piip. Byfke flijde de holle op syn skouder. Se tochten oan earen, doe't se alle jûnen sa sitten hienen. De perfester suchte. Byfke ek. Se seagen inoar yn ’e eagen.

  ‘Teo ...’ lústere Byfke.
  ‘Byfke!’ rôp de perfester.
  ‘Teo, kom by my werom!’
  ‘Graach!’

 

De sliepkeamer fan Byfke Anille
20.35 oere

‘En fertel my no ris wêr't de minsken weikomme,’ sei Byfke mei in loksillige, fernoege útdrukking op it gesicht. En doe't de hannen fan 'e perfester ûnder de lekkens ferdwûnen om har dat te betsjutten, ferfette se: ‘Dat koe ik ek noch wol betinke. Nee, neffens dy dokter Tsjoen fan dy, bedoel ik, perfester Frunniksma!’
 De perfester glimke.
 ‘Justus Tsjoen hat jierrenlang stúdzje makke fan tsjinstridichheden yn 'e bibel. Dêr binne aardich wat fan. Foar de measte is troch tûke kristenlju wol in oplossing betocht, mar in stikmannich wurde almeast ferswijd, om't se net op te lossen binne. Hast hjir ek in bibel?’
 ‘Jawol.’ Byfke hyste harsels oerein, fuottele nei de boekekast en krige der in boek út. De perfester krige it fan har oer en blêde der eefkes yn.
 ‘Wa binne neffens dy de earste minsken?’ frege er.
 ‘Adam en Eva, woe 'k ha.’
 ‘En hoe hite de bern fan Adam en Eva?’
 ‘Kaïn en Abel, fansels.’
 ‘Wel, se krigen noch wol mear, mar dat wie pas folle letter. Adam waard op 't lêst 930 jier âld. Kaïn en Abel binne yndied de bekendsten. No, Abel libbe net lang, dy waard troch Kaïn fermoarde. Mar Kaïn waard in fikse kearel. Soed er ek bern krigen ha, tinkst?’
  ‘Gjin idee. Ja, doch wol. Moat wol, dêr stamme wy ommers neffens de kristenen fan ôf.’
 ‘Presys. Mar hoe kaam er oan dy bern?’
 Byfke seach de perfester wat sleau oan.
 ‘Hin?’
 Wer ferdwûn ien fan 'e perfester syn hannen ûnder de lekkens.
 ‘Blikje, ja. Hy hie fansels in frou nedich.’
 ‘No, dy hied er ek. Lês mar ris wat hjir yn Genesis 4 stiet.’
 Kaïn hie mienskip mei syn frou, dat se waard swier en krige Henoch.
 ‘Dr. Tsjoen frege him ôf wêr't dy frou weikaam. En hy fûn in oanwizing in lyts stikje fierderop yn 'e bibel.
Sjoch, hjirre, yn Genesis 6.’
 Yn dy dagen - en ek neitiid - wienen der reuzen op ierde. Doe't de soannen fan God by de dochters fan 'e minsken kamen, krigen se bern.’ lêsde Byfke.
 ‘Krekt. Dy soannen fan God, sa tocht dr. Tsjoen, dat wie fansels de neiteam fan Adam en Eva, dy't God ommers noch ekstra op 'e sande dei makke hie, as kroan op it wurk. En de froulju dêr't se bern by oansetten, dat wienen dy dochters fan 'e minsken. Dat wie yn in tiid dat der reuzen wienen. No, tocht dr. Tsjoen, der ha fansels yndied ea reuzen op 'e ierde west. In heel soad sels. De dinosauriërs.’
 ‘Mar dat dy bestien ha, dat hat de wittenskip doch pas folle letter ûntdutsen?’
 ‘De wittenskip al. Mar yn it kollektyf ûnthâld fan de minsken is der satliket al wat fan hingjen bleaun. Tink mar oan al dy midsieuske ferhalen oer draken.’
 ‘Dat is wier,’ sei Byfke. ‘Mar wat hat dat mei dy frou fan Kaïn te krijen?’
 ‘Wel,’ ferfette de perfester, ‘as de skriuwers fan de bibel op 'e hichte wienen mei it bestean fan dinosauriërs, dan wienen se dat miskien ek wol mei minsklike wêzens dy't yn dyselde tiid libben, bygelyks de homo afarensis en de homo habilus.’
 ‘Mar dan hast it oer de evolúsjeteory. De oanhingers fan 'e skeppingsteory moatte doch neat ha fan Darwin?’
 ‘Hjoed de dei net, mar neffens dr. Tsjoen wisten de skriuwers fan 'e bibel hoe't it echt siet.
Neffens him hat God earst as in soarte fan oefening dy primitive minsken makke. Dat binne de minsken út Genesis 1, sjoch mar.’ Hy wiisde in passaazje yn 'e bibel oan.
 Dat sa skoep God de minske nei syn eigen byld.
Nei it byld fan God hat Er him skepen. Manlik en froulik hat Er har skepen.
 ‘Ja, dat binne Adam en Eva doch?’
 ‘Nee, dy binne dêrnei pas skepen. Op 'e sande dei, al moatst dat 'dei' net al te letterlik nimme. It Hebrieuske wurd dat yn de oarspronklike tekst stiet, kin ek op in folle langere perioade slaan. Mar hoe dan ek, foardat Adam en Eva skepen waarden, hie God dus al earder in soarte fan minsken makke. Tagelyk mei de dieren. Dat, dat wiist der ek op dat it giet om dierlike, primitive minsken.’
  ‘En no hienen, neffens dy dr. Tsjoen fan dy, Kaïn en Abel wol sin oan sa'n lekker hierrich Neanderthaler-mokkeltsje?’
 ‘Krekt.’
 ‘Mar der stiet doch ek, sa seach ik krekt, doe seagen de soannen fan God dat de dochters fan 'e minsken kreas wienen.’
 ‘Tsja, smaken ferskille. En dy primitive froulju hienen wol ûnbidige konten, faaks foelen se dêrop.’
 ‘Hat de teory fan dr. Tsjoen in soad oanhingers?’ frege Byfke.
 ‘Der hat wol in lytse skoalle fan tsjoenianen west, mar de teory is nea al te entûsjast ûnthelle. De darwinistyske gelearden sizze dat dr. Tsjoen in wittenskiplike teory basearret op ûnwittenskiplike teksten. Dy beskôgje de bibel as ûnhistoarysk. En de kreäsjonisten moatte fansels neat ha fan it idee dat de hjoeddeiske minske út in primitiver wêzen ûntstien is.’

De tún fan Byfke Anille
20.35 oere

Ynspekteur Besu Niging seach op syn haloazje. 20.36 oere. It haloazje rûn in minút foar, mar dat wist er net. Die der oars ek net ta. Om 20:14 (20:15 op syn haloazje) wied er achterom it hûs fan frou Anille yn gongen. Hy hie mar net belle, want dan soenen de perfester en sy miskien yn panyk besykje om op 'e flecht te slaan, of om him oan te fallen. Hy wie trochrûn nei de húskeamer, mar dêr hied er net ien fûn. Doe wied er nei boppen ta gongen. In fûleindich oefjen hie him it paad wiisd nei it plak dêr't de bewenster en har útfanhuzer har befûnen. It skouspul dat er foar eagen krige, makke lykwols dat er it idee krige dat syn oanwêzigens yn 'e doar net botte op priis steld wurde soe, dat hy wie de tún mar wer yn rûn en beprakkesearre hoefolle tiid oft men foar it dwêsten fan 'e sinnen sawat brûke moat. Tweintich minuten? Tritich? Hy moest noch mar tsien minuten geduld dwaan en sjoch dan ris wer.

De sliepkeamer fan Byfke Anille
20.45 oere

‘Yn it timpeltsje stie fan: Jopy de smoker fertelt dy mear oer dr. Tsjoen,’ sei de perfester. ‘Dy Jopy de smoker kin ik noch heeltyd net teplak bringe.’
 Byfke luts in fâld yn 'e poatte.
 ‘Ik al, leau 'k,’ sei se stadich. ‘Dûmny hie wat mei Jopy Húsman. Hy wie allegeduerigen yn it Jopy Húsmanmuseum te finen.
Neffens my is Jopy de smoker Jopy Húsman. Der is ien heel bekend selsportret fan Jopy en dêr stiet er op mei in pûdsje sjek yn 'e hân. Dat soe wolris ... hee!’

De perfester stie al njonken it bêd en besocht de skonken yn 'e krekte broeksboksen te triuwen.
 ‘Kom op!’ rôp er.
‘Wy moatte nei it Jopy Húsmanmuseum! Fansels hasto gelyk. Wa wit wat wy op it spoar binne!’

De sliepkeamer fan Byfke Anille
20.50 oere

‘Wêr binne se no?’ frege ynspekteur Niging him ferheard ôf. De ferwuolle lekkens en de ienlike manljussok mei lytse pompebledsjes wienen stille tsjûgen fan in wylde jûn en in gleonhastich ôfsetten. Hy hearde in moter oanslaan. Fluch draafde er nei it finster. Hy skuorde de kleden derfoar wei en waard noch krekt gewaar hoe't de wite Opel Combo mei FNP-logo it hiem ôfsnjitte. Op it stuit dat hy, ynspekteur Niging, der troch de hoksdoar yn kaam wie, wienen frou Anille en perfester Loog der troch de foardoar út gongen. Hy wie ferdoarje krekt te let. Mei twa treden tagelyk fleach er de trep del. Hy draafde it túnpaad oer en bleau hymjend op 'e dyk stean. Om net op te fallen hied er de plysjewein by de tsjerke parkeard. Tsjin de tiid dat er dêr wie, wie de Combo al lang witwêrhinne ferdwûn. De ynspekteur sei in raar wurd.

It Jopy Húsmanmuseum
21.15 oere

Oege Olfert Kloatstra wie sa drok mei syn yoga-oefeningen besteld dat er net murk dat ien de doar fan syn kantoarke tichtdie en der in swiere kast foar skode. Mei de grutte tean fan 'e lofter foet yn it rjochter noastergat en de lytse tean fan 'e rjochter foet yn it lofter ear stribbe er mei ynmoed nei ferljochting. Perfester Teo Loog en Byfke Anille slûpten wylst it museum yn, nei it skilderij fan Jopy mei syn smokerij. Se murken net dat in grutte neger yn in swarte mantel him hastich achter in pylder ferside brocht.
 ‘Sjoch, hjir leit in bûslampe,’ lústere de perfester.
 ‘Knip him ris oan, dan sjogge wy wat,’ lústere Byfke werom.
 ‘Wat in nuver pearsich ljocht jout dat ding. It liket wol in sinnebank,’ sei de perfester nei't er op it knopke drukt hie.
 ‘Dat is in UV-lampe,’ sei Byfke. ‘Soks brûkte ik ek doe't ik as kassafamke by Hein de Boer wurke. By sok ljocht gloeie der dinkjes op echte jildbriefkes op. Dan kinst sjen dat it echte jildbriefkes binne.’
 De perfester rjochte de lampe op 'e skilderijen.
 ‘Wêr hinget dy smokende Jopy no?’ frege er.
 ‘Dêre!’ lústere Byfke. ‘Moatst ris sjen!’
 Yn it pearse UV-ljocht ferskynde oer Jopy hinne de tekst Teo, asto dit lêst, dan bin ik der net mear. Justus Tsjoen hie gelyk en dat kin ik dy bewize. Rêd de geheime kennis. It argumint fan pater Knapenschender helpt dy fierder. G. Groustra.

De perfester fage in trien fan syn wang. De emoasjes by it oantinken oan de fermoarde dûmny waarden him eefkes oermânsk. Byfke brocht him werom nei de werklikheid.
 ‘Wa is dy pater Knapenschender, Teo? Ek wer in teolooch?’
 ‘Hm, eh ja. In fûlen kreäsjonist. Ien dy't de bibel fan kaft ta kaft opsizze koe.’
 ‘En wat wie syn argumint?’
‘Wel, dat de bibel seit dat de wrâld mei alles derop skepen is, soe 'k tinke. Mar dat helpt ús net folle fierder.’
 ‘Tink nei, Teo. Wat hat dy pater Knapenschender allegear skreaun?’
 ‘In heel soad. Syn belangrykste wurk is Evolutie is kul, noch altyd in bestseller yn evangelyske boekhannels. Dêr hellet er alle swakke punten fan de evolúsjelear yn oan. Dat dogge wol mear kreäsjonisten. It is meastal fan dat healwittenskiplike praat. Se wize op de bonkjes oan Darwin syn teory en stelle dêr dan it neffens har perfekte alternatyf foar yn it plak, nammentlik de bibel.’
 ‘Wat sitte der dan foar bonkjes oan Darwin syn ferhaal?’
 ‘O, der binne genôch. Knapenschender hammeret benammen op 'e saneamde missing links.’
 ‘Is dat in lynks dy't roomsk is en dy't se dressearre ha om missen te sjongen?’
 ‘Hin? Eh nee, missing links is Ingelsk foar 'ûntbrekkende keatsjes'.’
 ‘Untbrekkende wat?’
 ‘Untbrekkende keatsjes of skeakels. Darwin syn evolúsjelear giet derfan út dat soarten stadichoan feroarje. Sa soenen de aap en de minske tegearre út ien mienskiplike foarfaar ûntstien wêze.’
 ‘Dat is bekend. En wat leit dy Knapenschender dêrtsjin yn?’
 ‘Dat der in heel soad fossilen fûn binne, mar dat dy fossilen mar op in pear minskesoarten wize, dy't ek noch radikaal ferskillend binne. Neffens Darwin soenen der allegear tuskenfoarmen tusken bygelyks de homo erectus en de homo sapiens west ha moatte. En dêr binne apart genôch gjin fossilen fan oantroffen. Dy skeakels ûntbrekke dus. En wat der net is, kin net meiteld wurde.’
 Byfke waard wyt yn it gesicht.
 ‘Wat wie dat lêste datst seidest,’ stammere se.
 ‘Wat der net is, kin net meiteld wurde.' In spreuk út it bibelboek Preker dy't de kreäsjonisten gauris oanhelje. Knapenschender brûkt him ek allegeduerigen yn syn boek. Preker skriuwt dat wittenskip flauwekul is, 'jacht meitsje op 'e wyn' neamt er it, omdat it de minske doch nea slagget om derachter te kommen hoe't de wrâld yninoar sit. De minske ûnderstelt in protte en bout dêr teoryen omhinne, mar dat bliuwe teoryen omdat er fan safolle dingen net wis is. De kreäsjonisten brûke dat bibelsitaat tsjin de evolúsjeteory. Omdat dy teory tuskenfoarmen ûnderstelt dy't net te finen binne. Dus meie je dêr neffens de kreäsjonisten gjin teory omhinne bouwe.’
 ‘Mar Teo,’ sei Byfke mei in trilderich lûd. ‘Witsto dan net wat der op Jopy Húsman syn grêf stiet?’
 ‘Nee, hoe sa?’
  ‘Dêr stiet: Hetgeen niet is, kan niet geteld worden.’

‘Ik tink dat jim njonkelytsen al safolle witte dat ik wol foar it ljocht komme kin,’ sei in rasperich lûd. Fan achter in pylder wei ferskynde de ûnbidige neger yn de swarte mantel.
 ‘Dûmny Fynstra, jo hjir ek?’ seinen Byfke en de perfester tagelyk.
 ‘Krekt,’ sei de oare grimmitich.
 ‘Sst,’ sei de perfester mei de wiisfinger op 'e lippen. ‘Net sa lûd, oars heart Oege Olfert jo.’
 ‘As ik dy wie, Teo, soe ik my oer heel oare dingen soargen meitsje,’ sei de neger. ‘It heil fan it minskdom stiet op it spul. Jim wienen my krekt foar mei dat skilderij, al ha jim wol myn UV-lampe brûkt.
En jim ha it riedsel fuort foar my oplost, tige tank dêrfoar. Sûnder twivel sille wy by it grêf oarnsje it boek Sicko fine.’
 ‘Wat foar boek?’ frege de perfester.
 ‘In leagenachtich ferhaal dat spitigernôch hast in ieu lang ta de kanon heard hat,’ grânzge de oare. ‘It datearret út de lette midsieuwen en beskriuwt hoe't God op 'e sechsde dei de primitivere minskesoarten makke, net bedoeld as yntelliginte wêzens, mar as in hege diersoarte sûnder selsbewustwêzen. Dy soenen fierder evoluearre wêze ta de noch altyd tige primitive Neanderthaler. De oare deis makke God Adam en letter Eva foar himsels, as útsetter, in pear prachtige boarterspopkes foar yn syn achtertún. Mar ja, doe kaam de sûndefal en waarden se de wrâld mei syn bisten en Neanderthalers yn stjoerd. Dêr krigen se harren bern en dy soenen neffens dat leagenferhaal op dy grommende, snuvende, hierrige mûnsters dûkt wêze en der bern by oanset ha. Dy liken aldergeloks fierwei it measte op 'e heiten, mar it bleau in bastertskaai. Dat soe de wrâld doe befolke ha.’
 ‘Mar, dûmny Fynstra, wêrom fine jo dat sa slim?’ frege Byfke.
‘As it doch net wier is?’
 ‘Minsken leauwe dy ûnsin fan Charles Darwin ek, wylst te bewizen is dat dêr neat fan oan wêze kin. Der falle al tefolle minsken fan it wiere leauwe ôf.’
 ‘Ha jo dêrom dûmny Groustra fermoarde?’ frege Byfke.
 ‘Byfke!’ rôp de perfester ûntheistere.
 ‘Dat haw ik net dien,’ sei de grutte neger, hast like ûntheistere. ‘Byfke, ik bin in man fan God. Moard is in deasûnde. Mar ik wie hjir dy nacht al. Goasse hie ûntdutsen dat Jopy Húsman al jierrenlang in folgeling fan Justus Tsjoen wie. Jopy hat ris in âld kammenet kocht - hy hannele ommers yn âld guod - en dêr trof er in skoech yn oan. Yn dy skoech siet in midsieusk ôfskrift fan it boek Sicko. It ferhaal giet dat er yn de skoech in feltsje papier fûn mei de tekst fan Preker 1:15, mar dat is net wier, dat hat Jopy doe allinne mar tsjin de eigneresse fan it kammenet sein. Yn werklikheid wie Preker 1:15 doe al lang syn liifspreuk.’
 ‘Wêrom dan Preker 1:15?’ frege de perfester. ‘Dat is doch krekt in sitaat fan de anty-darwinisten?’
 
‘Jopy fûn just fan net.
Wat der net is, mei men net oer teoretisearje, wie syn útlis, mar wat der al is, mei men al brûke. It boek Sicko wie de basis fan syn teory. Hy hat him oansletten by de groep fan Justus Tsjoen. It kostbere dokumint ha se mei soarch geheim holden. De groep wurke oan in monografy dy't besiket om it evolúsjeferhaal en de bibel definityf meiïnoar te ferienigjen. De basis is it boek Sicko, dat leagenachtige rotboek dat se blykber as histoarysk bewiismateriaal beskôgje. Ik kaam der by tafal achter dat Goasse de lêste libbene tsjoeniaan is. Hy is de lêste dy't oan 'e monografy wurke. Op 'e nacht fan syn dea folge ik him. Ik woe him oansprekke op syn ferantwurdlikheid foar de aloan leger wurdende tsjerken en de oanboazjende ûnwissichheid ûnder de minsken. En ik jou ta, ik sjoch der frijwat driigjend út en woe Goasse wol wat yntimidearje as dat nedich wie om it hânskrift te besetten. Ik wachte bûten foar it museum oant er wer nei bûten komme soe. Dan soe ik him oansprekke. Mar doe kaamsto, Teo, en doe wie it ynienen in heel trelit.’
 ‘Ho ris,’ sei Byfke.
‘Doe kaam Teo, seinen jo? En oars is der net ien it museum yn gongen?’
 ‘Ik ha de doar yn 'e gaten holden fan it momint ôf dat Goasse it museum yn gong oant dat de plysje kaam. Utsein Teo is der net ien yn kaam of út gongen.’
 ‘Mar dat betsjut ...’
 ‘Dat de moardner al dy tiid al oanwêzich wie,’ sei in oare stim. It ljocht gong oan en de perfester, Byfke en dûmny Fynstra stoarren yn de loop fan in pistoal. It waard beetholden troch Oege Olfert Kloatstra.
 ‘As jim wer ris in kastje foar in doar skowe, sjoch dan altyd earst eefkes nei hokker kant oft dy doar iepen giet,’ seid er spytgnyskjend.
 ‘Oege Olfert!’ rôp dûmny Fynstra út. No rûnen der by him triennen oer de wangen. ‘Besûndigje dy doch net nochris oan in minskelibben. Bid, myn jonge, bid! Bid foar dyn sieleheil. Ik sil mei dy bidde.’
  De oare lake lûd. Hy rjochte it pistoal tusken perfester Loog syn eagen.
 ‘Wêrom doch?’ gûlde dûmny Fynstra. Doe klonk in earferdôvjend skot.

It plysjeburo fan Boalsert
15.00 oere, twa dagen letter

 ‘Aldergeloks hie plysje Oanstriid sa tûk west om frou Anille har auto fan in sinderke te foarsjen,’ sei Besu Niging.
 ‘Jo wienen der werklik wier krekt op 'e tiid by,’ sei de perfester. ‘Twa tellen letter en Oege Olfert hie ús ek deadien.’
 ‘Mar it wêrom begryp ik noch altyd net,’ sei Byfke.
 ‘Ik no al,’ sei de perfester. ‘Ik ha it manuskript fan it boek Sicko juster krigen. It lei yn in wettertichte koker yn Jopy syn grêf yn Hjelbeam begroeven, mar in pear hânbree ûnder de grûn. De monografy fan 'e tsjoenianen siet derby yn. De plysje hat my de koker juster oerjûn. Ik ha beide lêzen en der wat ynformaasje oer opsocht. De monografy befêstiget dûmny Fynstra syn ferhaal.
Jopy hat it manuskript fûn yn in âlde skoech. Satliket beskôge er skuon sûnt dy tiid as boadskippers fan God en waard er folslein skoegomaan. Sjoch mar ris hoe'n soad skilderijen fan skuon oft er neitiid noch makke hat. Doe't der dan ek in kollega-skilder yn Warkum kaam te wenjen dy't Schoen hite, wie Jopy dêr al gau hoates en toates.’
 ‘Ik sjoch it ferbân mei Oege Olfert Kloatstra noch net.’ sei Byfke.
 ‘Dat komt no,’ ferfette de perfester. ‘It boek Sicko is in hânskrift dat yn 'e 15e ieu yn 'e omwanneling kaam is. Foar it grutste part is it nei alle gedachten in oersetting fan in folle âlder Hebrieusk hânskrift, dat in fabuleuze kennis fan de evolúsjelear befettet. De ûntwikkeling fan ienfâldich libben nei kompleksere libbensfoarmen wurdt yngeand werjûn. Der stiet dat God alle kearen wer nije mutaasjes oanbrocht, dat it libben him fierder ûntjaan koe. Oant der nei seis fazen fan yngripen miljoenen soarten planten en bisten wienen, mei as yngewikkeldste de primitive minske, in lilkaardich, dom, grommend en snuvend skepsel, hierrich as in aap, mei in breed, plat gesicht en in koart, dûbeld liif.
God woe noch wol mear. Hy woe graach wêzens dy't him kwa yntelliginsje weardich wienen. Mar hy hie wol foar it ferstân dat de skepsels dy't er earder makke hie, net in goeie basis wienen foar de kroan op syn skepping. Dus doe krige er in heel soad ienselligen en in spruseltsje fan syn eigen yntelliginsje en makke dêr syn nije kammeraat fan. Dat wie Adam. Hoe't it doe fierder gong, mei de ribbe en mei Eva, en letter mei Kaïn en Abel, dat is ús fansels bekend. Kaïn en syn jongere broers hienen noch nea in Britney Spears sjoen - of in Marije fan Magdala, sa't it boek Sicko skriuwt - dat dy wienen net sa sinnich en krigen wakker sin oan de wyfkes fan 'e eardere minsken.’
 Ynspekteur Niging luts in fiis gesicht. Perfester Loog ferfette: ‘Ien passaazje is nei alle gedachten letter tafoege. Dy beskriuwt dat de neiteam fan Kaïn en syn broers folle mear op 'e heiten as op 'e memmen like. Troch natuerlike seleksje krigen de uterlike merktekens en it ferstân fan de neiteam fan Adam en Eva al gau de oerhân. Dominante genen, fansels. Sadwaande binne der ek gjin tuskenfoarmen te finen, gjin missing links. Allinnich yn ien slim isolearre gebiet, dêr't de nije minske net komme koe, koe in grutte groep minsken fan 'e sechsde dei oant fier yn de tweintichste ieu bestean bliuwe. En ek hjoed de dei komme dêr noch gâns hierrige froulju mei brede tsjeaken en ekstreem grouwe konten foar, en ferrint de kommunikaasje mei grommen en gnoarjen, om't se der nea in folsleine minsklike taal ûntwikkele ha.’
 ‘Grinslân,’ sei de ynspekteur.
 De perfester knikte.
 ‘Benammen it Hegelân,’ seid er. ‘Dat is in echt genetysk reservaat. Doe't yn 1522 paus Hadrianus de earste en iennichste Nederlânske paus waard, skamme er him sa foar de yndruk dy't dat nije bibelboek fan 'e Lege Lannen joech, dat er it boek út de kanon skraste en de fersprieding derfan strang ferbea. En dat hat fertuten dien. Sa goed as wy it witte, is dit eksimplaar ...’ De perfester kloppe mei de hân op 'e rôle dy't er yn 'e hân hie. ‘... it iennichste dat de tiid trochstien hat.’
 ‘Mar ik begryp noch altyd net wêrom't Oege Olfert Kloatstra dûmny Groustra fermoarde hat, en ús der hast noch by,’ sei Byfke.
 ‘Kloatstra wie op 'e hichte fan it bestean en de aktiviteiten fan de groep tsjoenianen,’ sei de ynspekteur. ‘Op 't lêst kamen se faak gear yn it Jopy Húsmanmuseum, dêr't er bewekker wie. Sa kaam er der ek achter wat der yn it manuskript oer Grinzers stie. Dat rekke him djip yn 'e siel.
Hy sil dûmny Groustra wol degene ha dat dy him it manuskript oerlange. Doe't er dat wegere, hat er him yn in opstiging mei in stik glês de kiel útsnijd. Dêrnei hat er mei in heas lûd perfester Loog belle en him as de dûmny foardien. Hy stie derop oan dat de perfester sa gau mooglik komme soe. Sa woed er de perfester foar de moard opstrûpe litte. Net ien wist dat Oege Olfert sa'n goeie toanielspiler wie. Sels syn eigen broer hat er foar it lapke holden. Dy wist nearne wat fan.
 ‘Ik begryp net wêrom't er it him sa neinaam. Hy is doch gjin Grinzer? Kloatstra is in ieuwenâlde Súdwesthoekster namme.’
 ‘Syn mem is fan harsels in Mansholt,’ sei dûmny Fynstra.
‘En ha jim har wolris yn badpak sjoen?’

‘Ik frees dat, as ik as Fries it boek Sicko by de ynterprovinsjale spanningen fan hjoed de dei publisearje, dat in oarloch mei Grinslân net te fermijen is,’ suchte de perfester. ‘Dat wol ik net op 'e noed ha.’
 ‘Dat, do sjochst ôf fan publikaasje?’ frege dûmny Fynstra bliid.
 ‘It sil wachtsje moatte oant de ferhâldingen mei Grinslân wer wat normalisearre binne.
Oant salang bliuwt it manuskript yn 'e klûs. En ik ha soarch dat dat wolris lang duorje kin.’
 ‘Dat meitsje wy net mear mei,’ sei Byfke. Se stuts har earm troch de perfester sines. ‘Foar dy foarearst gjin gewrot mear yn âlde dokuminten, bûke. En dat is namste better, want do hast wol wat oars te dwaan.
Do moatst my aanst thús nedich wer ris oanwize wêr't de minsken no krekt weikomme.’

 

*