Hidde Boersma

 

IN BOERELUL BY SUPERVLAAI

Ik sit op it terras fan Supervlaai by it winkelsintrum op it Smaragdplein yn Utert en it bier fan juster rint my as swit út ‘e bealch. Der is in bradery geande. Ik bin der keihurd hinne fytst om it optreden fan Henry de Keunstfluiter te sjen. Hy stiet op it poadium yn in oranje hup holland hup t-shirt en mei in oranje pet op en fluitet it Dútse folksliet op syn fingers. Taskôgers bin der hast net, mar by Supervlaai sitte lju by alle tafels. Foar my sit in stevige frou mei har dochterke.
 Twa Surinaamske froulju sykje om in sitplak.
Ik noegje se út by my oan it taffeltsje. Se sjogge wat fernuvere nei dy man yn oranje op it poadium, dy’t op syn fingers fluitet.
 ‘Ik ben hier spciaal voor deze man!’ sis ik.
 ‘Waarom!?’ freget de jongste noch mear fernuvere.
 ‘Nou hij was mijn collega én hij is een prachtfiguur!’ sis ik. De stevige frou foar my draait har om. Ik besef dat se de frou fan Henry de Keunstfluiter is. Ik wit dat er in dikke frou hat. Ik tink myn wurden nochris oer en hoopje dat se dy net ferkeard opfetsje sil.
 Henry fluitet de lêste toanen fan it Wilhelmus en stapt fan it poadium ôf, seit wat tsjin syn frou en komt dan op my ta. We prate wat oer it fluitsjen en oer it bedriuw dêr’t we in pear wiken kollega’s wiene. De Surinaamske froulju wurde ûnderwilens troch it libben ferruile foar trije Utregse buertfroulju. Ien fan harren is krekt Nel Veerkamp út Man Bijt Hond. Henry set in taperecorder op tafel om it petear op te nimmen. De froulju kinne der wol om laitsje.
 ‘Hij is zo iemand die iedereen in de maling neemt,’ seit de Nel en se wiist mei har lakte finger nei Henry.
 Op it poadium stiet in hollandse hits coversjonger mei in gouden tosk. De terrassen fan Supervlaai en in ijscosaakje binne folstreamd mei buurtutrechters. Elkenien swaait hin’ en wer op ’e stoel en sjongt mei. Ik ek, en Henry nimt it gehiel op mei syn taperecorder. Foar it poadium lizze gymnastykmatten en derop lizze, stean en sitte jonge famkes de warming-up te dwaan. De smartlap coversjonger freget dêrfoar in applaus. Nimmen klapt, mar elkenien sjongt dêrnei wol wer like útbundich mei.
 ‘Hé boerelul!’ hear ik immen oan ’e tafel efter my roppen. Ik draai my om en sjoch in âld buurtutrechter lilk lâns my hinne sjen. ‘Stap van die fiets af!’
 Ik folgje de man syn blik en sjoch in jonge op ’e fyts tusken de braderybesikers troch slalommen. Ik draai my wer rjochting de man en sis: ‘Ik hoorde boerelul en ik dacht: u hebt het tegen mij. Ik kom uit Friesland!’ De buurtutrechters moatte laitsje. Ik reitsje mei de man oan ’e praat oer de Lauwersmar, de fiskôfslach, Anjum en de âldereinfersoarchster dy’t har yn testaminten opnimme liet en de âlde minsksjes dêrnei fermoarde.
 ‘Hé Hidde, tot ziens! Wij gaan boodschappen doen,’ seit Henry. Ik sjoch him en syn frou en dochterke nei, en gean dan sels ek mar ris. Je moatte net de hiele dei op it terras fan Supervlaai bliuwe wolle. Ik belje Lytse Grapkes. Hy is ek earne op ’e bradery. We treffe inoar, ite in Marokkaansk broadsje en strune lâns de kreamkes mei twaddehâns guod rûn it Tolsteegplantsoen. Underwilens is der in priisútrikking dwaande fan it fuotbaltoernoai. De bêste linksback fan de dei wurd op it poadium frege. We keapje lp’s, stripboeken, in wekkerradio en pim pam pet. Myn tillefoan giet. It is de Schlagerman en hy wol ek nei de bradery komme.
  We moetsje de Schlagerman by it poadium op it Tolsteegplantsoen. Hy stiet foaroan mei syn bloeske iepen, bleate bast en in flesse sinas foar him op it gêrs. Dol is er. ‘Oooh, dit is geweldig!’ seit er. Op it poadium stiet in smartlapsjonger, en om ús hinne binne foaral buurtutrechtse famkes. De sjonger riicht it iene cliché oan it oare. ‘Jij bent een wonder, een weeereld wonder, ik wil bij jouw zijn elke seconde!’ De Schlagerman en ik herkenne de hit fan Bingo FM. Kranksinnichens ûntsprút yn ús brein.
 By it lêste nûmer Dit is mijn leven op de musyk fan I did it my way gean de Schlagerman en ik hielendol út ús dak. Dan wurd ik ynienen by de skouders pakt. It is Henry de Keunstfluiter.
 ‘Henry, weet jij wie die gast is?’ freegje ik, want de Schlagerman en ik kinne de artyst syn namme net.
 ‘Grad Damen,’ seit Henry.
  ‘GRAD DAMEN!!??’ ropt de Schlagerman. ‘Dan heb ik een lied van hem gezongen op het Schlagerfestival!’
 By it hântekeningenútdielen giet de Schlagerman nei de artyst ta. ‘Grad, Grad!!’, ropt er, mar hy moat op syn beurt wachtsje.
‘Grad!?’
  ‘Ja?’
  ‘Ik heb een nummer van jou gezongen.’
  ‘Welk?’
  Wilde rozen.’
  ‘Die is niet van mij, die is van Johan Heuser.’