|
|
Jaap Krol
DRUM BOPPE ALLES
As er stoppe mei smoken, dan soe se a. net mear
stofsûchje as er thús wie en b. net mear
de wask dwaan as er thús wie. It heaze lûd
fan de stofsûger wie net gesellich en as er op
har wachtsje moast mei kofjedrinken, wie dat ek net
gesellich. Dat wie al mear as tsien jier lyn.
Fiifentweintich jierren – hy wie 40 doe’t
er stoppe – hie er smookt. It hie in histoaryske
dei west, in bestân mei foar twa partijen in
goeie útkomst: har húslike gelok, syn
sûnens. Yn syn aginda hie er op de bewuste dei
skreaun: ’Drum boppe alles’. Elk jier skeau
er op dizze dei dizze krêftige ôfskiedssin.
Wat er oars altyd die, in pakje sjek keapje út
de automaat, hie er noait mear dien. Ut foarsoarch hie
er selfs noait mear sjoen nei de muorre
dêr’t de automaat oan hong.
Mar stopje mei smoken hie him ek wat jûn, wat
nuvers. Dat se konsekwint a. en b. net mear die,
begûn him al gau op te fallen. Altyd, mar dan ek
áltyd, siet se al yn de stoel as fierderop de
kofje prottele; áltyd wer wie de stofsûger
net te finen as er thúskaam. Rigels wiene der
yndie om je oan te hâlden, mar in beskieden graad
fan gedogen, dêr lei no just it belang fan
rigels. Se krigen pas betsjutting as se wolris
oertrêden waarden, se kamen ta libben as se
útsprutsen waarden. Soms tocht er der djip oer
nei, en as de yrritaasje grutter waard as er ha koe,
kaam er altyd wer mei deselde oplossing: hy hie ek
noait mear smookt.
Dochs wie er net tefreden. Lang hie er
socht nei it goeie antwurd op wat er krigen hie nei it
bestân. It siet sa: se hiene net mear as in
geheim, dêr’t, sa’t it hearde by in
geheim, noait mear oer praat waard. Mar der siet in
frjemde kronkel yn harren geheim: as se yn de stoel
siet en de kofje fierderop trochrûn, waard der
swijend oer sprutsen. Alles koe er sizze: dat er krekt
gjin promoasje makke hie, dat er jild ferlern hie by de
hynderkoersen, mar sa wat banaals as dat se net mear
stofsûge as er thús wie, hie in brede,
fêste muorre tusken harren oplutsen. As er oer de
muorre klimme soe, soe er sjen yn in kreaze,
ûnbekende tún.
Se wiene ta sekere hichte frjemden foar
inoar wurden as se kofjedronken. Hy hie ûntdekt
dat dat him in bepaalde frijheid joech, in frijheid
dy’t nuver genôch bepaald waard troch
strakke rigels. Wat net mocht, koe er dwaan. Yn alle
rêst.
Ferline moanne hie er nei de hoeren west.
Hy rûn troch in smelle strjitte, seach nei lofts
en nei rjochts en wie him hiel bewust fan it feit dat
er in frjemdling wie. De strjitte wie makke fan brune
stiennen mei yn it midden in grize bân fan lytse
balstiennen. Achter de ruten stiene wite en brune
froulju, dy’t yndruk op him makken troch harren
ordinêre klean. Hy hie stilstien foar in
rút om nei in donkere frou te sjen –
langer as er woe seach er nei har lange sturt,
felgriene ûnderklean en hege hakken. Hiel
rêstich, mei de hannen fêst yn ’e
bûsen, hie er har besjoen. Rigels ommers skreaune
foar dat er iepen stie foar wat oars. Freegjend hie er
dêrnei nei de doar knikke. It folgjende momint
wie er binnen.
Doe’t er wer troch de strjitte
rûn, kaam der wat nuvers oer him. Hy fielde him
net skuldich. Syn frou – hy tocht oan har
rêstige, mar ferbiten wachtsjen yn har stoel,
wylst de kofje yn ‘e keuken wer prottele. Faak
seach er dan nei har wylst er op ‘e râne
fan syn eigen stoel siet. Dat wie de hâlding fan
de smoker, earder ommers stie der in jiskepantsje foar
him oer. De lêste tiid wie der wat aparts oan
’e hân: yn alle rêst dage him wat.
Dat er net noch in dúdlik antwurd hie, wie eins
net oan ’e oarder. Der wie ek wat oars, in net te
beneamen gefoel.
Doe’t er troch de strjitte rûn
en oare hoeren him wonken, krige er it antwurd. De
essinsje fan it geheim wie dit: it hûs wie
brân- en brânskjin. Hy fielde in
ûnbeskromme haat foar har oer. Dyselde middeis
noch wie er nei in oare hoer west. Syn haat fleach oer
yn lust doe’t er troch de skimerige, smelle
strjitte rûn. Wol fiif minuten hie er foar it
rút stien fan in swarte frou. Mei de eagen hie
er freonlik west, boartlik, de hannen hie er oars net
as rêstich yn ’e bûsen sitte litten.
By it ûnderhanneljen hie er it meast brede
arranzjemint nommen.
Doe’t er wer troch de strjitte
rûn, hie er sêft tsjin himsels sein:
’Ik bin nei de hoeren west.’ De krigen
frijheid wie in lustprinsipe wurden. Mar dêr wie
noch net alles mei sein.
Yn har earen dûnsen faak twa djoere earbellen. Om
har pols siet faak in djoere earmbân. No wist hy
dat earbellen en earmbân op in bepaalde wize
byinoar hearden, dêr wie se hiel sekuer yn. Se
seach áltyd folhurdzjend troch it
achterrút en sloech áltyd de skonken oer
inoar – om nóch mear dy ferneatigjende
rêst út te drukken. Prutprutprut, sei it
apparaat, wylst har lippen stiif op inoar sieten en de
earbellen hongen. It ferlangen nei sjek waard dan
hieltyd grutter. Sa grut, dat it frege om wat oars. Syn
ferlangende haat en syn hatelike ferlangen moasten
brutsen wurde.
Miskien wie se soarchsum foar him, dat wist er eins
net. Alles wie sa... sa as it altyd gie. Se wosk,
struts, sea it iten en die a. en b. Hy wurke yn
‘e tún, yn ‘e garaazje, ûnder
de auto. As er yn ’e hûs kaam, sei se as
earste dat er de fuotten faaie moast. Doe’t er it
in kear mei sin net dien hie en de keamer yn rûn,
wie se nét lilk wurden – swijend hie se as
earste de stofsûger krigen. Doe dage foar it
earst it gefoel dat sa apart wie. Miskien hie se in
komplot makke mei har earbellen en earmbân. Mei
it kofjesetapparaat en de
stofsûger.
As er yn ’e hûs kaam, moasten se
allegear swije om it net te ferrieden. Syn haat waard
grutter doe’t er de tentakels fan it komplot
gewaar begûn te wurden en hieltyd mear linen
seach. Yn har sterile, skytskjinne keninkryk spile se
foar de Iennige.
It siet sa, wist er doe’t er de hoeke
omsloech. Hy mocht net smoke, en dat wie net om syn
sûnens, mar om’t it hûs oars
smoarch wurde soe.
Syn haat krige doe in fêste freon:
om’t er troch de hoerenbuerten rûn en lang
nei allegear froulju seach, wie er thús faak op
in frjemde wize ûntspannen. Hy lake
rêstich, minachte soms har stiennen poaze en
tocht oan wat der achter de ruten stie: linige froulju
yn hyperordinêre klean.
Daliks, nei de kofje, dan soe er wer gean.
Dwers troch it lûd fan syn liif op it lear
fan de stoel, kaam de haperjende ôfrûning
fan it kofjesetten. Lûder as oars – hy wie
dochs ek in bytsje spand om twa redens: a. hy hie in
folle beurs; b. har. Want in bytsje frjemd wie it al.
Se wie boppe by de waskmasine, de stoel wie leech.
Doe’t de kofje net mear prottele, kaam se pas nei
ûnderen. Yn ’e keamer bleau se stean.
’Sjoch my oan.’
’Wat...?’
’Giesto nei de hoeren?’
’Watte?’
’Hoeren? Do? As ik it net wit? ’You
fuck?’ ’Vous fuk?’ ’Du
nauchen?’’
’Wêrom fregest dat?’
’Is it sa?’
’Ik jou gjin antwurd.’
’Dus is it sa. Altyd al witten datst ergens
net te betrouwen bist. Al dy jierren... safolle jierren
ha ik... Do nei dy wiven en ik... ik mar thús
sitte...’
’Wolst eefkes nei my harkje? Ik haw net nei
de hoeren west. Ik haw ergens oars west.’
’Do hast hielendal net ergens oars west!!
Sis it tsjin my! No?! Toe dan?! Of doarst net mear??
Moat ik it sizze? Wolst it hearre?’
Se wie allinnich mar lilk, allinnich mar.
’Myn man giet nei de hoeren!!’
Har earbellen dûnsen yn ’e earen. Hy seach
dochs triennen kommen, mar tocht hieltyd oan har poaze
yn ’e stoel as de kofje fierderop mar prottele.
Haat. Hy kaam oerein, kaam ticht by har, brocht
de earms nei foaren en liet se stadich falle. Har eagen
seagen him kjel oan. Se hold ôf en die in stapke
nei achteren. Mar de earms foelen en foelen en giene
ûnder syn strutsen trui.
Yn it bûske fan syn blûze siet in
noch fersegele pakje Drum.
Doe’t er troch de strjitte rûn, de
hoerenbuert ferliet en anonym wurden wie, hie er in
frjemde ûntdekking dien: der wiene hielendal gjin
sjekautomaten mear.
|