|
|
Hidde Boersma
HEGER AS DE HIMALAYA
Efter yn ’e mienskiplike tún fan myn
hûs yn Utert stean ik te darten mei El
Stiño en Stapper. Stapper en ik sille nei it
feest fan Lytse Grapkes en syn húsgenoaten yn
’e Himalaya. Op it stasjon ha we ôfpraat
mei It Fjoer Fan Siden. Hy sjocht der goed út,
mar sa fielt er him net. Stapper en ik ha beide in tree
Euro Shoppa bier yn in Albert Hino tas. We helje in
broadsje döner kebab, want it is in fegetarysk
feest, en as der sopen wurde moat, moat ik fleis yn
’e bealch ha. Sorry bisten! Wylst Stapper en ik
haffelje fan ús broadsje, leit It Fjoer
útteld mei syn harsens op ’e steantafel
dêr’t ek beide tassen bier op stean.
’Het is maar goed dat er tassen om dat
bier zitten,’ seit Stapper, ‘anders zag het
er niet uit.’
As we tsjinoer de Himalaya út ’e bus
stappe, komt der in auto oanriden. It famke nêst
de bestjoerder kin ik, it is Stjerren Fan ’e See.
As de bestjoerder wat seit, bûch ik foaroer.
‘Hee Schlagerman!’ rop ik,
’dat hie ’k net iens yn ’e
gaten.’
We klimme de treppens fan ’e Himalaya op,
mar kinne fuort wer nei ûnderen. It feest sil
begjinne yn in parkje. We rinne der hinne mei bier,
iten, instruminten, hout en in fjoerkoer. Der is
spitigernôch gjin fuotbal. In húsgenoat
fan Lytse Grapkes seit dat er wol ien helje sil, mar hy
makket noch gjin oanstalten. As ik klear bin mei it as
in clown eltsenien in hân te jaan, stiet myn
bêste maat fan froeger nêst my, Fucking
Carlton.
De loft is as in fûst oan ’e
himel en hast eltsenien lit him bedriigje. As de earste
drippen falle, wolle de measten útnaaie, en
skûlje en feeste yn ’e Himalaya. Se pakke
de boel op. It fjoer baarnt yn ’e koer en ik krij
flashbacks fan it mêstfjoer yn ’e Alde
Feanen. Ek no hâld ik stân. Stapper, de
Schlagerman en in jonkje binne solidêr. Om
beurten fertelle de Schlagerman en ik in ferhaal. Dikke
tûken lizze op it fjoer. It duorret net lang en
de rein skijt der wer mei út. Dan docht de
Schlagerman in aksje mei it fjoer en falt de koer om.
Neffens my hâldt ierde net fan fjoerkuorren.
In bal sûzet troch de loft oer ús
hinne. It is de húsgenoat fan Lytse Grapkes mei
twa oaren. Ik draaf der fuort efteroan. Stapper, it
jonkje, ien fan de oaren en de húsgenoat dogge
mei. Hearlik om tsjin ’e bal te traapjen. De
Schlagerman stiet noch by it fjoer te praten mei in
lytse jonge mei lang swart hier, Akbar. In moai
gesicht. As Akbar ek komt te fuotbaljen bliuwt de
Schlagerman noch yn it fjoer ompookjen. Akbar syn
earste aksje is oer de bal hinne meane en op it wiete
gêrs donderje, om dêrnei de moaiste skopkes
te dwaan, en om dêrnei de bal by himsels tsjin
’e bril te skoppen.
Dan wurd ik belle, want de band fan ien fan
Lytse Grapkes syn húsgenoaten sil hast begjinne.
As we de top fan ’e Himalaya berikke is de band
noch dwaande mei de tariedings. De Schlagerman nimt
fuort plak efter it drumstel en sûnder it ea dien
te hawwen, drumt er as in kening. As de echte band, de
Killerpigeons, begjint en de sjonger de feestgongers
freget om te dûnsjen, gean Lytse Grapkes, Fucking
Carlton, It Fjoer en ik fuortendaliks los. Mar rjocht
foar de sjonger giet de Schlagerman it brútste
út syn dak.
‘De Schlagerman is vetter as dy,
Striid!’ seit It Fjoer Fan Siden mei in grijns.
‘Dat is ek sa,’ sis ik, mar it
duorret in minútsje foar’t ik it loslitte
kin. En It Fjoer stiet mar te laitsjen, dêr die
er it om.
De Schlagerman, It Fjoer en ik komme ek noch
foar de mikrofoan. De band spilet en wy spylje der op
yn. We dogge schlagers, rock en we rappe. De
Killerpigeons en BCD WASH beuke it dak fan ’e
Himalaya en ik wit seker dat God sit te smilen. De
Schlagerman falt my yn ’e earms, en ik slaan de
earms om Fucking Carlton hinne, shake It Fjoer Fan
Siden, Lytse Grapkes, de Deadzjende Dowen, Stapper,
Akbar en guon oaren.
‘Lytse Grapkes hat hasj foar ien
joint,’ seit It Fjoer en hy jout my de joint oer.
We smoke him as in Fredespiip. Dit wie in feest fan de
heechste macht!
*
|