Bert Kobus


BEEKSMA SIKET WURK

‘Yvonne, wolsto mefrou Beeksma efkes helpe?’
  ‘Mefrou?’
Beeksma seach de man efter de baly fan útsendbureau Start ferheard oan. Hy hie in opmerking yn ’e holle dat er wol om wurk socht, mar noch net sa wanhopich wie dat er him ta direksjesekretaresse ombouwe litten hie. De frontoffice-meiwurker waard sa read as syn min sittende strik.
  ‘Sorry menear, dom fersin.’
  Beeksma liet it mar gewurde. Hy makke him mear drok om de waarmte yn it kantoar. Hy fielde de earste switdripkes ûnder syn tsjokke kolbert dampjen, de Coffeemate 901 fersprate in soere ynstantkofjelucht en mei de minút waard it gefoel sterker dat er fuort moast. Ek miende er syn switterige sokken troch it lear fan syn skuon te rûken.
  Foar him op ‘e tafel stie in pot fol blau en grien reflektearjende suertsjes yn Start-weet-hoe-het-werkt wikkels. Om de tiid wat te deadzjen liet er in pear wiskundige berekkenings op de suertsjepot los om te sjen hoefolle as deryn sieten. Beeksma kaam ta 96. It duorre in kertier foardat in kollega fan Yvonne him ophelle.
  ‘Yvonne hie in oare case, want it wie drok,’ sei se.
  Sa kaam Beeksma foar it earst yn ‘e kunde mei útsendbureau. Hy siet al sûnt syn 27ste sûnder wurk, mar hy hie de stap nei ‘de koppelbazen’, sa’t er de wurkbemiddeling neamde,  noch net makke. Om foar syn fjirtichste dochs noch fan wat nut foar de wrâld te wêzen, of miskien in húshâldinkje op te bouwen, hie er justerjûn yn in goed petear mei de jeneverflesse besletten ta in rûntsje útsendburo. Oan ’e ein fan de freedtemiddei wie strategysk it bêste momint om in putsje te finen, hie er berekkene. Want wa soe der sa deun foar it wykein noch om wurk sykje?
  Sa kaam it dat Beeksma yn in grôtfol kantoar by de kollega fan Yvonne oan it buro skode en syn cv oerhandige.
  ‘Hokker wurk sykje wy?’ frege se.
  ‘It makket my net út. Wurk is wurk, net?’
  It frommeske knikte, drukte de kompjûter oan en Beeksma ferfolge: ‘It leafst 32 oeren, fleksibele wurktiden en it moat goed betelje, alhoewol’t jild fansels net myn foarnaamste driuwfear is. En gjin tillefoan of produksjewurk.’
  It frommeske die de floppy enerzjyk yn de gûnzjende pc, mar doe’t se it word-bestân iepene,  beluts har gesicht. In keurich Mavo-diploma, mar sûnt ’95 lykwols gjin wurkûnderfining. Se mompele se dat se dit yn har hiele karriêre noch nea meimakke hie.
  ‘Wat hawwe jo yn ‘e tuskentiid dien, it bûtenlân?’ frege se hoopfol.
  ‘Nee, gewoan thússitten, mysels beriede op myn takomst. Ik bin in letbloeier,’ ferguodlike er. De eagen fan de kollega fan Yvonne bleauwen efkes yn it loftliddige hingjen. Se skodholle: hjir koe se neat mei.

Se rôp twa kollega’s by har kompjûter. As fûgelaars dy’t in seldsume neef fan de Zambiaanse Kiekendief ûntdutsen hienen, liezen se it curriculum troch, by elke regel gongen de wynbrauwen in milimeterke omheech. De middelste skodde nei in pear stille minuten syn holle, seach ris erchtinkend nei Beeksma en sei: ‘Nee, yn dizze “case” soe ik it net witte’. 
  De twadde hie der mear fidúsje yn. Hy drintele wat hin en wer, gong sitten, kaam wer oerein  en krige ynienen in glâns yn ’e eagen. Hy flústere wat yn it ear fan de intersedinte. De kollega fan Yvonne skreau Beeksma suchtsjend yn.
  ‘Ik jou jo in lytse kâns sei se, wy hawwe konneksjes mei de sosjale wurkfoarsjenning.’
  Wylst se de gegevens oertikke, fertelde se dat er dochs echt nei it westen ta moast om oan in normale baan te kommen. Beeksma grommele dat er net as in stresste leanslaaf yn in Almeerske finekswyk einigje woe. Dat er fan files útslach krige en dat er elke dei kij sjen woe. Se knikte ôfwêzich en har eagen fleagen nochris oer har byldskerm. Se hie moaie skonken, tocht er doe’t se in útdraai makke fan de ynskriuwing.

Fochtich fan de waarmte en wat mismoedich gie Beeksma nei bûten. Sosjale wurkfoarsjenning, tocht er grimmitich. ‘Steltsje Start-prutsers!’
 Dat wie neat foar in man fan syn nivo. Mar hy liet it er noch net by sitte. By Vedior, tocht er, soenen se grif mear mei syn sitewaasje kinne en hy stapte it rommelige kantoar yn. It wie der lekker rêstich en Beeksma naam de tiid foar syn ynstudearre ynliedingspraatsje, mar foardat er de reden foar syn komst stammere hie, luts in rimpelige Vedior-frou de flop mei it cv út syn hannen. Se knippere net iens mei har eagen doe’t se him foarrekkene dat de kâns op in tsunami yn Fryslân grutter wie as de kâns dat Beeksma in baan krije soe.
  Twa minuten letter stie er wer bûten. Foar de foarm rûn er Randstad noch efkes yn, mar doe’t in fleurich Asiatysk broekje fan begjin tweintich him fertelde dat ynskriuwe skande wêze soe fan dizze freedtemiddei, gong er mar wer nei bûten. Yn de fierte hongen de úthingbuorden fan Adecco en Manpower. Mar Beeksma hie gjin nocht mear en gong teloarsteld de kroech yn. Yn syn ientsje efter in tafeltsje seach er de reindrippen yn mistreastige streamkes by it rút del rinnen.
  Dan mar gjin wurk, dan mar gjin húshâldinkje, tocht er mismoedich. ‘Ik moat myn lot akseptearje.’
  De ober kaam by him oan de tafel.
  ‘Wat sil it wêze?’
  ‘Doch my mar in heale liter bier,’ oardere Beeksma. ‘Ik haw wat te fieren.’
  ‘Wat dan?’ frege de ober nijsgjirrich om’t Beeksma der net as in man yn feeststimming útseach .
  ‘Ik haw hjoed foar de rest fan myn libben in snipperdei naam,’ sei er soer.
  ‘Yn dat gefal krije jo do de earste fan it hús,’ sei de ober en joech him in klap op it skouder. It die Beeksma goed, dat er in fleuchje jaloerskens yn syn lûd miende te hearren. Wat kin it ek skele, tocht er. It wurkfolk en de wurkleazen. Oer hûndert jier rottet it fleis ús allegear fan ’e bonken.
  It wie gjin fleurige gedachte, mar yn in pear tellen fielde Beeksma him groeien fan ûnbemiddelbere wurkleaze ta rintenier.
  ‘Doch my der in skjinnen ien neist,’ rôp Beeksma de ober nei. 

En sa koe it dat Beeksma om freedtemiddei fjouwer oere gjin baan hie, mar wol mei in golle laits toaste op de grauwe stream kantoarfolk dy’t sjagrijnich troch it maitydsbuike rûn.

*