|
|
Hidde Boersma
IN MEMMEDEIKADO
Lytse Grapkes en ik kinne meiride yn ’e auto
fan ’e Schlagerman nei Ljouwert, om dêr it
befrijingsfeest te fieren. Yn Hilversum moatte wy Peter
oppikke. As hy yn ’e auto stapt en de Schlagerman
dy start, draaie se krekt de Jiskefet-ferzje fan
‘Peter ik ben verliefd!’ op Bingo FM. Dat
belooft wat foar dizze dei.
Yn Ljouwert skiede ús wegen. Ik sil de
Sturt en syn freondinne de Hobbit, sa’t hy har
neamt, opsykje. We hawwe ôfpraat yn ’e
Prinsetún. As ik tusken de minsken troch rin,
falt my op dat de Friezen yn in bepaald opsicht seker
net it moaiste folk op dizze ierde foarmje. Se hawwe
wol allegearre bierkes yn ’e hannen en dat wol ik
ek. Wylst Meindert Talma syn bysûndere lûd
oer de fiver fan ’e Prinsetún waait, rin
ik op ’e bar ta. It is my te drok en ik rik mei
myn lange earm oer de minsken hinne en tikje in jonge
op it skouder. Hy sjocht my wat ûnwis oan.
‘Sjoch hjirre,’ sis ik en lit him fiif euro
sjen, ‘meist de euro hâlde ast twa bier
foar my bestelst.’
Hy twifelt efkes, mar pakt it jild. As it
barfamke him net earst helpt, wiis ik op him en rop:
‘Hy stiet hjir al hiel lang’. Dêrnei
helpt se him.
‘Dêr hast ’m, hear,’
seit de Hobbit as se my oankommen sjocht, ‘en hy
hat al twa bier.’ Sels hat se ek in bierke yn
’e hannen. De Muorre út ’e Jouwer is
der ek en it duorret net lang of Lytse Grapkes en de
Schlagerman komme ek oansetten. Lytse Grapkes pakt
fuort it bier út myn hannen en nimt in
bêste slok.
It plan is om Ali B te sjen dy’t
nêst it gymnasium op it ferfangende poadium
spylje sil om’t it Aldehoustertsjerkhôf op
’t stuit in bouput is. De Sturt en konsorten
sette earder ôf. Ik wachtsje op Lytse Grapkes en
de Schlagerman, dy’t te pisjen binne. Mar ynienen
komt my yn ’t sin dat se om iten út wiene.
Ik belje se mobyl en praat ôf by it Gymnasium.
Allinne rin ik der hinne, mei in treetsje mei fjouwer
bier, dy’t ik alfêst helle hie. Op
sa’n dei kin je der sa byrinne. Underweis sjoch
ik Tsjêbbe Hettinga stean. Op ien as oare manier
is dy man in yndrukwekkende ferskining. Hy liket wol
tiidleas.
By it gymnmasium foegje ik my by de Sturt, de
Hobbit en de Muorre. Ynienen stiet der in famke
út Wiuwert foar myn noas. Se fertelt my dat se
al tocht hie dat ik der wêze soe en dat har broer
der ek is.
‘Is Highlander der ek?’ freegje ik.
‘Ja, se steane dêr tusken dy twa
beammen.’
En dêr fyn ik se, Sjaak Highlander,
Rattaplan en Yojuanos Casteliño. Der steane noch
mear Wiuwerters by de beammen. As Ali B opkomt gean ik
wer werom nei de Sturt-en-dy, en fertel dat Sjaak
Highlander-en-dy der binne. Se reitsje der opwûn
fan. De Sturt begjint fuort en daliks yn it wylde wei
lju te freegjen oft se Sjaak Highlander sjoen ha.
Underwilens sitte lytse bêrn by harren
âlden op ’e skouders te hiphoppen op
’e beats fan Ali B, dy’t de minsken opropt
om mei-inoar sterk te stean. Efter him hinget in grut
doek fan War Child.
Nei it optreden fan Ali B stekke de Sturt en ik
hieltyd ús fûst út nei de
foarbygeande minsken om by wize fan groet in box
te meitsjen. It wurket posityf. De minsken moatte der
om laitsje. De moaiste box krije we fan in grouwe
metalman mei fettich lang hier. Hy gromt der tsjuster
by.
De oare deis sitte de Sturt en ik lykas wol
faker mei in kater op ’e Foarstreek by Vittorio
op it terras mei in broadsje Frânske beenham mei
huningmosterdsaus en farske sjú. We wachtsje op
’e komst fan Bouwe Cowboy, want dy komt dêr
ek altyd mei syn kater om in broadsje.
Ynienen komt de metalman oanrinnen. Mei in brede
laits stekke wy ús fûsten fêst
foarút, en mei deselde grom jout er ús in
box. En ja, letter komt ek Bouwe Cowboy.
‘Litte we earne oars kofjedrinke,’
seit de Sturt.
‘By de Hema yn it restaurant,’ sis
ik.
‘Ja, sa sneu mooglik,’ seit de
Sturt.
As we boppe komme by de Hema, is rjochts it
restaurant, mar links stiet in tal túnstuollen
te keap. We ploffe fuort en daliks yn ’e stuollen
del. Nei in skoft leit de Sturt syn mûtse op
’e grûn en ik lis der wat lytsjild yn. It
personiel fan ’e Hema kin der wol om laitsje en
lit ús gewurde. Under de stuollen fine we
priiskaartsjes en dy lizze we op ús
búkjes. As de minsken der nei freegje, sizze wy,
dat we in memmedeikadootsje binne.
*
|