Jaap Krol


DE PLF HÂLDT IN HAASTBERIED

De mannen fan de Partij foar Lytsskalich Faksisme (PLF) wienen byinoar kommen. Meekma wie der, en Niksma en Draaisma en Annema, Fennema, Sipma en ek Jaarsma. En Boersma fansels.
  Meekma sloech him ritmysk foar de kop. Jaarsma prevele nuvere wurden. Draaisma treaste de snotterjende Fennema en Boersma. Annema seach wêzenleas foar him út. Niksma naam noch in koekje. Sipma lies Jager en fourwheel, mar woest sloech er de siden om.
  ‘Moatte wy net begjinne Ljipm... eh, Sipma, foarsitter? Jo hiene in haastberied útskreaun,’ frege Annema nei in skoftke.
  Syn toan wie monotoan, as wie er in robot. Ja, Annema wie statysk fan fertriet. Pas nei in lange stilte smyt Sipma it blêd fuort.
  ‘MANNEN, STEAN EN SJONGE! Graach net te rap.’
De mannen giene oerein en songen it folksliet mei de hannen op it hert. Mar it wie neat. Drôvich klonken de wurden yn it hús. Doe’t se wer sieten, gie der in lange sucht troch de keamer. En Jaarsma prevele, Meekma sloech en de oaren hiene it der swier mei. Pas nei in kertier kaam Sipma oerein, makke ljocht, gie wer sitten en naam it wurd.
  ‘Harre bakkes!’ rôp er.
  ‘Harre krarre!’ folge ien.
  ‘Harre krasje!’
  ‘Harre garre!’
  ‘Harre jammele!’
  ‘Harre krarre!’
  ‘Harre sacksioni!’
  ‘Harre muskee!’
  ‘Mannen fan de PLF...,’ ferfolge Sipma, ‘dochs wolkom. Dit is in spesjale gearkomste... fan roubeklach. Roubeklach, achte leden, om twa redens. Yn it foarste plak om it troch de bedragers útsprutsen ferbod om oait noch ien ljipaai te sykjen. Dit ferbod fan de ûnderdrukkers is op ’e nij in hurde slach yn it antlit fan de frije, oprjochte lytsskalige faksist. Yn ’t twadde plak om it ferstjerren fan ús keninklike prins, prins Bernhard.’
  ‘Us man!’
  ‘De hear Bernhard wie neist fersetsman en piloat ek beskermhear fan de aaisikers en fan de ljip. Dat sa. Wy wolle stilstean by it ferdwinen fan in stikje tradysje, in stikje kultuer en in stikje prins Bernhard. Oan ’e ein fan dizze gearkomste sil der in stânbyld ûntbleate wurde. It stiet no noch yn myn tún, mar wy binne fan doel it op it Saailân te setten, sadat elkenien it sjen kin – ek de korrupte rjochters yn it gerjochtsgebou.’
  ‘It Kremlin fan it Noarden!’
  ‘It bestjoer fan de PLF hat mei fertriet it hollânsktalige fonnis heard,’ ferfolge Sipma. ‘Dêrnei hat de PLF fuort aksje ûndernommen en hat in offisjeel protest yntsjinne yn De  Haach. Yn ’e bêste tradysje fan de PLF is dit sûnder oerlis bard, mar it bestjoer hat him wol advisearre litten troch in pear wichtige partij-organen. Ik wol dêrom earst it wurd jaan oan Minne Meekma, as partij-ideolooch ferbûn oan de offysjele tinkttank fan de PLF.’
  Yn de keamer klonk in lang en djip gekuch.
  ‘Achte Sipma...’
  It gie mar troch.
  ‘Tanke wol.’
  Meekma gie stean.
  ‘Leden en... leden. Fannacht ha ik min slept. Mear as twatûzen jier striid en tradysje achteleas mei in hammerke útslein en as jiske by it âld papier set. Twatûzen jier keihurde kriich... De Romeinen, de ridders, de Karolingers, de Spanjerts, de Frânsen, mar boppe-al de Hollanners. Want gjin Romein, gjin ridder, gjin Karolinger, gjin Spanjert, gjin Frânsman hat ús oait ferbean in aai te sykjen op ús eigen hillige ierde. Hieltyd tiisde ik om mei it aaiefraachstik en doe’t ik fan ’e moarn wekker waard, tocht ik: dit sil sa net langer, dizze karaktermoard troch respektleaze kultuerpausen freget om in krêftich antwurd! Want, achte leden: wa’t drek meitsje wol fan ús Friezen, sil fersûpe yn reade modder!!!’
  Meekma hoase sa hurd dat er efteroer yn ’e stoel foel.
  ‘Sterk Meekma!’
  ‘Dêr komme je mei thús!’
  ‘Mei in aai ek!’
  ‘Dat PLF’ers...,’ ferfolge Meekma skjin ynein, ‘it gedachteguod fan de PLF is dúdlik: wy wolle nét wat de Hollânske regint wol. De bedragers hawwe yn in sfear fan yntimidaasje en fernedering de Grut-Fryske siel fertrape. Se hawwe de aaisikers, dy nommele natuerfreonen, bewust demonisearre! Lit dit dúdlik wêze: dizze kûgel komt fan de hufters, de Hollânske tsjerke is ferantwurdlik! Dit is net yn de geast fan Him!’
  ‘Just!’
  ‘Hjir giet de stekker út!!’
  ‘Wêr út?’
  ‘Hjir út!’
  ‘Mar dan hawwe wy gjin ljocht mear!’
  ‘Ik bedoel: dizze maatskippij. Dit lân is ryp foar in sûne sterke man!’
  In sterke man. Sipma koe net mear wachtsje.
  ‘Ik bin beskikber!’ rôp er.
  ‘JA?’ rôpen de leden fan de PLF.
  Hy gie stean en joech acht.
  ‘Op jim servys.’
  ‘Leve Sipma...!’ rôp Meekma heas.
  ‘LEVE SIPMA!’ folgen de oaren.
  ‘Annema, wolle jo it foarlêze, it offisjele protest fan de PLF?’ frege Sipma as earste died.
  ‘Dat wol ik.’
  Hy die de heale bril op en krige in a-fjouwer.
  ‘Dan no it offisjele protest, yntsjinne troch it bestjoer fan de PLF, as antwurd op it beslút it aaisykjen fan ljippen te ferbieden.’

‘Beste Tweede Kamer. Wij van de kleinfascistische partij zijn van mening, dat dit geen belastingcent waard is. Uberhaupt is u geen penning waard. Daarom eisen wij dit: als het besluit om vredelievende eierzoekers hun traditionele en nobele hobby te ontnemen niet teruggedraaid wordt, dan weten wij waar de Staten Generaal zijn. En de Ridderzaal. Vergeet niet: als de paarden draven, is het hooi bijna droog.
Groeten, boer Kieviet.’

‘Mar dat is hielendal net jo namme!’ rôp Boersma.
  ‘Goeie fraach. It is in skûlnamme. Foar as de bedragers my bedrage en ik nei in bunker moat. Dy op Skier bygelyks.’
  ‘Ah, wat tûk!’
  ‘Der binne noch 47 oare driichbrieven útgien,’ ferfolge Annema. ‘Wolle jim...’
  ‘Annema, nee,’ sei Sipma. ‘Sa’t ik al sei: dit is in spesjale gearkomste. It bestjoer fan de PLF wol graach it wurd jaan oan Draaisma, regiohaad fan it erologysk... eh, ekologysk wurkferbân fan de PLF. Want ljipaaisykjen, wat is dat no eins?’
  ‘Ja Sipma, ik ha it eefkes opsocht,’ sei Draaisma. ‘It sit sa. As de meanhichte leger is as fiif sintimeter en de boer net meane wol, dan kin nei oerlis de ljip aaien lizzen gean. As dan de boer it dêrnei meant, mar it net docht, dan lizze de aaien dus yn it lân en sa en dan is der neisoarch fan de fûgelwachters foar it nêst, foar as de ljip der net is en it grûnwetterpeil ek leech is. Dan lizze se de tûkjes wer rjocht en lizze se in tekkentsje klear. Allegear harmony!’
  ‘Dúdlik.’
  ‘Dy fûgels hawwe ús nedich,’ sei Boersma. ‘Der is gjin ien folk dat sa goed foar fûgels soarget as it Friezenfolk.’
  ‘Wy binne gewoan bettere beskermers as oaren. Dat komt om’t wy tichter by de natuer stean,’ antwurde Draaisma.
  ‘Wy witte wêr’t de ljip ferlet fan hat!’
  ‘Der is mar ien lân op de hiele wrâld dêr’t de bân tusken natuer en mins noch suver is.’
  ‘It heitelân.’
  ‘De natuer, dêr komme wy allegear wei.’
  ‘Draaisma, dat is wier, mar ik tink dat ik dochs wat mear út de natuer kom, want ik ha in fourwheel.’
  ‘Sipma, ik ha ek in fourwheel.’
  ‘Ik ek!’
  ‘En ik ek!’
  It die bliken dat alle leden fan de PLF in fourwheel hiene.
  ‘Mei in stikker “Help, ik wurd ûnderdrukt!” efterop?’ frege Sipma oan Draaisma.
  ‘Dames, de mijne is 18 meter langer.’
  ‘Sjoch, dat is dochs in ferskil. En mines is ek noch langer! Hoe ik dat ha? Genôch aaien ite fansels.’
  ‘Dat wol ik wolris sjen!’
  ‘Broek út!’
  ‘Mannen, no net. Wy binne dwaande mei de ferwurking fan in erolo... eh, ekologyske en kulturele ramp. It bestjoer fan de PLF hat dêrom ek fuort besletten it wittenskiplik buro om in advys te freegjen. Jaarsma, jo as direkteur fan it wittenskiplik buro fan de PLF, wat is de miening fan de UsHilbert-stifting?’
  ‘Sipma, foarsitter, as direkteur fan de UsHilbert-stifting, it wittenskiplik buro fan de PLF, bin ik fuort begûn oan in nij beliedsstik. Doe’t ik klear wie, tocht ik: hok-, hok-, hok -o, hokfoar kleur moat de omslach hawwe? Oeren ha ik neitocht oer in pakkende kl...’
  ‘Jaarsma!’
  ‘O ja. It hiet: My, Mysels en Aai. It antwurd op de fraach of de Fryske kultuer riker is as oare kultueren.
  ‘En wat stiet dêr oer yn?’
  ‘Ja dus.’
  ‘Ja dus?’
  ‘Ja. Side twa.’
  ‘Is dat alles?’
  ‘Der is noch in side trije. Dêr stiet: “Dit beliedsstik wie net ta stân kommen sûnder de help fan in tal minsken. Yn ’t foarste plak wol ik tank sizze myn ynleav...”’
  ‘Goed Jaarsma, tige tank foar jo wurden. Op ’e nij in goed ûnderboud advys dat it bestjoer meinimme sil.’
 ‘Nei Den Haach!’
 ‘Aasgieren!’
 ‘Leffe Condors!’
  It bestjoer fan de PLF wol no it wurd jaan oan Boersma, lieder fan de PLF-jongerein.
  ‘Ja, danke wol, Sipma, ús foarsitter. PLF, dizze útspraak is koartsein in ramp. Net allinnich foar ús, mar benammen foar de takomstige generaasjes. Want der binne mar twa wêzens dêr’t je om tinke moatte: ljippen en bern. Nammens de jongste slachtofferkes sis ik: hoe moatte wy no trochjaan, dit nommele stik kultuer? It keallet swier mannen, want ik hie krekt sa’n moai edukatyf  programma opsteld foar de PLF-kids.’
  ‘En dat is?’
  ‘Ljip en Janneke.’
  ‘Moai!’
  ‘Ljip en Janneke sykje in aai. In wurkwinkel yn ferhaalfoarm, mei as útsmiter in selsbakte útsmiter. Moai? Hielendal net moai! No is alles foar neat!’
  ‘As in broaze skyl, fertrape yn it gers...’
  ‘As jonge hunen sûnder nêst...’
  ‘It fertriet fan Fryslân...’
  De mannen fan de PLF waarden stil. Se koene Niksma, hy hie in koekje nommen, kôgjen hearre.
  ‘Goed,’ begûn Sipma nei in skoftke. ‘Alle partij-organen, tige tank foar jim wize wurden oer dizze kwestje. It is wol dúdlik dat de PLF it swier hat. Wol ien syn aai fierders noch kwyt? Tsja, ik moat my fansels dealaitsje om dit grapke, mar dat sil ik net dwaan.’
  ‘Ja, ljipaaien...’ suchte Fennema. ‘Mei ús natuer en sa, as dichter tink ik dan: ús maitiid is dochs de bêste maitiid fan ’e wrâld.’
  ‘Benammen as de frou it hûs himmelet.’
  ‘En alles iepenset!’
  ‘Ja, alles!’
  ‘Wasket de frou it rút, dan wol se mear as in tút!’
  ‘Giet de stofdoek oer de TV, hâld de snikkel dan mar ree!’
  ‘As de fr...’
  ‘Mannen!’ kaam Sipma tuskenyn. ‘As der gjin fragen mear binne, is it no tiid foar de seremoanje. Ik sil de skodoarren iepenje. Wolle jim my folgje?’
  En de mannen fan de PLF giene stean en folgen Sipma nei de tún. By de hege konifearren stie in grut, wyt lekken, dêr’t in toutsje oan siet.
  ‘It bestjoer fan de PLF hat Fennema frege dit drama foarm te jaan yn in fers. Fennema, provinsjedichter, is it jo slagge by dit ferskriklike barren in moai stikje poëzy te meitsjen? En ek wat op nivo, ik bedoel: wat de dichter des Vaderlands allegear makket, dêrfan sil in ko de mol net mei de sturt slaan.’
  ‘Subsidiearre twangrym!’ 
  ‘Sipma, foarsitter, yndie, in sipel is wol lytser, mar dat wol net sizze dat it skiep al in rol wol hat. Ik ha dêrom in heechsteand stikje poëzy makke. It hiet Oant kiker Ljipaaisiker.
  ‘Fennema, dat is gjin geef Frysk.’
  ‘Kloppet, mar ik wist neat op ’siker’, dat sa. Boppedat ferwiisd “kiker” nei in kiker. Dochs moai net?’
  ‘Mmm. Meekma?’
  ‘Frije fers. Somtiden in eigenskip fan lytsfaksistyske poëzy.’
  ‘No Fennema, jo hearre it fan ús ideolooch. It frije fers. Somtiden in eigenskip fan lytsfaksistyske poëzy. Nei de foardracht sil ik it stânbyld ûntbleatsje. Litte wy fierders Niksma ek tank sizze. Hy har spesjaal foar dit barren in stânbyldûnthullingsmechanyk makke – yn opdracht fan it bestjoer fan de PLF fansels. Ik fersykje jim fierders by de seremoanje net te praten. Fennema, oan jo it wurd.
  Fennema die in stap nei foarren en naam it wurd.

Oant kiker Ljipaaisiker.

No bisto soms noch allinnich
No silsto aanst tichtklappe
En gjin ien sil dy snappe
Ja, do bist bêst wol allinnich.

Stil mar, wachtsje mar, alles wurdt nij
foar aaisikers en bisten
Stil mar, wachtsje mar, alles wurdt nij
Troch-de lytsskalige faksisten.

No meitsje triennen dy dweil
No moatsto hiel faak skrieme
En silsto triennen fergrieme
Mar dat is wer goed foar it grûnwetterpeil.

Stil mar, wachtsje mar, alles wurdt nij
foar aaisikers en bisten
Stil mar wachtsje mar, alles wurdt nij
troch-de lytsskalige faksisten.

Fennema gie wer werom. It waard deastil. Sipma gie in stap nei foarren en luts oan in toutsje. It lekken sakke nei ûnderen.
  De mannen fan de PLF hiene wat tiid nedich. Foar harren stie in lykwicht-yn-stien. Lofts siet in ljip op it nêst. Fol waarmte seach er nei de aaisiker oan de rjochterkant fan it lykwicht. De aaisiker hie in pet al yn ’e hannen en seach freonlik werom. Ljip-wap, 0 – 2005, sa hiet it.
  ‘In Ljip-wap...’ flústere Annema.
  ‘It lykwicht tusken mins en natuer...’ antwurde Fennema.
  Foar it lykwicht-yn-stien stie in man. Hy hie in baret op, droech in bril en brocht de twa in passende groetnis.
  ‘Prins Bernhard zur Ljippe-Biesterveld...’
  ‘Op jim servys...’
  De mannen fan de PLF wiene der stil fan. Boersma lei in krâns. Der folge in minút stilte. Boppe harren song in fûgel in fleurich wyske. De mannen fan de PLF moasten dochs ek skrieme, mar gelokkich wie der in grut wyt lekken om harren sâlte triennen mei te droegjen.
  ‘Mannen fan de PLF...’ begûn Sipma muoisum, as lêste groetnis oan ús nommele Fryske ljippen, sjonge wy no... “De Vogeltjesdans”.’
  En de mannen giene yn ’e rige stean woene sjonge gean, mar doe’t se fernamen dat der gjin wurden wiene, rûnen se wer rêstleas troch inoar. Jaarsma prevele, Meekma sloech en de oaren hiene it der ek mar swier mei.
  ‘Dat ek noch. Gjin tekst. Harre bakkes!’ rôp Sipma.
  ‘Harre krarre!’ folge ien.
  ‘Harre krasje!
  ‘Harre garre!
  ‘Harre jammele!
  ‘Harre krishna!
  ‘Harre kiri!
  Sipma tocht djip nei.
  ‘Mannen fan de PLF, as lêste groet oan ús nommele ljippen, nuentsje wy no “De Volgeltjesdans”.’
  En de mannen fan de PLF foarmen in strakke rige foar it stânbyld oer en nuenten ‘De Vogeltjesdans’.

*