Hidde Boersma


SNERT YN BRITSWERT

De Fryske wrâld is wyt. It Fjoer fan Siden en ik sitte yn ’e bus fan Sondel nei Koudum. We hawwe in reis fan Amsterdam fia Lelystêd nei de Lemmer efter de rêch. Oan ’e oare kant fan it gongpaad sitte twa boerejonges út Himmelum en Bakhuzen. Se binne dronken en neffens It Fjoer hawwe se yn kafee La Bohème yn Snits sitten. Dat sit der dik yn. De jongens meitsje nogal lompe moves nei in pear kreaze Fryske frommeskes. Se wolle ek witte hoe’t wy hite. We sizze it en dêrnei ropt ien fan harren nei de famkes: ’Dit binne Striid en It Fjoer!’
  De famkes freegje de busbestjoerder oft er harren foar de kroech ’t Syltsje yn Bakhuzen útsette wol. Dat docht er en as se útstappe, roppe se: ‘Hoi, Striid en It Fjoer!’
  Underweis nei Himmelum sit behalve ús noch allinne ien fan ’e jonges yn ’e bus. Hy moat hiel nedich pisje en freget de bestjoerder oft er him by it earste hûs oan ’e rjochterkant útsette wol. ’Bist ien fan Witteveen! O nee!’, ropt de bestjoerder út.
  Foar de doar stoppet er en nêst de doar stiet de namme Witteveen. Efter de ruten de beruchte Witteveen sels, wylst er my in brede laits slokjes nimt út in tinkbyldich fleske bier.
  Dêrnei is de bestjoerder los. Hy beart oer de geselligens dy’t de snie ûnder de minsken teweechbringt. Yn Heech hawwe se in soarte fan après-ski feesten organisearre. En wat soe hy der graach by wêze. Glühwein en droege woarsten! Mar hy wennet earne oars. De bestjoerder is der wyld fan, hoe goed as de ûnthaasting troch de oermacht fan ’e natoer foar de minsken is. Se kinne net nei harren wurk en moatte thúsbliuwe. ‘Eltsenein jout him der oan oer, giet te kuierjen en praat mei-inoar. Geweldich!’ seit de bestjoerder.
  Yn Koudum ite we by de âlden fan It Fjoer. Jirpels, griente en fleis, en kwark mei huning nei. Dêrnei moatte we noch efkes by de supermerk del om it nedige bier te heljen. Ik wurd lyrysk fan it hearren fan in Fryske kasjêre, en de Fryske freonlikens fan it âlde wyfke dat mei har praat. Ik soe de blikjes dêr wol opdrinke wolle. Mar we moatte noch nei Ljouwert om de jierdei fan ’e freondinne fan De Snitser te fieren. It Fjoer syn heit bringt ús nei de trein. We iepenje it earste blikje bier en It Fjoer sjocht kâns it plan út te fieren dêr’t er it de hiele middei oer hân hat. Syn namme pisje yn ’e snie. Flokkend komt er werom. Hy hat sa lang yn hege snie stien dat er wiete fuotten krigen hat.
  Yn ’e trein sit in hiele skiterige jonge. Hy sjocht skruten tusken de banken troch, om te sjen hokker gefaren de trein ynstappe. It Fjoer kin der net by dat immen sa skiterich is. Op it feest is it al in gesellige boel, en dy wurdt hieltyd gekker as de tiid ferstrykt. ‘Moai keukentsje,’ seit It Fjoer. De Sturt ferstiet him net goed en seit: ’Wat? Moatst in skeet litte?’
  De oare deis sille we te riden by Britswert. De famylje fan Lytse Grapkes hat dêr in pear blank steande stikken lân mei betrouber en beriidber iis fûn. It Fjoer en ik nimme de trein, want de fearring fan ’e auto fan De Stuntman is net goed. It riden is earst behoarlik wennen en it iis makket it net maklikker. Hieltyd sakje de punten fan myn redens fuort yn sêfte plakken iis en stroffelje ik oer myn eigen fuotten. Ien kear wurd ik yn folle faart lansearre en in oare kear fal ik op myn efterholle. Mar bliksem, wat is it moai. In groep jonges op redens op blanksteande befêrzen greiden. Lytse slokjes Jägermeister. De wite wide wrâld oan ’e hoarizonnen ta. En dat alles yn it ljocht fan ’e ûndergeande sinne.
  Nei ôfrin sitte we mei ús fiven yn ’e auto fan De Stuntman. Hy moat efterút de reed del. It Fjoer jout him oanwizings. ‘Bytsje nei de sinne ta, bytsje fan ’e sinne ôf.’ It liket goed te gean, mar úteinlik komt er nêst it paad en stean we fêst. As wy efter de auto stean om te triuwen, jout de Stuntman fol gas, en sitte wy ûnder de swarte modder. We reitsje wer los en ride nei it hûs fan Lytse Grapkes syn famylje. Dêr stiet snert en wat net mear foar ús klear. ‘Godlik!’ sis ik. It Fjoer Fan Siden yt fan ’e snert as in kat fan farske fisk. ‘Dit is de lekkerste snert dy’t ik ea hân ha!’ beart er.

*