Ulke Brolsma


OP IT SPOAR FAN BORGES

Hjir is Jorge Luis Borges berne.
  Yn ’e hal fan in grut griis gebou yn ’e Tucumanstrjitte, Buenos Aires, ferkundigje in stik of tsien brûnzen plakettes dat Borges hjir op 24 augustus 1899 berne waard. Der stiet in boarstbyld fan de man; der hinget in portret. De krystbeam mei pyk, dy’t der noch stiet, komt krekt oan syn kin ta.
  Allinnich, Borges waard hjir net berne. It hinderet fansels net, it is moai dat der sa’n protte dien wurdt ta oantinken fan ien fan de grutste Argentijnske skriuwers, mar it wie efkes fierderop. In húske hast wat ferburgen efter dit steatige gebouw. Dêr binne gjin plakettes, bylden of wat dan ek. Rjucht en slucht, mear net. Fansels, it hûs mei al dat gedoch eaget  better. Moaier dekor foar safolle hulde is der net.
  En Borges? Hy hat gjin oantinkens oan dit hûs. Doe’t er twa wie ferhuze er. Nee, yn it moaie gebou wennen syn pake en beppe. It hûs is no in teater en tagelyk in sintrum foar kristenfroulju. Dy jûns wurdt der spile: Spûken fan Ibsen.
  Mar de huldiging, it oantinken hâldt net op by dit gebou. Dêrnjonken is in nij restaurant boud, ek mei de namme Borges oeral op ’e rúten, sitaten út syn wurk op de muorren. Kin in deade skriuwer him better winskje? Tink jo ris yn, aanst hat Frentsjer oan de Godsacker it Trinus Riemersma-kofjehûs!

Opsichter

Borges haw ik altyd in nijsgjirrige skriuwer fûn. No’t ik yn Buenos Aires bin, wol ik de plakken sjen dêr’t it libben fan dizze man him ôfspile hat. Net yn dit hûs dus, mar wol yn it  twadde. Dêr ûntjout er him, belibbet er alles wat aanst yn syn wurk werom komt. Dêr dreamt en skriuwt er. Dêr wurdt de lytse Borges de grutte auteur fan hjoeddedei.
  ‘Dizze boekhannel is wijd oan J.L. Borges,’ stiet op in plakette yn ien fan de ferneamdste boekhannels fan Buenos Aires, El Ateneo. Op in tafel  njonken de plakette  lizze stapels mei syn wurken, de obras, sa as Historia universal de la infamia, El Aleph, El oro de los tigres,  en fansels de sammele wurken yn fjouwer tsjokke dielen.
  Buenos Aires is in stêd fol mei spoaren fan Borges, hjir hat er it grutste part fan syn libben libbe. Hy is der ek stadichoan blyn wurden. In sykte dy’t er oerkrigen hat fan syn heit. Hy is der eare, hy is der ek fernedere troch generaal  Peron. De generaal, president fan Argentinië, jout Borges yn 1946 dien as bibliotekaris en beneamt de dan al ferneamde skriuwer ta opsichter fan in feemerk yn Buenos Aires. Dat hat men derfan as jo mem en suster tsjin Peron demonstrearje. En hysels? Elkenien liet er witte: Evita en Juan Peron, dy twa bringe dit lân nei de ûndergong.

Labyrint

Doe’t er twa jier wie, ferhuze de famylje nei in bûtenwyk fan Buenos Aires: Palermo. Hy wenne dêr oant syn fjirtjinde. Palermo is in min plak. Hoeren, gaucho´s, fjochtpartijen, it hite wylde bloed fan de Argentino’s barste hjir los. By dit soarte folk hearre de Borges net echt thús, mar de heit kin sokke saken net in protte skele: hy is anarchist.
  It is net dreech om de strjitte te finen. It boerd is dúdlik: Calle Jorge Luis Borges. It is in kreaze strjitte. Sa binne der hûnderten yn Buenos Aires. Wat âlde wenten út ’e tiid fan Borges, mar it grutste part is nij.  Serrano 2135 wie it adres.
  De Borges hiene der in grut hûs mei tún en in izeren hek nei de wei ta. Der is gjin stien mear fan te finen, alles is ôfbrutsen. Der stiet no in flat fan tsien heech en dêrnjonken in wente. Alles yn donkerreade bakstien. Borges mocht graach fertelle oer dit hûs. Hy wie sljucht op ’e grutte bibleteek fan syn heit. Borges mocht dêr lêze wat er woe. Dat docht er dan ek, de hiele dei. Yn it Spaansk mar ek yn it Ingelsk, want de famylje is twatalich. De bibleteek is foar him in labyrint, je kinne der yn ferdwale en op plakken komme dêr’t je gjin weet fan hawwe. Hy sil der syn  hiele libben oer skriuwe.
  ‘Tiger’ is it earste wurd dat er hjir seit. Yn it Ingelsk. De tiger is it bist dat letter yn syn ferhalen en syn gedichten hieltyd werom komt. Hy dreamt oer de giele tigerhûd. As er letter hast blyn is, kin er noch mar ien kleur waarnimme, it giel fan ’e tiger, sa as er mei spot fertelt. It is hjirwei mar in ketierke rinnen nei de Zoo fan Buenos Aires. It leit der allegearre noch krekt sa hinne as yn ’e tiid fan Borges. In moaie poarte fan flochten izer en de hokjes dêr’t je kaartsjes keapje kinne. Borges hat dêr faak in kaartsje kocht. Syn doel: de koai  fan de tigers.
  Skean foar it hûs fan de Borges oer is in beskieden restaurant. Boppe de doar stiet it jiertal 1881. Borges hat dizze winkel mei restaurant kend, miskien die er hjir boadskippen. Der kin net in protte feroare wêze, de snertgriene kasten mei flessen, blikken, potten mei oliven komme hast oan ’e souder ta.

Switserlân

Krekt foar’t de Eearste Wrâldkriich útbriek, ferhuze de húshâlding nei Switserlân. Syn heit hope dat de dokters him oan syn eagen helpe koene. Dat slagge net. Krekt likemin as letter by syn soan de operaasjes helpe soene.
  De Borges koene net werom nei Argentinië, se bleauwen yn Europa en sa giet Jorge Luis yn de Earste Wrâldkriich op in Frânske skoalle yn Switserlân. In lân dat him syn libben lang by bleau. Jierren letter, as er allang wer yn Argentinië wennet en as er wit dat er gjin jier mear te libjen hat, sil er nei Switserlân ferhúzje om dêr te stjerren. En om der begroeven te wurden.
  Yn Europa ferskynt syn earste gedicht. Dan komme der mear en mear, ek ferhalen. Hy wurdt ferneamd, der komme oersettingen, hij reizget de hiele wrâld oer. Jierren stiet er op de nominaasje foar de Nobelpriis. Hij  krijt him net.
  Yn de jierren tweintich giet Borges werom nei Argentinië. Hy sil der bliuwe. Wurdt stadichoan ferneamd yn it bûtenlân. Om wat jild te fertsjinjen nimt er in baan oan as bibletekaris. In karjêre dy’t sa drôf einiget, as president Peron him nei de feemerk stjoerd.
Mar oan de tiid fan de Perons komt in ein.

Direkteur Nasjonale Bibloteek

Troch it nije regear wurdt Borges yn 1955  beneamd ta direkteur fan de Nasjonale Bibleteek. Hy is bliid mei de beneaming. Is de bibleteek net it oard dat hieltyd wer opdûkt yn syn wurk? Bygelyks yn La biblioteca de Babel: hy beskriuwt de labyrinteftige bibleteek mei syn gongen, de spegels en it sykjen nei wurden dy’t net besteane. De bline direkteur en syn bibleteek. Hat Umberto Eco oan him tocht doe’t er de Il nome della rosa skreau? Ek dêryn in bline bibletekaris, in man dy’t de geheimen fan syn bibleteek ken, bewarret en ferdigenet. De Babel-bibleteek en Eco syn bibleteek. It binne deselden.
  Borges wist hjir de wei better as wa dan ek. De hûnderten stellings mei boeken, de lytste trochslûpkes, hy kin se sa fine. E. Rodriguez Monegal mocht mei Borges op paad yn de bibleteek. Hy fertelt dat it spûkeftich wie om te sjen. As wie de man hielendal net blyn, mar heldersjend. As er in boek hawwe woe, koe er it sa fine. Lêze, nee, dat die er net, hy sitearre sa hiele parten út ’e holle.
  It gebou leit net sa fier fan de Plaza de Mayo, it plein dat sa bekend waard troch de ‘healwize memmen’. ‘Instituut foar muzyk,’ stiet der op ’e doar. De bibleteek mei syn hunderttûzenen boeken is 1992 ferhuze nei in modern gebou.
  Tolve jier lang rûn Borges alle dagen nei de bibleteek. Hy kaam dan earst yn in healtsjustere grutte hal. It gebou  hat wat fan in paleis. It stiet der fol mei gielich marmeren pilaren; in steatige trep giet nei de earste ferdjipping. Ik wol der ek hinne, mar nee, der steane twa man by de yngong efter in buro. Kontrôle. Ik freegje nei Borges. Kin ik syn keamer sjen? Se hawwe der gjin weet fan. Borges, se tinke dat ik it oer in Argentynske sjongeres haw. It gebou besjen? Dêr komt neat fan yn. Der barre allegearre wichtige saken. My kinne se der net by brûke.

Kuierje

Borges hat it grutste part fan syn libben yn in flat yn it sintrum fan Buenos Aires tegearre mei syn mem wenne. Twa kear hat er troud west. Syn twadde frou hat er alles neilitten, mar syn famylje woe mei dat testamint neat te krijen hawwe. In neef hat daliks de flat ferkoft en wat der yn stie gie nei in feiling yn New York.
  Borges mocht graach kuierje, oeren en oeren. Faaks  kaam er ûnderweis yn it kofjehûs Tortoni telâne. It is in prachtich paleiske út 1899, donker eken, moaie lampen. Fansels is der in brûnzen byld fan Borges. Ek fan oare ferneamde gasten, sa as bygelyks Pirandello en Federico Garcia Lorca. Tortoni hat noch in ferrassing. Efteryn sit Borges yn syn folle hear en fear oan in taffeltsje. It is in libbensgrut Madame Tussaud-byld. Borges stoar yn 1986, mar hjir yn Tortoni hâldt de skriuwer de hannen boppe de tafel oft er wat beswarre wol, hy glimket der in bytsje by. Borges is oan it wurd. Hy fertelt ferhalen, jout riedsels op. Hy is hiel efkes werom.

*