Jaap Krol


YN DE FLINDERTÚN

Yn de flindertún fan it bistepark wie it smoarhyt. Ja, fochtich en hyt, wylst it dochs winter wie. Se hie betocht dat fladderjende flinderkes op in winterdei, dat dat moai wie. Boppedat wie it edukatyf. Want sokke eksoatyske kleurepracht – blau, giel, read en alles dêr tuskenyn – soe in mins miskien fernimme litte wêr’t flinders wennen en wat se dêr diene.
  Hy siet op in bank en tocht djip nei. Wylst er seach dat se har wintermûtse ôfdie en as netsje besocht in flinderke te fangen, bleau er mar djip neitinken. Hjoed stie der yn de krante: ‘Politie maant Ferguson en Wenger tot kalmte’. Alex Ferguson en Arsen Wenger, dat wiene de coaches fan Manchester United en Arsenal. De ien mocht de oar net lije, de oar koe de ien wol sjitte. Ferguson fûn Arsenal minne ferliezers, Wenger fûn Ferguson in kôgomslikjende ophitser. Op ien febrewaris soene se op Highbury tsjin inoar spylje. Highbury, Arsenal. Manchester soe hitsich op it fjild komme, Arsenal soe bloed rûke. Beide striidber, oant de fynste bonken. Ien febrewaris, dat wie net fier mear fuort.
  ‘Sjoch no ris, sokke moaie flinderkes! Foarjier!’
  Se rôp út ’e fierte. Hy seach nei har lange rok en blauwe jas. De mûtse hong oer in tûkje. Har hannen giene omheech en taasten krekt mis. Har hannen giene omleech en fongen neat. Foarjier? Earst moast it noch ien febrewaris wurde. En hy siet op in bankje yn de flindertún en seach dat se fierder fan him fuortrûn. Dûnsjend hast, mei de earms as gefoelige fielers.
  Hy wie neutraal. Readwyt of wytread, Manchester of London, it koe him neat skele. Fuotbaljen wie: in útdaagjende kombinaasje fan liede en hearskje, matematysk ynsjoch en it bêste pisteballet tinkber. Dat iene loftduel, dat shot fan de steile tribunes, de frommelgoal dy’t tachtich kear herhelle wurde soe, alles wie moai oan fuotbal.
  ‘In He.. Heleconius melpomene!’
  Dat wie it.
  ‘Hy iet nektar!’
  Mar wat machtich wie, wiene supportersrellen. Dat de rapen gear wêze soene, dát wie moai. Miskien in triuwke tsjin in Manchester-supporter wylst dêr krekt dy Underground oankomt? Ooo, dat de ien de oar delskoppe mocht yn de reinige strjitten fan London, opnommen troch it fage each fan it kameratasjoch. Dat readwite tenues klear stean soene om de wytreade fijân mei stiennen, messen en ien-fingersaluten te ûntfangen, dat er as taskôger sjen soe dat de plysje it hast net oan koe, dat de geweldswave troch in supportersfak gean soe, mei foarôf in senuweftich flúster fan it hiele stadion. De geweldspiraal wie net te hâlden. Yn it fjild foel de earste reade kaart.
  Mar op syn noas siet in flinder. In hierige neuroot mei nuvere kleuren. Oait wie it in stjonkende rûp, doe in droege pop, no in te grut ynsekt, dy’t minsken ferliede ta útspraken as... – hy hearde har roppen.
  ‘Foarjier!’
  En hy seach dat se wer op him ôfkaam.
  ‘Do witst dat ik gek op dy bin...’
  En wer fierder rûn.
  ‘...leave pop!’
  As ien no tsjin Tottenham Hotspur spylje moast, of Everton, dan wiene de kleuren better te sjen. Ommers: readwyt (of wytread) tsjin wytblauw. Sjaaltsjes fleagen omheech, in lauwe dranklucht hong boppe it gesang (‘Boring, boring Arsenal!’, ‘Manchester fuck you!’, tsjin de referee: You’re a fuckin’ disgrace, a fuckin’ disgrace!’), earms fleagen de loft yn, rûnen út nei de wiisfinger en rôpen in ultime ferwinsking nei de ultime fijân. It logo fan de sponsor wie it logo fan in groep partisanen. Striders mei eargefoel. Jagers sûnder fergunning. Hy wie taskôger mei in fergees kaartsje.
  ‘In Argemma mittrei! Ek nektar!’
  De winter wie fochtich en benaud.
  ‘Ik fyn it sa moai, ik wol hjir wol wenje!’
  Flinders. Niis hie er ek slangen sjoen, krokodillen en in liuw. Se slepten, allegear. Ien of oare Arbo-pik hie fansels foarskreaun dat ‘Vanwege de veiligheid voor de bezoeker dieren met kenmerken van roofzucht tijdens openingstijden in slapende toestand dienen te worden gebracht.’ Hy hie twa pear learzens lizzen sjoen, twa útbluste He-mannen en in kat dy’t snoarke. In haai driuwde yn in grutte bak smoarch wetter. Yn in lange rige hie er rûn, in lange rige knuffelbeppes, maatsjepakes, bernsbern en súksessteltsjes mei kleurige fleece-jassen en de glimk fan Daphne Deckers.Yn de bistetún foel elkenien stiltsjes yn sliep. Allinnich de flinders wiene beweechlik. Se sieten op syn skouders, op syn holle. Se hiene hier tusken de wjukken.
  ‘Mei dy!’
  Se die as wie se in lyts bern. En hy dreamde fan de soere reek fan it fertrape gersfjild. Mar wat er rûkte, wie de waarme jarre fan de flindertún. Noch hieltyd hie se de mûtse net op. Suchtsjend gie er oerein. De fochtige waarmte benaam him hast de siken. Hy hie it swier, dat hearde er hiel goed.

*