Hidde Boersma


IT MANTSJE EN DE GRUTTE NEGER

05/06-02-2005

Yn ’e ACU, it Linkse Rôvershol fan Utert, stapt de Manager fan ’e Fryske Dichters op my ta en seit: ‘Kin It Mantsje fannacht by dy sliepe?’
  ‘It Mantsje!?’ tink ik, ‘te gek!’
  ‘Jawis! Hoesa?’
  ‘Hy wol noch net nei hûs,’ seit de Manager. Ik fyn it bêst, hoewol’t ik It Mantsje net echt ken. Net, eins. Ik wit dat er bestiet, en nei syn dichtersoptreden yn Amsterdam tocht ik: ‘Dat Mantsje, dat is in moai figuur!’
  It Fjoer Fan Siden stiet nêst my en ballet syn fûst.
  ‘Te gek man!’ seit er, en hy rint nei de bar om bier te heljen. Hy komt werom en we proaste.
  ‘Ik baal derfan dat ik nei hûs ta moat!’ seit It Fjoer, ‘ik hie mei jim te sûpen wollen!’
  ‘Dat snap ik,’ sis ik. Goh, daliks de kroech yn mei It Mantsje. Ik moat noch efkes oan it idee wenne, mar ik ha der sin oan.
  Op in stuit kom It Mantsje op my ta.
  ‘Dus, ik kin by dy sliepe!?’
  Ik stel him gerêst dat er syn gong gean kin, en dat der gjin haast is. Hy giet wer oan ’e bar mei guon lju stean te praten en It Fjoer en ik nimme noch ien. Dernei giet myn maat mei tsjinsin fuort. Wat hie er graach mei It Mantsje te drinken gien. No stean ik allinne yn ’t midden fan it Rôvershol te betinken wat te dwaan. Dan ynienen stiet der in famke foar my.  
  ‘Hoi’, seit se, ‘wa is de Doede?’
  Ik fertel wat oer de Doede en sy fertelt dat se sjoernalistyk studearret en in stikje skriuwe sil oer dizze dichtersjûn. We gean oan in taffeltsje sitten en prate wat. Dan sjoch ik It Mantsje stean. Ik wink him en hy komt der by sitten. We drinke en jeuzelje.
  Efkes letter rinne It Mantsje en ik oer strjitte. Ik sil him myn favorite kroech sjen litte, kafee België oan ’e Alde Grêft. Dêr sit de Tatoeëarder op syn kruk yn ’e hoeke oan ’e bar. Nêst him steane twa lege krukken. Ik stel de beide mannen oan inoar foar.
  ‘Jo sitte altyd op dat plak?’ freget It Mantsje.
  ‘Niet altijd,’ seit de Tatoeëarder. Dêrnei komt it petearop gong. It giet ûnder oaren oer Thet Oera Linda Bok. It Mantsje freget my oft ik der mei om tinke wol dat er syn tas net ferjit.
  ‘Dat komt noch wolris foar’ seit er.
  Nei in stik as wat bierkes is it lêste rûntsje foarby. De Tatoeëarder bestelt as lêste altyd in heale liter. Hy hat noch genôch bier, mar wy ha neat mear.
  ‘Is der noch in oare kroech iepen?’ freget It Mantsje.
  ‘Jawis!’ sis ik en we gean oerein. De oare kroech is om ’e hoeke. Efter de bar de Reuze Reus. Syn besikers bin faaks net like suver, mar hy hat de boel ûnder de tomme.
  We ha ús bier noch mar kwalik yn ’e hannen of de Tatoeëarder is der ek. Ek hy fynt it moai om mei It Mantsje te drinken. Tsjin ’e muorre linet de Bolle, in kolossale neger. Ien brok krêft. Ik ha my al earder oer de Bolle fernuvere, mar It Mantsje sjocht him hjoed foar it earst.
  ‘Moast ris sjen, jong. Wat is dy fint grut!’ beart It Mantsje.
  ‘Ik wit it,’ sis ik.
  ‘Niet over praten,’ seit de Tatoëarder mei syn swiere basstim, ‘ik heb eens ruzie met hem gehad, dat is niet leuk kan ik je vertellen.’
  We hâlde der mar oer op. Mar as de Tatoeëarder earder as ús fuort giet, seit It Mantsje dochs nochris: ‘Wat is dy fint grut!’ Ik knik.
  Dan gean wy ek mar ris op hûs oan. We moat earst in hiel stik rinne, want myn fyts stiet noch by de Janskerk. It fytsen falt net ta, en ik bin bliid dat we in junk tsjin it liif rinne mei in fyts yn ’e hannel. No kinne we beide traapje. It Mantsje hat muoite om myn razende tempo by te hâlden. Ik hear him roppen en sjoch om. Hy smyt de fyts yn in steech, want it apparaat wol net mear. It Mantsje efterop en ik traapje. We falle in pear kear en ik ferbaas mysels as ik ús sûnder brokken tusken twa pealtsjes troch manûvrearje.
  De oare moarns binne we net op ús bêst, mar ek net op ús minst. It Mantsje hat pine yn ’e holle en freget om in asperyntsje. Ik nim sels ek mar ien. Dan sille we fuort, mar It Mantsje is wat kwyt.
  ‘Wêr is myn jas?’
  Syn tas hat er al, mar syn jas is wei, en nearne te finen. Ik skarrelje in trui en in reinjek op en It Mantsje lûkt se oan. Lâns de Amsterdamsestrjitwei rinne we nei it stasjon. En út ’e restauraasje wei gean we wer elk ús eigen paad.

*