OER NANNE HOEKSTRA

Nanne Hoekstra is berne yn 1963 op ’e Jouwer en studearre Milieuhygiëne yn Wageningen. Sûnt dy tiid wennet er om utens en wurket oan boaiemûndersyk en -sanearing.
  Op skoalle hat er hast gjin Frysk hân, fûn dat doe spitich, mar hat letter de skea ynhelle mei skriftlike Afûkkursussen. Doe krige er safolle aardichheid oan it skriuwen yn it Frysk dat er mei ferhalen yn dy taal úteinsette.

*