Nanne Hoekstra


FERSIDE HISTOARJE

Part I
Op ’en paad

De lúkse wein hold it paad net rjocht. De bestjoerder wie sa drok earne mei dwaande dat er de plysjeman net iens fernaam dy’t oan ’e kant fan ’e dyk, op in baas motor, it hear oerseach. De plysje stie efkes yn bestân, mar doe’t it slingerjen fan de auto noch wat slimmer waard, sette er der mei gong efter oan. De ûnfoarsichtige ferkearsdielnimmer, dy’t hieltyd suniger ried, wie samar ynhelle, mar hângebearten wiene net genôch om him stopje te litten om’t er it each alhiel net mear op ’e dyk hie. Der wiene lûdssinjalen foar nedich om syn omtinken wer by it ferkear te krijen mar doe bedarren se dan ek gau yn in flechthaven. Nei’t er op oanstean fan ’e warbere amtner it rútsje nei ûnderen draaid hie, begûn de man daliks te stammerjen.
  ‘J-ja sj-sjoch, ik m-moast myn siktaresse te wurd en no haw ik krekt sa’n moaie nije hands-free tillefoan foar de ferkearsfeiligens, mar ik krij it ding net oan ’e praat, al is ’t ek noch sa.’  Hy tyspele senuweftich mei syn bril om.
  De plysje hie earst wakker brimstich troch it hier sjoen, mar moast no dochs in bytsje glimkje om de âld baas efter it stjoer.
  ‘Als u er zo mee tezet gaat, wordt het verkeer er pervoorst niet veiliger op. Het had beter geweest en stop even. U moet in zo’n geval eigenlijks altijd aan de kant van de dijk staan gaan.’
  ‘Watte? Oong. Ja juh, dat wit ik ek wol, mar dan ís men al net betiid en men tinkt fan dat ding sil it daliks wol dwaan. En it is ommers ek bedoeld om mei troch te riden.’ Hy plôke him senuweftich yn it burd.
  ‘Nou, u was net anders haast door mij héénreden toen ik bezocht u stoppen te laten. Wilt u mij u rijdbewijs even zien laten?’
  ‘Wat sizze jo? Myn rydbewiis? M-mar sa s-slim wie it d-dochs n-net?’
  De âld man seach ferwezen en it wie dúdlik dat it de plysje begrutte.
  ‘Wel… ik moet even contact opneme met de sintrale om te controleerjen of u niet heel de tijd vanwege dit soorte van rijdgedrag aanhouden wordt. As dat niet zo is, laat ik het bij een warskuwing.’
  Dat sadwaande, en wylst de sintrale oer it rydbewiis gear wie, holp de plysje de âlde mei syn tillefoan. Mei help fan de gebrûksoanwizing wiene se der krekt út, doe’t de radio op de motor pipe. It petear wie út ’e auto wei net te folgjen, mar de plysje wie aardich wyt om ’e noas doe’t er wer by it autorútsje ferskynde en syn lûd trille in bytsje.
  ‘Eh, myn ferûntskuldigingen, ik wist net….’
  ‘Êê, fansels nim ik jo neat kwea ôf; hoe koene jo dat no ek witte? Dat is no krekt de bedoeling, dat minsken net witte wa’t ik bin. En jo hiene ommers ek gelyk, dat ik niiskrekt in gefaar wie op ’e dyk.’
  De rollen wiene no suver omdraaid. ‘J-ja, no, m-moai dat jo it sa sjogge. Mar eh, menear eh….’
  ‘Sis mar gewoan Tsjerk.’
  ‘Moat ik miskien noch foar menear Tsjerk syn autokarre útride, om de ferlerne tiid yn te heljen?’
  ‘Nee je, doch dat no mar net, dat falt fierstente te folle op. Ik kin my no wol wer rêde. Mar moai dat jo my efkes helpe koene mei dy fierprater. En moai dat jo my sa gean litte. Ik wie al benaud dat dit grapke my noch aardich wat skeatta’s kostje soe.’
  Tsjerk starte, wiuwde op in wize sa’t allinnich eallju dat kinne, en sette doe mei faasje ôf.
  ‘Tige tank en oant sjen, skelta!’
  Hy die, lykas wie der neat bard, ridendewei de tillefoan wer oan. No wie it samar klear.
  ‘Ja, Nynke, it is mei my.’
  ‘Och heden, baas, wat wie der?  Ik krige hieltyd in yn-petear-toan. Swierrichheden mei de nije fierprater, tink? Mar sa bin jo wol wer moai ûntkommen oan dy Wytse Dykstra fan Dronryp. Dêr ha ’k krekt wer in lang fierpraatpetear mei hân. Jo hiene ien op him ôfstjoerd, mar hy wol perfoarst josels te wurd. Dy keardel hâldt noch hieltyd út dat hy in tiidmasine makke hat.’

Part II
Paadbjuster

Tsjerk luts senuweftich oan ’e hierren fan syn snor. ‘Grapmakkerij mei dy nifelder ha ’k no net oan tiid. Ik wol witte wêrsanne ik hinne moat.’
  Nynke lake. ‘Dy fraach hie ’k al ferwachte. Dat komt omdat Swieten net sa grut is. It is in gea tusken Swietemar en Swietewâld. Dy plakken binne grutter, dat dy sille wol op ’e buorden stean.’
  ‘Nee, hear.’
  ‘Wat stiet der dan wol op?’
  ‘No, ik bin krekt wer in boerd foarby. In nuvere namme dy’t begûn mei in Set.’
  ‘Och, wat bin wy ek oksen. Dy grietenij hat ommers Hollânske plaknammen. Hja ha daliks de nammen feroare nei’t jo de nije taalwet ferline jier ûndertekene hiene. Dat, wachtsje ris efkes, dan hjitte dy plakken fan, eh, Soetermeer en Soeterwoude. Mar dan mei in Z fansels.’
  ‘Ja, Soetermeer, hjir stiet it wer. Wat binne dat ek foar healwize nammen? It liket der ommers net op.’
  ‘No, at jo sa prate, dan komme jo aanst mei dat petear neat fierder, ha ’k noed.’
  Tsjerk parkearre de auto al rillegau by in gebouke, sette de bril en de prûk ôf en skuorde doe de snor en it burd derôf, dat it wie in hiel oare man dy’t eefkes letter it sealtsje ynrûn.
  Om in grutte tafel sieten dêr tolve deftige hearen en dames dy’t drok yn petear wiene, mar daliks stilfoelen doe’t hy deryn kaam. De measte oanwêzigen sprongen feralterearre oerein, mar bleaune doe wat sleau stean te sjen. Tsjerk naam sels it wurd mar.
  ‘Goemoarn. Jim hiene mý net ferwachte, tink? Ja sjoch, de Minister fan Ynlânske Saken wie ynienen behindere en ik moast dochs dit út foar in oar boadskip en ik folgje jim krewearjen al in skoftke mei niget, dat sadwaande. Mar gean dochs sitten.’
  It selskip liet har wer op de stuollen sakje, mar gappe him noch hieltyd ferstuivere oan en sei neat.
  ‘Jim dogge my wer tinken oan de steatsbesite fan de kening fan Ingelân, okkerwyks. Hy krige ynienen in tik by it each doe’t ik troch de Asega neffens it protokol Tsjerk Hiddes XXVII neamd waard. Sjoch, ús buorkening is sels noch net iens oan de dûbele sifers ta. En doe’t er letter in pear bearenburchjes hân hie, fernaam ik wol dat er o sa oergeunstich wie omdat it Fryske keningshûs withoefolle âlder is as harres. Mar ik sei tsjin him dat it wier net tafalt om de hûndertnjoggenentritichste Fryske kening te wêzen. Nei safolle is der ommers neat bysûnders mear oan en men moat jimmeroan mar opbokse tsjin al dy wrâldferneamde foargongers. No, dêr knapte er suver fan op.’
  De anekdoate bruts it iis wat, de manlju en froulju begûnen in bytsje foarsichtich te laitsjen en de kening stuts harren de hân ta. Nei it fûstkjen sei de kening dat er wol ta wie oan in bakje, dat der waard earst noch even wat ynjitten, mar doe sette ien fan de pommeranten -  in ferneamd folksfertsjintwurdiger -  út ein:
  ‘It Frysk is yn de ieu dy’t achter ús leit troch ûntjouwingen op it mêd fan ûnderwiis, massakommunikaasje en demografy sa oerhearskjend wurden, dat it Hollânsk sawol kwantitatyf as kwalitatyf o sa achterútbuorket. De situaasje is no sadanich dat wy freze moatte dat it Hollânsk oer tweintich jier op strjitte kwalik noch mear te hearren wêze sil meidat it tebekkrongen is nei hûs en hiem. Dat wol sizze: in tige beheind tal hûzen en hiemen. Ut resint ûndersyk docht nammentlik bliken dat, troch it grutte tal houliken fan Hollânsktaligen mei Frysktaligen - en de kar yn dy hûshâldingen foar de taal mei de heechste status - it Hollânsk hjoed de dei troch noch mar 9 persint fan de bern oant tolve jier praat wurdt. Yn dit ramt…..’
  De kening, dy’t seach as koe er it bestjoerlike jargon kwealik neikomme en ek wol bang like dat de man fuortendaliks noch net klear wie mei syn rede, stuts de hân omheech om der in ein te meitsjen.
  ‘Dat wit ik allegearre wol, mar wy dogge dochs al witwat om jimme taaltsje fuort te sterkjen en mear oansjen te jaan. De offisjele namme fan de provinsje is no al Holland, der is in regionale rûnfûnkstjoerder yn de streektaal, der wurdt ûnderwiis yn jûn en it stiet jim frij it Hollânsk te brûken sa lang at dat de kommunikaasje net behinderet, sa fier is ’t hinne. Ik waard niiskrekt noch oanholden troch in plysje, dy’t my yn it Hollânsk te wurd stie. Alteast, oant er der efter kaam wa’t ik wie. No, it wie wolris wat dreech him te folgjen, mar tegearre kamen wy der wol út.’
  In taalkundige naam doe it wurd.
  ‘It sil Jins Heechheid miskien net opfallen wêze, mar de kâns is grut dat it net suver Hollânsk wie, dat er prate, mar in nuvere grienmank fan de beide talen. At ik der by west hie, hie ik jo fêst wol wize kinnen op in tal ynterferinsjes. De Hollanners fan hjoeddedei nimme klanken, wurden, tiidwurdsferbûgingen en sels wurdfolchoarders oer út it Frysk. Dizze beynfloedingen ha fan dy gefolgen dat sa njonkelytsen it hiele grammatikale fûnemint fan de Hollânske taal oanfretten wurdt troch…..’
  De kening besocht in ein te meitsjen oan it kolleezje.
  ‘Mar prefester, dat dogge dy minsken dochs sels? Wat kin ík dêr oan dwaan?’
  It like wol as hiene de oanwêzigen op dy fraach wachte, want ynienen kamen de oanrikkemendaasjes fan alle kanten.
  ‘De taalûnderwizers better opliede,’ sei de ien; ‘mear oeren foar it fak Hollânsk,’ tocht in oar, ‘de doelstellingen fan it fak ferheegje,’ sei noch in oar, wylst wer in oar fan betinken wie dat de oerheid de taal mear brûke moast om de status derfan te ferheegjen. En fierder waard neamd: it foarljochtsjen fan jonge âlders oer de kolossale foardielen fan in twatalige opfieding, it stypjen fan it printe Hollânsk, mear stjoertiid foar Omroep Holland en it ekonomysk oantreklik meitsjen fan it brûken fan de taal.
  De kening makke in patetysk gebaar.
  ‘Hâld op! Safolle brekme oan ienriedigens kin ik net ferneare. At jim it sels net iens witte, hoe kin ík dan bepale wat kant oft it út moat? Mar ik fyn al, it omtinken foar jim dialekt moat wol yn ferhâlding bliuwe ta de wichtige saken. Oan de oare kante fan de Ie fersteane de lju al gjin Hollânsk mear en fierder as de Rien komme jim der ek net mei. Sjoch, it is aardich om sa’n taaltsje te bewarjen, dat tinkt my ek wol, mar de minsken moatte it úteinlik dochs sels dwaan en it moat it Ryk net te folle kostje.’
  No begûn it hiele omsittend laach troch inoar te roppen. De earder neamde 9 persint kaam wer op it aljemint, mar it die bliken dat de oanwêzige wittenskippers fan miening ferskilden oer de ynterpretaasje fan dat sifer en dêrtroch ûntstie in fûleinige diskusje oer it oantal jierren dat it Hollânsk noch oerlibje koe.

Part III
Paadwizers

Wylst men ôfdwaalde nei hieltyd minder besibbe tema’s, begûn de kening wat te slûgjen, oant der in lêzing kaam fan in skiedkundige dy’t wiidweidich yn gie op de ‘linguïstyske gefolgen fan histoaryske ûntjouwingen’. Gjin jargon dat de kening normaalwei wurdearje koe, mar hy harke, wekker skrille, mei sân pear earen doe’t ferteld waard dat de wittenskip der hjoed de dei hieltyd minder by koe dat it, yn ferhâlding lytse, Fryske keninkryk yn de iere midsieuwen net opslokke wie troch it machtige Frankyske ryk. At dat doedestiids wol bard wie, hie op it heden it Hollânsk - nei alle gedachten - de wichtichste taal fan it lân west.
  Lykas frij algemien bekend hie de Slach by Doarestêd yn 689 it kearpunt west yn ’e striid tusken de beide riken. Mar frjemdgenôch joegen alle sosjaal-ekonomyske en histoarysk-geografyske analyzes oan dat de Frankyske hofmeier Pippyn II dy slach winne moatten hie. En net de Fryske Redbad I. De wittenskippers sochten al jierren nei feiten dy’t mear ljocht op de saak smite koene. De ynlieder makke fan ’e gelegenheid gebrûk de kening te freegjen oft hy de famylje-argiven op de foarâlderlike keningsstate yn Winaam net ris rieplachtsje mocht. Dêr waard de foarst sichtber kjel fan en hy sei dat hy de stikken út dy tiid krekt nochris troch blêde hie, mar dat er neat oer dit ûnderwerp oantroffen hie. It wiene ommers ek net sokke skriuwers, dy âlde Friezen.
  Doe brocht de kening it petear wer handich werom op de hjoeddeistige taalperikelen, mar dêrnei wie er wat dimmen en like er net hielendal mear mei de holle by de diskusje te wêzen.
  Op it lêst sei er dat de sekken mei jild op wiene, mar dat er dochs nochris sjen soe oft er net noch earne in kladsje fine koe en doe joech er him ôf. Yn de auto rekke er sa alhiel wei yn syn tinzen dat, doe’t in skoft letter de tillefoan gie, hy it ding earst in kear as tsien oergien liet foar ’t er it foar it ferstân krige te reagearjen.
  ‘Wêr binne jo no?’
  ‘Nynke, fanke, al slachst my dea, dy hurdridersdiken lykje allegear op inoar. Stil ris, ik sjoch it al. Ik sit op de ôfbûchstripe nei Doarestêd. En wat sei Hilarides?’
  ‘Hy wachtet op jo yn Wyk. Wyk by Doarestêd, folút. Mar hjoed de dei leit it yn ’e útbuorren fan dy stêd. Wyk is in wyk wurden, om sa mar ris te sizzen.’
  ‘Leit it op ’e igge fan de rivier?’
  ‘Ik wol ’t al leauwe.’
  ‘Moai, dan kin ’k sachs ris besykje noch in hoart wat fan it skûtsjesilen te sjen.’
  ‘Dat sil net slagje, want it silen op ’e Rien hat al west. It is no op ’e Easterskilde, foar Sierksie. Hja bin krekt út ein set en it skûtsje fan Dimter leit foaroan.’
  ‘Dêrjinsen sjoch ik de wolkejokkers fan Doarestêd al. Dy ken ik der wol út. Dy binne sneins altyd op it fiersjenner, yn dy plysjerige.’
  ‘Jo bekendheid mei jo ryksdielen oare kant Sudersee falt mei wilens oars wakker ôf.’
  ‘O, en hjir stiet Wyk op it boerd. Hiest noch wat? Want ik bin der omtrint.’
  ‘Nee, no ja, wy ha tynge krigen út Berlyn fan de Foarste Minister. Ik lês it elektrobrief efkes foar. Wy hoege der net op te rekkenjen dat we ringen by de Jeropeeske Uny komme kinne. It is misbeteard troch ús brekfallige minderhedenbelied en ús demokratyske defisjinsje; dy wurde troch de lidsteaten as ekskús brûkt om ús dizze fearnsieu noch bûtendoar te hâlden. Lykas ik jo al foarsein hie brekt de iensidige oriïntaasje op de ekonomy ús dus no raar op. Men kin fan tinken wol ha dat it fan krêft bliuwen fan de hannelsopkearings op dit stuit, no’t it Ryk finansjeel sa yn de nederklits sit, striemin is foar ús…..’
  ‘Hâld mar op! It is altyd itselde geëamel. Roasterje him mar yn foar moarnier. Mar net foar de kofje!’
  De auto stoppe foar it stek fan in grutte opgraving en in grouwe man yn in overall, mei op it boarst de tekst ‘Ryksargeolooch’, rûn mei útstutsen hannen op ’e kening ôf.
  ‘Goemiddei, Hilarides. Ik bin bliid dat jo de fanfare thús litten ha.’
  ‘Goemiddei, kening. Ja, jo siktaresse hie mei warskôge dat jo ynkognito wiene. En dat is ek mar goed, want wy moatte it earst mar ris even rêstich oer ús fynst hawwe, sûnder de media der by.’
  ‘Ja, is it wier sa ûntheisterjend? Stom tafallich hie ’k fan ’e moarn in gearkomste dêr’t de Slach by Doarestêd ek op it aljemint kaam. It kearpunt yn de striid en in kaaimomint yn de histoarje. At Redbad de Earste hjir de Franken doe net opkeard hie, hie der nei alle tinzen no net in Frysk Keninkryk west. Mar hja snappe hjoed de dei net mear hoe ’t er him dat lapt hat.’
  ‘No, dat riedsel is no wol útiten, der komt allinnich in noch folle grutter mystearje foar yn it plak. Mar kom earst mar ris mei.’

Part IV
It paad werom

Justjes letter krige Hilarides wat planken op, om in kûle iepen te lizzen, sadat in bulte rustich âld izer foar it ljocht kaam. De kening knyptede eagen heal ticht om it tafriel goed yn him op te nimmen.
  ‘No, it sjocht der út as hat dat hjir wol in skoftke lein.’
  ‘Dat is ek sa. Wy hawwe it materiaal datearre op likernôch trettjinhûndert jier âld. It binne gjin ferfalskings, we ha de analyzes withoefaak werhelle. Sjoen de boaiemlaach dêr’t wy dit guod yn fûn hawwe, is it wis dat it nei de oerwinning yn 689 troch de Friezen op it slachfjild benefterlitten is.’
  ‘It lykje gewearen, dat hja dy doe ek al hiene.’
  ‘Sokken ha we nea earder fûn. It bin mitrailleurs.’
  De kening hold in momint op fan sykheljen en it duorre even foar’t er wer wat sizze koe.
  ‘Dus mei dizze fynst wurdt de argeology op ’e kop setten. Hja koene doe mear as dat wy ea tocht hawwe. Dat ferklearret dan ek….’ Hy makke syn sin net ôf omdat de argeolooch stie te skodholjen en in ridlik geef eksimplaar opkrige. Boppe op ’e loop wie noch krekt te lêzen: Made in Winchester, 2005.
  ‘Dit jier makke, mar dochs leit it hjir al sa lang. Guon searjenûmers dy’t we ûntsiferje koene, binne hja sels noch net iens oan ta, by dat fabryk. Dat ha ’k neifrege. Dit type sjitark is hjoed de dei it nijste fan it nijste, dat dêr koene je doedestiids wol in kriich mei winne.’
  De kening seach Hilarides ferbaldere oan, mar dy luts oan de skouders: ‘Ik weagje my net oan in ferklearring. Ik ha in goeie namme te ferliezen. Dit is klearebarre science-fiction. Dêr wol ik myn hannen net oan barne.’
  Swijend leine se tegearre de barten wer oer de kûle. De kening sei dat er hastich wie en gjin tiid mear hie foar in bakje en dat Hilarides dit noch mar even stil hâlde moast, oant der mear klearrichheid kaam wie. Doe joech er him gau ôf.
  Ien kear yn de auto koe er him net langer ynhâlde en begûn er breedút te laitsjen en efkes letter, op de grutte dyk, klaksonearre er sels in pear kear. Hy plakte him gau de snor wer op doe’t it gefolch fan dit leven wie dat de oare ferkearsdielnimmers wakker by him yn de auto opseagen.
  ‘Nynke, fanke, dit is my wat.’
  ‘Och heden, baas. Wat is der?’
  ‘Neat, of winliks in hiele protte, mar neat om dy ûngerêst oer te meitsjen. Krekt oarsom. Och, fanke. It wie foar dyn tiid, mar yn myn jonge jierren sjoude ik de doar plat by de psychiater omdat ik my altyd sa’n sokses fielde yn fergeliking mei myn foarfaars; omdat ik tocht dat in kening op ’e drompel fan de ienentweintichste ieu neat mear te betsjutten hie. Ik fielde my altyd it lytst by it stânbyld fan Redbad I. En wat docht no bliken? Hy hie it sûnder my net oprêden by de Slach! De belêstingbeteller hie it jild foar myn sielkniper yn ’e bûse hâlde kinnen, want ik bin wól wichtich foar it Ryk, noch wichtiger as Redbad, dy’t it sûnder my net ôf koe. Wat is dit moai! Ik ha myn missy noch nea sa klear foar eagen hân.’
  ‘Jo hawwe mei Hilarides ien naam, tink en doe noch ien?’
  ‘Gjin drip, famke. Ik ha alle rjocht en reden om út ’e skroeven te wêzen. Ik lis it dy moarn wol út. Wolst no de hear Wytse Dykstra, útfiner te Dronryp, foar my skilje? Sis mar gewoan dat ik it bin. O, en sis de Foarste Minister mar ôf, foar dy wipwap fan him ha ’k moarn gjin tiid.’
  Efkes letter wie it: ‘J-jins Heechheid. Samar ynienen.’
  ‘Ja, dat komt,  ik wol wolris in demonstraasje sjen fan jo útfining.’
  ‘Foarearst hat dy ynspekteur fan de Tsjinst Ynlânske Feiligens my it tiidreizgjen ferbean omdat dat rare gefolgen ha kin. Feroarings yn it ferline dy’t harren wjerslach hawwe op it no, dat soarte saken.’
  ‘En dêr hie dy bêste ynspekteur gelyk oan. Mar it docht ynienen bliken dat de wrâld der hjoed oan de dei sa hinne leit as gefólch fán in feroaring yn it ferline. Dêrtroch hat de skiednis in oar paad naam, om sa mar te sizzen. En dat is bewurkmastere mei ark út ús tiid! Dêr ha ’k út konkludearre dat wy séls dy feroaring oanbrocht hawwe, eh, oanbringe sille, no ja, ik kom der yn om. Mar ik woe mar sizze, wy moatte dat perfoarst dwaan, want it oarspronklike paad fan de skiednis noasket my folle minder. Dat ik kom moarn daliks del om jo tiidmasine te besjen. Want ik moat ’m skielk brûke om de Slach te winnen, ik bedoel om der foar te soargjen dat wy doedestiids de Slach winne koene, at jo my noch neikomme kinne.’
  De histoaryske ymplikaasjes hiene de kening sa yn ’e besnijing dat syn auto wer oan it slingerjen rekke. Doe’t er ynienen op de flechtstripe bedarre, waard er wyt om ’e holle. De fierdere reis ried er foarsichtiger as dat er ea earder dien hie.

*