|
|
Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra
KENING FAN ’E JUNKS (19 –
EIN)
Desiderius begriep it earst net. In dronken figuer? Of
in junk op in minne trip. Yn alle gefallen immen
ûnder ynfloed fan drugs fersteurde syn kreaze
‘performance’. Dat wie net te tolerearjen.
De foarsitter besocht de fersteuring earst mei reedlike
wurden op te lossen.
‘Menear, wolle jo jo stil hâlde of
fuortgean? Jo fersteure de gearkomste.’ De man
hie in smoarch burd en wyld hier op ’e holle. De
klean mochten noch hinnebruie. Rom sittende klean wiene
op it heden yn de moade. Op de muzykstjoerder wiene se
by de rûs te sjen: swarte sjongers yn fodden. Mar
dan stie der wol Calvin Klean of wat ferlykbers op. Dat
wie by de swalkersman net it gefal, en hy hie it merkje
der ek net ôflutsen.
Mei wjukkeljende earms en wat swaaiend kaam er
stadich nei ûnder setten. Sa te sjen wie er
ûnder ynfloed, want syn opmars gie stadich as it
amtnersoerlis, en like swalkjend. Syn taal wie klear en
beret: ‘Ja do dief, do hast my bestellen. Ik sil
in dy pak op de bealch jaan. En ik wol myn sinten
werom. Smjunt! Oplichter! Myn sinten! Do falske
flutdirekteur! Moaiprater! Myn sinten!’
Fan datoangeande skonk er kleare wyn.
Doe pas foel it kwartsje by Desiderius, eins
troch it wurd ‘stasjon’ dat de rûge
junk brûkt hie! Dit wie de selde dy’t by de
yngong fan de restauraasje stien hie te skoaien en
dy’t hy sa bot ôfstegere hie. Deselde
dy’t er dêrnei arresteare litten hie, en
dy’t er in portemonnaie ûntfytmanne
hie. Mei dêryn de pinpas fan in ûnbekende
en ûnwillige woldogger. Panyk wâle yn him
op, knypte him de kiel ticht. Hy betwong de oanstriid
om der fan troch. Hy hoegde net út te naaien. Hy
wie ‘yn’, de junk wie
‘út’. Krekt sa’t de
stêdswacht it ferhaal fan in goed klaaid earsum
boarger earder leauwe soe as dat fan in junk, sa soene
ek de fatsoenlike boargers yn dizze seal earder
Desiderius syn ferhaal leauwe. Boppedat, nimmen soe
begripe wêr’t de junk nei ferwiisde.
Desiderius rûn fluch nei de foarsitter.
‘Kundigje in skoft ôf en lit dan de junk
troch de konsjerzje, of byneed de plysje ferwiderje. Ik
gean efkes nei it hûske.’
De foarsitter besocht it skoft oan te kundigjen,
mar hy koe net rjocht boppe it geraas fan de junk
útkomme. En doe die bliken dat in ûngelok
net allinnich komt. De doar oan de achterkant fan de
seal gie wer iepen. In sportyf frommins kaam deryn. Se
seach der knap út. Desiderius tocht daalks dat
er der ûnder oare omstannichheden wurk fan
meitsje koe. Mar se hie wat bekends oer har. Koe er har
net? Hy koe der net op komme. De junk wie yntusken
fallen, dat Siderius makke him efkes net al te drok. De
foarsitter hie fan de fal fan de junk gebrûk
makke om it skoft ôf te kundigjen. Nimmen gie
lykwols noch nei bûten ta. Elkenien woe fansels
sjen hoe’t it mei dy rare razende man
ôfrinne soe. Sensaasje! Dit wie nochris
spannender as in lêzing, hoe goed as de sprekker
ek wêze mocht. It famke dat krekt binnenkommen
wie begûn lûd mar dúdlik fersteanber
te praten.
‘Bêste minsken, myn broer is in
junk, mar wat er seit is wier. Dy man dy’t foar
jim stiet is in dief en in oplichter.’ De pear
minsken dy’t al risselwaasje makken om de seal
út te gean, bleauwen no stean om goed te hearren
wat se sei en hoe’t de sitewaasje him fierders
ûntjaan soe.
Desiderius krige ynienen in skok. De stim! Dat
wie syn karatefreondinne dy’t him dy wintermoarns
sa wreed de strjitte op skopt hie. De wreekjende
goadinne dy’t syn e-mail oan in eardere minnares
lêzen hie. En dy spruts de junk oan mei broer?
Die wiene fansels tegearre kommen om him te
ûntmaskerjen. Allinnich hie de junk himsels net
yn de macht hân en wie foarútgongen. Wat
in ramp allegear! Likegoed. Wêrom soene se har
leauwe? Noch wie de slach net ferlern.
Alle ûngelukken komme yn trijen. De doar
gie wer iepen en dêr kaam De Waal de seal
ynrinnen, notysjeboekje yn de hân. En doe in
flits: dy fotograaf Reker kaam achter him oan en
begûn daalks fotos te nimmen. Dit soe er net
útswitte kinne. Hy hie in falske identiteit
oannommen, minsken foar in
sollisitaasje mei leagens ôfbelle. Sels syn
freonen by de Rotary soene foar soksawat proletarysk as
bewiislêst omlizzen gean. Hy betocht him net
langer en rûn troch de syddoar de seal út.
Achter him flitste it dat it in aard hie. It liek wol
tonger, safolle fotos makke dy ferrekte fotograaf. De
oare
deis soe Desiderius wer yn de krante stean, diskear op
de foarpagina fan it Nijsblêd.
Desiderius draafde yn sân hasten oer de
gong. Fuort, fuort! Syn tiid wie foarby. Nee, syn tiid
HJIR wie foarby. Oare plakken soe er fine. Oare
beroppen. Oare minsken. Hy draafde en draafde. Hy seach
achterom. Seach er dêr it blau fan in
plysjeunifoarm? In man op de flecht is altyd wach, mar
syn fantasy giet ek namste makliker mei him op de rin.
Hy sloech linksôf. Hy wie no yn in tsjuster part
fan it gebou bedarre. Wêr wie dy ferdomde
útgong? Ynienen foel syn each op ien fan dy
griene buordsjes mei ‘Needútgong’
derop. Hy wrikte in izeren stang nei ûnderen en
trape doe in izeren doar iepen. Foarsichtich no die er
de doar achter him ticht.
Hy wie yn in lyts steechje. Sachtjes hearde er
fierderop ferkear, mar yn de steech wie it frijwat
stil. Boppe him stiene de kâlde stjerren yn in
koele oktobernacht. De hurde westenwyn hie de wolkens
wer efkes fuortjage. In opklearring fan in pear oeren.
It wie skrousk. Hy huvere. Troch syn tinne
kolbêrke fielde er de kjeld en it pikefel kaam
oant op ’e earmtakken. Syn stylfolle
‘Hensbury overcoat’, kocht op in
snobbersreiske nei London, hie er achterlitte moatten.
En dat allegear troch dy junk dy’t er bestellen
en dy syn suster dy't er naaid hie. Hoe wie it yn
’e jezusnamme mooglik? Dy foto yn ’e krante
hie it him fansels dien. Doe hiene se him werkend, of
ien fan beiden. En sy wurke by de universiteit. Of
miskien hiene se al by him thús west. Of hiene
se let op de middei De Flechtheuvel belle.
Wêr’t er wie en hie de
stazjêre-resepsjoniste sein dat er syn
lêzing foar fan ’e jûn yn it
Akademygebou tarette. Och, wat makke it noch út
hoe’t it gongen wie. Syn libben lei wer oan
diggels.
Hy rûn de steech út. Ta syn
fernuvering kaam er út yn de
Alde-Kijk-yn-’t-Jatstrjitte. Hy woe fluch troch
de Muurstrjitte nei de Nije Ebbingestrjitte rinne, en
doe nei de pinautomaat oan de Grutte Merk. Hy soe noch
fluch syn rekken leechpinne. Hy tocht net dat se syn
rekken al blokkeard hiene. Oars hie der ommers al
plysje te sjen west? En dy soe wier net tastean dat dy
junk by de arrestaasje oanwêzich wêze soe.
Nee, se moasten hastich en op eigen manneboet hannele
ha. Se hiene noch wol dy ferrekte sjoernalist
warskôge. Dat al. Hy skeanbille no troch de
Muurstrjitte. Ut en troch seach in grut healneaken
frommes him fan achter glês oan, wonk him nei
binnen ta. ‘No net, dames, no net,’
prommele er yn himsels.
Aansen de Nije Ebbinge yn en dan soe er syn
rekken ris efkes droechpinne. Och, it wie mar in
fraksje fan wat de Stichting behearde. En wat wie it
maksimale bedrach dat er pinne koe? Twatûzen? Hie
er net regele dat er oer mear beskikke koe? Of
koe er moarn ek nochris twatûzen inne? Soe
Benedictus him mei jild fan de Stichting skewiele
kinne? Nee, Benedictus soe der ek oan gean. At se de
saak fan de Oandielen foar Leafdiedichheid goed
ûndersochten soe al gau blike dat Benedictus him
hantlange. Of soe dy himsels derút kletse kinne?
Hy wie glêd, dy Benedictus.
Hy wie no hast oan de ein fan de Muurstrjitte.
De moanne blonk as in lilkaardich each yn ’e
himel. ‘God ziet U,’ tocht er. Mar folle
skuld fielde er net. Mear spyt oer hoe’t it
rûn wie. Hie syn idee De Flechtheuvel ek net
riker makke? Hie er net oan tûzenen junks wer
hope jûn? Jild jûn? En dan krekt dy iene,
dy moast him needlottich wurde. Altyd wat! Ut de skaden
makken har in pear meagere figueren los. Se hiene him
al by de jas beet, doe’t er wat yn de rekken
krige.
‘Dyn jild, keardel!’ lústere
de ien. De oar prate wat yn in frjemde East-Europeesk
oandwaande taal dy’t Desiderius net begriep, mar
de stiletto dy’t er iepen klikte, joech in
heldere oersetting anneks gearfetting. Syn portefeuille
waard kundich út syn binnenbûse helle,
en hy mocht fan geluk sprekke dat er mei in traap
ûnder syn reet de Ebbingestrjitte oprôle.
Hy kaam stinnend oerein wylst achter him de lûden
fan hastige fuortstappen ferstoaren. De blinkende
berneholtsjes fan de Muurstrjitte glinsteren en
sparkelen yn it moanneljocht, dat lilkaardiger as ea
liek te skinen.
Desiderius hie oars net as it faaie liif
derôf rêde kinnen, en de klean dy’t
er oan hie. Meikoarten soe de plysje om him sykje. Hy
waard wei yn de Noardlike oktobernacht. In amtner soe
tenei oer De Flechtheuvel regeare. De kening fan de
junks wie fan syn troan stjitten, en gie nije
aventueren temjitte.
*
|