Hidde Boersma


SCHRIJF JIJ OOK?

It rint tsjin tolven. It nije jier is der hast. It Fjoer Fan Siden en ik stean op in brêge op ’e Kloveniersburgwal en ha útsjoch op ’e Dam en op ’e Nieuwmarkt. De Weach is prachtich yn it ljocht setten troch de gemeente en it fjoerwurk fan ’e minsken makket der in soarte fan tjoenderstafriel fan. It Fjoer Fan Siden stiet nêst my te bearen hoe net te leauwen vadsig it wol net is, al dy fjoerpylken en knallen. En wat ha we in moai plak! Underweis nei dat prachtplak op ’e brêge wie it my opfallen hoe gemoedlik alle kleuren minsken trochinoar stienen en rûnen. Oarloch kin noch hiel fier fuort wêze, seker no’t de kweade geasten fuortjage wurde mei fjoerwurk.
  Nei tolven smoke It Fjoer Fan Siden en ik in joint. It stiicht my ta de holle en ik kear wat yn mysels. Dan ynienen hinget my in famke om ’e nekke. Foar It Fjoer stiet in oare. ‘Gelukkig nieuwjaar!’ roppe se. Ik wit neat te dwaan en jou it famke trije tuten. Ik wit neat te sizzen en it famke jout It Fjoer trije túten. Ik wol it twadde famke ek tútsje, mar myn maat stiet der tusken it oare famke te tútsjen. ‘Nu heb je in ieder geval vast je droomvriendin gehad in 2005!’ roppe se, en as in orkaan geane se wer fierder. We rinne dan mar nei de Nieuwmarkt en jeuzelje wat oer de famkes. Sa’n kâns, en dan sa skutterje. Ik fiel my in sleauwe sul. Ferdomde joint. ‘Ik ha dy blonde net iens tute,’ sis ik. ‘Ik ek net,’ seit It Fjoer. It falt dus ta, hoe sleau’t ik wie.
  We drinke in heale liter bier op ’e Nieuwmarkt en sjogge nei it fjoerwurk en de minsken. ‘Yo, we moatte dy kant út!’ seit It Fjoer ynienen. We ha om kertier foar ienen mei freonen ôfpraat foar de âlde Filmakademy op ’e Overtoom. Dêr is in feest en It Fjoer en ik hawwe de kaartsjes yn ’e bûse. De strjitten binne fol mei minsken en de stream giet beide kanten op. It Fjoer begjint te draven, want hy wol net te let komme. We slalomme en dûke om ’e kuierjende minsken hinne. We ha wille! Op tiid komme, kin my net safolle skele, mar ik fyn ’t in útdaging om it te prebearjen. Op it Leidseplein stiet in fyts op ús te wachtsjen. Hymjend docht It Fjoer it slot iepen. We springe op ’e fyts en ik begjin sa hurd mooglik te traapjen.
  Tsien minuten te let komme we oan by de âlde Filmakademy. De Keunstside fan It Fjoer Fan Siden stiet der al mei syn freondinne en syn net te omsilen buorjonge. Pas tweintich minuten letter komt de Grutte Rôver mei syn Spaanske proai. It is dúdlik dat we foar neat draafd ha, want we wachtsje op noch trije lju. Lokkich hat de Grutte Rôver bier en fjoerwurk by him. Jumping Jacks en Astronauten. As lytse jonkjes fermeitsje wy ús der mei. De Grutte Rôver syn Spaanske proai fertelt my dat it fjoerwurk eins net fan ’e Rôver is, mar dat sy it by fersin meinommen hat fan in plein. Doe’t se op wei soene nei it feest fergeat de Grutte Rôver syn plastic pûde mei bier. Doe pakte sy de pûde, mar ek de pûde dy’t der nêst stie. Dêryn siet it fjoerwurk.
  It rint tsjin twaen en we wurde ûngeduldich. We wachtsje noch hieltyd op ’e Beauty Kees, syn freondinne en syn maat. Twa oere giet de doar ticht, dat witte we. It is hast safier en we gean nei binnen. In donkere fint sil de doar ticht dwaan, en dan sjoch ik de Beauty Kees draven mei de tillefoan oan syn ear. Krekt op tiid.
  Binnendoar draaie se drumm ’n bass muziek. Ik gean nei de bar en bestel in pear pilskes. Ik sjoch dat ien fan ’e barfamkes in kettinkje as string oan hat en ik bin ûnder de yndruk. Bliksem! Ik krij it bier, it is lau. Dat is minder. Ik praat mei de minsken, dûnsje op ’e flier, drink bier, en úteinlik moat ik pisje. It húske is in pear treppen del. Op ’e weromreis sjoch ik in pear jonges graffity meitsjen op ’e muorre. It sil wol net meie, mar dêr gean ik net oer. Ik gean der by stean en jeuzelje wat. Dan draait ien fan harren him nei my om en freget: ‘Schrijf jij ook?’ ‘Ja,’ sis ik, ‘gedichten, ferhalen, essees, kollums…’ Hy sjocht my wat ferheard oan, draait de rêch nei my ta en skriuwt foar de safolste kear itselde wurd op ’e muorre.

(06-01-05)