|
|
Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra
18
It tafal woe, hoewol holpen troch in pear fan syn
masinaasjes, dat Desiderius de moandeis nei it wykein
sprekke moast. Hy wie útnoege foar de
publykslêzing. Publykslêzingen waarden
altyd holden tusken healwei sânen en acht oere,
op moandeis yn it Akademygebou fan de Universiteit. Dat
wie situearre yn de Broerstrjitte. Yn it ferline kaam
der net in protte publyk op ôf. Mar de
universiteit wie in publyksoffensyf begûn mei it
doel en lûk mear taharkers oan, sawol kwalitatyf
as kwantitatyf. Oan de kwalitative kant giene der no
ynvitaasjes nei parse en bedriuwslibben,
dêr’t de universiteit him yn de santiger
jierren amper om bekroade. En de sprekkers waarden no
gauris rekruteard út rûnten dy’t
nijsgjirrich foar de parse wiene. Oan de kwantitative
kant waarden studinten oanlutsen troch nei de
eigentlike lêzing fergees kofje, tee, droege
woarst, broadsjes en, yn ’e goedkeape tiid, sels
fruit oan te bieden. It fragestellen waard kombinearre
mei in hapke en wat te drinken, en dat joech it gehiel
in wat ynformeel en sosjaal karakter, oars as by in
stive sitlêzing it gefal is. Dêr kaam it
jongfolk mei graachte op ôf, beselskippe fan wat
ûndefinearbere eleminten dy’t mienskiplik
hiene dat se mear yn droege woarst as wurden
ynteresearre wiene.
Alsa wie de universiteit trou oan syn eigen
motto ‘Kwaliteit en kwantiteit’, ofwol
‘Kwantitas ante kwalitas’, lykas yn grutte
Latynske letters te lêzen wie boppe de yngong fan
it gebou. Twa grutske liuwen, byldhoud yn stien troch
in Italiaanske arsjitekt, holden de wacht boppe de
yngong, oan wjersiden fan de Latynske letters. Se hiene
de mûle iepen, dat it like as brulden se de
wrâld grutsk en driigjend dat motto ta.
Hoewol’t de powerpointlêzing taret
wie troch de ynformatikastazjêr, moat sein wurde
dat de tekst by Desiderius sels weikaam. Hy hie lykwols
de tekst moandei oerdeis noch behoarlik feroare, en
lange sitaten út it krante-artikel ynlaske. En
dy krantefoto fan him yn fol ornaat achter syn buro,
moast ek noch ynscand wurde en opnommen yn ’e
Powerpoint-presentaasje. Mar doe wie er der ek klear
foar.
Tafallich siet ik sels yn de seal. Ik studearre yn dy
tiid Ingelsk en Rjochten: Ingelsk om ’e nocht en
Rjochten foar it jild. Allinnich die al gau bliken dat
de kolleezjes fan beide fakken faak net al te
ûngelyk wiene. Allinnich wiene de boeken
dy’t je foar Ingelsk lêze moasten
nijsgjirriger as dy fan Rjochten. Ik hold dus op mei
myn stúdzje Ingelsk, mar gie wol troch mei it
lêzen fan Ingelske boeken. Al gau rjochte ik mei
in peare oare Rjochtenstudinten de Literêre Klub
op. Skande dat literatuerstudinten dêr noait op
kommen wiene. Mar dat is in oar ferhaal.
Ik wie in earme twaddejiersstudint. Us heit
fertsjinne krekt tefolle foar de rynske
stúdzjebeurzen dy’t studinten út de
legere miljeus taskikt waarden. Mar dy’t se
letter werombetelje moasten. En hy fertsjinne krekt te
min om my alle moannen in rynske talage oer te
meitsjen. Lykwols ha ik noait ûnder dy betreklike
earmoed lijd. Ik sparre op moandeitejûn dus in
waarmmiel út troch my fol te proppen mei
broadsjes op de publykslêzingen, en ik krige der
noch in lêzing op ta.
Doe’t Desiderius op it poadium kaam waard
it daalks stil yn de seal. Hy hie in magnetyske
oanwêzichheid. As er net tsjinsprutsen waard. Hy
koe dus better foar as fanút in seal prate. As
je fanút in seal prate, moatte je fjochtsje en
jins stim ferheffe om oan it wurd te bliuwen. As je
foar de seal steane, hoecht dat ûnder normale
omstannichheden net.
Mei syn kreas uterlik en knappe klean naam er de
seal daalks yn de besnijing. Hy helle in skyfke
út syn binnenbûse en fimele efkes by de
kast fan de kompjûter om dy’t de beamer
oanstjoerde.
In pûsterige jonge op de foarste rige
flústere him ta (ik koe it hearre want ik siet
ek foaroan): ‘Net yn de DVD-drive. It is in
skyfke.’
Desiderius systere werom: ‘Ferdomde
PC’s’, want hy hie ommers in MAC.
MAC-brûkers begripe neat fan PC’s, sa
brûkersfreonlik binne de MACS.
Efkes letter waard der in foto fan De
Flechtheuvel op de muorre projektearre. Desiderius
begûn syn ferhaal. It wie in prachtich ferhaal,
fol ideeën, persoanlike anekdoates en goed te
folgjen. It wie sprektaal, gjin skriuwtaal. De seal wie
lykwols net al te fol want Desiderius syn stjer wie
noch net sa ferneamd dat der minsken op syn namme
ôfkamen. Hy wie eins útnoege om in datum
op te foljen dêr’t se gjin sprekkers foar
hiene. Hy wie der tafallich achter kommen dat de
staazjekoördinator fan ynformatika ek de
publykslêzingen mei organisearre. Hy hie him
daalks oanmeld as sprekker. De koördinator hie net
sa happich west, mar nei wat oanhâlden fan
Desiderius hie er tasein dat er him op de reservelist
sette soe. En doe’t der in gatsje bliek te
wêzen, wie er sels bliid dat er Desiderius op
’e list set hie. En nei it artikel yn de
Sneinsbylage wie er alhiel net ûntefreden oer
dizze anonymus dy’t sa warber dwaande wie om de
status aparte fan anonymus te ûntflechtsjen en
opnommen te wurden yn in romrofte mediaselskip fan
Bekende Persoanen.
Desiderius prate warber troch. Hy makke sels
grapkes oer syn himsels, doe’t er de krantefoto
fan himsels mei de beamer op it projeksjeskerm sjen
liet. Dêr stie er yn syn moaiste pak, achter it
ikehouten buro. Troch it twa-by-twa meter rút
wie it útsjoch oer de Stêd noch te sjen.
‘Wy sille it fotomodel no mar
fuortklikke,’ besleat Desiderius.
Hy soe krekt de knop yndrukke doe't de doar fan
de Aula iepengie. Tafallich seach er it. Hy eage krekt
de seal oer. Fiifhûndert sitplakken, en dy foar
mear as de helte beset. In figuer mei in wylde bosk
hier kaam om de hoeke. Fansels wer sa’n
útfretter dy’t op de hapkes ôfkomt.
Miskien wol ien fan myn klantsjes, tocht Desiderius,
dy’t net wist hoe ticht as er by de wierheid wie.
De rûge swalkersman die in stap nei foaren en
stie doe as ferstienne. Syn each wie fallen op de
libbensgrutte ôfbylding fan Desiderius dy’t
troch de beamer op it skerm projektearre waard. Syn
mûle foel iepen.
‘Skurk!’ rôp er mei heaze stim
troch de seal. ‘Skurk! Do hast my bestellen by it
stasjon! Oplichter! Bedraaier! Smjunt!’
*
|