Ulke Brolsma


SIBIU (2)

Yn de trein nei Jasj hearde er foar it earst nei tsien jier wer Roemeensk. Roemenen kamen net yn de Russyske kampen. Allinnich mar Dútsers. Se hiene dochs fûleinich mei de Dútsers tsjin de Russen fochten.
  Foar him oer siet in boer mei syn frou. Se seagen hieltyd nei him, net stikem mar rjochtút, nijsgjirrich. Hy hie se yn it Roemeensk groete. De earste wurden kamen der yn ien kear út. Hy hoegde der nei by nei te tinken. Roemeensk wie er net ferleard
  ‘Wer komme jo wei?’ frege de boerinne.
  ‘Ik haw yn in fabryk yn Ruslân wurke.’
  Foarsichtich ynformearre er wat der yn Roemenië bard wie.
  ‘Wa sitte der hjoeddedei yn it regear?’ frege er, en: ‘Hoe is it mei kening Michael?’
  It wie oft er se stutsen hie. Se seine fuort hast neat mear.
  Fertelle dat je yn Ruslân wurke ha, is net ferstannich, ornearre Peter. En nei kening Michael frege is super ûnferstannich.

Hy wie feroare. It libben yn it kamp hie him hurde, hy hie leard om te fjuchtsjen. Belangrykste les: betrou nimmen, betrou allinnich dysels, it binne allegearre rotminsken. Se besochten him te pakken te nimmen, hy die itselde. De lêste jierren wiene se bang foar him. Peter wie in sterke man wurden. Hy koe it goed mei de tonge ôf mar ek mei syn fûsten.

Yn Sibiu wie it noch mar acht oere. De treinen sieten stampfol minsken op wei nei it wurk.
Syn fuotten wisten samar de wei nei it hûs fan de Näglers. Hy stuts de hân al út nei de bel, doe’t er it nammebuordsje lies: Victor Aftimiu.
  Hy skille.
  Victor Aftimiu  wist net wêr’t de Nägler tahâlden.
  ‘Ik wenje pas twa jier yn dit hûs.’
  ‘Nea wat heard oer de famylje Nägler?’
  Victor Aftimiu skodholle.
  ‘De minsken hjir rings omhinne bin ek hast allegearre nij. Nimmen dy’t der weet fan hat.’
  
Syn heit wie dea. Net yn Ruslân, mar gewoan thús stoarn.
  ‘Hy waard siik,’ fertelde syn mem him. ‘It wie longûntstekking.’
  ‘En Dieter, wêr is dy belâne?’
  Earst bleau it stil, mar doe wie it: ‘Ik wit net, hy is fuort tein en ik haw nea mear wat fan him heard. Der binne hjir hiel wat minsken fuortgien. Der waard heimsinnich oer dien. Minsken mochten it net witte. Dieter wie ek samar ferdwûn.’
  Wie dat belangryk foar him? Dieter, syn broer. Hie er faak oan him tocht yn Ruslân? As er earlik wie, nee. It like wol oft syn mem har dy ferdwining net al te bot te nei naam. Of se liet neat merkbite. It foel him op dat se hurder wie as tsien jier lyn.
  Syn mem  koe him net fertelle wat er mei de famylje Nägler bard wie. Of se woe it net sizze.
  ‘Se binne ôfset, samar. Nimmen hjir wit wêrom en wêr’t se hinne gien binne.’
  Hie se net begrepen dat hy yn it stee fan Marina, of better yn it stee fan har heit nei Ruslân tein wie? Syn mem skodde fan nee.
  ‘Hast it dus allegearre foar neat dien, Peter. Gjin minsk hjir hie der weet fan. Marina ek net.’


***

Werom yn Sibiu moast er der foar soargje dat syn libben administratyf op oarder kaam. Dat foel net ta foar immen dy’t yn Ruslân wurke hie, murk er al gau. Minsken seine it net sa tsjin him, mar hy fielde it boadskip: dy Russen ha dy net samar nei Ruslân stjoert, silst wol wat útheeft ha.
  Hy socht Hans Aichelburg op, miskien hie dy der weet fan wêr’t Marina keard wie. Hans hie in goeie baan, lid fan ’e kommunistyske partij. Hy wie der grutsk op. Net elkenien koe lid wurde, je moasten der wat foar dwaan, fertelde Hans. Peter wist noch hoe’t Hans eartiids op de kommunisten skelle koe. It like Peter net it ferstannichste momint om dêroer te begjinnen. Ek like it him net sa wiis om ris oer dy omke August te begjinnen, de man fan de Izeren
Garde.
  Fansels wist Hans dat Peter weet hie fan syn anti-kommunistyske hâlding, fan syn omke, fan de Izeren Garde. It joech Peter it gefoel fan macht. Mar Hans koe him neat fertelle oer Marina. Peter fielde dat er wol wat wist, mar dat er der gjin nocht oan hie om him dat by te bringen.
  Of makke er him dat sels wiis? Dat Marina it útmakke hie mei Hans en foar him keas, hy seach it doetiids as in triomf. No fûn er it berneftich fan himsels.
  Hans woe it allinnich mar hawwe oer de skoalletiid. ‘Wist noch fan dy fiten, dy’t we úthellen?’
  Sa waard der in protte lake en dronken, mar Marina bleau út sicht.

‘Witst do hjir yn Sibiu ek in baan foar my? Of as it yn in oar plak is, kin it my ek neat skele.’
  Dat lakerige fan Hans wie yn ien kear fuort.
  ‘Ik bin earlik. Tsien jier finzen yn Ruslân. Wy tinke dan: dat is gjin freon fan it folk. Gjin freon fan de partij. It is net maklik om foar dy in baantsje te finen.’
  Peter begriep wêr’t Hans op ta woe.
  ‘Hans, begryp my goed! Yn dy tsien jier yn Ruslân ha ik in protte neitocht. Myn konklúzje is dat foar Roemenië it kommunisme de iennichste oplossing is. Ik sjoch myn wurktiid yn Ruslân ek as in tiid dêr’t ik in bulte leard ha. It wie in foarrjocht om it allegearre sa fan tichteby te belibjen. It is dêr fansels hiel wat oars as hjir. Wy begjinne hjir noch mar krekt.’
  Hans seach him oan. Soe er  my yn ’e rekken hawwe?’ tocht Peter. Noch mar in skepke der boppe op.
  ‘It falt hjir yn Roemenië fansels ek net ta mei al dy reaksjonêren, fassisten, de Izeren Garde. Dy minsken ha my doe hindere om te begripen wat wichtich is foar it lân.’
  Fierder sei Peter neat. Hy hie omke Augustin en it ferline fan Hans efkes op it kleed brocht.
Nei in wike hie er in goeie baan op in masinefabryk.

Net elkenien wie fuort. Ion Miclea fertelde him dat der ek in protte Dútsers nei Boekarest ferhuze wiene. ‘Marina miskien ek wol. It soe my net fernuverje.’
  En doe wat betrouliker: ‘Elkenien hjir ken mekoar. Dat is net altyd like noflik, ek gefaarlik. Miskien dat se dêrom fuortgien binne. Yn alle gefallen komme se dan net sa gau frjemde dingen op it spoar.’
  Peter wie fernuvere. Hy hie nea in kwea wurd heard oer de heit fan Marina. Dat sei er ek tsjin Ion Miclea. Dy glimke:
  ‘Bisto der sa wis fan?’
  Yn de krante kaam er hieltyd faker de namme fan Hans Aichelburg tsjin, de nije stjer fan de Partij.
  Soms troffen se inoar.
  ‘Wolsto hjir net wei, út Sibiu?’ frege Hans, ‘ik wit dat der yn Brasov in moaie baan is. Kinst him krije asto wolst. Brasov hat hiel wat te bieden, mear as Sibiu tink ik.’

***

Peter wie der op yngien.
  Yn ’e hjerst kaam er yn Brasov te wenjen. Hy hie no hiel wat mear mei te tôgjen as doe’t er út Ruslân kaam. Hy hie gelok: guon oaren, dy’t krekt lykas him út Ruslân werom kamen, hiene it net maklik. In baan wie der hast net te krijen. En as der al wat foarhannen wie, dan altyd it minste wurk.
  De nije baan levere him hiel wat op. Alle bestellings foar nije traktors kamen op syn buro. Hy wie de man dy’t sizze mocht wa’t noch in heal jier wachtsje moast en wa net. Dy folchoarder koene je wizigje. Hy die it ek as se der him foar betellen.

Hy slagge deryn in lyts appartemint yn it sintrum te hieren yn in swier grut hûs, dat der al sa’n twahûndert jier stie. It hûs hie tsjokke muorren, it wie deeglik bout, echt Dútsk, tocht Peter grimmitich. Syn wenkeamer hie sicht op ’e tunen efter de huzen. Jûns hearde er it lûd fan bern, minsken dy’t laken, manljuslûden dy’t  er net ferstean koe. Hy fiele him hjir op syn plak.

Op in jûn wie er de katedraal fan Brasov yn gien. Yn  it portaal bleau er stean om it byldhouwurk te besjen. Ien ingelkop fûn er tige nijsgjirrich. Hy riek him út, gie foar de doar stean, oaren koenen sa hast net troch de doar. De doar gie iepen, hy murk dat der wat beweging wie. Hastich besocht in frou om him hinne te kommen, mar se botste tsjin him oan. De frou ekskusearre har. Peter draaide him om. Syn ekskús ferstoar. It wie Marina.
  Ien, twa minuten, hy wist letter net mear hoe lang, seagen se elkoar oan. Se besocht by him lâns te kommen, fuort te rinnen. Marina woe him net sjen. Hy gie foar har oer stean. Se die in stap tebek, hy pakte har mei ienen sa hurd by de pols fêst dat se it útraasde. Wiene der minsken? Peter draaide him om, de strjitte wie leech. Se wiene mei har twaen, allinnich de hilligen derboppe hiene weet fan dizze moeting.
  ‘Wêrom?’ stammere Peter. ‘Wêrom?’

***

Op it grutte 1 maaie plein fan Brasov sieten se op in bank, Marina sei neat. Hy besocht te praten oer doe. Oer no, wat se die, wêr’t se wenne, wie se troud?  Hy rattele in rige fragen ôf, alles wat er oer har ôftocht hie, alle wissichheden, alle ûnwissichheden. Hy woe no alles wite. Hy hie der rjucht op.
  Unwillich siet se dêr. Hast op de râne fan de bank, har skuon hie se yn it grint plante as woe se sa fuort.
  ‘Wist do dat ik tsien jier foar dy yn Ruslân siet?’
  Se knikte.
  ‘Werom bist dan net by ús mem lâns gien, wêrom hast it har net ferteld, wêrom hast dyn adres net oan ús mem jûn?’
  ‘Dat wie net mear nedich,’ sei se. ‘Dat hoegde net mear. Ik koe, ik woe dy net wer sjen.’
  It duzele Peter. Wie alles wat Marina him ferteld hie wol wier? Wie se wol nei de Russyske kommandopost gien? Hie se har wol opjûn as ferfangster foar har heit?
  Peter twifele. Wat hie Hans ek al wer sein, oer de sterke wil fan Marina? In Marina dy’t yn alles slagget, dy’t oeral har sin krijt. Wie de Marina fan tsien jier lyn wol de echte Marina? Hie er dat healjier libbe mei in fantasearre Marina, wylst de echte Marina sa oars wie?

  Hie se him brûkt? Hie se dêrom dy jûns sein dat se sa benaud wie om nei Ruslân te gean, benaud foar de Russyske soldaten. Bang foar in inkelde reis Ruslân. Se hie har earmen om him hinne slein, him tute, syn wang aaid.
  De ofsier op de Russyske kommandopost hie nea fan Marina heard. Hy wist it no, se hie him der ynluze. Op syn wurk wiene ferskate froulju dy’t wol wat mei him woene. Mei ien like him dat ek wol wat, hy hie it net dien, it wie ferrie oan Marina.

In pear moanne nei’t de Russen him meinamen, wiene se nei Brasov ôfreizge, dat hie er der by Marina útkrigen. Har heit wie twa jier lyn stoarn, har mem libbe noch. Mear woe Marina net sizzen. Se gie oerein.
  ‘Hjir moasten we it mar by litte,’ sei se.
  Hy kaam net efter har oan. Net direkt, krekt doe’t se de hoeke om wie, folge er har. Ut ’e fierte seach er dat se de poarte yngie fan sa’n grut steatlik hûs út ’e santjinde ieu. Hast krekt sa’n hûs as hy hie.
  Hy rûn der lâns. It hûs hie in grutte mienskiplike hal mei in aparte doar foar de koetsen. It wie der tsjuster. Yn de hoeke hong in list mei de nammen fan de bewenners. Efter ien derfan siet syn Marina. It wie te donker om wat te lêzen en ljocht wie der net.

Nei syn wurk gie er op ’e nij nei it hûs, wer gie er de hal yn. No koe er de nammen lêze. De hal hie fjouwer doarren. By elke doar stiene twa nammen. Dressler, lies er syn eigen efternamme. Of moast er har sykje efter sokke boardsjes mei nammen as Doinas, Stancu, Vasilescu?
  Hy belle oan by Dressler. Der kaam nimmen. Hy seach dat de doar oan stie. Hoeden rûn er de treppen op. Twa doarren kamen op it portaal út. By de iene doar stie gjin namme, by de oare in kaartsje mei Dressler. Hy kloppe, en noch in kear. Earne út de fierte kamen fuotstappen op de doar ta. De doar gie iepen. Dêr stie syn broer Dieter. Hy sei earst neat, krige in kaam, stammere.
  ‘Ik tocht silst ea komme.’
  Hy waard der net yn noege. Dieter bleau yn ’e doar stean. Peter waard breinroer.
  ‘Marina?’
  ‘Dy is yn ’e hûs.’
  Oan de hân fan syn broer wie in trouring. Dieter folge syn blik, mar sei neat. Peter treau him oan de kant en rûn it hûs yn, nei de keamer.
  Marina stie by de tafel.

No fertelde se wat er bard wie. Se wist dat er by de Russen wie, nei Ruslân gie, foar har. Syn âlden hie se ferteld dat Peter samar op strjitte meinaam wie.
  ‘Ik tocht, ik sjoch dy nea werom. Ruslân, dat wist elkenien, is in deafonnis. Dieter haw ik it wol  ferteld. Ik fûn him sa aardich, hy hat ús o sa holpen. Hy liket sa op dy, as ik him seach, as ik him hearde, wie der eat fan dy hiel ticht by my. Wist do dat jimme lûden sa op elkoar lykje? Ik woe dy, ik haw it dy sein. Ik miende it. Alles. Dy soe ik nea werom sjen, dêr wie ik wis fan. Ik woe dy, dêrom ha ik keazen foar him, foar Dieter. Dêrom binne wy troud. Ja, nee,  hoechst net sa nuver te sjen, Dieter wit it. Ik haw it him sein.’
  Dieter knikte, mar sei neat.
  ‘Hans Aichelburg hat Dieter op de ien of oare manier oan wurk holpen yn Brasov.’

Dieter gie neist Marina stean. Tegearre seagen se him oan. Ik, de yndringer, tocht Peter.
  ‘En wy bliuwe by elkoar,’ sei Dieter kalm.
  Marina knikte.
  Se hearden wat lûden bûten de doar.
 ‘Mem, mem,’ hy hearde in bernestim, in stimke dat er by him yn ’e hûs yn de fierte al sa faak heard hie.
  ‘Dêr is er,’ sei Marina.
  In jonkje fan amperoan 11 stoarme fleurich de keamer yn, mar stoppe, doe’t er in frjemde seach. Hy dûkte op syn mem ta, dy’t har hân op syn holle lei.
  ‘Hoe hjit er?’ frege Peter.
  Marina sei efkes neat mar doe sei se: ‘Peter.’

*

(4-1-2005 17:45)