Ulke Brolsma


SIBIU

De trein wie hast yn Sibiu. Peter koe de bergen werom, de heuvels, de buorkerijen. It like in dream dy’t nea ferdwûn wie. Gesichten, beammen, hy roek it krekt meande gers. Eartiids hie er hjir libbe, hie er mei syn freonen tochten yn de bergen makke, wie er dronken west. In earste kear en doe nea wer. Wêr wiene de barakken, it prikkeltried? Yn it kamp woe it him net oan dat der ea in oare Peter bestien hie. 
  Yn de trein hearde er de kadâns fan tsjillen oer de rails. Mei eltse klik kaam Sibiu wer tichterby. Hoe lang is sa’n stik rails? Tweintich, tritich meter? Hoe lang soe er dizze kadâns noch hearre moatte foardat de trein stoppe yn Sibiu?
  Der soe wol wat feroare wêze yn de stêd. Aanst rûn er wer lâns dy âlde betroude huzen en gebouwen  krekt as tsien jier lyn. Hy parse de holle tsjin it rút om better te sjen. Noch trije oeren? Dan seach er syn heit, mem en al dy oaren werom. Soe Marina der noch wêze?
  In boer rûn fredich efter de ko, seach de trein en winke. Peter stuts de hân op. De earste kear dat immen him yn Roemenië groete. Nei wa soe er it earst gean? Nei Marina of syn âlden. Hy fielde in kramp yn syn bûk. De minsken  tsjinoer him moasten it merke dat er senuweftich, sa spant, wie. Hy stelde him foar dat er in fjoerreade kop hie. Switte er?  Hy fege sûnder erch oer syn foarholle, nee, hy hie him fersind, syn hûd wie sa droech as koark.

Twa dagen lyn, by in Roemeensk-Russysk grinsstedsje, moast elkenien de trein út, hy ek. De trein gie net fierder. Hy  seach hoe’t ‘syn’ trein troch in lytse lokomotyf fuortlutsen waard. De  reizgers rûnen nei de útgong. Hy koe der efteroan rinne, him oanslute, hjir yn Ruslân bliuwe. Dy gedachte duorre mar in sekonde. Wat moast er hjir noch yn dit lân? Om te oerlibjen hie er de taal leard. Hy spriek it no as in Rus. Miskien in hiel licht aksint. As je goed Russysk sprieken kamen de bewakers je earder temjitte. 

Hy socht nei in trein mei bestimming Roemenië. It stasjon wie, op twa lokomotiven nei, leech. Twa donkere blokken stiel, triljend yn de hite ferlittenens. Op in oar stee stiene in pear rustreade frachtwagons folplakt mei ôfskuorde biljetten, bestimmings fan lang lyn.
  Soe der echt in trein komme dy’t him meinaam nei Roemenië? Peter fielde de hite loft dy’t  as in tekken oer him hinne loek. Hy switfaaide, no kamen der ek switdripkes op ’e boppekant fan syn hân. Lytse wite blaaskes op syn blauwe ieren. Hy rûn stadich nei it stasjonsgebou. Dêr moasten se witte wannear de trein nei Jasj ôfreizge. It wie deastil. Allinnich de imerkes songen folút. De minsken sieten yn ’e hûs, fier by de sinnebrân wei.
  Wat moast er aanst? Tsien jier lang wie him ferteld wat er te dwaan of te litten hie. It iten, sliepen, it derôf gean. Alles. It wie der mei fûsten, stikken hout en skoppen yndruid. No stie er hjirre mei alles wat er besiet yn ien lyts bondeltsje. Syn wurk: boetedwaning. De beleaning: dat er noch yn libben wie. Syn misdied? Soan fan Dútske âlden. Alle Dútsers wiene fout, fûnen de Russen. It makke harren neat út oft it de Dútsers wiene dy’t Ruslân oanfoelen of de Dútsers dy’t sûnt ieuwen yn Roemenië wennen. Dútsers, wêr’t se ek wei kamen, se doogden net, it wiene misdiedigers.
  Mei tûzenen stiene se moarns op it grutte fjild foar de barakken. Oeren wachtsje yn ’e snie. De sinne skynde oer al dy grize mannen. Se waarden útskolden. De bewakers hâlden ferhaal foar harren fermoarde famylje, freonen, útbaarnde doarpen, fjoerpeletons. Se raasden it út, de stimming waard grimmitich. Allegeare wisten se: no komt it. En doe: guon bewakers fleagen de Dútsers oan, sleepten samar immen der út, sloegen de man yn elkoar. It bloed spatte sa ljocht op it wite snietek. Ien, twa, soms wol tsien man waarden op sa’n moarn pakt. Net elkenien bleau yn libben. Alle kearen wer koene se him der ek sa úthelje. Hy besocht nea nei de bewakers te sjen. Bang dat se him dan ek seagen.
  Hie hy wat te krijen mei de Dútske ynvaazje yn Ruslân? Op dat stuit wie hy noch mar 15. Mei de Dútsers fan Hitler hie er gjin gedoente. Fansels, hy hie ek sjoen hoe’t it Dútske leger troch Sibiu marsjearde. Mei syn freonen stienen se fol bewûndering oan ’e kant fan ’e dyk te sjen nei al dy frachtweinen, de tanks, de kanonnen, de marsjearende rezjiminten. Alles seach der folle better út as it eigen Roemeenske leger. De perfekte manier sa’t de Dútsers alles organisearren. Hy en syn freonen makken faak grappen oer Roemenen en it keninklike Roemeenske leger. Kweadaardige grappen, want elkenien wist hoe’t it der om en ta gie.
  It doarre twa moannen, doe waard de earste Dútser yn Sibiu oppakt. De Russen wiene de baas yn de stêd. Hiene de Roemenen der mei fan te krijen? Wraak op dy skamperjende Roemeenske Dútsers?
  Minsken waarden samar wei. De iene dei kaam er immen op strjitte tsjin en de oare deis wie er der net mear. Der waard flústere. Hy hearde nammen fan ferrieders.
  De lju doarden neat te sizzen, it wie oeral swijen, eangst, minsken ûntweken syn fragen. Der waard flústere oer Jacob Wasserman. Hy soe de helper fan de Russen wêze, dizze âld kommunist. Yn it ferline hie de Roemeenske plysje him faak oppakt.
  Wasserman soe ferklappe wa’t de Dútskers holpen hiene. Hy wie de man fan de swarte liste. It wie in riedsel wat de Russen yn it foar hiene mei harren finzenen. Miskien wiene se al lang dea. Fusillearre. Syn mem hiet him net nei by famyljes oer de flier te kommen dêr’t immen , in heit, in broer, oppakt wie. As immen him dêr seach... ‘Gean se út ’e wei,’ sei syn mem. ‘Asto se tsjinkomst, giest mar oan ’e oare kant fan ’e dyk rinnen.’

Dat it him ek oerkomme koe, kaam net by him op. Hy hie yn de oarlochsjierren nimmen wat dien, nimmen ferret. Hy hie ek net fochten yn it Roemeenske leger tsjin de Russen, hie de Dútske Wehrmacht nea holpen.
  Syn heit wie yn de oarloch wol in heal jier yn Hongarije west en dernei ek en noch ferskate kearen op ’e nij. Peter en syn broer Dieter wisten net wat er dêr dien hie.
  Nei’t de Russen foar hear en master opsleine, feroare der fan alles. Syn heit wurke op in timmerfabryk. Der kaam samar in ein oan. Untslein. Wêrom? Hy woe der neat oer sizze, syn mem ek net. Foar dy tiid koe it wurk fan syn heit him net safolle skele. It wie allegearre sa gewoan, it hearde der by. In heit dy’t alle moarnen nei it wurk giet en jûns werom komt. Dat ritme hearde by syn libben. No wie it oer. Heit siet yn ’e hûs. Hy wie nea in prater west. No sei er neat mear.

De  imerkes songen. Net ien of twa, mar hûnderten. Miskien wol tûzenen. It lûd kaam yn weagen oer him hinne. Tichteby, fier ôf,  it tsjirpjen wie oeral.
  It stasjon hie in hal mei in houten flier. Peter rûn nei it loket. De romte efter it mei stielen buizen barrikadearre rút wie leech. Yn it midden stie in buro en by de muorre lâns in galerij met grutte glânzjende hefbomen,  ornearre om de seinen te betsjinjen.
  Boppe-op ien fan de speaken seach er in unifoarmpet. Peter kloppe ferskate kearen op it rút fan it loket. Der kaam nimmen.
  Nei’t er wat wetter dronken hie, gie er op in bank lizzen yn it skaad fan in beam. Doe’t er wekker waard, wie de sinne hast al fuort. Der rûnen wat minsken op ’e perrons. In man mei de pet fan saniis fertelde him dat syn trein fannacht kaam.
  Hoe let?  De man hâlde it op tsien oere.
  De man wie nofteren en hoflik. Gjin ferfelende opmerkingen oer Dútsers, hy besocht him net te yntimidearjen, sa as er dat tsien jier wend wie fan Russen.

Tsjin tsienen kaam der noch in groepke reizgers nei it stasjon, ek ûnderweis nei Roemenië.  Hy hearde in pear mannen Roemeensk mei elkoar praten, de oaren wiene Russen.
  Peter wist hast neat oer wat der de lêste tsien jier bard wie yn Roemenië, en al hielendal net hoe’t it der by him thús by stie. Se gisten der yn it kamp nei, want post krigen se net. Wie Roemenië no miskien in Russyske provinsje mei in Russyske Kommissaris as haad? Fansels,  hy koe it se freegje, mar dan wisten sy ek dat hy in man mei in aparte histoarje wie. As se fan him witte woene wêr’t hy west hie, moast er sizze dat er tsien jier yn in Russysk strafkamp tahâlden hie. Dat like him net ferstannich.

Bitter tocht er werom oan dy ferlerne jierren. Wêrom wie er gien? En dan ek noch frijwillich.
Marina, dêr wie it mei begûn. Marina wie foar him eartiids mar in stipke yn ’e fierte. Op skoalle besocht er kontakt te krijen mei Dora, Christina en noch in pear fammen. It waard nea wat. Hy wist net krekt hoe’t er it oanlizze moast as er harren moete. Hoe litte je merke dat je wat wolle? Meitsje je je dan net freeslik bespotlik? Soene se him net útlaitsje? Hy fûn it frjemd, wist faak net wat er sizze moast. Bernhard hie him al ris sein, dat er frijgesel bliuwe soe. Peter hie it idee dat syn freonen in bytsje de gek mei him hienen. Peter, de man dy’t sa graach wol, mar nearne slagget. Dat makke him noch senuweftiger.
  Christina hie betiden wol belangstelling foar him, tocht er. By it museum hie er har in kear moete. Seach hoe’t se rjucht op him ôfkaam. Hy woe har oansjen, har groetsje, mar yn stee ynspektearre er it mosk op in tegel. Underwilen kaam se hieltyd tichter by, hy woe wat sizze, it kloppe yn syn hals, se wie noch in meter fan him ôf. Hy tocht dat Christina him somber, in bytsje wrokkich oan seach, oft der wat mis mei him wie. Hy mompele in groet, wylst er krekt noch fan doel west hie om mei har in petear te begjinnen. Se wiene elkoar al pasearre, it momint wie foarby, Peter rûn troch, seach noch efterom oft sy har miskien ek omdraaide en nei him seach.
  Neat.

Marina koe er al lang, Se siet yn in parallelklasse. Harren iennichste omgong wie yn in groep mei in stel oaren. Se siet op deselde skoalle, itselde jier, dat wie it wol sawat. Marina hie in freon, Hans Aichelburg, se wiene al in jier sa’n bekend skoallepearke. Peter hie se jûns wolris moete, de hannen om elkoar hinne, hy glimke en sy seach nei boppe, nei de holle mei dat ljochte hier. Hans en Marina hiene der gjin weet fan dat hy bestie.
  Op in jûn siet er yn ’e bioskoop. Der wiene mear minsken fan skoalle. Tegearre mei Ulrich en Wolf sier er op de tsiende rij. Twa rijen foar him sieten Simona, Anna, Alice en Marina. Yn it skoft  winke er,  doe’t Marina syn kant útseach. Se lake en rûn op him ta. De fuotten kamen oer it reade fersliten kleed op him ta. Marina prate tsjin him, hy hearde har lûd, se hie it oer de film, mar Peter ferstie it net. Hy seach de mûle bewegen, hearde lûden. Fansels hie er wat werom sein, mar wat wist er net mear. Wat soe se fan my tinke? In heale doarpsidioat, in senuweftige puber?

It wie hast moarn, de trein wie ûnderweis nei Sibiu, nei Marina. Se wist net dat er kaam. Hoe faak hie er net fantasearre oer dit momint. Har samar op ’e dyk treffe, of soe er by har oan de doar skilje en dan soe de doar... Wat soe se tsjin him sizze? Ek dêroer hie er sa faak yn it kamp fantasearre. It einige der altyd mei dat er har tsjin him oandrukte, har boarsten soe er fûleinich tsjin syn boarst drukke. Syn mûle soe har hals, har lippen, har hûd fiele. Soe se noch itselde parfum brûke, de geur dy’t er yn it kamp sabeare besocht op te sûgjen? Har hier soe oer syn gesicht strike, dat lange donkere hier mei de geur dêr’t er noch sa goed weet fan hie. Soe hy har wol sjen? Wie er der wol sa wis fan?Werom soe se  tsien jier op him wachtsje? Nimmen koe witte oft er ea weromkomme soe. Miskien tocht se dat er allang dea  wie.
  
Miskien fûn se him dy jûn yn de bioskoop just wol aardich om’t er him sa knoffelich hâlde. Se makken in ôfspraak foar de oare dei. En noch mear.
  ‘En Hans? Is ’t út?’
  ‘Ja, ik hie der al lang gjin aardichheid mear oan. Earst wol, mar it waard stadichoan minder. Hy woe trochgean. Ik net.’
  As er Hans yn de stêd trof,  moast er nei de earmen, nei dy hannen sjen. Hiene dy hannen deselde ferkenningen útfierd?
  ‘Hans syn famylje sit nochal by de Izeren Garde. Hans is der ek fol fan. In omke fan him is  yn Brasov de baas fan ’t spul.’
  Peter wist wat de Izeren Garde útheefde. Yn Boekarest hiene se joaden yn in slachthûs oan haken ophongen.
  ‘Dy omke hat him ek heech, wol dat Hans derby komt, miskien rint er al yn dat unifoarm. Ik ha it tsjinhâlden. No kin it my net mear skele wat er docht.’
  Peter moete Hans in kear op in brêge. Hans gnyske in bytsje, se hiene efkes mei elkoar praat. Oer Marina waard net praat. By Peter wie neat te merkbiten fan wrok.

Syn freonen seagen him mei Marina rinnen. Dat joech him selsbetrouwen. De eangst foar dy priemjende, spottende eagen efter syn rêch ferdwûn.
  De wei nei har hûs koe er dreame, hy wist it tal stappen eksakt. By it krús foar de ortodokse tsjerke wiene it noch 434 stappen. By alle stappen tocht er oan har. Hoe’t se har hannen op syn billen lei. Hy koe it de earste wiken net leauwe dat dit him oerkaam. Al dy jûnen yn it park. Hy wist ek dat it gefaarlik wie wat se diene. Mar litte woene se it beide net.
  De takomst, dêr wie er wis fan. Hy soe mei Marina trouwe.
  ‘Do wurdst myn frou,’ hie er har yn ’t ear flústere. Hy fielde hoe’t se tsjin him opkroep. Dat  waarme lichem sa deun tsjin him oan.
  Hy sei it wer: ‘Do wurdst myn frou.’ Se likke syn boppelippe.
  ‘Dat wol ik ek.’
  Syn freonen fregen him nei syn ûnderfinings mei Marina. Hy fertelde neat. Hy wist noch hoe’t dy oaren opsnijden oer wat se útheefden mei harren freondinnen. Peter woe net opskeppe. Hy koe it net iens, it wie te moai.

Der waarden hieltyd mear minsken wei. Der waard no wol oer praat, it wiene tefolle. Hy hearde ferhalen, mar harke net echt, it wie oft hy der neat mei te krijen hie. Hy en Marina. Wat der fierders yn Sibiu barde, it koe him net skele.
  Dizze jûn soe er har wer sjen, dat wie belangryk.
  By Marina yn ’e hûs wie der ek eangst. Har heit hie net foar de Wehrmacht wurke, hy hie in grientehannel yn it sintrum fan Sibiu.
  ‘Us heit nimme se net mei. Wat hat de man dien? Ja, wolris in Dútser in appel ferkocht. Dat is dochs net slim? Of tinksto...?’
  ‘Nee, as der immen ûnskuldich is, dan is it jimme heit wol.’
  ‘Moarntejûn kom ik net, ik moat ús heit helpe mei wat timmerwurk.’
  Se seach him oan.
  Dy hat spyt yn de eagen,  tocht er. Dat kin se ek yn myn eagen sjen wist er.
  ‘Woansdei, dan bin ik er wer.’

It die bliken dat it net sa’n protte wurk wie. Der wie noch tiid genôch om in loopke te meitsjen nei it hûs fan de famylje Nägler.
  Marina liet him deryn. Yn de wenkeamer sieten har men en heit. Har mem hie krekt gûld, koe er sjen. Marina har heit siet der hielendal ferslein by.
  Marina gie oerein, pakte him by de mouwe en naam him mei nei de gong.
  ‘Us heit moat nei Ruslân ta. Roemeenske plysjemannen hawwe hjir fan ’e middei west. Hy moat oaremoarn op reis. Se ha sein dat er foar de Russen wurkje moat. Dútsers moatte yn Ruslân wer opbouwe.’
  ‘Dat kin dy man nea,’ sei Peter.
  ‘Hy is te swak. Dat oerlibbet er net.’
  Hy hie fan alles mei har bepraat, har heit ûnderdûke te litten, him ferstopje. Se kamen der net út.
  Thús fertelde er it nijs.
  ‘Wannear sil Thomas Nägler op reis?’ frege syn heit.
  ‘Oaremoarn, heit. Tinkt heit dat se hjir ek oan de doar komme?’
  Syn heit grommele wat. Peter wist net wat er bedoelde, miskien wie er no ek echt bang.

De blêden oan ’e beammen yn Sibiu hiene in felle, frisgriene kleur. It wie foarjier. Krekt oft der immen mei in ferfkwaste oerhinne west hat, tocht Peter.
  Dy skoalle, it koe him neat mear skele, Marina har heit, dat wie wichtich. Hy gong moarns mei ienen wer nei it hûs. Marina wie fuort.
  ‘Se is nei de Russyske kommandant om foar my in it plak te gean,’ sei har heit.
  ‘En jo fine dat goed!’ sei Peter fûl.
  ‘Nee, wis net, dat oerlibbet se net. Ik ek net, mar ik bin al âld. Ik ha al in flink part fan it libben hân. Sy en...,’  hy seach him rjocht yn de eagen, ‘jimme hawwe noch in hiel libben. Ik haw it har ferbean.’
  Peter rûn nei de kommandopost fan de Russen yn Sibiu. Hy seach har net. Wa wit, hiene se har al meinaam, wie se ûnderweis nei Siberië.
  Om’t er oars ek gjin oar plak betinke koe, gie er mar werom nei har hûs. Dêr wie Marina ek.
  ‘It is slagge, ik mei foar ús heit yn it plak.’
  ‘Hoe lang bliuwst yn Ruslân, hawwe se dat sein?’
  ‘Ik wit it net, hjir yn Sibiu ha se dêr neat mei te krijen. Dat sizze se.’
  ‘Wat in ûnsin,’ sei Peter.
  ‘Peter, ik wol efkes allinnich wêze mei ús heit, kom moarnier asjeblyft werom.’

Moarns wist Peter wat er dwaan moast. Him opjaan as ferfanger fan Marina, ferfanger foar har heit. Hy gie daliks nei de Russyske kommandopost. Sei dat Marina Nägler hjir krekt juster  west wie om har heit te ferfangen. Twa man sieten der yn de keamer. Ien efter it buro, de oare yn de hoeke. De man efter it buro notearre alles.
  ‘Moarnier om njoggen oere hjir melde.’
  Hy hie syn âlden neat ferteld. Marina ek net. Dy soene alles dwaan om de saak te kearen.
Njoggen oere stie er wer foar itselde buro mei deselde man derefter. In healoere letter wie er yn in legerwein ûnderweis nei it stasjon, nei in transporttrein mei noch mear Dútsers. Ree foar Ruslân.
  Hy hie neat by him, gjin klean, gjin iten.
  Hy hie Marina in koart briefke skreaun, dat se pas krige as hy al lang ûnderweis wie.

*

(Twadde part oer twa wike.)