|
|
Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra
KENING FAN DE JUNKS 17
In pear dagen letter krige Desiderius de
konsepttekst fan it artikel dat yn de Sneonsbylage fan
it Nijsblêd ferskine soe. Mei triljende hantsjes
makke er de slúf iepen en lies it ferslach in
pear kear hastich troch. Hieltyd breder glimke er. Dat
like derop! Hy hie eins mar ien korreksje. It sintsje
‘hy wie direkteur fan de ôffalferwurking te
Swol’ feroare er yn ‘Hy wie earder yn Swol
wurksum’, en hy skreau der as sabeare
ekskús by ‘Om redenen fan imago’.
Dêr hiene sjoernalisten almeast wol begrip foar.
Hied er net al oanjûn dat er him wat skamme hie
foar dat baantsje, dat it in middel west hie om
út Belgysk Kongo wei wer yn Nederlân te
bedarjen? No dan!
Op de sneon dat it artikel útkomme soe, wie er
al der al ier en betiid ôf. Hoe let wie de
supermerk iepen? Healwei njoggenen. Hy seach ta it
rút út. It wie bewolke. It moaie waar wie
oer. In stil, bewolke, wynleas waar kundige de oergong
oan nei rûger hjerstwaar mei rein en stoarm. It
wie wylst al mids oktober. De earste blêden
foelen fan 'e beammen. Doe't er yn de supermerk
wie, stode er daalks nei de kranten ta, in
winkelkuorke ûnder de earm want der moast ek
bôle komme. Hy eage fluch de krantestandert op en
del. Gjin Nijsblêd. Hy frege oan in
kassjêre oft it Nijsblêd der noch net wie.
It andert kaam fluggernôch: ‘Nee, dy komt
fan 'e middei pas.’ Ferduld, dêr hie er net
op sind. It Nijsblêd wie in middeiskrante, dy't
pas nei in oere as alve yn de supermerken en
boekhandels lei. De besoarging oan hûs wie noch
letter.
Dy moarns koe er it net rjocht fine. Hy dangele wat om
hûs hinne. Hy belle Benedictus, mar dy naam net
op. Wie grif by in freondinne de snein oer. Hy liet
sels yn him omgean om it gers mar te meanen, hoewol't
er dêr ien foar hie. Mar by einsluten skrok it
idee fan echt wurk, mei de hannen, him dochs ôf.
Sels Ynternet koe him no net befredigje.
Om kertier oer alven wie er wer yn de supermerk en
tearde daalks de Sneinsbylage iepen. Blêdzje,
blêdzje, ja, dêr wie er al. Paginabreed in
foto fan himsels yn fol ornaat. Prachtich, prachtich.
Wat stie er der moai op. Myld en dochs beret. Flot en
kreatyf. In moderne direkteur dy't derfoar gong. En
dêrûnder de tekst. Mei dêryn ek de
nammen fan de organisaasjes dy't al Oandielen yn
Leafdiedichheid ôfnommen hiene. Dy krigen no ek
waar foar har jild. Syn hiele kredo dat de hegerein him
wer bekroadzje moast om de legerein en oarsom stie
deryn, en syn inisjatyf om dat yn de praktyk te
bringen. Nee, mar! Fantastysk.
Hy naam de krante mei nei hûs en lies dêr
de tekst noch in pear kear foar. Dat moast op de
webside fan De Flechtheuvel. Hy soe der moandei daalks
wurk fan meitsje, as dy stazjêr fan Ynformatika
noch hieltiten by har omrûn.
De moandeis op it wurk waard er troch al syn
ûnderskikten oansprutsen oer it loovjende artikel
yn it Nijsblêd. Fansels, achter syn rêch
waard wol rabbe oer hoe 'n dandy as er wie, en wat in
egotripper. Mar de algemiene teneur wie dochs dat dit
in goed saak wie foar de Soarchynstelling en foar de
helpbehoevenden. It folk wie wer ris wiisd op de neden
fan de swakken. De ynstelling hie him profilearre.
Wethâlders liezen by einsluten ek de krante, en
soene har wurk wis wol wurdearje. In inkelde pessimist
wiisde op it risiko fan ekstra besunigingen no't de
gemeente yn ‘e rekken hie dat De Flechtheuvel
ekstra ynkomsten oanboarre hie. Mar de measten hiene
noch wol safolle betrouwen yn ‘e autoriteiten dat
se tochten dat soks net gau barre soe.
Doe't er tusken de middeis op de golfklub wie, waard
der ek in protte fûstke en praat fan lokwinske,
en dat hast moai foarinoar krigen. Sels it
yntellektuele part fan de (regionale) naasje wie te
sprekken oer de aktiviteiten dy't de kleau tusken
hegerein en legerein, junks en folk wer tichtsje moast.
Hy moast dyselde deis noch op de Regionale
Omrop Noard ferskine, en dat die er mei leafde. De
lanlike media krigen der lucht fan. Al gau waard er
troch Jan Pulver ûnder fjoer nommen yn in goed
besjoen sportprogramma. Mar Desiderius glide troch alle
krityske fragen hinne. Oeral hie er in antwurd op. Twa
heechleararen debattearren oer de ekonomyske en etyske
kant fan de saak. Hy waard efkes bekend yn
Nederlân. De Stichting die goede saken.
Desiderius en Benedictus hiene der no wol klauwen oan
om alle bedriuwen en organisaasjes dy't kontakt sochten
fan tsjinst te wêzen.
Se lutsen noch in pear stazjêres oan
foar it tariedende wurk, en kamen sels fanwegen as de
saken serieus lieken te wurden. Oan syn eigentlike
bestjoerswurk as direkteur fan de Flechtheuvel kaam er
no amper ta. Mar foelen de belangen fan De Flechtheuvel
eins net gear mei dy fan de Stichting? No dan! It wie
"booming business". Oandielen waarden ferkocht, jild
kaam yn, jild waard ynvestearre, stazjêres makken
in glossy jierrapport oer de ynkomsten en
súksessen fan de Stichting en der wie in protte
omtinken foar de nije dependance op it Yndustryterrein.
Want dat moast de jildsjitters yn it sin bringe
wêr't se foar betellen.
It hie hast wol wat wei fan sjantaazje, tocht
Desiderius yn in filosofyske stimming. Mar wie al it
saken dwaan net in subtile foarm fan sjantaazje? De
jildsjitters wiene wylst bliid mei de positive
publisiteit, bliid mei it feit dat der gjin dependance
yn in goede buert kaam en bliid dat se jild
ôflûke koene fan de belêstingen. It
dividend, de winst út de belizzingen soe oan de
ein fan it jier útkeard wurde, fia in BV dy't
lieard wie oan de Stichting. Dy kant fan de saak waard
regele troch de boekhâlder, Dominicus.
Boekhâlder Dominicus en direkteur Desiderius
wiene beide yn tsjinst fan de Stichting en lieten har
der goed foar betelje. Neat gjin leafdiedichheid! Jild
moast der komme foar de twa drege bodders. Dat de
mannen hiene it aardich foarinoar. Tochten se.
|