|
|
Anne Koopmans
GESELLICH
Om mear as ien reden soe ik wol in stiklbaarch
wêze wolle. Mar de wichtichste dêrfan soe
doch wêze dat ik dan winterdeis wat sliepe koe.
Want stikelbargen hâlde in wintersliep en dat
laket my ek bot ta. Net dat ik in hekel oan ’e
winter ha. Dat net. It hoegde om my ek net sa lang te
duorjen as by stikelbargen, mar sa fan heal novimber
ôf oant lit ús sizze heal jannewaris ta.
En mocht der yntiid al iis komme, dan even fan’t
bêd ôf om te riden. Sa sawat. Begjin
novimber hie ik al in heal doaskefol kadofolders
by’t âld papier stean. It begûn eins
al fuortdaliks nei de hjerstfakânsje. Doe seach
ik yn de Ljouwerter krante in advertinsje fan in
restaurant, dêr’t jo it krystdiner
alfêst besprekke koenen. Noch net mei klokken en
bellen der omhinne, mar it stie der dan doch mar. Ik
krige doe fuort al wat in frjemd gefoel yn ’e
mage. It sie fan ûngerêstens wie yn my
siedde en yn ’e dagen dêrnei fielde ik it
opkommen as fitergers yn in blomperk. It ûnwaar
fan geselligens wie kommendewei. Der wie noch neat te
sjen, mar it boldere al yn ’e fierte. Ik soe
sa’n man dy’t healwei oktober it krystmiel
bestelt, wolris sjen wolle. Of eins is dat ek net
noadich, ik kin him sa ek wol foar my krije. Jûns
komt er thús en seit tsjin ’e frou:
‘Ik ha fan’e middei it krystdiner
alfêst mar besteld, hear.’
‘Och jonge, mar wy krije earst sinteklaas
ommers noch.’
‘O ja. No ja.’
‘Of dogge wy dêr fan ’t jier
net oan?’
‘Lit ús dêr fan ’t jier
mar net oan dwaan. Dan krigest mei de krystdagen wol
wat. Wat wolst graach ha?’
Oer in dei as wat komt Sinteklaas oan. Dat is
net slim. Wat wol slim is, dat ik fan dy dei ôf
net mear yn wat gruttere plakken as Drachen en sa
ferkeare kin, omdat oeral, út alle hoeken en
hernen wei, in bernekoar fol sinteklazeferskes oer my
útstruid wurdt en yn hast alle strjitten wol ien
of oare figuer mei in pluk watten om ’t kin my
trije pipernuten of in folder ta ha wol. En dêr
dan noch al dy poerhaastige minsken by, dy’t mei
de skrik en de wanhope yn’e eagen, mei in
bûsfol jild de iene winkel út- en de oare
ynstowe en oeral yn omskuorre en klauwe, as wie
’t de lêste dei foar de oarloch. As de man
fan niis op 5 desimber middeis thúskomt te iten,
seit syn frou:
‘Moatst it mar net slim fine, mar ik ha
doch in pear lytse pakjes foar dy kocht. Oars is
’t ek sa keal.’
‘Mar wy hienen doch
ôfpraat…’
‘No ja, toe no mar.’
‘Och leave, dat hiest no net dwaan
moatten, want ik ha neat.’
Om fjouwer oere giet sa’n man nei in
winkel fol stofsûgers en strykizers en set
jûns om sân oere in mânsk pak
op’e tafel, dêr’t in keukenmasine, in
elektrise messesliper en nòch in ding
dêr’t se neat mei kin útkomme. Plus
trije garânsjebewizen en in gedicht op papier fan
de saak:
De Sint zat te denken
Wat hij jou zou schenken…
Om acht oere sit er foar de tillevyzje mei in nije
strik en twa nije bûsdoeken, om njoggen oere is
er mislik fan ’e sûkeladeletter en hellet
de Beerenburg út ’e kelder en om alve oere
is er dronken en mei gjin stôk op bêd te
krijen.
Dit is it begjin noch mar. It slimste moat noch komme.
Is der al. De oare deis hat Sinteklaas in
iismûtse en it hynder hoarnen op ’e holle
krigen en de iene hjit no Krystman en de oare rindier
en it hiele feest begjint wer fan foaren ôf oan.
De bernekoaren binne nei hûs en op bêd en
de muzyk komt no út Bing Crosby, it Leger des
Heils en oare midwinterblazers dy’t der ek wol
brea yn sjogge. Wy wurde no trije wiken oanien
útnoege om te dreamen fan in ‘White
Christmas’, bot mei de bellen te jingeljen en
foaral om in soad te fretten en te sûpen. Wy
moatte elkoar ek allegear wer kadootsjes jaan, mar no
wat djoerder as mei sinteklaas, as ’t kin. Goud
en sulver bygelyks, want dat stiet moai by kersljocht.
En de earme sielen net ferjitte fansels. Foaral lju
dy’t allinne binne moat goed om tocht wurde.
Utnoegje dat folk, se moatte meifrette, as se wolle of
net en as se it al ferpoffe, bring se dan in kryststik,
in krystbôle of in flesse minne wyn. Leafst alle
trije.
In dei as wat foar de krystdagen brekt de
hystery pas goed los. It reint aansichtkaarten mei
goede winsken. En net sokke lytskes. Wat grutter en
djoerder wat better. Fan it jild fan alle kaarten
dy’t ik ferline jier krige, hie in bern yn in
earm lân wol in jier ite kinnen. Mar sa moatte wy
net fansels. It moat al wat gesellich bliuwe.
Mem komt om tolve oere thús fan ’t wurk
mei in krystpakket en giet der fuortdaliks op út
om in karrefol iten en drinken. As se om fiif oere wer
thúskomt, binne heit en de beide grutte bern der
ek al. Ek alle trije mei in krystpakket. De blikken mei
kleurde snoekbears, dêr’t
‘zalm’ op stiet, rûgelje ta de kast
út. De earste krystdei ferstrykt mei de
tariedings foar it grutte miel en jûns om
sân oere wol net ien foar de tillevyzje weikomme
te iten, want se sitte al grôtfol slachrjemme en
krystkrâns en André Hazes jout in
krystkonsert. As se op ’t lêst al komme, is
alles kâld en slokke se as hûnen yn in
healoere tiid alles troch, want om kertier oer achten
komt der wer in oare grutte artyst mei in krystshow.
Dêr kin mem lang net tsjin op en it kindeke Jezus
kin hielendal wol ophâlde.
Mem stiet allinne yn ’e keuken te
gûlen boppe in oanrjocht fol ôfwask, beppe
seurt dat se nei hûs wol en de oaren sizze dat se
mar wachtsje moat oant it dien is. Dan sille se har wol
thús bringe. De noflike krystdagen dus,
sa’t se ús op de aansichtkaarten al
oankundige wienen.
Mar it is noch net ôfrûn, want oer
in dei as wat is it âld en nij en dan begjint it
feest noch in kear. Der hoege no gelokkich gjin
kadootsjes mear kocht te wurden, mar der moat noch wol
even goed iten en dronken wurde. Gesellich.
Oaljekoeken, appelflappen, droege woarst, wite drek
út in plastic bakje, kratten bier en om tolve
oere sjampanje. Fjoerwurk, huzen yn ’e
brân, bushokjes ferniele, etalaazjeruten
yndrukke, brantsjestoke en lekker fjochtsje mei de
plysje of mei elkoar, dat makket net út.
Gesellich. Dan nijjiersdei earst wat útsliepe en
middeis meielkoar nei ’t skispringen sjen en
hoopje dat der ien deafalt. Wer net. Spitich.
En dan is ’t foarby en dogge wy wer
gewoan, foarsafier’t soks noch mooglik is.
Allinne de middenstân kin der noch mar gjin
genôch fan krije en giet noch in skoftsje troch.
Nijjiersdei ha se alle kaartsjes mei f 400,- derop
ferfongen troch oaren dêr’t op stiet:
Fan f 600,- no foar f 450,-
en it guod fljucht de doar út. Utferkeap.
Deselde lju dy’t de hiele desimbermoanne bakken
jild útjûn ha foar alle geselligens, dwale
no al wer mei de hebsucht yn ’e eagen by alle
winkels del, op ’e sneup nei guodkeape
ûnderbroeken en nimme dan yn ien loop even in
nije jas mei. Se ha noch wol in jas, mar: ‘Moatst
begripe, dizze hat safolle koste en no mar
safolle.’ De winkellju wriuwe har yn ’e
hannen. Ik mei dy mannen yn pakken fan goed tûzen
gûne graach fertellen hearre oer de al mar lytser
wurdende winsten yn it midden- en lytsbedriuw. En as se
dan sizze, dat it dit jier wat slop wie, rekkenje der
dan mar op dat se de folder foar de nije boat al yn
’e hûs ha.
Ik wachtsje dan noch fjirtjin dagen, oant ik der
aardich wis fan bin dat alle hulst en sulverpapier yn
’t jiskefet leit en dan, sa healwei jannewaris,
kin ik it wol wer ris besykje. De winkels dy’t
dan giele piken en peaske-aaien foar it rút
lizzen ha, skriuw ik fuortdaliks op yn myn boekje.
Dêr kom ik noait wer.
It kin wêze dat jo no tinke: hè,
hè, wat in ûngesellige man. Dêr ha
jo dan gelyk oan, tink, want it soe my ek net ferbaze
as it sa wie. Wat it is, wit ik net rjocht, mar ik ha
’t net sa bot op al dy geselligens stean. It is
krekt as is der wat mei, as doocht it net hielendal.
Foaral as tiid en plak fan tefoaren al fêstlizze,
brekt it swit my samar út. Guon minsken
fersjogge har der noch wolris op en tinke dat it wol
wat tafalt. It falt hast altyd tsjin. Net dat ik myn
bêst net doch, mar ik kin it meastal net langer
as in kertier, heechút in healoere
folhâlde. Dan wurd ik mysels wer en dat
hâldt yn: model stikelbaarch, net gefaarlik mar
gesellich is oars. Dêr is neat op tsjin liket my
ta, salang as je dêr oaren mar net mei lestich
falle. Dat doch ik dus net. Mar om dat oaren foar
’t ferstân te krijen, dat is ’t
probleem. Der bestiet nammentlik in algemien
misferstân, dat wol dat men begrutsjen ha moat
mei lju dy’t allinne binne. Alve moanne yn
’t jier kinne se har gong gean; acht wiken dea yn
’e stoel foar ’t rút sitte of
wêr’t se mar nocht oan ha. Mar heal
desimber is ’t mis. Dan moat der yngrepen wurde.
Dat der ek in hiel soad binne dy’t net oars
wolle, docht der dan net mear ta. Se moatte en se sille
meidwaan, nocht of gjin nocht.
Wêr komt soks wei, soe men sizze. Ik ha
wolris besocht om der oer nei te tinken. Ik kin mis
wêze, mar soe ’t wêze kinne dat it
wat mei skuldgefoel te meitsjen hat? It fâlt ek
net ta om mei de kast- en de kelder fol iten en
drinken, jûns om acht oere nei it nijs te sjen.
Afrika is in hiel ein út ’e reek, mar der
wennet gelokkich altyd wol in stumper yn ’e
buert, dy’t je in krystbôle of in
marsepynstaaf taskikke kinne. It leafst fan ’e
buertferieniging of fan tsjerke, dat is it
foardielichst. Mar as ’t net heger of leger kin,
dan sels mar ta de bûse.
Hè, hè, dat luchtet op. En no
allegear mar gau oan tafel. In jier of wat lyn hie
’k sa’n bulte krystbôlen en
krânsen, dat as de mûzen der net mei ret
hienen, ik der no noch foar sitten hie. Doe’t
healwei jannewaris alle mûzen dea of sêd
wienen, begûn it te snijen, en doe ha ’k
wat der noch fan oer wie hurd bûtendoar lein.
Tsien mosken om in krystkrânse hinne, dat is pas
in moai gesicht. In oare mooglikheid is, dat guon
minsken wat oergeunstich binne. Dy sjogge sa bot tsjin
al dy gesellige dagen oan, dat se wol graach even in
wike of wat allinne wêze woenen. Dat kin net
fansels. Dan moat it mar oars. ‘Ik net allinne,
dan hy ek net’ en dan wurdt der in ienlik persoan
útsocht en meisleept yn ’e malêze
fan soere rjemme, reade wynsaus, bedoarne garnalen en
sleatten drank.
Guon minsken dy’t allinne binne en oant
desimber ta tochten dat se alles aardich op in rychje
hienen, reitsje fan al dat krystpraat sa yn ’e
war, dat se begrutsjen mei harsels krije en dan fan
’e skrik nei in oare losrinnende figuer ta fleane
om dêr te iten. Noch helte slimmer, liket my ta.
Ik ha in better idee. En omdat ik net sa dwers
bin as ik der útsjoch en graach oaren wat ta
stipe wêze wol, jou ik it resept even troch.
Earst wat jo der foar noadich ha:
5 kilo ierappels
2,5 kilo soerkoal
2 rikke woarsten
0,5 pûn farsk spek
3 (leafst dikke) boeken
It is it ferstannichst om alles in wike foar de
krystdagen al yn ’e hûs te hawwen, dan
hoege jo der fierder net mear út. In dei as fiif
foar de earste krystdei plakke jo de brievebus ticht,
sadat der gjin aansichtkaarten mear yn kinne. De deis
foar krysttyd meitsje jo in amerfol potiten fan de
ierappels en de soerkoal en middeis bringe jo de radio,
de tillevyzje en alle oare elektrise apparaten op
’e souder. De trije boeken lizze jo mei it papier
der noc om op it taffeltsje neist de grutte stoel by de
kachel. Tink der om, noch net iepen meitsje, want dan
giet de rook der ôf. As lêste lûke jo
de tillefoan der út en dan kinne jo wol op
bêd gean. Wedzje dat jo de twadde jannewaris mei
glâns helje. As de boeken út binne,
begjinne jo gewoan wer oernij, want der stiet grif mear
yn as dat yn ien wike opnimme. Jo kinne se allegear wol
trije kear lêze. Ien kear foar it ferhaal, ien
kear om alle moaie sinnen lûdop te lêzen en
oer de tonge rôlje te litten as wyn út in
ferneamd jier, en dan noch in kear om der ek noch wat
fan te ûnthâlden. As jo safier binne is it
yntiid wol jannewaris wurden en kinne jo mei in
gerêst moed it nije jier yn ’e mjitte sjen.
A sadder and wiser man.
Mar fansels, as jo beslist allinne foar in wyt
taffelskleed mei reade linten sitte wolle, foar fjouwer
of mear gongen krystmiel, dêr’t jo twa
dagen en in wyklean oan spandearre ha, ja, dan kin ik
der ek neat mear oan dwaan. Dan moatte jo it sels ek
mar witte.
*
Ut: De Strikel (1992) nr. 12
|