|
|
Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra
KENING FAN DE JUNKS 16
Hoe wie er ek al wer op it idee kommen? Loe de Waal
siet foar him oer, in praatske glim om de mûle en
in notysjeboekje yn syn hannen.
‘Sjoch’, begûn Desiderius.
‘De kleau tusken earm en ryk, swak en sterk is de
lêste jierren hieltyd grutter wurden. Dat is
neffens my gjin goede saak. Der is hieltyd minder jild
foar de swakken en earmen.’
‘Soene je dan wolle dat elkenien itselde
fertsjinne?’, frege De Waal.
‘Nee, sa gek ek net. Ik bin gjin
kommunist. Mar as de leannen te fier útinoar
rinne, falt de maatskippij yn twa stikken
útinoar. Dan krije minsken út
arbeiderslaach gjin kânsen mear. De maatskippij
wurdt dan stadichoan barbaarsker, lykas yn de
njoggentjinde ieu.’
‘Wat woene jo dan dwaan, om dy kleau
te tichtsjen?’
‘Der moat wat mienskipliks
wêze tusken earm en ryk. Earst wie dat
nasjonalisme. Heitelânsleafde. De striid tsjin
‘e Dútskers joech ús in mienskiplik
ideaal. Troch de heitelânsleafde en de striid
foar de frijheid wie der solidariteit. En dy is no
stadichoan weiwurden. De earmen stekke de riken de gek
oan. En de riken slute har op yn har paleizen.’
Desiderius gie stean en rûn no de
keamer op en del. Hy seach der fisionêr
út, mei grutte eagen dy't yn lokkiger en
ferheven fierten stoarren. Unwillekeurich kaam de
sjoernalist, fan natuere respektleas, ûnder de
yndruk fan Desiderius syn ferskining en styl fan
praten. As er foar in seal stie koe er dy echt yn 'e
besnijing krije.
‘Wat kin ik dêr as direkteur
fan in ynstelling foar helpbehoevenden oan dwaan, frege
ik mysels. It antwurd wie, ik moast wat fine dat ryk en
earm ferbynt.’
‘Wat dan?’, weage De Waal.
‘Jild.’, sei Desiderius.
‘Jild is it basale dat earm en ryk ferbynt. As ik
it konsept jild fertaal nei de riken, dan tinke je al
gau oan oandielen, obligaasjes, en sa mear. As ik it
konsept jild fertaal nei de earmen,dan tink ik oan
leafdiedichheid. Mei ‘oandielen yn
leafdiedichheid’ koe ik it omtinken fan de riken
krije.’
‘Mar is leafdiedichheid net in
bytsje betutteljend.’
‘Sjoch, soene bedriuwen, klubs,
minsken mei fermogen jild jaan, as ik sei 'Jou jild oan
junks', of 'Sinten foar solidariteit'? Nee. Wurden as
junks en solidariteit hearre se leaver net. Junks
stelle har autoradio's en solidariteit is in biedwurd
fan de tsjinpartij. Leafdiedichheid wie it
ûnskuldichste wurd.
‘Mar it is dochs út de tiid
dat de riken de earmen fan jild foarsjogge? Dêr
ha wy de oerheid dochs foar? Is sa'n provee-inisjatyf
net betutteljend.’
‘Mar De Waal! It is gjin
privee-inisjatyf. Dizze ynstelling is fan de oerheid,
en ik wurkje foar de oerheid.’
‘Ik hie begrepen dat jo stichting in
privee-inisjatyf is.’
(Hoe hie De Waal dat yn de rekken krigen? Op de
golfklub hie ien al tefolle mei dizze sjoernalist
praat. Of sloech er der mar in slach nei? Ja, want hy
koe betinke dat de oerheid sa'n inisjatyf nea goedkarre
soe as it fia de offisjele kanalen fan de burokrasy
gong.) Desiderius ferfette:
‘Sjoch, ik koe dit net fia de
reguliere kanalen fan de burokrasy dwaan. Ik hie der
noait gjin tastimming foar krigen en meitsje de
Flechtheuvel ta rjochtspersoan dy't yn in stichting
sitten giet. Of it hie tsien jier duorre.’
De Waal knikte.
‘Mar fine je it net betutteljend om soks
privee te dwaan? Soks is dochs in taak fan de
oerheid.’
‘De Waal, ik wurkje foar de oerheid.
Ik wol de oerheid net ôfkreakje. Mar lit
ús ek reëel wêze. De lêste fiif
jier ha wy twa besunigingen fan de oerheid oplein
krigen, wylst it tal helpbehoevenden mei 25% tanommen
is. Ik bedoel, ik koe wol ôfwachtsje, en myn
nekke net útstekke. Mar ik woe leaver wat
posityfs dwaan, de hannen út de mouwen stekke yn
stee fan allinnich mar te praten en nota's te skriuwen
dy't yn in burolaad ferdwine.’
Dat foel goed by De Waal, dat koe er oan
de man syn hâlding sjen.
‘Wa sitte der yn it
Stichtingsbestjoer?’
‘In pear minsken út it
bedriuwslibben dy't yn dizze ûndernimming
leauwe.’ De Waal luts syn wynbrauwen op.
Desiderius liet him op syn leagen omkôgje, mar
wie fan binnen ûngerêst. De Waal soe dochs
net witte dat der trije dwaze dichters yn it
stichtingsbestjoer sieten? Hie ien fan har him yn in
dronken bui ferpraat? Want der wie gjin minske dy't it
wist. Dat hie De Waal sels op de golfklub net hearre
kinnen. De Waal frege der lykwols net op troch, al wie
it dúdlik dat er measte wist. Desiderius
ferfette.
‘De Stichting is in
privee-inisjatyf. Dat koe net oars. It jild dat
ginnerearre wurdt giet nei De Flechtheuvel. Sagau as
dat jild by De Flechtheuvel binnenkomt, wurdt it net
oars behannele as oerheidsjild. Der wurdt oer
rapportearre, der wurdt ferantwurde wêr't it oan
útjûn wurdt.’
‘Jo binne noch net sa lang direkteur
fan De Flechtheuvel, is it net sa?’
‘Ja, ik bin no in foech healjier
direkteur’, andereDesiderius net sûnder
grutskens.
‘Wêr diene jo foar't jo hjir
kamen te wurkjen?’
‘Ik ha in pear jier yn it
bûtenlân west. Yn België. Ik wurke
foar de Belgyske ôfdieling fan de Unesco.’
‘Dat is nijsgjirrich. Hoe wie it om
yn Brussel te wêzen?’
‘Brussel is in moaie stêd. Ik
hie lykwols net folle tiid om de stêd te besjen.
Ik wie meast ûnderweis, moast by Unesco-projekten
yn Afrika del.’
‘Wêrom binne je der
weigongen?’
‘Uteinliks ûnwennigens’,
sei Desiderius mei in sucht. ‘Ik miste
Nederlân. Nei trije jier fan tropyske hitte miste
ik de rein en de kjeld, gewoan alles dat mei
Nederlân te krijen hat.’
De Waal fronsele. ‘Mar jo ha ek noch
yn Swol wurke.’
‘Ja, in blaumoandei’, stammere
Desiderius. De mage draaide him om yn it liif. Hoe wist
dy ferrekte sjoernalist dat no? Dat wisten se op de
golfklub ek net. Hy moast in kontakt ha yn de
sollisitaasjekommisje. Miskien fia in mienskiplike
kunde, want normaliter wie in sjoernalist noait sa goed
op de hichte. Dêr hiene se gjin tiid foar. Se
moasten alle dagen har artikeltsjes skriuwe, dus de
tarieding stelde noait net folle foar.
‘En befoel it jo net?’, frege
De Waal.
‘Sjoch, ik woe út Afrika wei,
en werom nei Nederlân. Ik koe net al te keken
wêze. Myn ambysje lei op it mêd fan de help
oan earmen en swakken. Mar ik sil jo sizze, it
sollisitearret net maklik as jo sels yn it
bûtenlân sitte.’
‘Hoe befoel it by de
Offalferwurking?’
Dus dat wist er ek al! Fansels, as er immen út
de sollisitaasjekommisje koe, hie er dat oansjen kommen
kind. It rûn him tin troch de broek. Ien
tillefoantsje nei Swol en hy hong! Mar dy
kutsjoernalist hie gjin motyf om nei Swol te beljen. As
hy, Desiderius, him goed hold en normaal die, wie der
neat te rêden; sa spruts er himsels moed yn.
‘It wie eins net wat ik woe. Sjoch, ik woe graach
nei Nederlân ta. Ik tocht, as ik earst mar wer
werom bin, dan kin ik dêrnei op myn gemak om my
hinne sjen. Dy baan yn Swol wie fierder wol yn oarder,
dêr net fan. En ik ha der leuke kontakten oan
oerholden. It miljeu giet my ek wol oan it hert, mar
myn wiere missy leit by de helpferstrekking oan
helpbehoevenden. Sa ha ik it myn hiele libben al
field.’
‘Wannear wisten je dat je dy kant út
woene?’
‘No net laitsje’, sei
Desiderius, ‘mar doe't ik fiif wie dreamde ik dat
ik yn in glêzen kastke op houten poatsjes troch
de wrâld sweve. Underweis kaam ik dan minsken mei
problemen tsjin.’
‘Mar gjin junks, nim ik oan?’
‘Nee, ik rêde minsken. Ik
helle minsken dy't oan it ferdrinken wiene út it
wetter, ik helle bern út brânende huzen.
Sokke dingen. Mear it berne-idee fan in held, sis mar.
Mar it wie in weromkommende dream. Ik ha dy dream mear
as twa jier hân, doe gie er fuort. Tsjintwurdich
ha ik de dream net mear, mar it ideaal is
bleaun.’
De Waal wie ûnder dy yndruk fan
dizze persoanlike noat. It ferhaal wie oars ek wier, al
koe sels Desiderius it amper leauwe. Sa bot wie er
feroare sûnt syn bernetiid.
‘Wat dogge jo mei it jild dat
Oandielen yn Leafdiedichheid opsmyt?’
‘Lykas sein, it giet nei de
Flechtheuvel, en dan beslisse wy meiinoar wat der mei
barre sil. Wy ha der al oer praat, en wy sille it jild
yn alle gefallen brûke om besunigingen op te
fangen sûnder dat wy tsjinstferliening hoeve yn
te leverjen. Dat is ien. Fierders sille wy it jild
brûkemom in dependance op it yndustryterrein del
te setten.’
‘It yndustryterrein?’
‘Ja, it hat bliken dien dat er
behoefte is oan in middenwei tusken gewoane begelieding
fanút de Flechtheuvel en strange
ôfkicksintra. Sjoch, yn de Flechtheuvel krije de
minsken begelieding, mar dit is gjin
ôfkicksintrum. Yn in ôfkicksintrum is in
strang rezjym. De helpbehoevende tekenet der yn it foar
foar, dat er ôfkicke wol en dat er him oan de
strange ôfkickregels ûnderwerpt. In protte
helpbehoevenden skytskoarje dêr tsjinoan.
Begryplik. De oergong fan De Flechtheuvel nei in
ôfkicksintrum is foar de measten lykwols te grut.
Yn ús dependance kinne se priuwe fan it
ôfkicklibben, sûnder dat der in sterke druk
op har leit. Neat moat. It komt puer út harsels,
as it komt. Dat frijbliuwende helpt in protte minsken
krekt oer de streep.’
‘De risseltaten binne goed?’
‘Ja, 5% kickt op dy manier ôf.
Oaren beslute nei ûnderfiningen mei in dependance
nei in strang ôfkicksintrum te gean, om't dat
foar har, mei har spesifike karakterstruktuer, better
is.’
‘Mar wêrom op it
Yndustryterrein?’
‘It is it bêste plak. Strange
ôfkicksintra binne fier by de stêd wei
dêr't de helpbehoevenden ornaris omswalkje. It
yndustryterrein is krekt bûten de stêd. It
fertroude elemint is deunby. Se kinne sa wer werom nei
de stêd. Dat makket it sa frijbliuwend. De
ôfwêzichheid fan druk jout in befrijende en
fernijende wurking. En op it yndustryterrein binne gjin
dealers, gjin kafee's, dus de ferlieding is net fysyk
oanwêzich. It is in ideale tuskenwei’
‘Jim ha no wat eigen ynkomsten
oanboarre. Binne jim net bang dat de gemeente aansen
seit, jim kinne jimsels wol bedrippe. Wy jouwe jim noch
minder oerheidsjild?’
‘Der is in risiko. Wy soene dan
straft wurde foar ús warberens. In ynstelling
dy't gjin inisjatyf nimt soe dan gewoan likefolle jild
krije as altiten. En wy soene straft wurde mei minder
jild, om't wy sa iverich wiene en boarje jild út
oare boarnen oan.’
‘Krekt.’
‘Wy fange dat op troch de bannen mei
de gemeente ekstra oan te heljen, troch goed út
te lizzen wat wy dogge en wêr't wy mei dwaande
binne. En foaral dat it hiele inisjatyf fan
‘Oandielen yn Leafdiedichheid’ gjin krityk
is op it belied fan de gemeente. Krekt oarsom. Wy binne
bliid dat wy fan de gemeente de romte krije om dit
inisjatyf op te setten en út te bouwen.’
De Waal hie al aardich wat bledsjes
folskreaun.
‘Ik ha ek noch wat persoanlike
frage’, sei er. ‘Dat is wat nijs. Om de
krante mear 'human interest' te jaan, freegje wy ek in
pear simpele fragen oan minsken dy't wy ynterviewe foar
de Sneinsbylage. Je hoeve fansels gjin antwurd te jaan
as je net wolle.’
‘Brân mar los’, sei
Desiderius royaal.
‘Leeftyd?’
‘27.’
‘Wat is it lêste boek dat jo
lêzen ha?’
‘Hmmm, dat sil wêze, it
Jierrapport fan de Nederlânske Ynstellingen foar
Helpbehoevenden.’
‘Ek gewoane lêsboeken?’
‘Myn libben as junk, fan Harkstone
Rice.’
‘Jo favorite film?’
‘The Godfather’. (The
Godfather? Hoe kaam er dêrby? O ja, hy hie
lêzen dat dat de favorite film wie fan de
trochsneed Hollânske man en hy woe net al te weak
of fanatyk oerkomme.)
‘Muzyk?’
‘Madonna, Bach.’
(As dat net in hippe kombinaasje wie, dan
wist er it ek net.)
‘Troud?’
‘West.’
‘Bern?’
‘Nee.’
‘Hûsdier?
’Myn kat Jopy. (In hûsdier
stie wol goed.)
‘Dat wie it. Jo krije de tekst noch
tastjoerd.’
Dat lêste wie Desiderius wol bliid om. Dan soe it
net in komplete ferrassing wêze wat der yn de
Sneinsbylage stean soe oare wike.
|