|
|
Jantsje Post
DE TIK
Blessed be all metrical rules
that forbid automatic responses,
force us to have second thoughts,
free from the fetters of self.
W.H. Auden
Ik kin net oer twang en wol my net fêstlizze
op metrum en rym. Ik kin net dichtsje.
Ierappelsette koe ik wol. Teminsten, heit
woe my wol op 'e poatlorry ha, ek al moast der in
gaasbak oer myn panne lizze omdat ik oars de
fuotsteunen net rikke koe. Hiel inkeld
hâld’ er my wol thús fan skoalle, as
er de lorry net fol krije koe.
Op 'e lorry sieten fjouwer man (sa waard
dat sein; ik wie dus ien dêrfan), ik op myn
bak, de oaren hienen in optearde sek yn 'e panne. En
foar ús stie in bak mei setters. De
spruten geef en hecht, want dat wie heit syn
spesjaliteit. De hiele winter hie er dêr
mei ompield yn it setterhok.
Setters yn gaasbakken, op steapels,
fjirtjin heech, yn lange rigen en dêrtusken
tl-buizen en fentilators. Temperatuer, ljocht en
fochtichheid, dêr kaam it op oan. Jûns foar
bedtiid steefêst heit syn lêste gong:
noch even by de setters sjen.
Ien foar ien moasten we de setters
út 'e bak krije en falle litte yn 'e fuorge
dy’t ûnder ús de lorry luts yn 'e
freesde grûn. Krij’ en falle litte, hieltyd
tagelyk. Linker-, rjochterhân: krije, falle,
krije, falle, op it ritme fan de tik. Sa
waard de ôfstân tusken de setters gelyk.
De tik kaam fan de tikker: in rêd
mei fjouwer speaken dat yn ien fan 'e fuorgen
meirûn en troch in meganyk draaiendewei by elke
speak’ in droege tik fan izer op izer joech.
Troch de lingte fan 'e speaken te ferstellen koe de
setterôfstân bysteld wurde.
Dat kaam krekt; yn it begjin kaam heit
oanienwei fan 'e trekker ôf, groef achter de
oanierders in stik rich wer bleat en lei de
tomstôk neist de setters. Wie’t net goed,
dan stelde er mei de baco it tempo fan de tikker
by. En ûnder ’t riden omkeard op 'e
trekker ús geregeld op 'e hannen sjen:
‘Tink om 'e tik!’
Ik fielde syn blik. Linker-,
rjochterhân, krije, falle, krije – en altyd
de eagen yn 'e bak; noait yn 'e fuorge om te sjen
oft de setters goed telâne kamen. Dat wie heit
syn saak. Links, rjochts, links, rjochts, krije, falle,
krije, falle; ik wíé de tik.
Us Jelle mei de frees, lei altyd in pear
omgongen op ús foar. De rook fan 'e farsk
berêden grûn, en hoe’t dat fielde. Wy
mochten dêr net op rinne. Mar ien kear, op in
waarme dei, ha ik klompen en sokken útdien en
bin der oerhinne flein. Samar, hielendal nei
d’ oare ein.
|