|
|
Albertina Soepboer
YN KANADA
Trije kopkes, in foarke en in panne. It is de
ienfâld, dat is it, it is dy ienfâld. Dat
is de reden wêrom’t ik hjir bin. Gjin
tastannen. Nee. It is stil. De oare reden
wêrom’t ik hjir bin en net mear
thús. Dy enoarme stilte. As in waarme tekken
dy’t hielendal foar my is. Ik lûk him om my
hinne. Ik sliep, as in blok hout, as in bist
sûnder tinzen.
Beammen, oars net as beammen. Fierder neat. Ik
ha him skreaun dat it hjir sa stil is. Hy antwurde net.
Hy is de man net foar stilte. Harrejasses. Harrejasses,
sei ik dan ek doe’t ús muoike Janke dea
wie, ik sil nei Kanada ta. Ferbjustere wie er. Wat ik
dêr soe. No, wat ik hjir doch fansels.
Rêstich in kop kofje drinke mei de radio
út. En de tillevyzje hjir, dat is dat grutte
wâld. It sjocht derút as in searje op
National Geographic. Mei bisten fansels. Yn alle
soarten en maten strune se hjir om. Ik ha him skreaun
oer dy bisten, wy gienen in kear tegearre nei de
bistetún ta, dat sadwaande, mar hy antwurde net.
Trije kopkes, in pantsje en in leppel. En in
aai. In dik aai. Fan myn hinnen. In frou allinne yn
Kanada moat wat. Dus kocht ik hinnen en timmere in hok.
Ik ha him ek skreaun oer de hinnen. Doe antwurde er
wol. Hy stjoerde in hoanne werom. It bist wie sawat dea
doe’t de postrinner him ôflevere. In sneu
heapke fearren en in snaffel dy’t gjin tok mear
sizze koe. Mar it is wat mei hoantsjes. It hele
hinnehok hat er al boppe op sitten. Sneu foar him, sneu
foar de hinnen.
It is wol sa stil. Sa stil ha ik it earder net
meimakke. Sa hie ik net tinke kinnen dat beammen sok
oangenaam selskip wêze kinne. Risselje as der wat
te risseljen falt, en fierder stil. It hat ek wol oare
kanten, as frou yn Kanada. It is hjerst no en de
wrâld is fan blabze wurden. It is gjin plak foar
kreaze jurkjes en skuon. Sels yn ’e waskmasine
krijst soks net mear skjin. En dat is ien fan dy dingen
hjir, ik ha gjin waskmasine. Us muoike Janke die alles
noch mei de hân. Mar goed, ik sil net klaaie.
Want ik bin sels allinne nei Kanada ta gien. Nei it
hûs fan ús deade muoike Janke.
Ik wist it doe net. Hoe’t se krekt oan har ein
kaam wie. Se hienen har dea fûn, bedobbe
ûnder de blabze. Dus bin ik ôfset yn
’e fleanmasine om te sjen wat ik sels
útfine koe. Doe’t ik noch by him wenne,
seach ik hast alle jûnen in detektive. Ik wit,
der binne in soad mooglikheden om de dea syn gerak te
jaan. Dat ha ik op ’e tillevyzje sjoen. Der binne
in soad manieren om yn minsken te stekken en op se te
sjitten. Ik sei, miskien hawwe se dat earme minske de
keel wol trochsnijd. Rekkenje dêr mar net op, sei
er. Ik sei, hoesa net. Dêr wie se te gemeen foar,
sei er doe. Ik seach him oan. Foar myn part koe er
omwaaie. Ik sil it wol sjen yn Kanada, sei ik tsjin him
en doe ha ik it reisburo opbelle.
Dat ik kaam eins om de brot te besjen. Mar it
foldie my. Tige mei ik wol sizze. Ik die de ruten
iepen, stapte wat om en snapte doe wat ús muoike
Janke socht hie. Ik bleau. Ik makke it hûs skjin
en lei hele dagen bûten op in tekken. Doe wie it
simmer, no wurdt it winter. Somtiden mis ik wol wat as
frou. Ja. Ik bin gjin brodkse hin, ik taal net nei in
healdeade hoanne dy’t tinkt dat er in man is. Dat
mis ik net. Ik mis gewoan in man yn bêd. Der is
wol in oplossing foar. Dan bellest Dingo Local op. Sa
simpel is dat. Hjir yn Kanada. It grutte lân fan
’e bergen en ’e wâlden. Dan bellest
dyn Dingo Local op.
Ik fûn it nûmer fan Dingo Local op
in briefke fan ús muoike Janke. Alle laden en
kasten hie ik al iepenhân, mar ik hie neat
útfine kinnen oer har dea. Ik tocht, dat
nûmer sil ik mar ris opbelje, wa wit. Ik belle op
en in mannestim sei haai en ik sei dat ik gjin fisk
wie, mar Catherine. So, sei er en hy smakte mei de
lippen. I like a woman like you, sei Dingo Local. Ik
tocht oan ús muoike Janke en tocht my yn
hoe’t sy sizze soe I like a man like you. Mar
nuver, nuver, dat slagge net en doe sei ik hello.
O, dat rút moat mar wer ticht. It siicht.
De snie komt der oan. It skynt sa te wêzen dat
dalik alles yn ’e snie sit. In soart fan
frieskiste dus. Ja, dit is Kanada. Dingo Local dus. Ik
sei hello foar de tillefoan. Hy sei net folle, smakte
wer mei dy lippen, wat ik dochs wol wat goar fûn.
Mar goed, ik bin ek mar in frou allinne, dus ik sei do
you like chicken Dingo en ik lei him út
wêr’t ik wenne. Ik hie sa’n byld foar
my fan in knappe keardel oan myn tafel, mei in bakt
hintsje yn it midden en iksels oan ’e oare kant.
Dat like my wol wa ta. Dingo Local smoarde sawat
doe’t ik him dat frege. Ik wit wol dat guon
manlju rap klearkomme, dat se gau foarsjoen binne, mar
soks hie ik noch net faker meimakke. Ik hie it doe al
witte kinnen, mar ik bin de snoadste net as it om
manlju giet. En doe hienen wy in date.
Trije kopkes, in koekepanne en in knyft. It moat sunich
yn Kanada. As de snie samar komt, sizze se, bist
ferhongere foar’sto it witst. Mar foar de date
mei Dingo Local slachte ik ien fan de bêste
hinnen yn it hok. Ik draaide de kop fan it bist om en
klear wie it. Dy man soe in hin ite hjir. Doe ha ik ek
in nije brief skreaun en ferteld dat der in oare man yn
it spul wie. Gjin antwurd fansels. Allinne dy
keakeljende hoanne yn it hok. Dy miste ien fan syn
hinnen.
It wie regele en Dingo Local wie presiis op
’e tiid. It hier hie er ûnder de gel smard,
in smoarch houthakkersboesgroen hie er oandien en de
fuotten sieten yn hielendal ferkearde learzens, mar ik
fal altyd op ferkeard. Dat wit ik wol. Dat hoecht
gjinien my te fertellen. Dingo rûn fuortendaliks
op it hinnehok ôf. Funny, sei er. Ik tocht doe
noch dat se yn Kanada blykber hele oare hinnehokken
hienen. Ik liet him de hoanne sjen. Wow, sei er. From
Holland, sei ik. Hy waard wat bleek. Ik sei dat ik in
hin foar him klearmakke hie. Wy ieten.
Sjochst wol, it snijt al. Harrejasses. Dy snie,
dy snie makket my o sa kjel. Ja, dy makket my kjel. Dan
komme de bearen nei de huzen ta, omdat se honger hawwe.
Dat minske op it reisburo hie my fan alles ferteld oer
Kanada, mar net dat it swart sjocht fan ’e
bearen. Dy bisten sitte werklik oeral, oeral en wurdst
der crazy fan.
I am so crazy about you, dat sei Dingo Local. Wy
leinen op ’e bank. Hy lei boppe op my. God, it
hie dochs wol in keardel west doe’t er ien kear
dy ferkearde learzens út hie. Ik skuorde him de
klean fan it liif ôf en hy smakte wer mei dy
lippen fan him. Mmm, sei er en doe kaam er klear. Dingo
hie himsels yn fiif minuten klearstoomd. Moaie boel. En
dat noch wol yn Kanada. Hy die de klean oan. En hy
lake. Dingo Local lake cool as the marlboro man. Hy soe
op hûs oan. Maybe snow, sei er en it waard my
kjel om it hert. It sloech yn my. Wy sieten noch in
skoft op ’e bank. I liked your chicken, sei er.
Hy woe wol eefkes by de rest sjen. Good, sei ik, very
good.
Trije kopkes, in skaal en in jachtgewear. In
erfstik fan ús muoike Janke en se soe my sa ris
sjen moatte. Mar se is dea en komt net werom. Safolle
ha ik der wol fan sjoen doe’t ik har ien kear
opgroeven hie. Dingo Local. Ja. Dat docht my wol sear.
Jo moatte dochs wat sunich wêze op wat jo hawwe.
Mar ja, it wie myn eigen domme skuld. Ik koe der wier
neat oan dwaan. It wie de skuld fan ús muoike
Janke. Ik swar it. Ik swar it dat sy it wie dy’t
dat jachtgewear fan ’e muorre kriich. Mei ien
grutte swaai hie se it yn hannen en doe rûn sy
nei de doar ta. Ik fielde myn bloed en stroffele oer
mysels. Ik woe noch roppe: Dingo. Mar nee. Op dat stuit
stie ik yn ’e doar mei it jachtgewear yn ’e
hannen. It reinde. Ik hime. En Dingo siet yn it
hinnehok en rôp. Hy rôp.Your aunt shot
herself. Shot herself. De rein foel. Ik seach wat
bewegen tusken de ivige beammen. Ik seach in bear. Of
better, ús muoike Janke seach de bear, want
foar’t ik it yn ’e rekken hie, lei ik oan
en skeat. Ik raasde. My aunt shot herself. Dingo foel
op ’e grûn del. It jachtgewear trille my yn
’e hannen. Ik rûn op him ôf en hy
sei: I buried her here. Ik swar it, sei er. Shot
herself. Bloed sipele út ien fan syn skonken. Ik
lei oan. No lei ik sels oan. En ik skeat op ’e
nij.
De snie, it kin my úteinlik it measte net
skele. It jout mear stilte oan de wrâld hjir. Mar
ik haatsje dy bearen. Raar wurd ik der betiden fan. Mar
ja, dêrom dit jachtgewear. Dêrom. O ja.
Dingo Local ha ik bedobbe ûnder it hinnehok. Syn
learzens ha ik ek mar bedobbe. Ik bedoel, wat moat in
frou allinne yn Kanada mei hielendal ferkearde
learzens. Nee, gjinien hat noch nei Dingo Local frege.
No ja. Ik wit wol dat ik fal op ferkeard. Ik ha ek noch
yn in brief skreaun dat dat mei dy oare man no wer oer
is en dat der fan alles mooglik is. Gjin antwurd.
It is wer o sa stil hjir. De beammen waaie foar harsels
dizze dagen. In frou allinne mist wolris wat. Ja. Ek yn
Kanada.
*
|