|
|
Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra
KENING FAN DE JUNKS 15
‘Noch oare ynformaasje?’
Se skodholle har moaie jongeskopke.
‘Ok, dan sjogge wy de man wol kommen. Bring my in
par en in skylmeske, ast wolst.’
Hy seach ta it rút út.
Lyoeske brocht him de par. Hy luts it stâltsje
derút; by ripe parren kin dat, wist er út
ûnderfining. Hy hold de par yn ‘e
lofterhân en snie de kop derôf. Under him
wie it noch drok op 'e diken. Der wie in tinne
bewolking dy't grif oplosse soe. Beammen beweegden yn
in sêfte septimberwyn. Op de grûn koe men
de earste ikels en kastanjes fine. Desiderius snie
reepkes fan de par ôf en behimmele se, yn tinzen
wei. Hy wipte mei syn meske in rot plakje út syn
par. In junkplakje, tocht er, en tagelyk wie er himsels
bewust fan dat it gjin foech jout foar in direkteur fan
in ynstelling foar junks om soks te tinken. O, sei er
tsjin himsels, ik sil it ek noait sizze; it is
allinnich it sizzen dat gjin foech jout. Mar ik mei it
al tinke. En hy lake om syn eigen
dûbelhertichheid, want hy hie in protte wille fan
himsels.
Ut en troch seach er in bekend gesicht oer
de strjitte rinnen. Se kamen komselden mei de bus.
Almeast rûnen se. Klanten. Kliïnten. Junks.
Elke stoer dy't se útsparje koene, soene se
útsparje; eins wiene se krekt as oare
Nederlanners. En hy wie har kening, hy wie kening fan
de junks. De oaren wiene gjin junks. Dy't yn har reek
útstjittend rydark nei it wurk ta rieden wiene
gjin junks, ek al soene se de auto gjin dei stean litte
kinne. En dy't de sjips net stean litte koene, en de
kola, en de sigretten… Och en de
tillevyzjeslaven en de kranteslaven net te ferjitten.
Keningen en junks! Hy hate syn filosofyske stimmingen.
Om himsels te ferdivedearjen die er syn kompjûter
oan. Hoewol't der wer allegear nije firussen de PC's
pleagen, hie hy der as Mac-brûker gjin lijen fan.
Hy surfte in pear porno-sites by del. Doe die er in
kompjûterspultsje om wat agressiver te wurden. En
doe't it tsjin tsienen rûn, siet er yndie wer
lekker yn syn fel, de spultsjejunk. Doe't er de
tillefoan rinkeljen hearde, fûn er it sels
spitich dat er ophâlde moast te spyljen.
‘Lou de Waal fan it Nijsblêd
foar jo, menear.’
‘Lit him mar komme, en freegje
daalks oft er ek kofje ha wol. Net myn Senseo, gewoan
út de automaat, hear. Oars tinkt er ferkearde
dingen.’
Efkes letter swaaide de doar iepen en liet
Lyoeske twa hearen yn. Foarop rûn in man mei
griis kroltsjehier, in bril op en in fyn besnien
gesicht. Koene sjoernalisten der ek al as
yntellektuelen útsjen? tocht Desiderius
ferheard. Hy hie in spikerbroek oan, mar hy hie wol de
muoite naam en doch in strik foar, dy't boppe de split
yn syn fest sichtber wie. Achter him oan rûn in
korpulinte man: kealjende plasse, snorke, bril, dy't in
grutte kamera by him hie. Twa manlju?
De earste stuts de hân út, en
fûstke mei Desiderius.
‘Ik bin Lou de Waal.’
‘Desiderius Huizinga.’
‘Ik bin mar sa frij west en ha in
fotograaf meinommen.’
‘Dat hiene je oer de tillefoan net
sein.’
‘Nee, wy wiene earst fan doel in
lyts berjocht op de regionale side op te nimmen. Mar ik
hearde op de golfklub (Hea, tocht Desiderius, golve
sjoernalisten no ek al?) allegear goede berjochten oer
jo inisjatyf.’
‘No, dat docht my deugd’, kaam
Desiderius der tusken.
‘Doe ha ik yn oerlis mei de
haadredaksje besletten der in paginagrut item foar de
Sneonsbylage fan te meitsjen. En dêr hearre
fansels in pear foto's by. Ik nim oan dat jo dêr
gjin beswier tsjin ha sille, ek al is it in feroaring
fan plannen.’
‘Nee, neat net’, sei
Desiderius en stuts de hannen ôfwarrend op, om
sjen te litten dat er it idee om foto's te wegerjen
fier fersmiet.
‘No, dan sil ik jo daalks ús
húsfotograaf, of leaver, ien derfan, foarstelle:
Willem Reker.’ De grize korpulinte man stapte
út it skaad fan de sjoernalist en fûstke
ek mei Desiderius.
‘Is it goed dat wy mei de foto's
begjinne? Earst in pear fan jo, dan fan it gebou en dan
kin Reker wol nei it wurk werom wylst wy prate.’
Alsa barde. Desiderius wie frijwat
narsistysk en posearde mei grutte nocht achter syn
ikehouten buro, by it twa-by-twa meter rút mei
útsjoch oer de Stêd Grins. Hy rûn
sels noch efkes mei de fotograaf mei om foar it gebou
fotografearre te wurden, en fansels op de moarmeren
flier by de resepsje. Doe hie de fotograaf ek wol syn
nocht fan him. Hy frege oft er noch efkes allinnich
omrinne mocht en dat stie Desiderius fansels ta. Doe
gie er gau werom nei syn keamer dêr't er De Waal
allinnich litten hie mei kofje. Miskien net sa snoad.
As er oan syn kompjûter siet en mei de BACK knop
fan Ynternet Explorer boarte, soe er al nei syn
porno-sites surfe. It swits bruts him benei út
as er der oan tocht hoe't er him meislepe litten hie
troch syn posearnocht wylst dy ferrekte sjoernalist
miskien al stof foar in artikel hie: ‘Direkteur
Flechtheuvel sels ferslaafd oan seks-surfen’. De
mage draaide him om yn it liif wylst er troch de kreas
ferve gongen werom draafde nei syn kantoar. Dêr
wie lykwols neat te rêden. De Waal wie yn petear
mei Lyoeske. Lyoeske hie him blykber fan kofje
foarsjoen want hy hie in dampend plastic bekerke yn de
hannen. Sa gau't De Waal Desiderius oankommen seach,
joech er de wichtiger persoan daalks syn folsleine
omtinken. De mannen waarden wei achter de doar fan
Desiderius syn kantoar. Lyoeske suchte djip. No wie se
tenminsten wer efkes op harsels.
Desiderius naam plak achter syn buro. De
Waal gie op de stoel foar besite sitten oan de oare
kant. As wie it in skaakparty.
‘No Huizinga, hoe binne jo op it
idee kommen fan dy oandielen yn Leafdiedichheid?’
|