Jetske Bilker


IENAKTER: DE WETTEN

Plak: in jonge Fryske útjouwerij yn in lyts stedsje
Personaazjes: twa sechstigers, type: jierren sechstich
Earste man: read-griisachtich burd; bril; sandalen; draait sjekjes fan ‘Javaansche jongens ¾’
Twadde man: swart-griisachtich burd; bril; skuon; bout sjekjes fan it merkt `Drum’
Tiid: freed 1 oktober, nei’t de LC útkommen is

Beide manlju sitte bûgd oer in krante, se lêze beide itselde artikel. Se skelle om de beurt. It makket net út wa’t wat seit.
‘Olfert!’
‘Sokses!’
(ensafuorthinne)

Dan sakket de man mei it swart-griisachtich burd werom yn ‘e stoel. Hannen yn ‘e loft. Flokt. Liket de wanhope nei by.
Man mei swart-griisachtich burd: ‘Dy Veenbaas draait de hiele Fryske literatuer de nekke om.‘

Man mei read-griisachtich burd lêst troch.

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Ik publisearje tenei yn it Frâns! Salang’t se der hjir sokke besprekkers op nei hâlde, hâlde se elke ûntjouwing tsjin!’

Man mei read-griisachtich burd siteart preuveljend út ‘e krante: ‘Want dy manlju lykje safolle op inoar, dat we harren hielendal net ûndergeane as ferskillende persoanaazjes.’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Dat hâldst dochs net foar mooglik! Dat hiele eksperimint wurdt net iens opmurken…. Trije manlju! Trije wizen fan fertellen…! En dan komt sa’n snotnoas jin fertellen.’ siteart mei seurlûd: ` dat we harren hielendal net ûndergeane as ferskillende persoanaazjes.’

Man mei read-griisachtich burd knikt betinksum: ‘No, earlik sein….it wie dat ik wist datst it fan doel wiest -  mei dy trije manlju - bedoel ik, mar doe’t ik it lies, foel it my net op dat it ferhaal út dy trije posysje wei ferteld waard...’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Wat fertelst my no???’

Man mei read-griisachtich burd:  ‘It is my gewoan net opfallen.’

Man mei swart-griisachtich burd: sakket wer yn ‘e stoel. Pakt syn eigen sjekpûdsje. ‘O.’

Man mei read-griisachtich burd: ‘Mar ja, wat wolst? It moast ommers yn sân hasten. Dy huorrejongen en ôfbrekkings moasten derút.’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Ja, mar…’

Man mei read-griisachtich burd: ‘Tinksto dan dat ik dyn fijne subtile literêre foarmeksperiminten ûnderskeppe kin?’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Nee, mar ….’

Man mei read-griisachtich burd: `Hienen wy ek net ôfpraat dat we inoars wurk net goed  lêze soenen? Wy twaën skriuwe sok kwaliteitswurk, dat we ús eigen romans sûnder lêzen, útjaan kinne.’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Dus… mei oare wurden, hast it oerflakkich lêzen, kinst wol sizze. En it is dy net opfallen.’

Man mei read-griisachtich burd: ‘Ja, hiel oerflakkich, kinst wol sizze, mei in streek ûnder hiel. Echt hiel oerflakkich. Dan falt jin soks net op.’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Goh… mar dan. Soe Veenbaas dan ek hiel oerflakkich…?’

Man mei read-griisachtich burdfearret oerein:  ‘Ja fansels!  Veenbaas hat it ek hiel oerflakkich lêzen. Dy man lêst altyd hiel oerflakkich. Dat se dy noch altyd oanhâlde by de LC, dat begryp ik net.’

Man mei swart-griisachtich burd libbet sichtber op: ‘Ja no? Dat fynst do dochs ek? Dat Veenbaas net doocht.’ Bûcht him wer oer de krante. Lêst en wynt him sichtber wer op. `Moatst dit hearre.’ Lêst mei lûde stim foar: ‘It tsjindiel is wier: der wurdt stadichoan in frij gearhingjend byld foar ús opboud fan ien manljusfiguer.’
Sjocht ynienen wat lokkiger. ‘Hee, dat is dan dochs wol posityf, fan dat frij gearhingjende byld. Dat dat yn it boek bart, sûnder dat men dêr bewust mei dwaande is. Undanks mysels, sis mar. Unbewust dus.’ Blaast de reek út.

Man mei read-griisachtich burd smookt. Tinkt nei.  ‘Lês dat noch ris.’

Man mei swart-griisachtich burd lêst op ‘e nij: ‘It tsjindiel is wier: der wurdt stadichoan in frij gearhingjend byld foar ús opboud fan ien manljusfiguer.’
Sjocht bliid nei de oare man: ‘Dat fyn ik dochs moai, fan dat ûnbewuste. Dat slút ek wer oan by myn Surréalisme. En André Breton, dy…’

Man mei read-griisachtich burd batst deryn:  ‘Dat kin dus echt net!!’

Man mei swart-griisachtich burd sjocht kjelwurden: ‘Wat net?’

Man mei read-griisachtich burd werhellet mei ferûntweardige toan: ’Der wurdt stadichoan in byld opboud? Dat raast oan ‘e protters. Dat hast do dochs hielendal net dien! Do hast dochs net in gearhingjend byld oan it opbouwen west…’

Man mei swart-griisachtich burd. ‘Nee, ik haw trije ferskiljende manlju fertelle litten. Mar dat hinderet dochs….’ wurdt ûnderbrutsen troch…’

Man mei read-griisachtich burd. ‘Hjir mei dat ding!’ Skuort de krante nei him ta. Lêst: ’… hie dat gûcheljen mei dy ydee fan ferskillende ikken dan ek net nedich hân foar syn roman; it docht oan as in forsearre fynst.’
Fûl slacht er op de krante: ‘Lêzersdiktatuer! Pure lêzersdidaktuer!!’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Hoe bedoelst? Dat hat dochs mei dy resepsjeteory te krijen. In tekst is wat in lêzer deryn lêst. Elk hellet derút wat er derút helje wol.’

Man mei read-griisachtich burd: ‘Ja, dat binne de lêzers dy’t op de simpelste manier oan harren gerak holpen moatte wurde. Dy wolle in boek as in tafeltjedekjemiel: 5 minuten deryn, en dan mar frette. Of se toffelje nei McDonald’s.’

Man mei swart-griisachtich burd: `O… Dy…’

Man mei read-griisachtich burd: `Sokken wolle gjin foarmeksperiminten, ju, dêr skriuwst do dyn boeken net foar. Dêr jouwe wy gjin boeken foar út, foar sokken.’
 
Man mei swart-griisachtich burd: ‘Nee, wy skriuwe gjin boeken foar minsken dy’t ús boeken net moai fine.’

Man mei read-griisachtich burd: ‘Nee en hielendal net foar ferhaaltsjehifkers, want dat binne de sprekbuizen. Sprekbuizen fan sokke luie lêzers. Dy wolle allinne mar boeken dy’t naadleas oanslute by harren simpele ferletten op moreel en emoasjoniel gebiet.’
Giet stean mei syn sjekje yn ‘e hân: ‘Sa’n ferhaaltsjehifker wit net wat syn taak is.’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Wurdt it net ris tiid datsto sokken gewoan ris fertelst hoe’t se in krityk skriuwe moatte?’

Man mei read-griisachtich burd: ‘Ik haw it alris opskreaun. Mar se wolle net harkje. Noch even, en ik haw gjin nocht mear.’ Dôvet syn sjekje yn ‘e grutte jiskebak op ‘e tafel.. `Wachtsje, ik helje se even op.’

Man mei swart-griisachtich burd: `Wat? Wa binne “se” ?’

Man mei read-griisachtich burd: ‘Bliuw hjir mar even sitten. Ik bin der sa wer.’

En de man mei it read-griisachtich burd giet de trep op nei boppen en komt nei in soad stommeljen de trep wer ôf, hielendal achter de pûst. In grutte swiere stien set er del.

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Wat is dat?’

Man mei read-griisachtich burd: ‘Ien fan ‘e twa stiennen tafels. De oare stiet noch boppe.’
Hy giet de trep wer omheech. De man mei it swart-griisachtich burd rint nei de stien.
‘Hee, der is mei in fineliner wat op skreaun.’ Begjint te lêzen: ‘Ien. In literêr kritikus moat hielendal meigean mei wat de skriuwer bedoeld hat.’
Knikt ynstimmend.

‘Twa. In literêr kritikus moat begryp hawwe fan de oandriuw fan de skriuwer.’
Praat tsjin it publyk : ‘Dêr bin ik it dus hielendal mei iens.’

‘Trije. In literêr kritikus moat begryp hawwe fan de ynspiraasje fan in skriuwer om in boek op te setten.’ Knikt wer. ‘Just! Fierder.’

‘Fjouwer. In literêr kritikus moat omtinken hawwe foar it manierke dêr’t in ferhaal op ferteld wurdt.’ Knipt mei de fingers. ‘As Veenbaas dàt no ris goed yn syn earen knoopje wol, komt it hielendal goed mei myn literêre oeuvre.’

‘Fiif. In literêr kritikus moat der rekken mei hâlde dat it om dat manierke giet en net om de ynhâld.’ Tsjin it publyk: ‘Dêrom hat er him doedestiids ek net in gewoane krityk skreaun oer myn mânske boek fan 2000. Hy hat allinne de fertelperspektiven behannele.’

De man mei it read-griisachtich burd komt de trep wer ôf. Mei noch in swiere stien. Hy himet.

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Moaie wurden. Echte rjochtlinen foar in kritikus. Mar wêrom stiet dat op dy stiennen?’

Man mei read-griisachtich burd sjocht oare man even ferheard oan. ‘It is ek sa,  net mei de tsjerke grutwurden… It binne de tsien geboaden foar in literêre kritikus.’

Man mei swart-griisachtich burd: ‘Ohn… op dy manier. No ik sil wer fierder lêze. Ik werken dyn styl.’

‘Seis: in literêr kritikus moat witte dat de foarm in fangnet is en de ynhâld der yn fongen wurdt.’

‘Sân: in literêr kritikus mei gjin krityk leverje as guon fan dy manierkes net hielendal slagge binne.’ 

‘Acht: in literêr kritikus moat sjen hoe’t de skriuwer syn bêst dien hat op de babbelûchjes en der begrip foar hawwe as dy babbelûchjes nergens op slagge.’

‘Njoggen: in literêr kritikus mei dêrom gjin krityk leverje op de foarm fan in boek.’

‘Tsien: omdat foarm ynhâld is,  mei de literêre kritikus gjin krityk hawwe op in boek.’

Man mei swart-griisachtich burd: klapt. ‘Bravo! Bravo!’

Man mei read-griisachtich burd sjocht wurch.

It doek falt.