|
|
Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra
KENING FAN DE JUNKS 12
Desiderius seach om him hinne. Wat in moai kantoarke
hie de direkteur fan De Flechtheuvel. Ja, it kantoar
fan de âlde direkteur hie in bytsje skurf en
ienfâldich west. Hoe koe men yn in skurf en
ienfâldich kantoar in djoere wethâlder fan
de gemeente subsydzjejild út 'e bûse
prate? Dat hie syn foarnaamste argumint west doe't de
ûndernimmingsrie, Neeskens foarop, him
ûnderfrege hie oer de renovaasje fan de
direkteurskeamer en de hal dêr't de besikers it
gebou yn kamen. Want hy hie al sa tûk west en lit
net inkeld syn eigen keamer renoveare. Dat soe al te
folle yn it each rinne. Nee, dan de hal ek mar. Hy hie
de ûndernimmingsrie maklik oertsjûgje
kinnen mei it argumint dat it gebou der representatyf
útsjen moast. En dan foaral de hal - want
de earste yndruk telt it meast - en syn keamer
dêr't wichtige gasten ûntfongen waarden.
Fansels hie ien fan dy pestkoppen fan de
ûndernimmingsrie frege: ‘As wy ris wichtige
gasten ha, meie wy dy dan ek yn de direkteurskeamer
ûntfange?’
It hie him op it puntsje fan 'e
tonge lein en sis ‘Jim? Mar jim ha dochs noait
wichtige gasten?’ Yn stee dêrfan sei er dat
yn oerlis, en as it om in saak fan belang gie, soks
fansels wol te regeljen wie. En dêrmei út.
Wolfernoege liet er syn eagen nochris oer it kantoarke
gean. Alles stuts himmel yn de ferve. It lytse
rútsje dat ûtseach oer it wetter fan de
Easterhamrikkade wie der útbrutsen, en ferfongen
troch in twa by twa meter dûbel glês. In
balkontsje derachter hie spitigernôch krekt net
helber west. In direkteur moat him ek bedimje kinne en
doch sunich oan om it goede foarbyld te jaan.
Hy hie de ferbouwing sels regele. As direkteur hie er
op syn strepen stien en sels it bouwbedriuw en
skilderbedriuw útsocht. De
ûnderhannelingen dêrmei wiene bêst
wol lêstich. Se wiene wend dat se de oerheid mar
bedonderje koene; wiene it net har eigen
belêstingsinten dy't se weromfertsjinnen? Sa
redenearren bou- en skildersbedriuw. Desiderius hie har
lykwols ferge op 50% fan it bedrach boppe de trochsneed
fan de offerten dy't oare bedriuwen útbrocht
hiene. Mei oare wurden, Desiderius hie de djoerste
útsocht, want dat soe ek wol de korruptste
wêze. En dat kaam út. De ein wie dat
Desiderius 40% fan de oerwinst krige, it bedriuw 60%.
Op it totale bedrach wie dat betsjutte dat sa'n 10% fan
de totale rekken. Dochs wer in moaie ynstruier. De
maitydsbonus, hie er dat neamd. Mar hy hie al bedongen
dat it bedriuw ek in blaumoandei twa junks yn tsjinst
nimme soe. Mocht it útkomme, dat er de djoerste
offerte nommen hie, dan koe er altyd de brief toane
dêr't ynstie dat dit bedriuw meiwurkje soe oan it
Maatskiplik Reyntegraasjeprogramma fan De Flechtheuvel.
In nota mei dat plan wie al by de Undernimmingsrie
dellein. Hy wie oan alle kanten dutsen. Tocht er.
Mar de jildsucht hie him yn 'e macht. Desiderius wie it
paad fan de riken opgien. Hy wie no ek ferslaafd,
ferslaafd oan jild. Yn it begjin hie it direkteur
wêzen in spul fan in geniale bedraaier west, in
topprestaasje fan in ferrifeler earste klas. Mar no
begûn it spul earnst te wurden. En de earste
regel fan in oplichter is dat it spul noait serieus
wêze mei. Foar en yn himsels. Want dan feroaret
hy yn in gewoane minske. En dan komt it needlot
dertusken, en seit ‘Do bist gjin gewoan
minske’, en hjitfolget him mei domheden, skamte
en tsjinstuiten.
Mar dy seldichste domheden wiene net te
kearen, want sa is it minsklik libben: dyn djipste sels
sprekt him oer dy út, en is dyn rjochter en
feroardielet dy ast in ferkearde rjochting opgiest. It
foardiel is lykwols datst loutere en befrijd fan
ferfeling nei dyn wiere sels weromkomst. Wannear soe
Desiderius, dy't no al aardich restleas en aardich fier
op it ferkearde paad wie, nei himsels weromkeare?
Wannear soe de izeren hân fan it needlot him by
it skouder gripe, en straf him foar syn misstappen, sa
net tsjin oaren dan dochs tsjin himsels?
Desiderius wist fan dat alles neat, want hy hie it
kontakt mei syn djippere sels ferlern. Hy lies ek gjin
New Age boeken. Hy pakte de tillefoan en belle syn
sekretaresse yn de keamer dernêst.
‘Janine, hast in bakje kofje foar my?’
‘It komt deroan, menear.’
‘Sis mar Desiderius, hear.’
Efkes letter kaam de befallige staazjerinster de keamer
yn rinnen. Wat in sportyf figuerke! Spitich dat se net
wat frouliker klean oandie. Yn in rokje soe dat strakke
kontsje folle better útkomme. No hie se in
grize, wol stylfolle pantalon oan, in soarte fan griis
jaske derby en in wite bloes mei risseltsjes. Se hie ek
aardich wat yn it jak, seach er, wylst er besocht der
net nei te sjen. Men moast de skyn ophâlde, en in
twadde Clintongate wie er bepaald net op út. As
de staazje nei de ein rûn, koe er har wolris mei
op stap freegje. Dan wie der fan in
wurkferhâlding gjin sprake mear. In ja fan har
kant soe in bonus boppe op de staazjefergoeding ek te
'n goede komme. Har figuer die him tinken oan de
learares karate dy't him dumpt hie, op de goede dei dat
er de advertinsje foar direkteur lies yn de krante yn
de stasjonsrestauraasje. Dat er ek altyd op sportive
jonge froulju falle moast. Lokkigernôch siet
dizze stazjêre net op karate. Foar safier as er
wist.
Hy mocht graach oer stazjêres. Dat sparre wer
leankosten út. Sa hie er bygelyks in tydlik
kontrakt fan de soere resesjoniste net ferlinge litten.
Wat hie dat minske lilk west. Dêr siet no ek in
stazjêr. Hoe faak kaam der no besite? Da koe in
studintsje ek wol dwaan. Allinnich moast er de
opbringst fan de winst út de útsparre
leankosten wol diele mei Dominicus, de
boekhâlder. Men koe net alles ha. Boppedat soe er
sels net witte hoe't je in dûbele
boekhâlding opsette moasten. Dêr hie er net
foar trochleard.
Hy rûn no wat ûngeduerich de keamer op him
sel. Doe hold er ho foar it rút fan twa by twa
meter dat útseach oer it wetter. De beammen
ferkleuren al wat. It wie myld hjerstwaar. De goudene
sinne strielde noch wol, mar der hong in krûdige
reek fan bedjer yn de loft. De reek fan bedjer fan it
âlde. It wetter weage. In iensume stêdsbus
jage oer de busstripe.
Al hoe goed as de saken ek gongen, of krekt trochdat de
saken sa goed gongen, ferfeelde er him wat. Hy hie wol
allerhanne izers yn it fjoer. Wat soe er hjoed ris
dwaan? Op dat stuit gie de tillefoan.
‘Mei Janine.’
‘Sis it ris, fanke!’
‘Ik ha in sjoernalist fan it Nijsblêd oan
de lijn. Se wolle graach in ynterview mei jo. Benammen
oer dat idee fan Oandielen foar Leafdiedichheid.’
‘Meitsje mar in ôfspraak mei him.’
‘Wannear?’
‘Sa gau mooglik, fanke, sa gau
mooglik!’
|