|
|
Piter Yedema
MACHTICH AS DE MIGGEN
Fannemoarn wie it raak. Twa miggen yn deastille
omearming, omfuotting of omwjukke op it keukenkastje.
Ik stie der even nei te sjen, want wreed útinoar
jeije of slimmer, bin ik even fan ôfstapt, ik bin
op de bûddistyske toer datoangeande.
Dat wie ik net doe’t ik fan kampearderij
thúskaam en in moai folkje Musca Domestica
oantrof. Se makken der in feest fan, dûnsen as
wyld om my hinne, net by my wei te slaan. De earste
jûn wer op ‘e bank, de âlde kranten,
de tillevyzje, it wie in ramp. Sa’n grut waarm
objekt is foar de gewone kamervlieg gewoan
ûnwjersteanber.
Der is foar de ienfâldige húsman in
hiele nust striidmiddels beskikber om sa’n pleach
treast te wêzen: it as knots rôle
deiblêd of glossy tydskrift, klappers yn soarten
mei as lêste fynst de elekryske mepper,
dêr’t batterijen ynmoatte en dy’t net
ûnder de sân euro te besetten binne. Dan
noch de spuitbus mei ynsektiside en in driuwgas dat de
ozon yn ‘e stratosfear oantaast wêrtroch ,
as je te lang yn ‘e sinne sitte, je
hûdkanker krije, it klimaat feroaret, it
wetterpeil yn ‘e oséanen stiicht want de
hiele Súdpoal ûntteit en heal Jeropa oan
de Karpaten ta, strûpt derûnder.
Alle middels ha ’k dy earste jûn
brûkt. Men begjint frij tûk dy eksimplaren
geweken te nimmen, dy’t moai wiidút midden
op ‘e tafel, op in boek of op ‘e bank
sitte: yn ien kear plat. Mar al gau wurdt troch in
geheime koade trochdien dat der in tornado op komst is,
dat in elk nei syn skûlplak. Ynienen sitte se
allegear tsjin ‘e souder, in lytse knokploech
bliuwt oer en begjint út te daagjen. Se sitte op
‘e râne fan ’e tafel, op it
bierglês, op ‘e lampe, op ‘e yochurt
mei sjem, slaan mar! Se sitte op dyn foet, knibbel, op
dyn gulp, slaan maar! op dyn holle!
Wat earst sa flot en befredigjend gong, it
grutte ôfmeitsjen, rint út op in
dwylsinnige jacht mei brij oer de flier, stikkene
glêzen, platsleine spetters tsjin de ruten en in
ferwoedenens dy’t slim foar it hert is. It is
Bush yn Irak.
Dûmwei grypt men oplêst nei de bus
Vapona, oerbliuwsel út it foarige hûs
noch, hast noait brûkt mar it is ferbean om
healfol fuort te smiten. Ik sil se noch útsmoke!
De oare moarns gong ik nijsgjirrich nei
ûnderen, it swilk soe besaaid lizze mei deade en
noch wat sleau ompoatsjende miggen, - alhiel net. Mar
oars ek gjin mich te sjen. Net yn ‘e finsterbank,
yn ‘e blompotten of wêr ek. Soe ik der no
dochs fan ôf wêze? Mar amper stie ik yn
‘e keuken oer de kofje gear of dêr kaam it
folkje opsetten, se dûnsen en diene om my
hinne foar wer in nije feestdei.
Dy moarns bin ik Bûddist wurden. Ik bewannelje no
it achtfâldige Paad om mei it libben
yn it lyk te kommen en dêr komt de Musca
Domestica net sûnder kantroeren
fanôf, want sûnder slaan of batse fei ik
der no alle moarns wol tsien fan ‘e flier
ôf. Sa dierfreonlik is’t no ek wer
net, want ynstee fan in allout oarloch bestriid
ik se no mei in belech, omsingelje dus en
úthongerje. Yntusken bestudearje ik har
hâlden en dragen en ik ha fêststeld se
hâlde fan waarmte, gear iten en pearjen. Krekt
minsken. Waarmens is slim bûten te kearen as de
sinne deryn skynt mar miskien brâne se
dêrtroch earder op.
It is net genôch om it oanrjocht en
it itensark daalk om te spielen, by elke hap of swolch
dy’t men nimt, moat om de lytste krommels en
drippen past wurde. Fral no’t se troch strang
belied hast heal úthongere binne en de refleksen
hurd achterútgeane, falle se as wyld op
mikroskopyske krommels oan, mei fjouweren tagelyk as it
treft.
Pearje dogge se oant it bittere ein. Se ha
gjin fêste djoeitiid, sa’t my ferteld is
fan guon oare bisten, moarns middeis jûns, it is
ien gewraksel, gewjirm en gegûns op ‘e
lampekap, de radio en op ‘e tillevyzje ek noch.
Faak fljocht nei in pear tellen der al ien op en bliuwt
de oare party noch even roerleas sitten. Dat sil it
wyfke wêze, want neffens myn fan it net
ôfskuorde gegevens, stjert it mantsje nei it
pearjen en libbet it wyfke nei de die noch twa of trije
moannen. Hy hâldt gang. It giet soms sa need dat
se mekoar yn ‘e flecht al te pakken ha, as
strieljagers dy’t yn ‘e loft bytankt
wurde. Sy kinne lykwols gjin hichte hâlde en
saaie mei in plof foar jin op tafel del, om dêr
de funksjonele sekssêne ôf te hanneljen.
It is allegear polityk. De Bush-metoade faalt. Utsmoke
en deatraapje binne gjin middels goed genôch foar
en liede ta ûnminsklikens en skea oan de ynboel.
Faaks hat Kerry it better foar eagen, more
sensible. It is grif net ferkeard dit probleem mei
gefoel oan te pakken, - ik gong oer op ‘e
lúsjeferdoaze. (De lêste mich sit no as in
redakteur op ‘e râne fan myn keyboard.)
Dêr haw ik in asylsintrum by ynrjochte, mei
twongen opname en fergees ferfier nei de
homelands.
De lúsjeferdoaze, sa grut mooglik, sprekt
foar himsels. Sko dy sa fier mooglik iepen en naderje
hiel stil de yllegaal op minstens twa sintimeter en
flap. Sko ticht en hear, troch te skuodzjen of je byt
ha. Men kin him daalk bûten sette, mar ik ha in
tydlike opfang yn ‘e hûs regele. Ik hie
noch in âld akwarium en dekte dy ôf mei in
stik karton. Dêr kaam in gat yn krekt wat lytser
as de lúsjeferdoaze, en dêr wer in lytser
stik oerhinne dat it gat ôfslút. Je moatte
op it boppenste stik karton al ôftekenje
wêr’t it gat sit yn it ûnderste lid.
Sko de lúsjeferdoaze rêstich iepen op it
boppenste karton, en helje dat as de doaze boppe it gat
sit, foarsichtich wei. De mich kin no de frijheid fan
it akwarium temjitte gean. It slagget net altyd, dat
wat tikjen helpt. Ik hie it ferbliuw opfleure mei in
lik sjem en in sûkerklûntsje dat se
krûpten en sprongen en pearen as wyld. Sa
mâl dat de noch frijen op ‘e asyldoaze
omkrûpten en besochten om ûnder it karton
har by it feest oan te sluten.
Ik hie der samar in stik of tweintich. Dan mei it asyl
nei bûten, doar ticht, lid derôf en hoe gau
it folkje fuort wie, nije energy opdien?
Der is altyd in lêste, en dan noch in
alderlêste, en in alderalder. Dat sprekwurd oer
de laatste loodjes is net samar wat. It
lêste ein sjocht men oankommen, ynspan-ning en
konsintraasje sakje. Dêrby komt dat men
ûngemurken guon putsjes útsteld hat,
dêr ha de fluchste yllegalen foardiel by. It is
in soarte fan selffulfilling prophesy eink. It
muoit my al te sizzen dat ik de lêste mich
deaslein ha. Mei de miggeklapper.
|