Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra

KENING FAN DE JUNKS 10

Dêr siet Desiderius allinnich yn de mânske wenkeamer fan in riant hearehûs, wylst syn sabeare maat Dominicus himsels troch de gastfrou de weelderige tunen by it wenhûs sjen liet, en de maneezje net te ferjitten. Dat duorre in pear minuten. Desiderius gie oerein, gie wer sitten, beseach de ynrjochting fan de keamer. Der wie net folle yn te sjen. Yn sa'n grut hûs wurdt alles goed opburgen. Wol prachtige planten yn djoere reakoperen potten. Hoe lang duorre dit wachtsjen noch? En wêr bleau Dominicus mei de gastfrou? Hy hearde wrinzgjen by de maneezje weikommen. Dat soene de hynders wol wêze. Gek dat lju fan hynders hâlde kinne. Je kinne in hynder net efkes op skoat nimme en aaie. Mar op in karre kinne je net ride.

Doe't syn tinzen soksoarte nifelige wendingen namen, kaam der aldergeloks in auto de oprit  opriden. Dy wie breed genôch foar twa. In mânske Mercedes ried om de Porsche hinne en parkearde foar de garaazje. In wichtich man stapte út. Jong ek noch. Swart hier, net te lang, bytsje neatsizzend gesicht. Miskien wat proleterich, mar wol riker as Desiderius ea wêze soe. Desiderius, oergeunstich, skatte him daalks yn as sa'n hoantsje dat leaut yn wat er docht, en wylst de smoarchste streken úthellet, mar mei in goed gewisse en in konvinsjonele moraal. Dat, der koene saken dien wurde, tocht er, as er it mar net te gek die.

De man kaam deryn, smiet syn aktetas yn in hoeke en rôp:
   ‘Aha, besite! De hear fan de dependance?’
   ‘No, hea-REN’, andere Desiderius en rûn op him ta. ‘Jo frou lit myn kollega jim prachtige tún en maneezje sjen. Ik bin Desiderius Huizenga.’
Hy hie it noch net sein of der klonk wer it wrinzgjen fan in hynder.
  ‘Ja’, sei de man, ‘ik bin Sake Faber. Oangenaam. Sy ha it allegear troch in túnarsjitekt oanlizze litten. Ik sels bin net sa'n túnman. Mar ta de saak. Jo binne fan de soarchynstelling?’
  ‘Ja’, sei Desiderius en gie wer sitten mei' t Faber foar him oer sitten gongen wie, ‘ik bin de nije direkteur. It nije is der wol ôf want ik bin it no al in healjier. En jo binne de fertsjintwurdiger fan it buertkollektyf.’
  ‘De buertsociety soe ik leaver sizze, dy't him massaal keart tsjin jim plannen en set hjir in dependance del. Der binne ommers gjin junks hjir’
  ‘Noooo’, sei Desiderius en seach efkes nei de lege fles sherry foar him op ‘e tafel, mar dat ûntgie de hastige regelneef. ‘Dêr giet it net om. In dependance is net foar buertopfang. Yn in dependance wurde junks taret op de sitewaasje dat se beslute ôf te kicken. It is in soarte fan middenwei tusken ferplichte ôfkicken yn in tige strange ynstelling, en neat dwaan. It wurket wol aardich. Wol 5% komt op dy manier definityf fan har ferslaving ôf. En dat wol it bêst at se út har gewoane omjouwing wei binne. Haren is ideaal foar Grinzer ferslaafden. Tichtby en dochs in hiel oare wrâld.’
  ‘In hiel oare wrâld’, grommele Faber, ‘dat kinne jo wol sizze. Sjoch ris, Huizenga, ik kin jo wol sizze wêr't it op stiet. Dit is in bettere buert, miskien wol de bêste fan Grins en Ommelannen. WY binne hjir kommen te wenjen om gjin troep om ús hinne te hawwen. Soks wekt oergeunst op. En as der dan in ynstânsje is, dy't dy dream bedjerre wol, dan fynt elkenien dy't hjir net wennet, dat prachtich. Mar wy ha ek juridyske middelen en wy sille ús út alle macht fersette tsjin ‘e komst fan in dependance.’
  ‘Kom, it is gjin oarloch’, joech Desiderius beskie, ‘en it is net ús doel om minsken te narjen. Jou ta, wêr fynt men deunby Stad sa'n lanlike en rêstjouwende omjouwing? Mar stel, der komme rjochtssaken fan. Stel, der komt publisiteit fan. Foar ús is dat net sa slim, want lykas jo sels opmurken, de measte minsken wenje hjir net, en sille derom laitsje. Jim sille te kyk en te kak stean. Mar it sil ús en jim aardich wat kostje. Dêrom ha ik in oar foarstel, want de saak is no noch net yn de publisiteit.’
  ‘Kom mar op,’ sei Faber, ‘ik kin fansels neat tasizze want ik moat alles mei de achterban beprate. Fan de oare kant soe in kompromis my in soad frije tiid besparje.’
 ‘Krekt’, sei Desiderius, ‘wylst ik yn wurktiid operearje kin, dus my makket it net út. Mar wat ik tocht hie is dit.’  Op dat punt wie er efkes stil, want hy hearde no wer it lûde wrinzgjen by de maneezje weikommen.