|
Jaap Krol
De PLF betinkt
De mannen fan de Partij foar Lytsskalich Faksisme
(PLF) wienen byinoar kommen op it reade, grutte klif.
Meekma wie der, en Niksma en Draaisma en Annema,
Fennema, Sipma en ek Jaarsma. En Boersma fansels. It
wie ien grutte famylje. Elkenien moast it witte.
‘Ik kom út... Burgum!’
‘Ik kom út... Makkum!’
‘Ik kom út... Starum!’
‘Ik kom út... Jellum!’
‘Ik kom út... Akkrum!’
‘Ik kom út... Dokkum!’
‘Ik kom út... Winsum, FRL!’
‘Ik kom út... Kwantum!’
Sipma, foarsitter, hie syn grutte kamper tichtby de
stien set – tusken de bus en de stien sieten
heechút twa sintimeter. Op ’e achterkant
stiene allegear kleurige stikkers fan plakken en
gebieden dêr’t Sipma allegear al west hie.
’FRL’, sei in grutte stikker;
’Ljouwert,’ sei in oare stikker;
’Starum’, ’Hylpen’ en
’Warkum’, seine de oaren. Mar ek
’Boalsert’, ’Snits’,
’Harns’, ’Drylts’,
’Sleat’, ’Dokkum’ en
’Frjentsjer’ stienen grutsk op de
achterkant. De orizjinele kleur fan de bus wie amper
noch sichtber, sa reislustich hie Sipma al west.
‘Hoe lang hawwe jo dizze kamper al,
Sipma?’ frege Draaisma.
‘Alve jier.
‘Hat er al folle riden?’’
‘Nee, dêrom ha ik him noch hieltyd.
Net stikken te krijen!’
Niksma seach ris nei it grutte achterrút fan de
kamper. De gerdyntsjes wiene ticht.
‘Mannen fan de PLF!’ rôp
Sipma. ‘It wurdt in drokke gearkomste, dat ik
byn de amer fuort oan it stek en lit de ko mar rap in
mich fange. Gean mar nei: én in foarum oer it
tema fan dizze plechtichheid én de
bestjoerswiksel én de jierlikse betinking by de
grutte stien, dat wy dogge mar gjin post. Annema,
foar ’t lêst skriuwer fan de PLF, wie der
oars ek post?
‘Sipma, foar ’t lêst ús
foarsitter, nee, mar ik ha wol 21 driichbrieven de
doar út dien. Ien nei de ANWB, om’t
se...’
‘Goed Annema, dat dogge wy wol in oare
kear. Mannen! As oankommend âld-foarsitter wol
ik dizze jierlikse bysûndere gearkomste fan de
PLF graach offisjeel iepenje. Draaisma, mei ik jo
freegje jo trompet te krijen?’
‘Sipma, no noch foarsitter, dat
mei.’
‘Wolle jo jo trompet krije?’
‘Sipma, oankommend âld-foarsitter,
ja.’
De mannen giene yn in kreaze rige stean. Sipma stie
foar harren oer. Hy rjochte syn boarst. De oaren
folgen. Sipma draaide him om. De oaren folgen. Hoeden
spile Draaisma de earste twa rigels fan it folksliet.
Alle mannen fan de PLF bûgden djip foar de
grutte stien. It waard eefkes mûsstil. Hoeden
spile Draaisma dêrnei de oare seis rigels. Alle
mannen kamen wer werom.
‘Lytsskalige faksisten,’ sei Sipma
plechtich, ‘wolkom by de hillige stien, de
stien dêr’t ús oarre
-oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre
-oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre
-oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre
-oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre
-oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre
-oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarre -oarrepakes
fjochte hawwe foar it Heitelân, ja,
dêr’t nommele feinten de bedragers, dat
mislike rottefolk, mei swit en bloed ferdreaun
ha.’
‘Fryslân Hollân-frij!
‘In man in man, in wurd in swurd!’
‘It tema fan dit jier is: ’Pisje
jo eefkes ergens oars?’. Ek dit jier wie wer in
jier fol yntimidaasje en ûnderdrukking troch de
bedragers. Dat wat te dwaan? Just mannen, polityk is
aksje, dat sis ik altyd mar. Dêrom jou ik no it
wurd oan ús romrofte partijfilosoof, Minne
Meekma.’
‘Danke wol Sipma, o foarsitter.’
Meekma rûn nei de stien, tute it wurd
’dea’ en draaide him om. De rige foar him
wie út ien stik.
‘Mannen...
SA’TJIMWITTEBINIKINFILOSOFYSKTYPE,
DATIKHADERDJIPOERNEITOCHT!!!’
‘MEEKMA!’
‘Ja?’
‘Wolle jo net sa raze? Wy hearre jo
bêst wol.’
‘Pardon. Mannen... sa’t jim witte
bin ik in filosofysk type... dat ik ha der djip oer
neitocht...’
Hy kuchte djip, sleat syn eagen en ferfolge stadich
syn betooch.
‘...Dat de sljuchte ierde, sa djipread
bleakere troch de striid... dat dy fruchtbere
grûn it Fryske folk alles jaan mei... dat wy
ûntfange meie de blom fan it nommele sied...
útsean mei it hillige bloed... reade molke,
offere en ús tabekommen troch de kriich fan de
dappere striders... dat it offer fan sokke jonge
prachtkerels net foar neat wie, nee, dat hja betocht
wurde as HELDEN... dy’t DE SAAK ferdigene
hawwe... en dy’t fan ús freegje, ja,
dy’t fan ús EASKJE troch te jaan de
BAARNENDE FAKKEL fan it FERSET tsjin it
smychtenbloed, dat fan de bedragers, mannen fan de
PLF, gear by de HILLIGE STIEN, IK
FREEGJEJIMYNFREDESNAMMESKANDEAR
JOANTUWRDWOLLEJIMDATEKWOLLEJIMDATEKWOLLEJIM
DATEK?!?!?!?!?!?!’
‘JA!’
‘O, DAT IT FOLK FAN DE FRIEZEN HARREN
FRIJHEID EN HARREN RIKE KULTUER FERDIGENDJE MEIE MEI
DE GRUTSTE EN HURDSTE SIPELS, LUTSEN ÚT DE
FETTE KLAAI, WAAKST
UTITSIEDFANDENOMMELESTRIDERSSGSDAEINXTUUEALLOP
GSNBFDIOESNBD!!!!!!!!!!SKNOGSDNV!!!!!!!!!!VDSEXANVDSNSVIODSVD!!!!!!SDMV!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!D!!!!!!!!!!!!!ANTWURDZJ...’
‘MEEKMAAAAAAAAAA!!!!!’
‘Ja?’
‘Jo boadskip is dúdlik,’ sei
Sipma.
‘O.’
‘Danke wol foar jo heldere betooch. It
past yndie hiel goed by ús jiertema, dat ommers
’Pisje jo eefkes ergens oars?’ is. Dan
wol ik no it wurd jaan oan ús partij-ideolooch,
Jarich Jaarsma.’
‘Tanke wol, Sipma. Myn tank giet út
nei jo, foar al dy jierren dat jo foarsitter west ha
fan ús partij, dat is de Partij foar Lytsskalich
Faksisme, de PLF. Eala, mannen fan de PLF. As
ideolooch fan ús partij, ha ik, yn it kader fan
it tema, dat ’Pisje jo eefkes ergens
oars?’ is, in nij beliedsstik skreaun, mei
as pakkende titel: Intifada oan ’e Sudersee
– de betinking fan de slach by Warns yn de 21e
ieu, wiksel fan perspektyf of trochgean mei de
striid? It antwurd is net samar te jaan, mar wis is
dat de lytsskalige faksisten trochgean mei harren
striid, ek al sil dy swier wêze, hoewol’t
dat net wier hoecht te wêzen, want as it moat,
smite wy gewoan in pear stiennen nei de bedragers,
mar fansels net de grutte stien fan Warns want dy is
fierstente swier. Troch Jarich Jaarsma.’
‘Lange titel, Jaarsma’, sei
Draaisma.
‘Danke wol.’
‘Mar Jaarsma, it is dochs
’Iselmar’?’ frege Boersma.
‘Boersma... nee. As lytsskalich faksist
erken ik de ôfslútdyk net. It is in
hollânsktalige wei.’
‘Sterk punt Jaarsma!’
‘Just,’ sei Annema,
‘dêrom hie ik ek in driichbrief skreaun
nei de ANWB, om harr...’
‘Wat stiet der yn jo beliedsstik?’
kaam Sipma tuskenyn.
‘Sa’t ik sei: ik bin jim
partij-ideolooch, dy fan de PLF. As sadanich bin ik
oanhinger fan de saneamde Sturm-und-Behang-filosofy.
Sis mar fjochtsje foar de hillige saak op ús
eigen fertroude, lytsskalige nivo. Dy Herder-jonge en
syn kammeraat Nietse, die seine dat allegear. Letter
kaam Heidekker der ek by. Allegear yntelluelen, dat
sa. Kogito Ego Sûm! dat rôpen se ek
allegear.’
‘Wy binne ommers ek yntelluelen,’
sei Boersma.
‘Yndie, wy binne yntelluelen!’
rôp Meekma.
‘De PLF stiet foar demokrasy per
strekkende meter,’ ferfolge Jaarsma, ‘dat
dit gegeven moat ús liede nei it saneamde
’twingende perspektyf’. Oars sein: it
’ûnreedlike alternatyf’.
Konklúzje fan myn arbeid: allinnich boeren mei
stimme.’
‘En froulju dy’t yn it ferset
sitten ha!’
‘En boere-arbeiders!’
‘Allinnich as se foar der foar fiif oere
ôfgeane!’
‘En fierstente folle bern ha!’
‘En skûtsjesilers dy’t net
swimme kinne!’
‘En mannen mei fatsoenlike seksuele
ferlangens!’
‘Ferlangens?’
‘Eh... langstmen!’
‘En alvestêderiders út de
jierren fjirtich dy’t earst noch melke
moasten!’
‘En minsken dy’t altyd sizze dat
wy ús ynlibje moatte yn de wrâld fan it
bern!’
‘En dan mâl dogge!’
‘JA DY!’
‘Mannen...! Binne wy it deroer iens dat
wy dizze diskusje meinimme nei de folgjende
gearkomste?’ frege Sipma. ‘Want ik wit ek
noch wol wat kategoryen. Minsken dy’t harren
belangeleas ynsette foar in partij, bygelyks. Of
skilders dy’t skilderje dêr’t it op
stiet.’
‘JA!’ rôpen de mannen fan de
PLF.
‘Wat ja?’
‘WY NIMME DIZZE DISKUSJE MEI NEI DE
FOLGJENDE GEARKOMSTE!
‘Goed, dan gean wy no oer nei it
folgjende part. Earst krije wy de bestjoerswiksel.
Ahum. Mannen... dit is foar my en Annema in
emosjoneel momint. Is ’t net sa
Annema?’’
‘Ja... hâld it asjebleaft koart
Sipma...’
‘Yn ’e rige!’
De mannen fan de PLF giene wer kreas yn ’e rige
stean.
‘Lit de broek sakje!
Ien-twa-trije!’
Alle broeken sakken nei ûnderen.
‘Fjouwer-fiif!’
De ûnderbroeken folgen.
Gau seach Niksma om him hinne. Sipma rûn by de
rige del, gie werom en gie foar de oaren oer stean.
Al dy tiid hie er goed sjoen. Hy rjochte syn boarst.
De oaren folgen.
De ynspeksje duorre noch wol in minút.
‘Mmm,’ sei Sipma. ‘It is wol
dúdlik wa’t de grutste hat.’
‘Sipma, tsjonge... de toer fan
Spannenburch.’
‘De baarnende Brandaris...’
‘Avero...’
‘In boppeslach Sipma!’
‘Jo binne alwér keazen ta
foarsitter fan de PLF!’
‘LANG LEVE SIPMA, US NIJE
FOARSITTER!’
De ynspeksje gie troch.
‘Annema! It froutsje hat wolris jokte
tink?’
‘Jo hawwe gjin fiskakte nedich,
haha!’
‘Tsjongejonge, wat in lytske!’
‘Gjin praatsjes mannen. ’Ir.
Wouda’, sa neamd it froutsje my. As it gemaal
wurket, is se net te hâlden. No jim wer.’
‘No, ik soe my deaskamje,’
rôp Meekma.
‘Ik ek!’
‘Ik it meast!’
‘Mannen!’ kaam Sipma tuskenyn.
‘Binne wy it deroer iens dat Annema de nije
skriuwer wurdt?’
‘No, ik al!’
‘Ik ek!’
‘Goed, dan wurd it âlde bestjoer
Sipma-Annema by dizze opfolge troch it nije bestjoer:
Sipma-Annema!’
‘HOERA! HOERA! HOERA!’
‘Sjong it folksliet!’
En de mannen fan de PLF songen it folksliet en de
pielemansen dûnsen ritmysk mei.
‘Mei ik jo fan herte lokwinskje as
ús nije foarsitter fan de Partij foar
Lytsskalich Faksisme, dat is de PLF, Sipma?’
sei Jaarsma. ‘Ik, en safolle leden mei my,
binne bliid dat jo ree binne de swiere taak as sterke
man fan ús par... ‘
‘Lokwinsken nei dizze gearkomste graach.
Ahum. Achte leden fan de PLF. As earste died sprekt
jo nije foarsitter no in rede út.’
‘AHA!’
‘Tweintich kij, ien bolle, in man hat
rjocht op folle. Ik ha sein.’
De mannen fan de PLF klappen ien kear.
‘Dan bringt de PLF no har jierlikse
geheime groet oan ús nommele helden fan it
doetiidske ferset, dat fan de jierren 1340-1345.
Earst de gebrûklike fraach fan jo nije
foarsitter. Binne hjir minsken dy’t ’m
lofts rjochte ha?’
It bleau stil by de grutte stien.
‘Goed,’ ferfolge Sipma. ‘It
is ek mar in formele kwestje. Wy witte ommers
allegear hoe’t er wize moat.’
‘Bah, as lytsskalige faksisten binne wy
oerlevere oan de hearsksucht fan de bedragers,’
rôp Boersma. ‘Annema, as earste died soene
jo fuort in driichbrief skriuwe moatte!’
‘Wêrhinne?’
‘Nei it Ketshûs!’
‘Ik doch it!’
‘Den Haach, wy ferachtsje jo!’
‘Jimme totalitaire smychten, jimme
hearsksuchtige farao’s!’
‘Wy bepale sels ús
rjochting!’
‘Soevereiniteit Oer Alles!’
‘Just, wy wolle SOA!’
‘SOA, SOA, WY WOLLE SOA!’
‘Mannen fan de PLF, binne jim der klear
foar?’
‘WY BINNE DER KLEAR FOAR!’
Sipma gie de kamper yn en iepene it gerdyn foar it
grutte achterrút. De fideorekorder stie op
’e tafel. Mei tipex hie er it apparaat bewurke,
sadat der net ’play’ stie, mar
’ôfspylje’; net
’forward’, mar ’nei fn’; net
’rewind’, mar ’nei efteren’;
net ’recording’, mar
’opnimme’; net ’eject’, mar
’derút’. Hy die de stekker yn it
kontakt en drukte op ’as der gjin film yn
sit’ (’stand by’). Doe’t er
wer bûten ‘kaam, stiene de mannen fan de
Partij foar Lytsskalich Faksisme al wat tichter by it
achterrút. Sipma stie yn ’e doariepening
en rôp.
‘Mannen fan de PLF, binne jimme der wier
klear foar?’
‘JA!’
Hy drukte op
’ôfspylje’. ’Passion Fruit
4’, sa hiet it. Gau rûn er wer nei de rige
dy’t bûten stie – en noch wat
fierder nei it rút fan de kamper opskood wie.
De mannen fan de PLF seagen it goed. De froulju
wachten net ôf. En de manlju holden ek net fan
heal wurk. Alle pielemansen kamen oerein en wiisden
rjocht-rjochts nei de grutte stien.
Niksma hie al hiel lang wachte op dit
momint. Al dat lekkere fruit, tocht er, tsjonge. It
wiene fansels gjin Fryske dellen, want dat wiene de
hytsten, mar dit wie ek al hiel goed.
Sipma draaide him in kwartslach mei lofts.
‘Lytsskalige Faksisten: sjong it Douwe
Kalma-liet!’
‘WY SJONGE IT DOUWE KALMA-LIET!’
Douwe Kalma is ús ljocht
Lavearje en dan foar de wyn
Wy ha faak oan Kalma tocht
As wy bûgden foar ús grutte stien
En stean wy wer rjocht foar ús fruchtbere
lân
Dan wol graach omheech ús rjochterhân
Douwe Kalma is ús ljocht
Lavearje en dan foar de wyn!
Sûnder in wurd te sizzen gie Sipma de kamper yn
om de ’Passion Fruit 4’ op
’skoft’ te setten. Doe’t er werom
wie, gie er wer foar de mannen fan de PLF oer stean.
Hy rjochte syn boarst. De oaren folgen. Mar wat
earder noch in gripe wie, wie no noch mar in
hânskepke.
‘Dan harkje wy no nei no it gedicht
’Frisia Germanica’ fan de spitich
genôch troch de measte minsken mar net troch
ús ferjitten dichter Oebele Drolma,’
ferfolge Sipma. ‘Fennema?’
Fennema die in stap nei foaren, tute it wurd
’dea’ en draaide him om.
‘Dan no it gedicht ’Frisia
Germanica’ fan de spitich genôch troch de
measte minsken mar net troch ús ferjitten
dichter Oebele F. Sytze-Wytze Drolma,’ sei er
plechtich. ‘Ahum.’
Syn hege stim hong boppe de greide.
Frisia Germanica
Wy libje fan de wyn
East, west, súd, noard
Wy libje fan it lân
West, súd, noard, east
Frisia Germanica
Flandria bis Baltica
Agraria Botanica
Germanica Frisia!
Wy libje fan it wetter
Noard, east, súd, west.
Mare Nostrum Nostre optia
Frisia Germanica, Frisia est!
De mannen fan de PLF klappen allegear ien kear.
Meekma skriemde.
‘Dan no it twadde gedicht. Dit is
skreaun troch my. Ik wie fansels fuort ynspirearre
troch Drolma. Ik fûn it fuort ek hiel goed
passen yn it tema fan dit jier, dat ’Pisje jo
eefkes ergens oars?’ is. It hiet ’Rex
Frisionum’.
Rex Frisionum
Frisia Rex quo vadis?
Rex est Sex a cum Ex
Frisia Sex – Rolex!
Ergo Nostre credo:
Avanti Frisia Sex cum Durex
De mannen fan de PLF klappen wer ien kear. Fennema
rûn werom en gie yn ’e rige stean.
‘Draaisma, presintearje it
slokje!’ rôp Sipma. ‘Ferjit net:
allegear twa slokjes om ús Grut Frysk-Dietsche
freonskippen te besegeljen.’
Draaisma gie nei de stien en tute de
’dea’. Hy draaide him om, naam twa
slokjes en joech de flesse oan Meekma. Meekma
rûn ek nei de stien, túte ’dea’
en naam ek twa slokjes. De oaren folgen allegear.
Niksma joech in bêste tongtút. Sipma joech
de lêste tút en naam de lêste slokken.
It wiene der trije.
‘Wip... eh, Sipma, jo hawwe trije
slokjes hân!!’ rôp Boersma.
‘As nij foarsitter fan de PLF ha ik
rjocht op ien ekstra,’ antwurde Sipma.
‘Dat is tradysje.’
De rige stie wer ree. Sipma gie de
kamper yn en drukte wer op
’ôfspylje’. De pielemansen
brochten wer harren groet. Rjocht-rjochts. Se glommen
deroer.
‘Sjong it FNP-liet!’
‘IT PAST US OM IT FNP-LIET TE
SJONGEN!’
Leve de mannen fan de FNP
fan ’e hiephiephiephouzee!
‘Sjong it twadde fers!’
‘IT PAST US OM IT TWADDE FERS TE
SJONGEN!’
Leve de froulju fan de FNP
fan ’e hiephiephiephouzee!
‘Sjong it folksliet!
‘MARANATHA!
It folksliet davere oer de fjilden, wylst de earms
strak neist de lichems sieten, de pielemansen
rjocht-rjochts oanholden en ’Passion Fruit
4’ foar it rút fan de drok bestikkere
kamper mar ôfspile en ôfspile waard.
‘Ah...!’
Samar hie Niksma wat sein. ’Ah.’
Op de stien dripte it kwakje. ’Leaver
dea’ stie der.
|