Geertruida van Assen

BIST BESOADEMITERE

Yn al dy jierren dat we byinoar binne haw ik myn wiif noch noait besoademitere, mar blinder, ik sil dy fertelle: dat skeelde net folle. Fan 'e wike seach ik har foar it earst. Skonken oan 'e kliene mul ta. In dûbele bola cup E derboppe, ljocht hier oer it smelle kontsje. Sa'n mokkel. It wie de earste kear dat ik myn wiif net rjocht oansjen koe, doe't hja frege wêr't ik west hie. Mar ik leau se hie neat yn 'e rekken.
  Bliksem wat docht de kop my sear.
  Lot. Ja, sa hyt se.
  Ik fiel it waarme fel noch. Myn hannen gliden oer it platte liif hinne, nei foaren ta. Omheech by it sêfte fleis. Bewurken it as in slachter dy't gehakballen draait. Har stim dy't sei dat it goed wie. Fierder omheech oant it spikerhurde útstekkende diel ta. Knipe soe ik en ... sa kloatich, ik mitere fan't bêd.
  De ronfelige kop fan myn wiif hong boppen my. 'Hast dy sear dien?' De reade brot op it nachtkastke sei wol genôch tocht my. Se helle in waskhantsje. De bloedige kop wie gau mei rêden mar myn dream wie foargoed stikken, tocht ik.
  'Hoe hiest dat no sa?'
  Ach ja wat moast ik sizze. Ik seach nei har grouwe bealch. Eins in wûnder dat ik nea earder fan it bêd ôfdondere wie as hja har omdraaide. Mar earlik is earlik, diskear leine der trije op ien bêd dat ik sei mar neat.

Sa't ik al sei: de kop docht my sear mar dat is aanst gau oer. Ik kaam har tsjin yn 'e winkelstrjitte en haw har frege om wat mei my te drinken. Dêr sit se, mei my oan ien tafel. De iene skonk oer de oare hinne slein. Dat docht se om't ik dan har wite broekje sjen kin.
  Mar ik sjoch leaver nei de spiennen dy't it strakke truike nei foaren triuwe of nei de moaie lippen. De hannen trilje my der fan, sa mâl, ik lykje wol in snotjonge en wat sit dy broek my ferrekte strak. Ik kin him hjir net bêst útdwaan want der binne allegear minsken om ús hinne.
  Yn 'e fierte hear ik dat der lûd út 'e mûle komt, mar dat mitert my neat want ik wol der hiel wat oars mei.
   Einlik is it stil.
  Ik nim in slok fan myn bier. Sy pakt har glês, slút de lippen om 'e râne en lit it kantelje. It trochsichtige guod brûst nei de lippen ta. Mei de boppeste wat omheech kin it spul deryn krûpe.
  Ik slok. It lege glês komt op it taffeltsje en sy bûcht de holle nei my ta. Ik slok wer. It fleske bier glidet my út 'e hân wei en miteret stikken op de tegels del.
  Se jout in gjalp. Minsken sjogge nei ús, guon wize. In ober komt hastich op ús ta mei in feger en blik. 'Wolle jo ek in nij fleske bier?' wol er witte.
'En jo?' freget er oan har as ik ja knikt haw.
'As myn lover noch wat nimt, doch ik dat ek.' Se sjocht de ober oan, kriget it rokje mei beide hannen by de seame fêst. De skonk lit se fan de oare ôfglydzje.
  It wite broekje hat in kantrântsje. En mines in tekoart oan romte. Gau sil ik in slok bier nimme mar it fleske leit stikken op 'e grûn.
  'Wat mei it wêze?' De ober sjocht oft seach er alle dagen prachtwiven dy't net mei har heit mar mei har lover op stap wiene.

As de ober de beide fleskes op 'e tafel set, betelje ik him fuortendaliks. Hy kin my net gau genôch ophoepelje.
  Se gnysket. Hiel stadich skoot har hân oer de tafel hinne. Wêrhinne?
  De eagen binne grien, dat hie ik noch net iens sjoen. Se passe by it truike dy't tagelyk mei de dûbele bola op it taffeltsje deldondert.
  In sêfte hân is it en folle lytser as mines. Se grypt my fêst en myn hân skoot oer de tafel. Om de beide fleskes hinne, nei it oare ein, oant de fingers wat hurds reitsje.
  Alle minsken komme om ús hinne stean. Mar dat mitert my neat.
  Ik meitsje my los, krij myn fleske en sûp it yn ien kear leech. 'Net sa hurd, jonge', laket se en skoot wer mei de hân oer de tafel. De fingers krûpe stadich om har fleske hinne. Se reitsje de tomme net, want it ding is breder as mines. Se knypt, as soe se it smeller meitsje wolle.
  'Wêr bliuwst no?' flústeret se. Har hân skoot omheech, hielendal ta de hals. In finger folget de rûnte fan it gat.
  Yn myn mage sil in bierstoarm oangean. Ik leau, der is net genôch romte.
  De fingers lizze om de flessehals. Ynienen raamt se de hân nei ûnderen ta, tilt it fleske fan de tafel en triuwt it gat tsjin de moaie lippen oan. Stadich gean se útinoar. De wite tosken bite yn 'e hals.
  Se komt nei foaren ta, lit it hier op 'e tafel falle en sjocht my mei gleone eagen oan. It fleske hinget tusken de tosken. Har beide hannen lizze plat op 'e tafel. Se skoot der hielendal oerhinne en set it fleske foar my del. Dêr stiet it, noch hielendal fol.
  Se sjocht my oan en triuwt de tonge tusken de tosken troch. Ik ferwachtsje dat se de lippen wiet meitsje sil mar se bûcht nei it fleske ta en slikket it om 'e hals.
  De plasse bier yn 'e mage rekket alhiel oerstjoer. Ik fiel de eagen fan de minsken om ús hinne. Sjoch har op it taffeltsje krûpen, it skommelet. It fleske bier hat gjin hâldfêst oan de slingerjende tonge en sil aanst omfalle. It kâlde guod sil myn te krappe broek ynkrûpe.
  'Kom mar jonge,' seit se en grypt my by de holle. It fleske stiet noch. 'Nim mar mei,' hymje ik en fljoch oerein.
  Mei de holle skean, gniist se breedút en begjint te praten: 'Wêrom sa hastich jonge? Hoechst dochs net op 'e tiid thús te wêzen wol?'
  Thús. Dat hie se net sizze moatten. De grouwe bealch mei de ronfelige kop stiet ynienen foar my. Bist no hielendal besoademitere? Sjoch yn de spegel man!

De kleurde bal op it skerm spat útinoar. Yn it twapersoansbêd seaget myn wiif in beam om. De mûs hellet de tekst fan myn deiboek wer yn byld as ik him oanreitsje. Sa'n mokkel, it hie net folle skeeld.