Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra

KENING FAN DE JUNKS 7

Oanstutsen troch Desiderius syn hillich fjoer en berettens naam no Boscovitch Stein it wurd.
  'Us sosjaal struktuerplan en it him op basis dêrfan oppenearjend belied biede in mooglikheid en ûntwikkelje aktiviteiten dy't derop rjochte binne om de opfang fan helpbehoevenden, troch de measte minsken gauris junks of swalkers neamd, te optimalisearjen ...' (aha, tocht Desiderius, it giet dus om alderhanne minsken dy't de boat mist ha, en dy't handich troch de gemeente yn dizze ynstelling gearswile binne) '...al falle der ek alkoholisy en psychiatryske pasjinten ûnder. Wy hawwe neigien op hokker wize as konkrete aktiviteiten inisjearre wurde kinne, rjochte op de meast pregnante problemen, sawol by ús helpbehoevenden as by de problemen dy't de minsken yn har omjouwing, foaral buertbewenners, dêrmei ha of tinke te hawwen, as gefolch fan har oanwêzigens. Okkerlêst is ús ommers noch in proses oandien troch in groep buertbewenners fan Noard-Haren, dy't kleemden dat de prizen fan har huzen sakke wiene troch geruchten oer de komst fan in dependance fan De Flechtheuvel yn har buert. Dy saak rint noch, en wy ferwachtsje dat jo as de oan te stellen direkteur dat probleem mei faasje oanpakke sille, dêrby sawol de belangen fan de helpbehoevenden as fan de ynstelling yn it each hâlde sille. Mar dat tusken twa heakjes. Om werom te kommen op de problematyk fan de problemen, de problematyske aspekten yn de belibbing fan buertbewenners binne allegear ynvintarisearre troch ûndersyksburo's ynskeakele troch de bestjoeren fan gruttere stêden. Ta ús fernuvering die bliken dat alle grutte stêden mei deselde problemen te dwaan hiene oanbelangjende it "Not yn my backyard"-syndroom. It hat ús fernuvere dat it lanlik operearjende sosjaal-wittenskiplik ûndersyksburo - tusken heakjes Cugelsma en Co - de stêdsbestjoeren dêr net fan op de hichte steld hat, want dat hie har in protte jild besparje kinnen, en de bestjoeren skowe ús fansels de kosten op 'e nekke. Yndirekt. Mar goed, lit ik net ôfdwale. De ûndersyksrisseltaten ha yn de krante stien en in lanlik ynsteld platfoarm studearret no op oplossingen yn oerlis mei fertsjintwurdigers fan stêdsbestjoeren en buertbewenners. Likegoed sil it noch wol lang duorje, sa leart de ûnderfining, ear't de oplossings dy't op lanlik nivo foarsteld binne, útprobearre binne en trochstreame nei de regio. Ha jo yn 'e tuskentiid in idee hokker belied as der fierd wurde moat mei as doel en ferhimmelje, nee fersêftsje, de problemen safolle mooglik, of leaver, om te temporisearjen yn ôfwachting fan it stuit dat de oplossings lanlik ymplimintearre wurde - al sil ien en oar ek wer fan de ferkiezingsútslach takom hjerst ôfhingje?'
  Hy seach it omsittend laach oan mei alsizzende eagen, en liet doe in stilte falle dy't foar Desiderius it teken wie dat hy no sprekke mocht. En dat die er.
  'Achte leden fan 'e sollisitaasjekommisje. Ik woe, mocht ik oansteld wurde op de troch jim yn de Volkskrante advertearre baan:
Ien. Net sasear pleitsje foar mear, mar foaral ek better gebrûk en ôfstimming fan it besteande helpoanbod. Yn dat ramt ek stribje nei in dúdlike ferdieling fan ferantwurdlikheden.
Twa. Oansluting sykje by positive ûntjouwings en no rinnend belied, mar wêr't dat nedich is komme mei útstellen ta ferbettering fan belied beselskippe, essinsjeel, fan útstellen om dat belied dan ek diedwurklik te realisearjen.
Trije. Net allinnich oanjaan wat der barre moat, mar ek hoe, d.w.s. konkrete útstellen ûntwikkelje om ien en oar yn gong te setten, en de ferantwurdlikheid dêrfoar del te lizzen by dejingen dy't dy ek wier drage.
Fjouwer. Primêr mar ek sekundêr te sjen nei de mooglikheden foar ús ynstelling om binnen ús gemeenten feroarings yn gong te setten oanbelangjende de faasje nedich om subsydzjestreamen foar helpbehoevenden los te meitsjen en by de buertbewenners mei flyt en warberens te wurkjen oan in mienskiplike troch ús begelate mentaliteitsferoaring as it giet om it ferheegjen fan it maatskiplik begryp foar helpbehoevenden.'
  Hy liet efkes in stilte falle en heakke der doe tusken noas en lippen achteleas oan ta: 'Fansels sille wy faker de strjitte op moatte, "de wijk in".'
  In útstel dat sawol orizjineel as konkreet wie en dat se namstemear wurdearren, mei't se it sels al hûndert kear útsteld hienen. It wie in feest fan werkenning en Desiderius foel beslist yn 'e smaak.
  No naam de spiersterke frou wer it wurd.
  'Ik wurkje foaral op strjitte en neffens myn betinken wurdt it belang fan behanneling yn de ynstelling oerskat en it belang, mar ek de ynskatting fan de dregens fan it wurk op 'e dyk ûnderskat. Wêr stietsto yn dat gehiel?'
  Desiderius kichte, neit't er hope beskieden, want hy fielde him geweldich yn foarm.
  'De ferslavingssoarch is minder fier yn it opsykjen fan kliïnten op 'e dyk. Ambulant wol ek hjir sizze dat de klièïnten dat binne en net de helpferlieners. Binnen de ynstellings stiet it ynstinsive strjittewurk minder heech oanskreaun as it doelmjittich behanneljen yn de ynstelling, wat ek syn beslach kriget yn de ûngelikense salariëring fan de meiwurkers. Wy wurde hjir ferge op in kanteljen fan it tinken. In partisipaasje yn en parsjele belutsenens by inisjativen fan buerten soe in begjin wêze, bygelyks ien kear yn 'e wike oanwêzich op it plysjeburo of noch better, it buertstipepunt. Dêrtroch kin de ferslavingssoarch ek it grize sirkwy fan net-registrearre helpbehoevenden wytwaskje en op basis dêrfan gruttere finansjele ynjeksjes fan de gemeente ôftwinge. Underfinings fan oare stêden leare dat sa'n strategy fertuten dwaan sil as it derom giet de ynstelling byde gemeente wer op 'e kaart te krijen. Multy-diagnostyk makket gearwurking mei oare relevante ynstânsjes in desideratum fan de earste oarder. Mar nochrisom, in kanteljen fan in tinken, dêr wurde wy alderearst op ferge.'
  De frou knikte goedkarrend. Sa weage it petear noch oardel oerke fierder. By einsluten naam de kommisje ôfskie fan Desiderius, op Dominicus nei dy't fuortgeande gasten útswaaie mocht. Dominicus felisitearre him sels mei syn optreden. Desiderius beslute doe om him yn betrouwen te nimmen omtrent syn echtelike sitewaasje:
  'Der is noch in lyts puntsje. Myn frou en ik binne al in skoftke skieden fan tafel en bêd. Doe't ik myn sollisitaasjebrief skreau, ha ik noch wol ús mienskiplike adres fierd. Mar it koe net langer sa, byinoar yn ien hûs. Dat ik wenje no tydlik by in freon yn, wylst ik oare wenromte sykje yn Swol. Enfin, it liket my net handich om te korrespondearjen fia it adres fan myn frou en fansels wol ik myn freon net ûnnedich lêstich falle. Dêrom tocht ik dat it better wie om it kontakt fia in mobyl nûmer ferrinne te litten. Ik woe aansen daalks de stêd yngean om in nije te keapjen. De âlde is ... eh... stikken fallen.'
  Dominicus seach yn gedachten al in echtlike strideraasje foar him.
  'Och dat is gjin probleem', sei Dominicus, 'rin mar efkes mei.'
  En sa waard regele dat de âlde adresgegevens fan Jacques Deumert skrast waarden, mar net út de holle fan Desiderius dy't in fotografysk ûnthâld hie. As nij adres joech er in postbusadres yn Assen op, dat er gauris brûkte foar saakjes dy't gjin fêst adres ferneare koene. It 06-nûmer sei er ta dat er dat trochbelje soe, sagau't er in nij mobyltsje kocht hie. Fan de soere resepsjoniste frege er en krige er ek wat briefpapier, mei it briefhaad fan de ynstelling derop. Neffens syn sizzen wie er dat nedich foar syn dochter dy't dat sparre. Dy persoanlike meidieling makke it minske al wat mylder foar Desiderius. Se hie by einsluten sels ek bern.
  'Miskien is it dochs net sa'n minnen ien,' sei se yn harsels, doe't, wat faaks de nije direkteur wêze soe, troch de draaidoarren nei bûten draaide. Hy gie de kjeld wer yn, mar de sinne ferljochte syn paad.