|
Albertina Soepboer
DE SPAGHETTYDAGEN
It wie april, net in sprút kâld en wy
hienen it hele strân foar ússels. It
spikerjaske hie ik om de mul knope. Us mem rûn
mei muoike en oom in ein foar my út. Broerke en
sus skepten mei de twa nichtsjes in fort by de
floedstripe. Ik stie in ein fan har ôf. Sa yn
’e fierte liken se allegear op fan dy lytse
neefkes dy’t ferfelend hinne en wer sjitte as
it waarm waarm is en dy lekstekke. Mar hjoed net. Se
rôpen sa no en dan oan my en dan wiuwde ik
werom. Hjoed woe ik net prate.
De romte trille as in grutte koepel om ús
hinne. De see wie in grut wetterfjild foar ús en
achter ús stie in giele muorre fan hege dunen.
Yn ’e fierte wie de sânflakte mei lytse
dúntsjes op it oare eilân. Mear nei it
suden ta lei de seedyk en de ûnbiedich grutte
tsjerke fan ús doarp. Mar wy wienen hjoed net
thús. Wy wienen op besite by de famylje op
’e eilannen.
De see slikke oan ’e punten fan myn
basketballskuon. Se wienen heel breed en liken op dy
fan in klown. Dat nuvere gefoel dat ik de lêste
tiid faker hie, wie der wer. As oft ik net mear
hielendal wie sa’t ik wie. As oft in grutter
minske yn myn liif libbe. Yn ’e fierte hipten
de nichtsjes om it fort hinne. Sus hie de skep beet
en broerke drukte it sân oan, sadat it in
stevich fort wurde soe. Dit kear waard it ien mei
hege en smelle muorren, dat koe ik sa wol sjen.
Sûnt de oare simmer boude ik gjin forten mear.
Myn skep stie no op souder. Alles oan my waard te
grut foar in skep.
No hapte de see nei de basketballskuon en ik
die in stap tebek. Miskien moast ik it âlde
spultsje mei de weagen mar wer ris dwaan. Dêr
wie ik miskien net te grut foar. By it spultsje mei
de weagen steldest earst in fraach en dan giest op it
punt stean dêr’t de see noch krekt komme
koe. It wachtsjen wie dan op ’e earste weach
dy’t oanrôljen kaam. At dy dy oanrekke,
dan wie it antwurd op de fraach ja. No moast ik in
fraach betinke. Ynienen wist ik it. Ik soe freegje
oft Harry ek ferlyfd op my wie. In pear minuten lang
hold ik it wetter goed yn ’e gaten. Doe socht
ik in plakje út. Ik die de earms fier
útinoar en frege oft er ek op my wie. De earste
weach dy’t kaam, wie te lyts, dat hie ik
fuortendaliks yn ’e rekken. It waard neat sa.
Fan Harry krych ik in apart gefoel yn ’e mage.
Ek al iet ik eltse dei seis stikken bôle mei
tsiis, it holp net tsjin dy jûkte dy’t
krekt ûnder it boarst begûn en einige yn
’e knibbels. Unrêstich waard ik der fan.
Mar Harry dus net.
No op ’e eilannen like Harry in ein
fuort en ik wist net sa goed mear wat ik fan him
fûn. Ik stapte by de floedstripe wei. Wat waard
ik wizer fan ’e weagen. Ik soe gewoan mar mear
ite, miskien dat dat wol holp. De sokken yn de
basketballskuon fielden ynienen dweiltrochwiet oan.
Ik seach wer nei de te brede skuon en ûnder dy
skuon lei it strân stikfol mei skulpen. Eefkes
wie ik der hielendal ôf, mar rillegau skeaten de
nammen my wer yn it sin. Moksel foar de blauwswarte,
kokkel foar dy mei de dikke strepen en tafelmesheft
foar de lange, smelle. In pear moannen lyn hie ik
alle nammen fan de skulpen kwyt west en dat hie de
skuld west fan Harry. By Nederlânsk hie ik in
sprekbeurt holden oer ‘Beesten uit de
zee’. Harry hie hielendal foaroan yn ’e
klasse sitten. Foar’t ik moarns de njoggen
kilometer nei skoalle fytste, hie ik de seldsum
draaide penhoren en tinne, geve fenusskulpkes ynpakt
tusken de bôletrompe en de skoalboeken. It
hichtepunt fan ’e sammeling wie de deade krab
yn in jampot. Us heit en ik hienen him yn ’e
alkohol set, sadat it fleis fertarje koe en de krab
net mear sa stonk. Doe’t de krab út de
alkohol kaam, hie ik him ek noch mei hierlak bespuite
sadat er moai glimde. Nei in kertier swittend
en stammerjend foar de klasse hie ik de skulpen
út de skoaltas helle. De klas hie wat gnyske,
mar doe’t de krab út de watten kaam,
hienen in pear minsken raasd. Harry hie net raasd.
Harry hie my útlake. Thús hie ik neat sein,
mar hie ’k de sammeling yn in doaze dien. Se
stienen no neist de skep op souder.
Yn ’e fierte wrotte in fiskersboat troch
it seegat nei it waad ta. De nichtsjes sieten by it
fort wylst sus der wyld yn omskepte. Hele stikken
sân smiet se de loft yn. Broerke koe har hast
net byhâlde en op syn lytse skonken draafde er
rûntsjes om it fort hinne om alle sân in
plakje te jaan. It waard kâlder en myn fuotten
waarden dat ek. Ik die de wiete basketballskuon en de
sokken út, sadat dy miskien noch in bytsje
droegje koenen yn ’e sinne en tearde doe de
bosken fan myn túnbroek op. Ik seach op it
horloazje. It wie al healwei fiven. At wy noch mei de
lêste boat nei hûs ta soenen, dan moasten
wy no fuort.
De stimmen fan ús mem, muoike en oom
kamen tichterby. Muoike wie de suster fan ús
mem. Se wienen beide lyts en dûbeld. Se hienen
it slûke hier dat ik ek hie. At se tegearre
wienen, moasten se faak laitsje om neat en se hienen
altyd in spikerbroek mei in trui oan. Ek no laken se
de hele tiid. Oom rûn neist har, kreas yn wat in
simmerpak like. Doe stienen se foar my. Se seagen nei
myn bleate skonken.
‘Wat bisto oan it dwaan?’ frege
muoike.
Ik wist neat te sizzen. Muoike lake lokkich en
doe lake de rest mei. Ik die de sokken wer oan. Dat
gie stadich, want se wienen noch net droech.
‘Binne dyn skuon ek wiet?’ woe
ús mem witte.
‘Ja,’ sei ik.
Se sei neat. Ik seach nei de boppekant fan de
klownsskuon. De sinne hie se al in bytsje opdroege en
no koest de wite kringen fan it seesâlt sjen.
‘Wy bliuwe hjir hjoed. Wy gean net nei
hûs ta,’ sei ús mem, wylst ik de
fuotten yn ’e basketballskuon besocht te
krijen. It like wol oft se krompen wienen.
‘O,’ sei ik.
Se rûnen wer fierder. Ik hie fergetten de
fiters fêst te dwaan en foel om doe’t ik
achter har oan woe. Sear die it net. Dalik soe ik har
wol ynhelje, tocht ik, wylst ik dêr lei yn it
noch waarme sân. Fannacht moast ik sliepe yn
’e benaude karavan fan muoike en oom tusken de
giecheljende nichtsjes, sus dy’t noch op
’e tomme sobbe en broerke dy’t altyd hurd
lake yn syn sliep. Ik lei it wang op it sân.
Miskien koe ik hjir fannacht wol sliepe. De eagen
foelen ticht by allinne de gedachte al.
Doe’t ik de eagen wer in bytsje iepen
die, wie de wrâld feroare. Us-mem-en-dy stienen
yn in nuver en trochsichtich ljocht by de floedstripe
by de oaren. Se liken allegear op wêzens fan in
oare planeet. Se hienen in hûd fan sulver krigen
en se skitteren. De gewoane wrâld glide fierder
fuort en ik hie der net oan tocht, mar ynienen wie er
foar my. Syn kopke stuts mar krekt boppe it wetter
út. Ik trille. Dit wie it momint. Hy wie
tichtby. Ik koe syn snorhierren sjen en de donkere
eagen. Hy seach my oan en ik stoareage werom. Dit wie
it momint. Doe dûkte er wer de see yn. De keel
wie my hielendal droech wurden. Ik hie neat sein, ik
hie wer neat sein en sa gie it al jierren.
Broerke rôp myn namme. Hoeden lei ik de
hannen op it sân om mysels omheech te drukken.
Doe’t ik oerein stie, wie it my dwyl yn
’e kop, as oft alles flink ferskood wie en net
fuortendaliks wer teplak falle woe. Ik rûn. It
die sear, mar dat gefoel soe dalik wol ferdwine.
Se stienen yn in sirkel om it fort hinne
doe’t ik by har wie. It wie in moai fort
wurden, mei goede muorren. De nichtsjes jengelen dat
se nei hûs ta woenen. Sus siet wurch neist de
skep en broerke sprong stralend op en del. Hy wie
noait wurch, hy lake sels noch at er sliepte. Us mem
krych him by de hân en kloppe syn klean skjin.
Doe sei muoike dat wy mar nei de karavan ta moasten.
‘Machtich hin, dat wy bliuwe,’ sei
sus, wylst wy tegearre oprûnen.
‘Ja,’ sei ik, mar ik fûn it
hielendal net machtich. Moarnier om sân oere soe
se wer út bêd springe, omdat se nei it
strân ta woe. Dan moast ik mei om op har te
passen. En earst moasten wy ek noch sliepe yn dy
karavan. Wêrom hie ús mem dat samar
betocht. Soks hienen wy noch noait dien, dat wy op
’e eilannen bleaunen sûnder ús heit
en de tint. Wy soenen fannacht smoare mei ús
allegear yn dat plastik hok fan muoike en oom.
Sus wie al wer fierder draafd. Wy stutsen it
dún oer tusken de see en de kamping. Us mem
ferdwûn gau yn in tillefoansel. Ik draaide my
noch in kear nei de see ta. Hy wie it waad opswommen,
dat wist ik wol seker. Mar der wie neat te sjen,
útsein de sinne dy’t leech stie en yn
’e eagen skynde. Doe hearde ik de stim fan
ús mem. Ik draafde gau nei ûnderen ta.
Tusken de wiete teannen skjirre it sân en it die
sear om sa hurd te rinnen.
‘Ik ha jim heit belle en sein dat wy
jûn net thúskomme. Hy moat him mar ris
allinne rêde mei de ierdappels en it
fleis,’ sei se doe’t ik ûnder wie.
Ik hime. De fuotten liken no wol hielendal iepen te
wêzen troch it sân yn ’e
basketballskuon.
‘Moatte wy dan hjir ite?’ frege
sus. Se mocht hast noait iten by oare minsken.
‘Ja, en wy ite dalik spaghetty,’
sei muoike.
‘Is dat mei sipels?’ frege sus.
‘Ja, en mei tomaten,’ sei muoike.
‘Ik mei gjin tomaten,’ sei
broerke, dy’t de griente altyd stean liet.
Us mem die krekt oft se der net by wie. Oom
luts syn jaske rjocht en de nichtsjes makken
rúzje om in dropke. Ik seach gau op it
horloazje. Wy soenen noch krekt nei hûs ta
kinne.
‘Kom op, wy gean nei de karavan,’
sei ús mem.
Achterinoar oan rûnen wy oer in smel
skulpepaadsje nei de kamping ta. Flak foar de kamping
waard it in betonpaad dêr’t it rûkte
nei gehaktballen en blomkoal. Oom rûn foarop nei
de karavan ta en ik wie de lêste yn ’e
rige. Wy liken raar, sa oan de ein fan de dei, wy
liken op popkes yn ferkeard simmerwaar. Wat dienen wy
hjir tusken dy karavans fan metaal en wite ferve
dy’t yn kreaze rychjes stienen? Tinten, grutte
stikken gers en de patatboer wienen nergens te sjen.
Ik waard in bytsje beroerd. Ergens waard it te grut
yn myn liif. In luchtballon yn myn liif blaasde
himsels op en ik koe it net helpe. Ik woe it net. Ik
woe it net, lykas ik dat fan Harry net woe en
dêr’t seis stikken bôle mei tsiis net
tsjin holpen. Ik woe wol in hele bôle mei tsiis
ha no, mar dalik soenen wy spaghetty ite en spaghetty
hie ik noch noait hân.
*
|