|
Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra
KENING FAN DE JUNKS 5
Desiderius draaide it 06-nûmer fan Klein, de
oare sollisitant. Klein naam op.
‘Goeddei, Klein. Jo sprekke mei
Harrie Touwman. Ik bin in kollega fan de hear Kok, de
foarsitter fan 'e sollisitaasjekommisje. Dêr ha
jo dochs al kontakt mei hân?’
‘Jawis, dy krige ik oan de
tillefoan doe't ik skille om ynljochtingen omtrint de
baan dêr't ik gading op makke.’
‘Wolno, in tragysk ûngefal hat
him oppenearre. Ik sil der net om hinne draaie: de
hear Kok hat himsels tekoart dien.’
‘Och wat ferskriklik! Dat spyt my.
En dat krekt no't er yn it bedriuwslibben in lyts
sintsje byfertsjinne. Hy hearde sa grutsk doe't er my
dêroer fertelde. Wie er net belutsen by in
bedriuw dat swarte seehûntsjes wer wyt makke? Of
in restaurant? Hy soe ‘cashe’, hie er it
al mar oer; hy hie sa lang om in hongerleantsje
omstind, sei er. En no sa!’
‘Yndie, de minsklike geast is in
riedsel. Lykwols hiene wy al langer yn 'e rekken dat
er swierrichheden hie. Hy like sa'n entûsjaste
man, mar hy wie net sa fortúnlik: ellinde
thús, op it wurk gjin karjêreperspektiven
mear. En doe, doe hat er him ophongen. In sjoernalist
fan Omrop Noard, dêr't er in ôfspraak mei
hie, hat him fûn. Dy hat de polysje belle. Syn
partner hat him identifisearre.’
‘Addinda, ja, dêr wie er o sa
wiis mei, dêr hat er mei oer ferteld.’
‘Addinda? O ja, tsjin ús hie
er it altiten oer Atsje, mar dat wie har offisjele
namme. Wat in trageedzje. Enfin, de
sollisitaasjekommisje hat besletten om de
sollisitaasjepetearen in moanne út te stellen.
Wy wolle fansels in perioade fan rou betrachtsje.
Boppedat sil de plysje it ien en oar útsykje
wolle, om der wier wis fan te wêzen dat it om
selsmoard giet. It bringt nochal wat papierboel mei,
sa'n selsmoard.’
‘Nimme jo kontakt op foar in nije
ôfspraak?’
‘Jawis, as skriuwer foar de
sollisitaasjekommisje sil ik dêr persoanlik
soarch foar drage.’
‘Tankjowol. En sterkte
tawinske.’
‘Tankjewol!’
Desiderius smiet de hoarn derop. Hy
fielde him … hoe soe er dat ris tsjin himsels
sizze…? Ja, hy fielde tige foldien. Mar noch
gjin lauwerkrâns! Hy seach op it horloazje.
Tweintich foar tsienen. Noch efkes en dan soe de
sollisitaasjekommisje gearkomme. Hy skonke nei it
wachtkeammerke ta, seach efkes bazich om him hinne en
sei doe op noartske toan tsjin de iennichste
oanwêzige:
‘Jacques Deumert?’
‘Dat bin ik.’ Deumert hie in
wat ôfwêzige útdrukking op syn antlit.
Fierders hie er in protte grize krultsjes om in
antlit dat ronfelich wie, as burokratysk papier dat
de jiskekoer yn giet. Deumert hie by syn libben al
fierstentefolle burokratysk papier konsumearre. No't
er dea wie, gie er dêr moai mei troch. It wie
ommers in súksesformule. It type wittenskipper
dat altyd yn tinzen wei is. En dy syn frou by him
weirûn. In humorleaze kale neet, in oerstallich
persoan, in weiten hin, minsklik ûnkrûd, in
sloppe sopstingel, in reep kliemske koeke, in loser
fan 'e earste oarder. Men koe net sizze dat
Desiderius lang tiid noadich hie ear't er mei syn
oardiel klear stie. Hy joech Deumert in hân en
yntrodusearre himsels as Harrie Touwman.
‘Ik bin de skriuwer fan de
sollisitaasjekommisje. Kinne jo efkes
meikomme?’ En hy troaike de man mei nei it
keammerke dêr't er niis Klein ôfbelle hie.
Hy wiisde de wittenskiplike fyftiger in stoel en naam
sels plak achter it buro as wie it sines.
‘Deumert, ik ha de drôve
plicht en stel jo derfan op 'e hichte dat de hear
Kok, foarsitter fan 'e solisitaasjekommisje,
selsmoard pleegd hat.’
‘O wat ferskriklik’, kriet
Deumert, en seach skril om him hinne as soe er der
ferantwurdlik foar holden wurde kinne.
‘Wy tochten al langer dat er
problemen hie, mar dat it sa slim wêze soe
...’ Hy liet in stilte falle en stoareage
mismoedich en skodholjend foar him út. Doe
rjochte er wer beret it wurd ta Deumert.
‘De plysje hat ús in oerke lyn
skille. Ik ha tillefoanysk oerlis fierd mei de oare
leden fan 'e sollisitaasjekommisje en wy ha besletten
de hiele proseduere in moanne út te stellen. Wy
nimme fansels te gelegener tiid wer kontakt mei jo op
foar it meitsjen fan in nije ôfspraak.’ Hy
wachte noch efkes, en ferfette doe op in wat batske
toan:
‘Ha jo fierders noch fragen?’
‘Nee hear’, lústere
Deumert wat beskiten en dúdlikernôch
ymponearre troch de earnst fan 'e sitewaasje.
‘Dan sil ik jo no nei de
útgong ta bringe.’
Wylst se troch de keale gong nei de
útgong rûnen, sei Desiderius:
‘It muoit ús dat jo in fergese
reis makke ha. Wy sille jo reiskosten útsoarte
fergoedzje, as jo hjir wer oanwêzich
binne.’
‘O dat jout net’, mûlke
Deumert, yn tinzen wei fanwege de trageedzje dy't
plakfûn hie. Se rûnen by de resepsjoniste
lâns. Dy gie lykwols tefolle op yn har
tillefoanpetear om te sjen wa't der nei bûten
rûn. Op 'e stoepe joech er Deumert in hân
en winske him in goede weromreis. Dêrnei gie er
it gebou yn wylst er op syn horloazje seach: fiif
foar tsienen.Hy wreau him yn de hannen en skonke nei
de wachtkeamer ta. Dêr naam er in sit en wachte
op 'e dingen dy't komme soene.
Enkes nei tsienen kaam der in korpulinte
man om 'e hoeke fan 'e gong. Hy hie in fierhinne
keale holle mei in krânske stikelhier
deromhinne. Syn snústerich kolbêr droech er
by in spikerbroek en grize slobbertrui. Syn fodderige
klean stiene Desiderius tsjin, dy't ommers in echte
dandy wie en him mar mei lijen konformearje koe oan
'e saaie klaaigewoanten fan 'e Nederlânske
boppelaach dêr't hysels in foaroansteand lid fan
achte te wêzen. Nettjinsteande dy yndruk fernaam
er ta syn fernuvering dat er fûn dat de man in
sympatyk gesicht hie, reafallich as fan in
bierdrinkende pater anneks man fan it goede libben.
Dy yndruk waard noch sterker doe't de man him mei
útstuten hân foarstelde:
‘Jan Dominicus’.
Syn ûntwapenjende wize fan dwaan
kaam Desiderius sa bot oer it mad dat er hast syn
eigen namme neamde. Lokkigernôch tocht er der
krekt op 'e tiid oan en brûk it alias dêr't
de sitewaasje him op ferge. Hy glimke der sels
breedút by, wat him maklik ôfgong.
‘Jacques Deumert.’
‘Goede reis hân?’
‘Och wat sil ik sizze. Dat de NS
net spoart?’ Dêr glimke de pater om, want
hy mocht Desiderius wol. Al wie it wol in bytsje in
flau Kees-van-Kooten grapke.
‘Om de wierheid te sizze, ik hie
wat opûnthâld’, ferfette Desiderius.
‘Tsja’, andere de pater,
‘sûnt wy yn de EEG sitte, ride de treinen
noch minder op tiid as derfoar. De supremaasje fan it
grutkapitaal is net op te kearen. Mar genôch
dêroer. Lit ik earst wat oer mysels fertelle. Ik
bin lid fan 'e sollisitaasjekommisje. Op ‘de
Flechtheuvel’ bin ik haad Finansjele Saken. Hy
heakke deroan ta: ‘Part-time fansels, want wy
binne in lytse ynstelling. Opropkrachten meirekkene
wurkje der sa'n fyftich minsken by ús. Rin mar
mei, dan geane wy daalks nei de seal ta dêr't de
oare leden fan 'e sollisitaasjekommisje
wachtsje.’
Desiderius rûn achter de pater oan.
Fyftich minsken! Dat wie mear as er tocht hie. Dat
betsjutte wat! Foar in direkteur! Ommers: hoe mear
minsken as in direkteur ûnder him hie, hoe mear
as er fertsjinne! Wylst er de pater mei syn swiere
swalkjende stap neisette, blonken him de eurotekens
yn 'e eagen.
|