|
|
Jaap Krol
BY SIPMA THÚS
De mannen fan de Partij foar Lytsskalich Faksisme
(PLF) wienen byinoar kommen. Meekma wie der, en
Niksma en Draaisma en Annema, Fennema, Sipma en ek
Jaarsma. En Boersma fansels.
Sipma frege de frou om in kanne kofje. Doe't de
frou dy brocht hie, sei se dat se nei de buorren soe.
De mannen hearden it net. Sipma seach syn frou net
oan. Foldien seach er yn 'e rûnte.
'Mannen,' sei Sipma, 'de kofje is ree en de frou is
fuort. Allegear wolkom. Litte wy sjonge!'
Se kamen allegear oerein en songen it folksliet en
de wangen waarden read, want it wie noch lûder
as de tongerbui boppe harren. Doe't se wer sieten,
naam Sipma wer it wurd.
'Allegear wolkom. Wy witte allegear dat Hollanners
grutte bedragers binne. Dat is ien.'
'Litte wy sjonge!' rôp Fennema.
En se kamen wer oerein en songen út folle
boarst. Doe't se wer sieten, krige Niksma gau in
koekje.
'Ik doch de skuon eefkes út Sipma,' sei
Boersma. 'Hoedzje jimme, ik ha switfuotten. En maat
45.'
'Jout neat Boersma,' sei Draaisma. 'Wy witte
allegear: Frysk swit is it bêste swit dat der
is. Elkenien moat Fryske switfuotten ha!'
'No sa.'
'Annema, is der post?' sei Sipma.
Annema die de heale bril op en krige syn map.
'Yn en út..,' sei er plechtich. 'Yn: eh, neat.
Ut binne gien: in driichbrief nei de NOS, om't se
stoppe binne mei van G'west tot G'west; in
driichbrief nei de Fryske Akadeemje, om't se in komma
ferjitten binne yn it artikel "Fryske eros, in
ûndersyk nei Fryske sek"…'
'Kommaneukers!'
'Hahahaha!'
'Mannen, ho!' sei Draaisma. 'Wy witte allegear:
Fryske seks is de bêste seks dy't der is.
Elkenien moat Fryske seks ha!'
'Folle en faak!' rôp Boersma.
'Dat sei de frou fannacht ek!' antwurde
Fennema.
'Hahaha!' lake elkenien. Niksma naam gau noch in
koekje.
'Kin ik fierder gean mei de útgeande post?
Moai. In driichbrief nei de Ariadne om't se noait it
breidpatroan fan de pompeblêden-trui sjen litte;
in driichbrief nei in oantal saneamde "fans" fan
Hearrenfean.'
It wie eefkes stil. Annema seach op.
'Fak 16, twa yn rige 4; fak 28, seis yn rige 14 en
fak 30, trije yn rige 2. Ik doar it eins net te
sizzen...'
'Nee!'
'Se... sieten?'
'Under it folksliet?'
'Mar dat is dochs ferskriklik...'
'O, o, o...'
'Ooooo...'
'Tsss...'
'Mei de kop tusken de doar...'
'En dan goed oanlûke...'
'Dit hat hiel-en-dal neat mei fuotbaljen te
krijen!'
'Sokke lju moatte in stadionferbod hawwe!'
'Annema: skriuw in brief!'
'Ik-doch-it!'
'Ge-wel-dich!' sei Fennema.
'O ja, der moat ek in brief út nei de VARA,'
sei Meekma. It binne en bliuwe fansels wol smoarge
readen, mar dy Peter Tuinman, dy makket goeie reklame
foar de Fryske saak.'
'Hoe no, Meekma?'
'Sa't er ús Fryske aksint útsprekt, sa is
der gjin ien. As ynspekteur Talsma yn Unit 13 wie der
gjin bettere. Faak sei er bygelyks:
'Ge-wel-duch!'
'Ik bin it hielendal mei jo iens, Meekma,' sei
Draaisma. 'It Fryske aksint is it bêste aksint
dat der is. Elkenien moat it Fryske aksint ha!'
'Dat ferstand fan jouw plak ik op het achtereinde
van een postsegel!'
'Narkotika! Staan blijven of ik schiet je foor de
harses!'
'Wat kijkje haar aan, wilje haar fersieren of
so?'
'Ut is pompen of fersuipen jongeman!'
'Dat sei de frou fannacht ook!'
'Hahaha!'
'Mannen! Wy binne dwaande mei wichtige saken!
Annema, noch mear?'
'Ik bin noch dwaande mei in driichbrief nei de
Grinzer universiteit, om't se it tillefoannûmer
fan de fakgroep Frysk feroare hawwe.'
'Ja en?
'It nije nûmer is net Frysk.'
'Diskriminaasje! 058-74307655028510!'
'Dêr binne wy tsjin! 06-57848937854 én
06-4858388575728384!'
'Aksje! 06-11!!'
'Just!' sei Sipma. 'Hiel goed, Annema, hiel goed.
Fennema, hoe giet it mei de nije stikkeraksje. Hast
al wat ynspiraasje? Of hast in geheim bûsboekje
yn 'e broek ûnder de neamer... "dichterlike
frijheid"? Haha!'
Sipma lake om himsels.
'No Sipma, dat falt wol ta…'
'Wachtsje foar de Fries,' sei Meekma.
'Mannen!'
'Jou Holl…'
'Mannen! Jou Fennema it wurd.'
'Goed, hjir it útstel foar de stikkeraksje.
Yn myn beheinde frije tiid bin ik dwaande west yn myn
túnhûske. En ik kin jimme fertelle: der is
wat moais útkommen, en al mei ik it net sizze,
ik sis it self. Koarte hoazzen binne ommers gau
útsmiten, dat sis ik altyd mar. Ek sis ik faak:
"Dat wiif byldet as in apel op 'e potkast", of:
"Wasket de frou it rút, dan wol se mear as in
tút", en: "Is der fan alles dat har steurt, dan
wol se it leafst in bêste b...".'
'Fennema!!'
'O ja.'
Hy die de heale bril op 'e noas en seach in skoft
nei in grut fel wyt papier. Doe kuchte er ris.
'Binne jimme der klear foar? Goed. Harkje, dit is
de nije tekst: Al hwa't net wend is Frysk te
sprekken, him sil ik de poaten brekke.'
Hy die de bril ôf.
'No?'
'Ge-wel-duch!' rôpen se allegear tagelyk.
'Mannen fan de PLF: sjonge!' rôp Sipma.
En de mannen kamen wer oerein en de earen waarden
fjoerread. Foar't er stean gie, naam Niksma noch rap
in koekje.
'Goed Fennema,' sei Sipma nei't se sitten gien
wiene. Jaarsma, jo hiene in wichtige kwestje te
besprekken. Hawwe jo it foarseine stik al
ôf?'
'Sipma… ja.'
Jaarsma gie oerein. De hannen rydbosken in
bytsje.
'Mannen... ik bin dwaande west mei it skriuwen fan
in nij beliedsstik. Jim moatte it allegear witte:
beliedsstikken skriuwe is myn hobby.'
Hy kuchte lûd en helle slym omheech.
'Mannen...!' rôp er en syn lûd sloech
oer en de holle makke in ûnkontrolearre
beweging, 'fan de PLF...! Yn 't foar wol ik wat
sizze. Dit: ik sil it koart hâlde. Fannacht ha
ik de hiele nacht neitocht oer wat ik sizze soe op de
gearkomste fan de PLF, dy fan jûn. En no komt it
mannen: ik wist neat. Oeren lei ik mei de holle yn it
kessen, oeren siet ik rjochtop op bêd en tocht
ik nei oer wat ik no sizze soe. Bûten reinde en
waaide it och sa hurd, it dak fleach der hast ôf
fan dy smoarge wyn en ik tocht hieltyd mar: "Wat o
wat moat ik moarn no sizze? Yn fredesnamme?" It
oerkomt de bêsten, mannen, dat sa slim wie it
noch net. De frou lei neist my, dat ik luts oan
de...'
'Jaarsma, jo soene it koart hâlde!'
'O ja. Mannen! Yn 't foar wol ik sizze dat dit
troch my skreaune beliedsstik in tige tapaslike titel
hat: "Hurdseane Aaien - Oer de PLF as partij mei in
fersetsstruktuer". Troch Jarich Jaarsma.'
'Moaie titel,' sei Meekma. 'Wat stiet deryn?'
'Yn myn beliedsstik stiet dat de PLF in partij
wurde moat mei in fersetsstruktuer.'
'Aha! It ferset! Wurden nei myn hert,' sei Sipma.
'Jaarsma, wat betsjut dat neffens jo?'
'Dat de PLF in partij wurde moat mei in
fersetsstruktuer.'
'Mar jo hiene sein: "Hurdseane aaien oer de PLF as
partij mei in fersetsstruktuer troch Jarich Jaarsma".
Wolle jo no sizze dat jó hurdseane aaien oer de
PLF smite wolle?' sei Annema. 'Wêrom is dat?!
Sjoch Jaarsma, jo moatte net dw...'
'Annema, ho!' sei Jaarsma. 'Harkje, ik lis it jo
eefkes koart út. Der stiet: "Hurdseane Aaien,
streepke, Oer de PLF as partij mei in
fersetsstruktuer".' En dan: Troch Jarich Jaarsma. Dus
it beliedsstik mei de titel "Hurdseane Aaien - Oer de
PLF as partij mei in fersetsstruktuer", is skreaun
troch my, Jarich Jaarsma.'
'O. Ah.'
'Mannen fan de PLF! Harkje! Wichtich yn it
tinkkader fan de PLF is dat wy altyd tsjin binne. Wy
binne prinsipjeel tsjin alles. Wy binne tsjin rykdom,
want dan binne wy net mear earm. As wy net earm
binne, hoege wy ek net yn it ferset. As wy net mear
yn it ferset sitte, hoege wy ek noait mear wichtige
gearkomsten te hâlden, dêr't wichtige
beliedsstikken as dizze besprutsen wurde...!'
Jaarsma syn wite hannen rydbosken hieltyd mear. De
grize hierren fleagen him foar de eagen. Hy hold him
fêst oan de lining fan 'e stoel. It swit
rûgele oer de noas nei ûnderen.
'Dêrom, mannen fan de PLF, dêrom rop ik:
wy wolle achterstân!'
'WY WOLLE ACHTERSTÂN!'
Jaarsma syn lange fliebetrie sakke nei de
tafel.
'Ik sis: hurdseane aaien, aksje NO!'
'HURDSEANE AAIEN, AKSJE NO!'
Jaarsma syn stim sloech oer.
'Want mannen fan de PLF: FERSET IS MOAI!!'
En Jaarsma foel oer de tafel hinne, mar gjin ien
holp him, want elkenien hie fjoer yn 'e eagen krigen
en raasde lûd.
'Ferset is moai,' hie Sipma heard.
De earen sûsden him, hy waard dúzlich yn
'e kop en fernaam dat de oaren fier fuort wiene. Hy
woe "Stean!!" roppe, mar it wie net nedich. Hy woe
"Sjonge!!" roppe, mar hy seach dat der al ynset waard
- lûder as se oait dien hiene. Fennema en
Draaisma hellen Jaarsma omheech. En se knikten
ûnder it sjongen ynstimmend nei Jaarsma en
Jaarsma glimke en it wie of it swit op 'e noas
opdroege wie.
'Wize wurden Jaarsma, jo beliedsstik is
sûnder te stimmen oannommen,' sei Sipma doe't se
wer sitte gean wiene.
'Wy litte net mei ús kakkestuollemaaie!'
rôp Meekma.
'Wa't in kikkert krije wol, moat in mich ite!!!!'
raasde Jaarsma.
'Ferset en oars net!' rôp Fennema.
'De fisk kin de kat wol bite, mar in hûn
swimt rapper!!'
'Fiele jo jo wol goed, Jaarsma? Jo sjogge wat wyt
om 'e noas,' sei Annema.
'Ik moat skite, oars doch ik it yn 'e broek.'
'Jout neat Jaarsma,' sei Draaisma, 'wy witte
allegear: Fryske jarre is de bêste jarre dy't
der is. Elkenien moat Fryske jarre hawwe!'
Muoisum gie Jaarsma nei de gong. Gau snaaide
Niksma syn koekje.
'Goed mannen,' sei Sipma. 'Dan no it rûntsje.
Wa hat noch wat? Fennema?'
'Sipma, ja. Mannen, it muoit my tige... mar ik fyn
it hjir stjonken.'
'Dat kin klopje, Fennema, it binne myn fuotten,'
sei Boersma. 'Maat 45 no?'
'Mar ik haw niis ek in enoarm ôfskiten,' sei
Annema.
'Mar werom hâlde jo dat net op?' frege
Sipma.
'Ik lit my net troch wat tsjinhâlde. Dy't my
twinge, lit ik springe. Dat is de Fryske frijheid,'
sei Annema.
'Baas yn eigen búk,' sei Draaisma.
Jaarsma spielde troch. Annema wappere mei de
hannen. Draaisma krôke lûd.
'Draaisma, kin it noch lûder?' rôp
Sipma.
'Dat sei de frou fannacht ek!' sei er.
'Mannen, it jout allegear neat,' sei Meekma.
'Want wy witte allegear…'
'Hollanners binne grutte bedragers.'
'No sa.'
'Mannen fan de PLF: sjong it PLF-liet!'
'Wachtsje!'
Jaarsma wie wer stean gien en seach nei Sipma. Syn
earms lei er op 'e stoellining.
'Wolle jo it oargel bespylje, Sipma?' frege er mei
hease stim. 'Dat soe ik och sa moai fine...'
'Dat sûgjende lûd...,' sei Annema.
'De nederige frou...'
En Sipma gie nei it oargel, helle alle registers
iepen yn it foarspul en draaide him op it hichtepunt
in heale slach om en de mannen kamen omheech en
begûnen lûd te sjongen.
U zei de Glooooriiiie!
Opgestane He...
'HOHOHO!'
'O ja,' seine de mannen fan de PLF en se giene wer
sitten.
Sipma seach op syn lilkst, begûn op 'e nij en
draaide him op it hichtepunt in heale slach om en de
mannen kamen omheech en begûnen lûd te
sjongen.
Oan ús de Glooooarje
Mannen mei ear en lef
Wy sjonge Fiktoooarje
Foar de PLF!
Boersma, Fennema en Annema hâlden Jaarsma
oerein. Syn tonge hong op it kin. Skombekjend raasde
er mei.
Wy-y krije elkenien stiltsjes
Harkje en doch mei!
Mei ús heale briltsjes
Lykje wy wol kij!
Jaarsma wie delstoart.
Oan ús de Glooooarje
Mannen mei ear en lef
Wy sjonge Fiktoooarje
Foar de PLF!
Sipma koe net ophâlde.
TATA!TATA!TATA!TATA!TATA!TATATATATATATATAAAAAA!!!!!
TA! TA! TA! TA! TA! TA!
TA! TA! TA! TA!
taaaaaaaaaaaaaaaa-aaaaaaaaaaaaaaaa-AAAAAAAAAA-AAAAAAA-
AAAAAAAAAAAAAA!!!!!
TA!
En de heale briltsjes foelen fan 'e fjoerreade
noazen, mar de toutsjes fongen se op.
'Goed, dan wol ik de gearkomste slúte,' sei
Sipma, doe't er it oargel útdie. 'Ik krij fan
jimme allegear twa jero foar de kofje en it koekje.
En fan jo Niksma trijefiiftich. Jo ha wol fjouwer
koekjes hân. De frou hoecht fansels net twa kear
deis nei de winkel te fytsen.'
'Krije wy gjin slokje?'
'It muoit my mannen, de Beerenburch wie net yn 'e
oanbieding. En it iene pak sju dat yn 'e koelkast
stiet, is fan de frou. Ik ha noch wol in healtsje
droege woarst, mar dat wol ik eins leaver sels
opite.'
'Dogge wy net wa't de grutste pielemans hat?'
'Jûn net. Boppedat win ik altyd, haha!'
'Hast ek werom fan fiif?' rôp Meekma.
'Kin it lytser?'
'Dat sei de frou fannacht ek!'
'Jo witte dat útstel faak ôfstel
is.'
'Dat ek!
'Swijt de ko, dan lûke jo,' rôp
Fennema.
'Fryske kij binne de b...'
'Ja, no wit ik it wol!' sei Sipma.
'Hahaha!' lake elkenien. 'Sjonge!' rôpen se
doe. En se giene stean en rûnen sjongend nei
bûten. Sipma bleau achter en telde syn jild.
Bûten tongere it noch in bytsje.
|