Farsk Feuilleton
Eric Hoekstra


KENING FAN DE JUNKS

3.

Grif de oare binnenbûse dan, dêr soe de beurs wol ynsitte. Nee, ek net! Wie de beurs derút fallen doe’t Cato him sa wreed bûtendoar set hie? Of hie er de beurs earne yn hûs lizze litten. Op it nachtkastke? Op in feilich plak miskien? Feilich? Hy flokte ynwindich. Bûten seach er krekt de junk foarby panderjen, dy’t him by de yngong lêstich fallen hie.
   ‘Myn beurs is stellen!’ rôp er. ‘Dy junk dêr stie niis by de yngong. Doe moat er my bûskehifke ha.’ En mei útset lûd heakke er dêr oan ta: ‘Hâld de dief!’
    De junk hearde dat net want de dûbele glêzen fan ’e stationsrestauraasje kearden alle lûd op. Mar de stêdswacht dy’t bykluste yn ’e koken fan ’e stationsrestauraasje hearde him al, en kaam hastich oanrinnen. In gewûpste Surinamer!
   ‘Pardon meneer?’
   ‘Die junk heeft mijn beurs gerold.’
   ‘Kom mei,’ sei de stêdswacht, en tegearre setten se op ’en draaf de restauraasje út. De servearster stoareage der mei fernuvering nei.
   ‘En de rekken dan?’ rôp se bangich, want wa soe dêr oars foar opdraaie?
   ‘Sagau’t ik myn beurs werom ha,’ sei Desiderius.
   Se moasten troch de foardoar nei bûten ta en rin om it stasjon hinne want de restauraasje hie gjin útgong nei de perrons ta, nei alle gedachten om te behinderjen dat net beteljende gasten op fuortridende treinen springe soene. De junk slofke fierder, dat út nei de eastkant fan it stasjon ta. Doe’t er de twa mannen op him ôf draven seach, draaide er him om en sette sok. Hy sigesage om lette forinzen hinne, woe de trep helje dy’t him oer it spoar hinne brinege soe, fan it fijannige perron ôf. Nettjinsteande hiene se him foar’t er by de trep op soe al te pakken. De stêdswacht pakte him goed beet, en draaide him foar de wissichheid de earm op ’e rêch. Desiderius begûn mei faasje yn ’e junk syn binnebûsen om te skuorren. Syn betûfte fingers troffen in nustje fan trije portemonees oan. Op goed geluk wrotte er der ien út.
   ‘Dit is ’m!’geide er triomfantlik, wylst syn fakmanseagen yn in wink de namme op 'e bankpas liezen: ‘D.J. Mulder.’
   ‘Wolle jo der foar soargje dat de smjunt daalks oan de plysjes oerdroegen wurdt, dan sil ik de rekken fan ’e stasjonsrestauraasje betelje, want no ha ik myn beurs wer.’ De stêdswacht wie noch tefolle ûnder de yndruk fan Desiderius syn faasje en berettens om dêr wat tsjin yn te bringen. Desiderius hearde achter him immen ‘Klootzak’ razen. Hy seach achterom. De junk en de stêdswacht rôlen oer de tegels hinne, mar hy bleau net stean om te sjen wa’t as oerwinner út ’e striid komme soe. Hy rûn om ’e stasjonsrestauraasje hinne, en stapte nei binnen ta. De servearster kaam út harsels op him ôf. Troch de glêzen seach er hoe’t de stedswacht de junk wer ûnder kontrôle krige.
   ‘Dêr bin ik wer’, sei Desiderius fleurich. ‘Ik foldoch altyd myn iepensteande rekkeningen. Sels as myn beurs stellen is’, sei er my in glim. It famke wie al lang bliid dat de skuldner weromkaam.
    ‘Och menear, it is wat mei dy junks. En wy meie se ek net fuortstjoere, want dan krije wy lijen mei it Opfangsintrum en it Buro Diskriminaasje en sa mear.’
   ‘Lokkigernôch ha jim in flinke jongkeardel yn ’e koken stean.’
   ‘Ja, wat tochten je, kok en bedriuwsplysje ynien, en dat mei de subsydzje fan ’e stêdswachtregeling. Moaier kin it net.’
   ‘Sa is it,’ sei Desiderius, dy’t seach dat de stêdswacht/kok/bedriuwsplysje mei de junk om de restauraasje hinne soe, om wer nei binnen ta.  ‘No ik moat fuort nei it wurk, hjir dit is foar dy’, en hy joech de servearster in stik fan twa euro.
   ‘Tankewol en goede dei fierder,’ hearde er achter him. Hy draafde suver troch de hal nei de westside fan it stasjon, want de stêdswacht woe er net mear tsjinkomme. Dy mocht him ris as tsjûge meinimme wolle nei it plysjeburo. Dat moast mar leaver net.
   ‘In goede dei, D.J. Mulder’, sei er tsjin himsels, en makke in spronkje. Hy hie wer jild. Hy wie wer de man. Dy D wie in teken dat de Allerheechste him hjoed geunstich gesind wie. Hjoed stie dy D foar Desiderius. Hy draafde nei in bus dy’t krekt fuort soe en wipte nei binnen ta. By de sjofeur kocht er in djoer strippekaartsje mei twa strippen. Yn it sintrum fan ’e stêd soe er wol fierder sjen.
   De bus draaide de dyk nêst it kanaal op. Hy koe him mei lijen steande hâlde yn ’e breed útswalkjende bus. De bus ried no dwers oer it rotontsje hinne, dêr’t er in foech oere lyn sa ûnearfol it hûs út skopt wie. Dy faam soe er noch wol werom pakke.
   Op it Suderdjip hold de bus ho om wat minsken yn en út te litten. De bus ried de snie oan smots. It wie gjin gesicht, fûn Desiderius, waans fynfiellige estetyske ynslach griisde fan alle ûnsjoggens. ‘Mar ta de saak no,’ spruts er himsels ta. Op ’e Grutte Merk stapte er út. Hy socht de telefoansel op dy’t dêr deunby de bushalte stie, sneupte yn syn beurs om oant er in munt fan tweintich sint fûn hie en draaide it tillefoannûmer dat er yn ’e beurs fûn hie.
   ‘Mei mevrouw Mulder’, sei in frou mei in Grinslânsk aksint. Aha, tocht er, de man nei it wurk ta, de frou thús.
   ‘Goeddei mevrouw Mulder. Mei Kuipers fan de Grinslanner plysje. De beurs fan jo man is troch immen op it stasjon fûn en en nei ús ta brocht.’
   ‘Leave santjin! Ik wit van neat. Myn man hat my noch net belle.’
   ‘Nee? No, dan hat er it noch net murken, of hy is dwaande de pas te blokkearen by de bank. Wa komt om de beurs ôf te heljen fan it buro? Jo of jo man?’
   ‘Ja, dat wit ik net. Sit alles der noch yn?’
   ‘Alles sit der noch yn. No, sil ik dan mar opskriuwe dat de beurs troch jo of jo man ôfhelle wurdt?’
   ‘No graach.’
   ‘Mei ik dan as identifikaasje foar as jo aansen komme of jo man de geboartedata fan jo en jo man?’
   ‘O ja, myn man is fan 1-8-1965 en ik fan 17-11-1967.’
   ‘Moai sa, mefrou, dan sjogge wy wol ien fan jim beiden op it kantoar ferskinen. Jo witte wêr’t it is?’
   ‘Jawis. Ik sil daalks myn man belje. Tige tank!’
   ‘Jo ek betanke.’
   Desiderius hong op en joech him nei de bankautomaat dy’t yn in griis kantoargebou foar de Martinitoer oer ynboud wie. De toer wiisde as in warskôgjende finger nei boppen ta, mar Desiderius hie oare rjochtingen yn ’e holle. Hy skode de bankpas yn ’e skreef, typte as pinoade 1711 en jawol. Raak! Wat er yn Elsevier lêzen hie kaam út. Mear as de helte fan alle manlju hie as pinkoade jierdei fan ’e frou nommen. Hjoed lake it geluk him ta. Hy struts de 2500 Euro dy’t er frege hie út ’e automaat mei de bewegingen fan in routinier. It maksimale bedrach. De pinpas bedarre mei in sierlike bôge yn in jiskekoer. ‘Laat niet als dank voor het aangenaam verpozen’, reaunte er mei in poëtysk glimke,  ‘de eigenaar van het bos de schillen en de dozen.’