|
|
Hynders
Sito Wijngaarden
Freed
Read of blau. In opmerking fan Heek dy’t liek
op in twingende foarm fan automatyske kommunikaasje.
Hy die syn uterste bêst om Laan diel út
meitsje te litten fan syn nijste kréaasje.
`Pears?’ rôp Laan like
automatysk werom fan út de keuken.
Godferdomme, har stim klonk of hie sy it ultime
ferskil tusken masterwurk en saai opdrachtwurk
oanbrocht. En dat sy it wist. Heek wynt him op oer
har ienfâldige en suvere antwurd. In antwurd
sûnder besef. Gjin besef fan it feit dat hy syn
masterwurk út hannen jûn hie. Sy hie net de
frijheid field dy’t hy har skonken hie om diel
út te meitsjen yn it ûntstean fan syn
kréaasje. Frijheid skinke as uterste middel fan
in ta inoar kommen. Laan hie it net oanfield.
`Read of blau, no sizze!’ Rôp
Heek nei de keuken.
`Blau.’
It hie even stil west foar’t Laan
wat sei. As hie sy spyt fan har eardere, te frije,
oanbring op syn wurk. Heek lake sêft. It wie him
wer slagge, wylst it him eins neat útmakke wat
foar kleur it bist krije soe. Hy wie machtich sa op
it krukje foar it lytse houten hynderke yn de grutte
keamer. It ljocht fan bûten en de muzyk spilen
mei. Hy woe dat er wist wat foar komponist dit wie,
it siet him dwers. De wittenskip oer dit klassike
wurk soe in moaie slach wêze om Laan noch krekt
wat hurder werom te pakken nei har ôfwizing.
`Hawwe wy noch wyn?’
`Sil ik ek in glês?’
Laan wie gek op gesellichheid.
`Do moatst dochs by it iten
bliuwe?’murk Heek koart op. Hy woe allinnich
wêze mei syn wurk. Yn syn keamer, syn ljocht en
muzyk. Heek begûn sierlik de rêch fan it
blanke bist te kleurjen. De basis wie set, net mear
werom. Laan brocht him de wyn.
It spiet him dat er sa wurden wie. Of wie it sa
wurden, tusken Laan en him? Hy wie benaud foar har.
Laan waard sterker sûnder dat sy dat wist. Under
it iten hienen sy it oer it hynderke.
Sneon
It wie tiid foar de wyklikse rede oan syn folk. Hy
sil hjoed foaral de ûnfrede ûnder de
ferskate legere lagen yn de mienskip delbêdzje
moatte. Der wie argewaasje ûntstien nei’t
er de beleaning foar goed gedrach, fan in finansjele
fergoeding, omsetten hie yn in fergoeding yn natura.
De goede boargers soenen as beleaning by him en syn
neisten oan it sneinsmiel dielnimme meie. De
finansjele opbringsten út syn nijste beslút
soenen dan ta geunste komme fan de ferbettering
fan de ynfrastruktuer yn it suden.
Heek snúft de lucht fan ‘e souder op en
rint nei de brune steanlampe. De fjouwer rûne
koppen hingje ûnferdield oan de stielen
stôk. De lampe moat safier mooglik nei it
rút. Hy rjochtet de fjouwer pitten nei it
poadium oan it rút op syn ferbylde ferskining.
It ljocht wie goed. De stoel oan it rút, de
troan.
As in trompetoankundiging fan in ymposante
iepenbiering klinkt it iepenjen fan it dakrút.
Heek nimt in koarte pauze. Syn eagen glydzje oer it
útsjoch fan de heechste ferdjipping en
hâlde dan stil. Syn wêzen wurdt stiif en
strang.
Ik, koning van het Noorden, gebied u te zwijgen. Ik,
koning van het Zuiden gebied u te luisteren. Uw
koning spreekt! Syn stim hie mear macht dan juster
tsjin Laan. De titel kening hied er himsels taktysk
oanmetten. Kening hie wat mearke-eftichs en wurke
dêrom sêfter as hearsker of lieder. Kening
hie wat leaf machtichs.
Heek is stil. Nei in twadde pauze set er op ‘e
nij, noch fûler, útein. Hy genietet fan
alle wurden dy’t lûd, ûnmerkber
resonearjend, it folk hypnotisearren. It folk waard
rêstich. Hast bang. Doe’t alles sein wie
hjitte er it folk te gean en sleat betankjend de
eagen. Leek suchte. Hy sette de lamp werom en
bûgde de koppen nei har eardere stean. De stoel
wer yn de hoeke.
`Ha kening Heek, wiest der wer jonge? Ik
haw nije hynders foar dy helle. Dizze binne wat
grutter.’
Laan klonk oerdreaun fleurich as woe sy
him treaste. Heek koe wol janke. Hy rûn út
it ljocht fan bûten it skaad yn. Laan hie him
betrape en akteare no as wie sy syn mem. Syn keamer
wie lyts. De trije blanke hynders stoarren him
minachtsjend oan. De hynders fan syn eigen fleis en
bloed.
|