|
|
Farsk Feuilleton:
Eric Hoekstra
Kening fan de junks
2.
Yn alle gefallen mar gau fuort, ear't se nei
bûten kaam en him de bonken bruts. Aha, it
stasjon! Dêr koe er moai in bakje kofje drinke
en wat bekomme, wylst er him op 'e takomst besinde.
Doe't er justerjûn dy fantastyske chick en in
bêd foar de nacht skoard hie, tocht er, dat er
wol foar in pear moanne ûnder de pannen
wêze soe. Sa lang duorre in relaasje by him wol.
Hy joech leafde en sy joech alles, "met logies en
ontbijt" om it samar te sizzen. Hy stuts de rotonde
foar de brêge oer, waard him no krekt bewust fan
syn justjes fochtige klean. By de brêge stie er
efkes stil.
Fierderop lei dat museum yn it wetter dat dy
Italiaanske oplichter de gemeente Grins oan de kont
smard hie. Desiderius fielde beropsbewûndering
en beropsôfgeunst foar dat feit. Under de
brêge dreaune kubistyske flakken iis, stikken
fearn troch frachtskippers dy't krekt foar de
krystdagen noch in frachtsje ferfiere woene. It
kâldblauwe moarnsljocht spegele deryn.
Desiderius rydboske.
Yn it easten koe no elk stuit de sinne boppe de
gebouwen fan de skyline útkomme. De kimen
waarden al rôzich. Hy sykhelle djip en
snúfde, doe draaide er him om en rûn
fierder. De kâlde glâns fan estetyske
winterske fiergesichten en oare wierheden moast it
ôflizze tsjin de waarme smûkens fan de
stasjonsrestauraasje, dêr't er no wol o
sa’n sin oan krige. Swarte stallen rûnen
by him lâns. De anonimiteit fan de moarnsspits
die him goed. En hy hie goed sliept fannacht, al wie
er wat raar wekker wurden. Hy begûn wat kwiker
te rinnen. Hy seach om him hinne oft er net skean nei
de restauraasje oerstekke koe, mar it ljocht foar de
auto’s wie krekt wer op grien sprongen. Hy
hipte fan de iene skonk op de oare om wat waarmte yn
it liif te krijgen oant it fuotgongersljocht lang om
let op grien gie. Tusken de fuortridende bussen troch
kaam er al gau by de stasjonsrestausaasje oan. Hy soe
hastich nei binnen ta rinne, mar in grutte junk gie
him yn it paad stean. Hy seach der sels faach bekend
út. Syn wylde tsjokke swarte hier stuts alle
kanten út. Hy hie knopen en tabaksflibe yn it
burd, en wiene dy lytse beweegjende puntsjes gjin
luzen?
De junk bûgde him ticht nei Desiderius oer en
flybke him hast yn it ear: `Heppu een euro foor me,
ik he gin geld foor de bus.’
Desiderius waard giftich. Wie hysels, de grutte
Desiderius, net krekt en plein publique fernedere
troch in trutsje fan 'e Hânzehegeskoalle? Wiene
him net krekt trije moanne fan rêst en
útfretterij ûntkeard troch in wreedaardich
tafal? Wêrom moast se yn 'e SENT MAIL map
omsneupe? Wêrom moast se karatelearares
wêze? En no soene de luzen fan 'e maatskippij in
dreech bodzjende boargerman de tagong ta in earlik
fertsjinne miel ûntkeare?? De junk tocht faaks
dat de foech sakeman dêr't er Desiderius foar
oanseach him net heard hie. Automatysk werhelle er de
fraach dêr't er njonken stelderij mei yn syn
libbensûnderhâld foarseach: ‘Heppu
een euro foor me, ik he gin geld foor de bus.
`Die bus heb je tachtig jaar geleden gemist, toen
je moeder je uitpoepte omdat ze vergeten had abortus
te plegen!’ De mûle foel de junk iepen.
Desiderius makke fan syn ferbjustering gebrûk
troch him fansiden te skowen en de
stasjonsrestauraasje yn te stappen. Hy hearde noch
earne `Klootzak’ roppen mar it skelwurd waard
smoard troch de draaidoar, it praat en de lûden
fan rinkeljende kopkes en pantsjes binnen yn de
restauraasje. Ienkear deryn socht er in moai plakje
by it rút oan de kant fan de perrons.
Nêst de ferwaarming dy't ûnder it
rút oanbrocht hie. Wat hearlik! Hy krûpte
it waarme izer suver oan. Op it taffeltsje foar him
hie immen de Volkskrant lizze litten. Desiderius
begûn der wolfernoege yn om te
blêdzjen.
`Wat mag het zijn, meneer?’ Desiderius seach
op. De servearster seach der in bytsje Yndonesysk
út. `Fine trekken, net fan dat groffe
westeuropeeske gedocht’, sei Desi yn himsels,
wylst syn kennerseach oer har gesicht doarme. Ja, hy
tocht himsels graach in man fan 'e wrâld. Hy
andere: `In koffie, in broodje kaas, en een
afspraakje met jou.’
Klééééf, tocht de servearster en
har kennerseagen wisten fuort dat sjen gjin doel mear
hie. Se rûn sûnder wat te sizzen fuort.
`Niet geschoten is altijd mis’, mompele
Desiderius yn himsels, en om himsels te treasten:
`Oefening baart kunst’. De servearster plofte
efkes letter in broadsje tsiis en in kofje foar him
op tafel en rûn gau wer fuort. `Dankuwel,
mevrouw,’ sei Desiderius fleurich. Hy
blêde fierder yn de Volkskrant. It nijs sloech
er oer. Dat ferfeelde him. Mar de
personielsadvertinsjes net. Der moast brea op 'e
planke komme, bliksem! Mei omtinken naam er se troch.
Accountant? Nee. Dosint Ingels HBO? Miskien, lekker
tusken de jonge famkes. Dy't miskien wol op karate
sieten. Efkes net. Hy socht eins in baan dêr't
gjin spesifike kundichheden foar frege waarden. Aha!
Direkteur wolwêzensynstelling! Dat wie wat foar
him. Wat fregen se? Ja, it wenstige geouwehoer.
Liedingjaande kapasiteiten. Sosjale ynstelling.
Kommunikative feardichheden. Teamworker. Dêr
moast er marris op ôf, sagau't er in pear sokken
op 'e kop tikke kie. Hy skuorde de advertinsje
út 'e krante en burch him op yn in
bûtenbûse fan syn kolbêr.
Syn lichem en de radiator hiene yntusken de slimste
fochtigens út syn klean ferdreaun. Der bleaune
gjin kringen fan oer. Lokkigernôch hie de snie
noch skjin west. Hy seach út oer it stasjon
dêr't it deiljocht de TL-lampen stadichoan
oerstallich makke. Noch hieltyd rûnen der in
protte skoalbern en forenzen foar del. De drokte fan
'e spits wie aardich belune mar noch net alhiel oer.
Hm, direkteur fan in wolwêzensynstelling. Hy
kôge op syn broadsje om as op in fleurich
foarútsjoch. Aansen mar efkes de sitewaasje
ferkenne. Hokfoar adres hie derop stien? Hy helle de
advertinsje wer efkes foar it ljocht: Adorpsestraat
31. Dat wie yn Noard. Dêr koe er geandewei
komme. It kuierjen soe him opfiterje, en dan koe er
ûnderweis noch wat ynkeapen dwaan. Hy winke in
fanke. Diskear in Grinslânske sa te sjen, mei in
wat grof mar net folslein ûnkreas boeregesicht.
Hy begûn net oan avances, want hy hie no in oar
doel foar eagen.
`Ik wou graag betalen.’ Se draaide har om en
kaam efkes letter mei de rekken oansetten. Hy seach:
3 euro 75. Hy fielde yn 'e binnenbûse fan it
kolbêr. Neat. In weach fan panyk wâle yn
him op.
|