Albertina Soepboer


ON THE ROAD OP WOANSDEI 17 MAART 2004

It is sawat seis oere middeis en Amsterdam CS is feroare yn ien grutte weach. Minsken rinne it stasjon yn, keare har om en rinne wer nei bûten ta. Op it stasjonsplein spat de weach útinoar yn lytsere weagen. Guon rinne de stêd yn, oaren steane wat ferheard om har hinne te sjen en wer oaren slute har by groepen oan dy’t rjochting busstasjon geane.
   It is de earste dei yn it jier mei flink waarm waar. Mar de glimk om de mûle fan de plysjeman dy’t ik freegje wat der te rêden, is fan opplakt plastik. 
  ‘Stroomstoring mevrouw, er rijden helemaal geen treinen, ’ seit er.
Op myn fraach oft er in idee hat hoe lang at soks duorret, skodhollet er.
   ‘Wij weten verder helemaal niets mevrouw,’ sa seit er, mei dyselde stive glimk op de lippen.
   De maitiidssinne skynt leech en breedút boppe de stêd. Amsterdam CS sil noch wol in skoft yn stoarmwaar ferkeare en ik ha net folle nocht om werom te gean yn lette treinen mei tefolle minsken. De dei is te moai en de wrâld te grut. Dus ik stoart my yn ien fan de ferdwaasde groepen rjochting busstasjon. Nuver genôch ride treinen it stasjon yn en út, mar gjinien liket it te sjen. De oantrún fan nei hûs ta is sterker. Ik wol it net tinke, mar fan ’e middei betiid sirkelen securitybuskes om de tramhaltes hinne. Dy buskes binne no nergens mear te sjen tusken de grutte weagen mei minsken.
   Binnen tsien minuten giet de bus rjochting Zaanstad fuort. It is noch altyd fan dat ûnwierskynlik moaie waar en de bussjauffeur yn de folle bus hat sjans mei de dame neist him. Se laket skruten, mar hy swaait grutsk nei syn kollega’s yn foarbyrazende bussen. Yn Zaanstad sit ik yn twa minuten yn de trein rjochting Alkmaar en it plan is de bus nei Ljouwert ta. In moaie en rêstige route jûns: de Ofslútdyk, in lege bus, oeral wetter en romte, de manier om fierder te reizgjen. De wrâld mei gek dwaan, de stroom op wêze, mar guon dingen bliuwe wol, tink ik wylst de trein stasjon Zaanstad útskoot de greiden yn.
   Mar yn tsien minuten bedarret de trein yn it senario dat as in ûnderhûdske reade tried by Amsterdam CS al omspoeke yn de foarm fan rûnridende securitybuskes en ferkrampte plysjemannen. De trein bliuwt stean yn Krommenie. In read sein, sa wurdt der earst sein, mar fiif minuten letter komt it berjocht: op it folgjend stasjon Uitgeest is in bommelding en wy meie net fierder fan de plysje. De man tsjinoer my docht as oft er sliept en stekt de neils stiif yn syn rêchsek. In jonge komt de trein yn. Hy docht in grut blik bier iepen. De frou neist my besjocht it, begjint oer iten fan de sjinees helje en bellet har man op.
   At de trein sa in pear minuten stien hat, komt it berjocht dat der noch neat feroare is. Der komme miskien wol bussen, sizze guon minsken. Op de oare kant fan it perron wachtsje minsken op de trein nei Amsterdam CS dy’t net giet. De sfear is dy fan apatysk ôfwachtsje. As ik freegje hoe lang at Alkmaar mei de bus is oan de frou neist my, antwurdet se dat ik dan noch aardich lang ûnderweis bin. De lêste bus rjochting Ljouwert is tusken acht en njoggen oere jûns sit my ergens yn de kop. Myn reizgersûnderfining komt nei boppen ta: in heel pakket oan ferbiningen en tiden is paraat en ek: oare manieren útfine om fierder te kommen. Ik pak myn rêchsekje en spring de trein út. Neist it stasjon leit wat ik sykje: in bensinestasjon en at se ergens wat witte, dan is dat op bensinestasjons. Dat is wêr’t de reizgers en de ferhalen foarbykomme. En ja, yn in pear minuten is it beslikke. De frou fan de bensinepomp bellet Dirk, de lokale taksiman op en ik krij in fergees kôfjemuntsje foar de automaat oan de muorre.
  ‘Bommelding?’ freget freon Wes dy’t eefkes letter mei syn herdershûn binnenstapt.
  ‘Een zieke geest,’ seit syn freondin.
  ‘Nou, er was hier vanmiddag nog zo’n vrouw met een grote jurk aan. Toen dacht ik nog, maar ja, dat mag je natuurlijk niet denken,’ seit Wes.
  ‘De mensheid doet het zichzelf aan, Wes,’ seit syn freondin en jout him in kop poeiermolke.
Wy geane bûten sitten op it trottoir en smoke in sigret yn bensinedampen. Plysjeweinen mei blauwe swaailjochten ride foarby. Mear ferdwaalde reizgers wachtsje op bussen dy’t mar net komme. It wurdt sa stadichoan tsjuster.Wes wol nei it stasjon ta om te sjen wat der te rêden is. Ik rin in stikje mei. De trein stiet leech en mei alle ljochten oan te wachtsjen op it sein grien. In lege trein op in lyts stasjon yn de greiden mei fan dat heldere maitiidsljocht yn de betide jûne. In fredich taferiel, mar mei op de achtergrûn: in bom.Yn de fierte blaft Wes syn herder.
   Dan stiet Dirk op it bensinestasjon mei syn grutte, wite taksi. Wy ride nei Alkmaar ta mei oeral de lange stripen fan autoljochtjes om ús hinne. Mear reizgers dy’t net fierder kaam binne en ien mei in auto opbelle hawwe. Yn Alkmaar docht bliken dat der noch in bus nei Ljouwert giet. It stasjon sels is rêstich. In pear groepkes wachtsjende minsken, kofjedrinkend ns-persoaniel en in swalker dy’t in euro wol. In trein komt binnen, minsken ferskowe wat op de bankjes, mar ek dizze trein is in lêste trein. At ik in strippenkaart helje, giet it mobyltsje fan de loketman. In nije bommelding op itselde trajekt. Hy sjocht my helpleas oan.
  ‘Hoe kom ik dan thuis? Lopend?’ seit er.
Wy laitsje mar wat en ik rin nei de bus ta. It giet rap, de grutte weagen mei reizgers binne ferdwûn, ik sit as iennichste yn de bus en besjoch it tsjustere Iselmar. De bussjaffeur docht syn bêst om my op tiid ôf te leverjen op it stasjon yn Ljouwert. It slagget. De trein nei Grins ta hat de doarren al ticht, mar yn de fierte wiuwt de haadkondukteur út in iepen doar.
  ‘Moest jij even snel lopen vandaag,’ seit er at ik de trein ynspring.
Ik sis mar neat. It wie in lange reis hjoed.