|
|
Albertina Soepboer
SUMMER NIGHT CITY
In retro-trip nei de
seventies
2003 - It parkearterrein leit tsjin de bergen oan.
Eltse kear at de doarren fan it wegrestaurant
iepengean, waait der in lucht fan kofje en woarst myn
kant op. Honger ha ik net. Op it horloazje is it twa
oere, mar fierder is alle besef fan tiid fuort.
Midden yn de nacht is it hast noch hielendal ljocht.
Twa jonges binne ek út de bus stapt. Se boartsje
mei in frisbee. Ljocht genôch.
‘Wurdt it noch tsjuster?’ freegje ik de
frou dy’t neist my sitten giet yn op in smelle
râne gers.
‘Nee, kwalik. Is dit dyn earste kear hjir yn
de simmer?’ freget se.
Ik knik. Doe’t ik yn Trondheim op de nachtbus
nei Bergen stapte, hie ik net tinke kinnen dat de
nachten yn Noarwegen sa ljocht wêze soenen. It
is prachtich, as oft ik yn in ûnbekende film
bedarre bin.
‘Wy fuotbalje nachts, by de pleats,’
seit de frou.
Ik knik mar wer en besykje my in foarstelling te
meitsjen fan minsken yn koarte broek en himd
dy’t nachts fleurich mei in bal om de pleats
drave. It jout in gefoel fan enoarme frijheid, in
gefoel dat ik werken, mar net teplak bringe kin op
dit momint. Wy stoareagje in skoft nei de bergen yn
it surrealistyske middernachtsljocht foar’t wy
wer yn de bus stappe.
Sliepe doch ik net. Wylst in majestueus
fjordelânskip foarby glidet, sjong ik yn mysels,
omdat myn trouwe reismaat Discman thúsbliuwe
moast fanwege romtegebrek. Ta myn grutte
ferwûndering sjong ik ynienen Summer Night
City. Fan ABBA. Ik kom mar ta in pear rigels
dêr’t ek noch stikjes fan misse:
walking in the moonlight ,… (ynfuld mei
pom pom pom), summer night city (mei in heel
lange oprekte –y-) en dat dan einleas yn de
herhelling. Mar it mist syn útwurking net. Muzyk
reizget troch de tiid en ik reizgje mei werom.
1978 - Acht jier wie ik en de wrâld wie yn twa
jier tiid in stik grutter wurden. In ferhúzing
hie der west nei de râne fan it doarp mei
útsicht op in lege greide en wat fuotbalfjilden.
Ik siet op de legere skoalle, wat in grutte
lêshonger yn my wekker makke hie, en wie no
einlik ta oan de echte berneboeken. Thús hienen
wy in radio, de gateway nei in noch folle gruttere
wrâld, dy fan de muzyk. En fansels: de
tillevyzje: in brún houten kast. It wie groei:
ik groeide en de wrâld ek. De sixties hienen it
wurd frijheid oeral achter litten. Ek yn Holwert.
En 1978 wie it jier dat ABBA Summer Night
City útbrocht. Myn muzyk ein sântiger
jierren, dat wie ABBA. In bytsje restjes Beatles, wat
Dolly Dots, mar foaral en yn it foarste plak ABBA.
Maklike, mar dochs wat mysterieuze wyskes, beweechlik
en foaral: oars as de oare muzyk. Op de blokfluit
neispylje slagge net, mar it paste yn myn kop doe en
it gie der like hurd yn as de Venz hagelslach. Op de
tillevyzje wie it feest noch grutter: perfekte
symmetry. Gjin yngewikkeld hippyhier of nuver
hymjende gitaren, mar simpelheid dêr’t ik
fan stralen gie. Posters plakte ik op de muorren fan
dy twa froulju, ien blond, ien brún en har twa
manlju dy’t altyd wat achter de froulju
stienen.
Op in dei hearde ik dat se út Sweden kamen. Ik
moat noch mear straald hawwe doe. Dat wie it lân
fan myn lêshelden. Topper wie Pippi Langkous (en
is dat noch altyd moat ik der earlik by
sizze…want hokker oare frou tilt har eigen
hynder op as wie it neat?). Dan kaam Michiel fan de
Hazelhoeve. Beide kreaasjes fan Astrid Lindgren, mar
yn myn famkesbrein wienen se like echt as pake en
beppe en de buorjonkjes. It wie burgerlijke
ongehoorzaamheid op berneformaat. It wie frijheid. As
lêste kaam Wicki de Fiking, miskien net Sweedsk,
mar wol út it noarden.
En Wicki de Fiking, dy hie alles te krijen mei dy
net brûkte greide by hûs. Yn de lange
simmerfakânsjes dolden wy grutte kûlen yn
de klaai. Planken en stikken lânbouplastik kamen
derop en dan smiten wy dêr wer klaai boppe op.
As toppunt fan ús nije húslikheid bakten wy
ierdappels yn ôfdankte koekepannen op fjurkes.
Wy waarden Fikingen. Neat oars as dat. Wa’t dat
wurd betocht hie, wit ik net mear, mar it gûnze
hele dagen op dy greide om. Oait hawwe wy hast noch
ris fochten mei in oare groep bern dy’t in pear
strjitten fierderop ek sokke kûlen yn de
grûn makke hienen. In gûne wie stellen en
gjinien wist wa’t it dien hie.
Hoe’t it no krekt gien is, falt fansels net te
achterheljen, mar yn de seventies moat myn tizebosk
ûnstien wêze fan ABBA, it noarden en grutte
frijheid foar alle lytse bern. Demokrasy avant myn
letters. Smoarge spikerbroeken, noait nei skoalle ta,
bergen suertsjes, truttichheid dy’t it altyd
ferlear, it wie der allegear en groeide ta grut
formaat. Hagelslach mei bôle, spoetniks en
bakjes patat, se groeiden mei Pippi, Michiel en Wicki
de Fiking ta wûnderlike hichten. En ik groeide
noch it hurdste.
2003 – Hast trije wiken wurdt it nachts net
donker yn it hege noarden. Sa no en dan sjong ik myn
twa rigels ABBA at ik wer net sliepe kin. Fierder as
dy twa rigels kom ik net, hoe’t ik it ek
besykje. Wol bin ik wûnderlik, ja, hast
hallusinearjend helder troch it middernachtsljocht.
En ik gean retro nei myn seventies. Michiel is op
tillevyzje, yn it Sweedsk. Boppe op in heuvel mei
wiidsk útsicht oer de stêd Bergen en it
fjord stiet in houten skoaltsje dêr’t de
bern hutten yn it bosk timmerje en fjurkes stoke mei
de master derby. Wy fine in ferlitten en ferdwaald
grêf fan Fikingen achter in stel flatgebouwen.
En dan sjong ik mar wer ris yn mysels: walking in the
moonlight, pom pom pom, summer night city.
*
|