|
|
Eric Hoekstra
KENING FAN DE JUNKS
Desiderius Huizinga krige in wâd ûnder syn
reet dat hy de trep fan it deftige hearehûs
bydel rûgele. As der gjin snie lein hie, hie er
nog hurder delkommen.
`En as ik dy nochris sjoch, kloatsek, dan ram ik
dyinoar sa' st noch noait yninoar ramd bist.'
Dêr lei er op 'e bûk. Desiderius tocht by
himsels, is dat no praat foar in frou en hy seach op.
Sa't er har fan ûnderen ôf seach, stuts se
moai ôf by it hearehûs, dat no lykwols as
studintehûs oan studinten en wurkjende jongerein
ferhierd waard. It ferskil tusken studinten en
wurkjende jongerein wie ek aardich lytser wurden,
sûnt hast alle studinten bybaantsjes nimme
moasten om har stúdzje te beteljen.
Der skeat Desiderius in protte troch de holle, en
faak hie it ien neat mei it oar te krijen, lykas no.
Mar de gedachte oan de fermindering fan de posysje
fan studinten en it sosjale ûnrjocht dêrmei
anneks moast it ôflizze tsjin de frou yn de
iepenfallende jas, hastich oer de bleate lea
oanlutsen. Wat in spiersterke earms! En dat foar in
frou! Har lilke bewegingen hiene in suver eroatyske
wurking op Desiderius. Earms en skonken dy't planken
en stiennen trochmidden slaan koene, om oer oare
dingen mar te swijen. Desiderius frege him ôft
de fellen der net by del hongen, mar it ding skynde
net te sliten yn it gebrûk.
Se wie in swarte bân karate en joech
gimmestyk oan de Hanzehogeschool. Har koartknipte
hier wie in krâns om har frisse, strakke
gesicht, in bytsje maskulyn en krekt dêrtroch
oantreklik foar him. O ja, it wie it gesicht fan in
wreekjende goadinne. Desiderius tocht mei spyt oan
wat er ferspile hie. Sâlt yn syn wûnen!
Fannacht hie er noch harke nei har ferhalen oer har
broer dy't oan de drugs wie en by it stasjon
ombiddele. Dat hie er der wol foar oer hân, foar
de nacht dêrnei. `Earst do by my yn it ear, en
dan ik by dy', lykas hy tsjin himsels sei as er wer
frouljusgeouwehoer oanharkje moast foar it goede
doel. Hy wie him no lykwols fral pynlik bewust fan de
snie op syn neakene lea. Syn ballen wiene
ferskronfele, en hy hie oeral pikefel.
`Mar ik ha gjin klean', rôp er nei de hegere
macht dêrbopppe oan de trep. Noch in geluk dat
syn skamte - al wie it earder de skamte fan oaren -
troch de kjeld hieltyd lytser waard. Nee, dan
fannacht. `Ferme jongens, stoere knapen', mar dat wie
foardat Denise yn de SENT MAIL folder syn e-mail oan
Erna fûn hie. Ja, hy hie tocht, ferstjoerde
berjochten wurde automatysk út de SENT MAIL
folder deleard. Dat wie op Erna har kompjûter
ommers ek sa! Wêrom moasten froulju ek sa
nijsgjirrich wêze!
`Ik ha gjin klean', smeekte er nochris.
`Sjoch mar datst se krijst! Dines geane nei it
Leger des Heils.'
`Dat kinst net meitsje! Der leit snie! It is
kâld!'
Se lake allinnich mar. Desiderius sette syn
earmtakke yn 'e snie en kaam knoffelich oerein. It
kontakt mei de snie wie kâldernôch.
Smeekjen joech neat.
`Ik helje der in fotograaf by, ik traapje in
sêne sa'st noch noait meimakke hast. Ik tsjinje
in oanklacht wegens mishanneling yn by de plysje.
Rekkest dyn gimmestykfoech kwyt. Ik helje de parse
derby. At se op de hegeskoalle hearre, dast
geweldadich bist, kinst it wol ferjitte.' En hy
heakke der giftich oan ta. `En mei dyn baan sitst
noch yn dyn proefperioade, se kinne dy sa dien
jaan!'
Se stapte mei grutte stappen yn 'e hûs en
kaam efkes letter mei in hanfol klean werom dy't se
hjir en dêr yn de snie smiet. Syn kreaze himd
mei roeskes kaam op it fytspaad telâne. Hastige
forenzen rieden der oerhinne, want gjin ûntwyk.
De neakene man op it trotwaar hiene se gjin tiid
foar, slaven fan de klok dat se wiene. De lilke frou
waard wer wei.
`Myn skuon!', rôp er, wylst er him foaroer
joech om syn ûnderbroek op te krijen. Syn skuon
rekken him op it ûnderste fan de rêch. Se
wie net allinnich sterk, mar koe ek goed reitsje,
safolle wie wol dúdlik no. Hy stapte hastich yn
syn ûnderbroek. De rillingen gongen him oer de
lea. Wat no? Aha, in forens fytste krekt oer syn
broekspipen hinne. Hy smiet him gau in sniebal
achternei, mar dy foel útinoar ear't er syn doel
berikt hie. Foar't oaren deroerhinne jakkerje koene,
fiske er syn broek fan it fytspaad op en luts him gau
oan. Mei in min sin beseach er it Vredesteinprofyl
ûnderop syn broekspipen. Doe fiske er syn himd,
oerhimd en kolbêr út 'e snie, en luts die
ek gau gau oan. Hy rûn by de trep op en gong
foar de slettene doar op de grûn sitten. Under
it ôfdakje wie de grûn tenminsten droech.
Fansels moast er hjir wol wei ear't se nei bûten
kaam om nei har wurk ta. Mar de skuon koe er hjir
noch wol oandwaan. Soe er it noch derop weagje kinne
en freegje om sokken? Mm, better fan net. At se
knapte fan lilkens, soe se har drigemintsjen wolris
wiermeitsje kinne en ram him hielendal yninoar. It
sikehûs soe lykwols noflik wêze, mei
waarmte, ferpleechsters en iten. Dy fantasy joech wat
ferdivedaasje. En dan no mar fuort, ear't se nei
bûten kaam en him de bonken bruts.
Mar wêrhinne?
|