Geertruida van Assen


Wachtsje

... hûndertachtentritich, hûndertnjoggenentritich, hûndertfjirtich. Se lit har op ’e grûn sakje tusken de swiere tassen yn. Wat duorret it alderferskuorrendste lang. It is al de tredde kear dat se de stiennen yn ’e muorre telt. Njoggenhûndertfyftich binne der, teminsten as de heale net meiteld wurde. De grûn is kâld, like kâld as de wyn dy’t boartet mei har hier: dan is it in gerdyn foar har eagen, dan wer wapperet it as in flagge nei achteren ta en soms stiet it as in reidbosk oerein.
    Se tinkt oan heit en mem. Mem dêr’t se no mei prate wol. Mar se is sa fier fuort. Noch trije moanne dan komme heit en mem wer yn Nederlân. Trije moanne, it liket wol in minskelibben.
    It is net drok, hielendal net, aaklik stil eins. Kaam dat smoarge kring no mar ris, der sil wol wer in fertraging wêze.
   Se rûkt wat, it krûpt yn har noas op, hja mei der net oer, wol der wat fan sizze mar sjocht dan wêr’t it weikomt. Sûnt koart mei it net mear, de man moat in peal sykje. Mar sprek dêr mar ris ien op oan.
   De man stiet wol tichtby, it liket wol as komt er hieltyd in stapke tichter nei har ta. Sil se de tassen krije en in eintsje fierderop sitten gean? Dan hat se wol mear romte, mar as hy wer tichterby komt. Ja dan ..., dan is er wat fan doel fansels.
   Hâld op tutte, helje dy net sokke healwize dingen yn ’e kop.
   Mei de skonken in ein útinoar sjocht er nei har, syn eagen hat er taknypt. De sigret hinget yn ’e hoeke fan ’e mûle. Hy hat gjin tas by him. Grutte swiere swarte skuon stean plat op ’e flier, syn swarte broek liket him om ’e kont hinne getten te wêzen.
   Fergemy, hy seach dat hja it seach, hoe koe se no sa stom, hy kin der wol wat fan tinke. Miskien sjocht er it as in útnoeging. Mar gau hjirwei.
   De man gnysket. Sy sjocht om har hinne. De man sjocht ek om him hinne. Binne der no wier gjin oare minsken mear? Se giet oerein, laket sunich nei de man. Hy moat net lilk wurde, mar ek net tinke dat se wat fan him wol.
   `Myn freon sil sa ek wol komme', liicht hja.
   `Net mei de trein, want dy ride jûn net mear.'
    Dat is net wier. Dat kin net, dat soe hja witte. Dan hie se it dochs wol ergens lêzen? Dan wie it dochs wol omroppen yn ’e trein? Wie der wat omroppen yn ’e trein? Hja hie in skoftsje sliept, mar net sa lang dochs? Soe it wier wêze kinne? Hja kriget de beide swiere tassen fan ’e grûn.
   `Help nedich?'
    Se skodhollet: `It giet sa wol.'
   Earst mar ris nei it boerd ta. Hja wie it foarby rûn, hie tocht dat se wist wêr’t se wêze moast.
   It stiet der. De man hat gelyk. Nei seizen ride der gjin treinen mear. Passazjiers dy’t fierder moatte, kinne mei de bus. Mar dy is al lang fuort fansels. De swiere tassen yn har hannen lykje noch swierder te wurden. Krekt sân oere west, seit de klok boppe it boerd. Wat moat se no? De oerkaping fan it stasjon smyt it lûd nei har ta, it lûd fan stappen dy’t tichterby komme. Se draait har om, de tassen draaie mei. It is de man.
   `Kin ik helpe?'
De man docht har oan Walter tinken en oan Pim. Walter mei syn grutte gripende hannen. Hannen dy’t har bloeske stikken skuorre. Hannen dy’t nei har broek gripe. Walter dy’t se mar ien kear sjoen hat. Walter dy’t miskien no noch fan ’e pine net fatsoenlik rinne kin.
  `Sa stom, ik wist it wol hear, ik wie it gewoan glêd fergetten. Ik sil gau nei it busstasjon gean. Myn freon sil wol tinke', seit se en hopet dat de man it leaut. Miskien lit er har sa gewurde.
  Dy smoarge Pim. Pim dy’t him foardie as har freon. Nea wol se him wer sjen. Nea wol se witte wat er tinkt. Hoe stom wie se sels? Pim, 23 jier en dan al sa’n moaie hierwente. Al dat prachtige guod yn ’e hûs. It hûs dat in pear wiken ek harres wie. Prachtige wiken oant er sei dat der jildkrapte wie. Se hie daliks in baantsje socht bûten skoaloeren, mar dat brocht net genôch op. Doe wist Pim wol wat oars foar har. Hy hie in freon, dy hiet fan Walter en dy soe har wol fertelle wat se krekt dwaan moast. Walter hie ûnderfining sei er, hy hie faker freondinnen fan Pim ferteld hoe’t hja wurkje moasten.
    Gjinien fan dy freondinnen koe blykber goed skoppe.
    Har klean hie se yn ’e tassen dien, se hie jild fan ’e bank helle. Tante hie se net belle, al gie se al dy kant út. Lokkich wie Pim net thús.
  “No?” De man sjocht har oan. Hy hat deselde aaklike laits om ’e mûle as Walter hie, doe’t er frege hoe goed se wie. Hastich stapt se by de man lâns.
   As it no mar de goeie kant út is. Se wit wier net wêr’t dat busstasjon is.
   De stappen rinne mei har mei, se heart se wol, it ritme giet krekt wat flugger as it ritme fan har eigen. De wyn slacht har hier soms feninich yn ’t gesicht. Se rûkt de reek alwer. De tassen lykje betonblokken, blokken dy’t har achterút skuorre.
  De njoggenhûndertfyftich stiennen laitsje har oan har lofterside út. In muorre oan har rjochterside fertelt mei in buordsje wêr’t se it busstasjon fine kin. Mar it liket krekt oft de muorren ek rinne, hurder en hurder, hieltyd mar fierder fan har ôf.
   De betonblokken winne, ploffe op ’e grûn, nimme har hannen mei dy’t net loslitte wolle. Langút leit se op de kâlde stiennen. Fuortkomme kin se net, der is net ien dy’t helpe kin. Se is allinne mei de man, de man mei de grutte swarte skuon en de strakke swarte broek. Sy en de man, tegearre op it kâlde treinstasjon. Hannen krije har beet, grut en breed lizze se op har skouders, lûke har omheech.
   `Ik haw dochs frege oft ik dy helpe koe? Ik wenje hjir flakby. Ik hie dy wol sjoen. Ik tocht, dit komt net goed, sa’n famke allinne op in leech stasjon. Lit my dy ergens hinne bringe. Sil ik dy swiere tassen tille?”
    Pim is har freon net mear.
    Har tante wit net dat se op wei is nei har ta.
    Ja, har holle knikt al. Ja.
    De man sil de tassen fan ’e grûn krije. Se is kâld en wurch. Heit en mem binne sa fier fuort. Tante net, mar se is likegoed ûnberikber. Pim, tinkt se as se de man bûgjen sjocht. Ellindige rotfint. Lilkens komt yn ’t plak fan wurgens, de kjeld fielt se net mear. Se ken harsels net mear. Har foet hellet út. Se rekket de man. Hy grypt nei syn swarte strakke broek, bûcht noch fierder foaroer en âlet tsjin ’e grûn.
    Se grypt de hingsels fan 'e swiere tassen en draaft sa hurd as it kin de kant út dêr’t it buordsje oan ’e muorre hinne wiist.
  Grouwe flokken heart se achter har. Roppen! Drave moat se. It roppen en skellen komt tichterby, mar de tassen binne sa swier. Se mient de namme Pim te hearren.
   `Stean bliuwe ferrekte teef, do bist fan ús,' ropt de man, no hiel ticht achter har. Fan skrik lit se ien fan ’e tassen út har hannen falle. Der is in plof en op ’e nij flokken. Drave, drave tinkt se en sjocht allinne it busstasjon foar har. In auto remmet fûl. Minsken sjogge har nei. It flokken is ophâlden. Sjoch! In bus! Se doart it amper te leauwen, mar hy giet nei de stêd dêr't se hinne wol, de stêd dêr't har tante wennet.
  Gau deryn, de doar stiet iepen. Mar der sit gjinien yn. Wat sil se dwaan, wachtsje oant de sjauffeur komt of earst wer nei bûten? Der stean wol minsken bûten. Der is in frou mei in tillefoan. Sil se freegje oft se belje mei? Tante witte litte dat se komt?
   Se himet, it fielt as hat se in tromme yn har kiel. De tromme roffelet oan ien tried wei. De frou is noch oan ’t beljen. Jonges komme nei de bus. In man. Se fielt de tromme yn har kiel, wol trije kear sa hurd roffelet er no. It komt troch de man. Hy lûkt wat mei syn iene foet. Hy bliuwt stean, sjocht om him hinne. It liket oft er ien siket. It is him! De man mei de swarte skuon en de strakke broek! Daliks lit se har sakje, krûpt fuort achter in stoel. As er der mar net yn komt.
   Se fielt de bus skommeljen. Aanst sil er har fine, as dy tromme mar net sa … mar der is sa’n leven yn ’e bus. It binne de jonges. Gjinien mei in grutte tas. In bytsje ferromme doart se wat omheech te kommen. De frou mei de tillefoan stapt ek yn ’e bus. De man mei de tas, har tas, is fuort. In djippe sucht fljocht har út 'e  kiel wei. Sil se de frou mei de tillefoan dochs even freegje? Dêr komt de sjauffeur al oan. De bus sil fuort.
  De bus sil har nei tante bringe. Fier by Pim wei. De Pim dy’t sy al jierren tocht te kennen. De Pim dy’t hja moete hie op de oplieding. Freonlik, blier, populêr by alle fammen fan har skoaljier. Pim dy’t se wer moete doe’t er al fan skoalle wie. It like sa goed te passen. Te gau  hie se har keamer opsein.     
  De sjauffeur komt troch de bus. Sy sjocht nei bûten. De man is nergens mear te sjen. De sjauffeur freget nei har strippekaart. Dy hat se net. Se tinkt oan de tas. Sit der wat yn ’e tas, dat de man nei har adres liede kin? Nee wol? It roffeljen yn har kiel begjint op ’e nij. De sjauffeur sjocht har mei freegjende eagen oan. Hy jout har in strippekaart, sy betellet.
  Se tinkt wer oan de tas. Der sit dochs neat yn? Gjin nammekaartsje, in bûsboekje? In slúf mei in adres? Nee, allinne mar klean.
  De bus begjint te riden. Der stean noch minsken bûten. Net ien mei in swarte broek en in grutte tas. Se suchtet nochris djip. Pim wit net it adres fan har tante, allinne dy fan har freondin. Se wurdt kjel. Moat se dy ek belje?
   `Hast dyn tas ferlern. Dy woe ’k dy noch werom jaan,' seit in stim. As wie it in skroefdop dy’t te stiif fêstdraaid wurdt, sa fielt har kiel no. It lear fan ’e stoel feroaret yn iis dat net sterk genôch is. Se fielt har der trochhinne sakjen. It is de stim fan de man, de man mei de swarte skuon en de strakke broek. Se hat him hielendal net yn ’e bus stappen sjoen. Hy sit skean achter har, oan ’e oare kant fan it rinpaad.
   `Litst dyn freon dochs net falle wol?' spytgnysket er. `Dêr kin Pim net sa bêst oer.'