Jantsje Post


Asylsikers

Yn 'e trein fan Zwolle nei Ljouwert kom ik neist in man te sitten. Hy fertelt oer wêr’t er weikomt en wêrom. Man fan sinne.
De moaie brune hannen, de fûnkeljende eagen achter it briltsje, it sjongende aksint. Hy nimt my mei. Man fan wurden.
Dy’t net mochten yn syn lân. Berne yn 'e woastyn, sûnder bertedatum, tiidleas. Man fan sân.
Dêr’t ús burokrasy op fêstrint. En ek ik kin him net pleatse. Hâld ôfstân en nim yn Ljouwert ôfskied. Hoewol’t ik wit dat hy ek oerstappe sil nei Harns.

Yn it boemeltsje sjoch ik mysels yn it swarte rút. Allinnich
is it maklik dreamen – oer in man fan sinne, sân en wurden, en ik
as inket yn dy hannen.

De glimkjende strjitlampen op 'e stille Sâltsloat. Ik fyts nei hûs yn 'e omearming fan de dize en it lûd fan de misthoarn dat ik as bern ek al sa moai fûn. Soe hy -

soesto
no
ek de misthoarn hearre?