Jaap Krol


JAAP KROL, FIOELIST


Oait wie ik in talintfol, begenedige fioelist. As ik sa troch gie, sa seine in protte minsken tsjin my, dan soe de wrâld gau oan myn fuotten lizze.
   Doe hie ik maat 36. Dochs seach ik fuort dat se wat oars bedoelden. Typysk my, ek doe tocht ik al in pear maten foarút.
   Al gau koe ik alle boekjes fan bûten. Klankbord der Jeugd, hiet it. ‘Klank’ en ‘Jeugd’, dat ha de makkers moai betocht, sei ik op myn earste les tsjin myn learares, want ik seach fuort it moaie yn dizze pedagogyske ferantwurde titel. Ommers: ‘Klank-’ (in lûdsassosjaasje, mar ek: in mezyklûd), ‘bord’ (refleksje, transparânsje, mar ek: in ûnderwiismiddel) ‘der’ (neat) ‘Jeugd’ (dat is elkenien, fan 4 oant 18 jier – leau my, dat is in hiele grutte groep). 
  De juffer seach my ûnleauwich oan. ‘Wat in talint,’ wist ik dat se tocht.
   Under de titel stie de swiertegraad. Binnen in moanne hie ik de voor de beginnende violist al út. Doe gie it hurd. Ik gie fia de voor de al wat gevorderde violist nei de voor de gevorderde violist, en doe fan de voor de vergevorderde violist nei de voor de violist die geen les meer nodig heeft maar misschien beter zelf les kan geven of anders violist moet worden.
   Al gau stie ik bekend as ‘die andere Jaap’ (de oare wie Jaap van Zweden, in giet wol-earste fioelist en sa-sa Vivaldi-fertolker).
   Myn sterkste punt wie myn oanslach: krêftich, mar net hurd. Myn oare sterke punt wie myn statyske poze: as granyt stie of siet ik op myn plak.
  En ik fergeat neat.

Wy hiene ús konsert yn in plak en seal dy’t der fierder net safolle ta dogge. ‘In konsert,’ dat wie it wurd dat ik graach brûkte. Oaren hiene it leaver oer ‘Jaarlijkse uitvoering’ of ‘voorspeelavond’.
   Dit soart praat wie, en is, foar my ûnbegryplik. Minsken sizze dan: ‘Je moet de spelers in hun waarde laten’, of ‘meedoen is belangrijker dan winnen’, of ‘gesellich no?’ Minsken – yn dit gefal: in programmakommisje, dy’t it allegear wol wist.
   Ek foar my.
   De programmakommisje hie hiel wat oars besletten as wat ik woe. Wat woe ik? In fioelekonsert fan ien, in grutten ien, Paganini of sa.
   ‘Nee die andere Jaap, daar kunnen we niet aan beginnen.’
   ‘Maar het is toch fijn voor de mensen?’
   ‘Dat zijn jouw woorden.’
  En ynstee dêrfan kamen se oan mei in abstrakt orkeststik, wêrby’t it wichtichste wie dat elk ynstrumint ek heard waard, sadat, aldus de kommisje, ‘de luisteraar bekend wordt met elke vezel van de emotie’.
  Wat krije wy no? tocht ik. Wat binne dit foar fratsen?
   ‘Programmakommisje,’ sei ik ek nammens de oaren, ‘dit orkest is fán de belestingbeteller en fóar de belestingbeteller. As jo miene artistyk dwaan te moatten, dan gean jo mar nei Willem Breuker en syn maten of oars Henkie Andriessen mei syn gepruts. Wy wolle in grutten ien, Paganini of sa!’
   ‘Die andere Jaap!’ rôpen se, ‘hou je waffel, lummel!’
  Ik koe kieze. Meidwaan of ophoepelje. Ophoepelje soe betsjutte dat ik foar ivich bekend stean soe as ‘die lestige jonge’, sadat gruttere orkesten (A’dam CO, Wiener S., Berliner S.) my miskien letter net stean seagen.

Ik wie dus in lummel. In lestige jonge. En dat mei in stik mei in belachelike namme en in krekt sa’n belachelike ûndertitel: een open fuga.
   It gie sa. Mei de finger moasten wy as fioelisten oer de hals omheech gean en tagelyk mei de stôk oanslaan, sa’t der in ôfgriislike toan omheech en omleech gie. Op en del, hieltyd hurder. Nei ús kamen de blazers, de piano en noch ien.
   Wat koe ik dwaan?
   Al gau wist ik dat de programmakommisje my op alles pakke koe, mar net op myn spesjaliteit, in spesjaliteit dêr’t dy oare Jaap doe noch wat fan leare koe: bûgje.
   Wy it spylje.
   Der folge in applaus. Wy stean. Ik bûgje. Ik as iennichste bûgje. De oaren swaaie nei heit en mem. Ik net sjen dat de oaren swaaiden nei heit en mem, want ik alwer bûgje. It gerdyn gie ticht. Ik nochris bûgje. It gerdyn tsjin my oan batse. De oaren alwer by heit en mem. Ik it net sjen. Ik noch swaaie mei de hân út it sletten gerdyn.
   It stik hiet: Variaties op in thema – een open fuga.

It wie freeslik. Guon laken ús út om dit belachelike stik. Ik wist it doe al: de programmakommisjelju wiene in keppel langhierrige Samson-sosjo’s, dy’t neat oars diene as tarje op de kostbere sinten fan Jan Modaal en ynstee fan in oar wat te learen, leaver it jild fan de mienskip útjoegen oan de kapper, dêr’t se dochs net hinne giene en it dus moedwillich útjoegen yn ien of oar kafee. 
   Dat se allegear nommen wurde sille troch in grutte fagot, wylst de tubaspiler se hurd yn ’t ear spilet.

Ik hong myn fioele yn de sprekwurdlike wylgen. De muzykskoalle belle my dêrnei noch faak op.
   ‘Die andere Jaap... met de muziekschool.’
   ‘Nee.’
(...)
   ‘Maar we willen het zo gr...’
   ‘Nee.’
(...)
   ‘Die andere Jaap, Jaap is hier ook. Hij wil je graag spreken.’
   ‘Nee.’
(...)
   ‘Maar...’
(tút-tút-tút)
  Sa’t ik sei: ik ferjit neat.

Letter, op de set fan Jaap, de musical, bin ik Jaap van Zweden nog faak tsjin kommen. Yndie, hy spile die andere Jaap, in rol dy’t, sa’t er sei yn Weekend ‘mij een spiegel voorhield’.
   Jaap, de musicalwie in musical mei besteande muzykstikken, dy’t allegear, sa fûn de regisseur, in ferskaat oan tema’s oandroegen dy’t yn myn libben sa oanwêzich wiene – en binne.
   Dit wie it programma:

            J.S. Bach – Mattheüs-Passion
            J.S. Bach – Johannes-Passion
           
Skoft mei ferlotting

J.S. Bach – Cantate 284: Herr, wenn du da bist, sag mir dass du da bist.
J.S. Bach – Cantate 129: Herr, Ich weiss nichts davon, aber wenn du es sagst, dann soll es richtich sein.
R. Wagner – Ring der Nibelungen

Guon fûnen it wat lang. Belachelik fansels. Lang is Loeki, dy’t al mear as tritich jier ‘leuk’ is. Lang is ek Jaap van Zweden, dy’t in pear sintimeter langer is as my.
  Doe’t wy it deroer hiene, sei er ek dat er in protte fan my leard hie.
   ‘Jaap... ik heb veel van jou geleerd.’
   ‘Jaap... ik niet van jou.’
   ‘Nee?’
   ‘Nee.’
   ‘Mag ik vragen waarom niet?’
   ‘Ik vind je niet meer dan een gaat wel-eerste violist en een matig Vivaldi-vertolker. Je aanslag is te zacht en je beweegt ook onnodig veel. Ik zie in jou heel wat anders.’
  Freegjend seach er my oan.
  ‘Volgens mij zou je het als dirigent best aardig doen.’
  ‘Mmm. Verdomd aardige suggestie.’
  Wy namen ôfskie mei in djippe bûging.
  Ik soe hast sizze: the rest is history.