|
|
Durk van der Veen
DAT KOE IK NET WITTE
Doe’t wy mei ús trijen yn syn Ford Escort
nei it jiskelân rieden koe ik net witte dat it
letter sa út ’e hân rinne soe. Wy
wienen krekt fan hûs riden mei in kofferbak fol
lege flessen.
De flessen, sa’n tûzen yn totaal,
foarmen de stille tsjûgen fan in alkoholysk
jier. Mei dy tsjûgen soe ik ôfweve en ik
soe se weihimmelje, sadat der gjin tsjûgen mear
wiene fan dizze minne tiid.
Ik woe it ferline weihimmelje om sa mar te sizzen.
In nij begjin begjinne.
De Sjileen siet efter it stjoer. It kaam goed
út dat er krekt in nije auto kocht hie foar 50
euro.
It wie noch in goeie auto ek, de Ford Escort. Hy
hie de auto oernaam fan in freon fan him, dy’t
sels in nijenien kocht hie. It hie mear wei fan in
jefte as fan in keap.
Mar it kaam goed út want no koenen wy de lege
flessen fuortbringe nei it jiskelân. Ik hie sels
gjin auto en om alle flessen nei de glêsbak te
rinnen wie in fiersten te grutte toer.
Klaas siet op ’e efterbank neist in grutte
steapel doazen mei lege flessen. Klaas
útfanhûze in skoftsje by my, omdat er net
mei syn suster oer wei koe. Syn suster
útfanhûze in skoftsje yn it hûs fan de
mem fan Klaas. Itselde hûs dêr’t hy
ornaris yn wenne. Hy wenne dus noch by mem. Syn mem
lei yn dy tiid yn in fersoargingshûs, omdat sy
oan de knibbels operearre wie. Omdat er net mei syn
suster akkordearre útfanhûze er in wike by
my en dat kaam goed út want no koe er meihelpe
mei it fuortbringen fan de lege flessen nei it
jiskelân.
Doe’t de Sjileen fan ’e moarn foar de
doar stie, leinen Klaas en ik noch op bêd. Net
op itselde bêd, fansels. Klaas en ik hienen de
jûns dêrfoar noch yn it kafee sitten. Wy
hienen krekt ús rûs útslept
doe’t de Sjileen foar de doar stie. Net mei in
beskaat doel foar eagen wol ’k leauwe.
Hy kaam gewoan even del. Doe krige ik it idee om
it hok mei wol 50 doazen mei lege flessen út te
himmeljen. Dat fûnen de Sjileen en Klaas wol in
goed idee, dat no wienen wy ûnderweis nei it
jiskelân mei in auto fol lege flessen.
De Sjileen siet efter it stjoer. Klaas siet op
’e efterbank efter him en ik siet op it
byridersplak neist de sjauffeur. Efter my in steapel
doazen mei lege flessen.
Op dat stuit hie ik gjin weet fan de barrens
dy’t har ôfspylje soenen yn it ferlingde
fan dat momint.
It wie moai waar foar de tiid fan it jier. Ein
oktober. It wie suver noch neisimmerwaar. It sintsje
skynde en it wie noch frij waarm, dat ik hie it
rút neist my iepen draaid en siet mei de
earmtakke op de boppekant fan it portier. Wilens hie
de Sjileen in kassette mei Russyske muzyk yn de
autoradiokassetterekorder treaun. Trojka hier, trojka
daar, kijk daar loopt een adelaar. Fan dat wurk, mar
dan yn it Russysk. Trojka hier, Trojka daar,
basgitaar en klapsigaar.
Nei in skoft sieten wy mei ús trijen mei te
hossen en te huffen. Mei oare wurden, de sfear siet
der goed yn. It wie, as wienen de lege flessen
fannijs fuld en dizze kear mei wodka.
Troch de muzyk hinne, siet ik foar mysels út
te tinken wat de teksten fan drs. P ek al wer krekt
wiene. Sa no en dan skeat my in rigel yn it sin.
Overal zit paardehaar. Ja je ziet er veel dit
jaar. Zachtjes snort de samovar. Met een slavisch
handgebaar. Flinkgebouwde weduwnaar. Een
liefdadigheidsbazaar. Alle kearen besocht ik op it
juste momint, timing is yn dat stik fan saken tige
wichtich, in rigel te plak te bringen. De Sjileen en
Klaas seagen my dan fernuvere oan. Mar sy fûnen
it wol moai dat ik de Russyske musyk opferve mei
teksten fan P..
Hieltyd hurder swypke de muzyk ús op.
Hieltyd wylder sloegen wy op autostuollen, dashboard
en stjoer. De sjauffeur hufte mei ien hân op it
stjoer, wylst er mei de oare hân besocht te
stjoeren. Op it lêst makke de Ford Escort in
slinger nei de oare kant fan de wei. In tsjinlizzer
koe er amperoan ûntwike.
Wy bedimmen ús wat. Dit gong wat al te
rûch. Wy wienen hjir net yn Ruslân. Wy
mochten ús wol yn Ruslân wane, mar wy
wienen hjir yn Hollân.
Wy wienen yn Hollân en moasten ús
dêrneffens gedrage sei ik tsjin de jonges en
Klaas sei: ‘Ja, spitigernôch
al.’
Klaas hie sels al ris yn Ruslân west en hie
dêr in moaie tiid hân. Hy hie yn Ljouwert
kunde krigen oan in Russysk frommis, Ludmila, skieden
mei twa bern en wie mei har nei Ruslân ferfard.
Dêr koe er moai oer fertelle.
Hy hie dêr wat troch de snie ron mei Boris,
de hûn fan Ludmila. Boris wie in enoarm grutte
rikel dy’t mei alle oare honnen fjochtsje woe.
Klaas hie der hâlden en kearen oan, en hâld
it bist yn betwang. Hy sloech it bist gewoan op syn
harsens, sei er, oars woe er net harkje.
Boris tocht, dat er dêr yn ’e hûs
de baas wie. Dat hawwe je, as der allinnich mar
froulju yn ’e hûs wenje, sei Klaas. As
Ludmila ûngesteld wie, gong it bist sa mei syn
noas ûnder har rokken. Dat rûke dy bisten.
Dy wolle der op.
Ludmila wie neffens Klaas in baas wiif mei grouwe
titen. Har mem, babûsjka, dy’t der ek by
yn wenne, hie sa mooglik in noch grouwer jaar. Klaas
sei: ‘As dy siet te jirpelskilen mei it boarst
heal ta de skelk út, woe ik him der sa wol
tusken triuwe.’ Dat neame je op syn Russysk hie
ik doe sein, want safolle wist ik noch wol.
Klaas hie dat fan babûsjka oan Ludmila
ferteld en dy fûn dat net normaal;
Не
нормалЬнЫй,
неЧистЫй,
антиобщественнЫй
of soksawat hie sy sein.
De seks mei Ludmila hie goed west, neffens Klaas.
Alle dagen trije kear en sneins yn de sauna sels yn
har kont. Anaalseks yn de sauna.
Op it lêst wie it him allegearre wat tefolle
wurden en wat te drok oan ’e holle. Twa
froulju, twa bern en ek noch dy hûn derby. It
hie him ek wat tefolle jild koste, want Klaas moast
alles betelje. Nei in pear moanne hie er syn nocht en
gie er werom nei Nederlân. Mar wol mei goeie
oantinkens.
‘Spitigernôch wenje wy yn
Hollân,’ werhelle Klaas, wylst er ta it
rút út nei fiere fierten
stoareage. Efterôf hat it de tiid fan syn
libben west, mar dat koe er doe’t er yn
Ruslân siet net op wearde skatte. No al, sa like
it. Weemoedich en yn tinzen stoareage Klaas de kant
fan it easten op.
Mei Klaas hie ik al it ien en oar belibbe. Klaas
siet efteryn en wie no stil. Hy gong alhiel op yn de
sitewaasje en de muzyk;
De auto, dy’t noflik oer it asfalt
slydjage; wy mei ús trijen de wrâld oer mei
in fêst doel foar eagen. De wrâld ston stil
en wy giselen de wrâld oer, foarút. It wie
allegearre like hypnotisearjend, alteast, as men ree
wie de noftere realiteit wat ekstra glâns te
jaan.
Klaas wie ornaris net by steat en besjoch de
saken mei gâns glâns. Mar no gong er op yn
it momint en wie er stil. Bytiden koe er
ôfgryslik stinne en krimmenearje, mar no wie er
stil. Dit makke sels op him yndruk. Wy wiene der no,
yndie. Ek sûnder wrâld wiene wy der, as yn
in romteskip ûnderweis nei fiere stjerren.
Mei Klaas hie ik al it ien en oar meimakke.
Bakken mei ellinde, want hy luts it ûngelok oan,
tocht ik wolris, en oer dat ûngelok dat er sels
oanluts, sa’t ik tocht, koe er omraak stinne en
krimmenearje.
Ik hie it ien en oar mei him belibbe, mar dat wie
noch neat neffens datjinge dat ús aansens te
wachtsjen stie, al koe ik op dat stuit noch net witte
hoe. Dêr hie ik doe noch gjin weet fan en dat
koe ek net want sa fier wie it noch net.
De Sjileen wie in rûge rider. Faaks kaam dat
omdat er út in oar lân kaam. Hy kaam net
út Nederlân mar út Sjili en ik wist
net hoe’t dat lân der krekt út seach,
ik hie der nea west, mar ik tocht dat der in protte
sânpaden troch de jungle en soksawat wiene, want
it wie krekt as dienen wy mei oan Parys –
Dakar.
Hjir op de sneldyk foel it noch wol wat ta, mar
yn ’e stêd ûnder ynfloed fan
stopjlochten, bochten en yn ’e mjitte kommend
ferkear stonnen je deadseangsten mei him út.
Hy ferluts gjin spier as er oan ’e
ferkearde kant fan in flechtheuvel wat ferkear
ynhelle. Dat wie by him allegearre like fansels,
wylst ik, as ik dan neist him siet, sa bang as de dea
mysels beethâlde oan wat ik mar beethâlde
koe. Op de ien of oare wize gong it altyd goed. It
ron altyd goed ôf en dat wie foar him tige
fansels.
Dat it net altyd goed ôfrinne soe, wist ik
op dat stuit noch net en hy likemin. Ik wist doe noch
net dat it in skoft letter net alhiel goed
ôfrinne soe.
Letter haw ik wolris tocht hoe hat it dochs sa
komme kinnen. Dit hie sa net moatten, haw ik letter
wolris tocht, mar doe op dat stuit, doe’t wy
mei ús trijen oer de sneldyk giselen ston ik
noch net stil by it lettere ferrin fan de dingen. Wy
wienen folslein nayf wat de takomst oanbelange, en
fol selsbetrouwen.
De Sjileen sei ynienen dat dy kassettes fan in
pear Russyske dames wienen, dy’t in skoft, in
moanne wol ’k leauwe, by him
útfanhûzen. Dat hat er lang foar him
holden, tocht ik.
Jûn op jûn moast er – fan
wa’t er dat moast, wist ik op dat stuit net
– dy dames nei harrren wurk bringe. Wylst er de
dames nei harren wurk brocht, draaiden sy dizze
muzyk, sei er. Trojka hier, trojka daar, moeder is de
koffie klaar?
Dat fûnen Klaas en ik tige nijsgjirrich. Wat
wiene dat dan foar dames, fregen wy ús
ôf.
‘Geen hoeren. Dames.’ Sei de Sjileen
en hy lake breed.
Trojka hier, trojka daar, leve onze goede
tsaar.
Op dat stuit hienen wy gjin weet fan de
desastreuse gefolgen, dy’t yn it ferlingde
leinen fan dat momint. Doe wie alles noch moai en
prachtich. Wy wienen, om sa mar te sizzen, folslein
nayf wat de takomst oanbelange.
Klaas makke in grap: ‘Of bisto yn dyn Ford
Escort in escort-service begûn?’ Frege
er.
De Sjileen fûn it net nedich en jou in
antwurd. Hy lake allinnich mar. Hy wie tige bliid mei
syn dames. Doe noch al.
Trojka hier, trojka daar, was ik bij mijn moeder
maar. Wy riden troch en de takomst wie krekt as it
momint sels helder en klear. De earmtakke op it
portier en de wyn yn it hier.
Ik fielde my tige goed mei de mannen by my. Mei
ús trijen koenen wy de wrâld oan en wy
soenen har feroverje. Op dat stuit koe ik net witte
wat krekt de ymplikaasjes wienen fan it feroverjen
fan de wrâld. En de Sjileen ek net. En Klaas
likemin. МЫ не
знаемЪ
немного.
Doe’t wy by it jiskelân oankamen moasten
wy earst troch in slachboom. Wy krigen fan in stim
dy’t út in peal kaam, tastimming om troch
te riden, neidat de stim earst myn postkoade witte
woe. Troch in mantsje dat de boel oan it regeljen
wie, waarden wy dêrnei ferwiisd nei in kontener,
dêr’t wy de lege flessen yn kwyt koenen.
It kwytreitsjen fan de lege flessen koste minder
muoite as it ynnimmen fan de drank, en levere faaks
mear wille op. It wie in fluitsje fan in sint en it
ferromme my.
Fuort mei dy rotsoai tocht ik.
De Sjileen en Klaas dienen goed harren bêst.
Mei in grutte bôge waard de iene nei de oare
doaze mei lege flessen wei yn de kontener. Doe
moasten wy werom foar in twadde loop. De skuorre wie
nammers noch net leech. Op dat stuit hie ik nearne
gjin erch yn.
Ik koe net witte dat der neist de dames ek noch
in lid fan de Russyske maffia yn it hûs fan de
Sjileen wenne. Dat wie de poaier en beskermer fan de
dames. Ik koe likemin witte dat er ek noch in
Marokkaanske drugsdealer bêde.
De Sjileen fertsjinne der oan fansels. Oan it
bêdzjen fan dizze asylsikers.
Op dat stuit fûnen wy de dames tige
nijsgjirrich. Wy soenen aansens, as wy klear wienen
mei de twadde loop, de dames mei eigen eagen wolris
even besjen. Sjen oft it besjen lije koe. De Sjileen
hie tasein dat wy yn syn hûs brea-ite soenen om
de saak op te nimmen en troch it gat te sjen.
Nei de twadde loop wie ik tefreden mei myn
mannen. De brut wie oan ’e kant. Ien alkoholysk
jier weihimmele, as snie foar de sinne.
De sinne skynde gutich en lake ús ta. Wy
soenen no ris by ús Russyske huorren sjen.
|